Posts tonen met het label Durk van der Ploeg. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Durk van der Ploeg. Alle posts tonen

vrijdag 11 november 2011

De Gysbert 2011: in banaal Bewegersrapport


Willem Verf by de betinking fan de Slach by Warns

“Utjouwers en bestjoerders fan ynstitúsjes dy’t yn sjuery’s sitte: Kin net,” merkt ES op yn in reaksje by in stik oer de Gysbert Japicxpriis 2011 op it bloch fan de Seedyksterfeartfisk (09-11). It is in konstatearring dy’t hout snijt. De foarsitter fan de Gysbert-sjuery 2011, skriuwer en Frysk Beweger Willem Verf, is yn alderhande bestjoers- en oerlisorganen behelle, ûnder oaren yn it bestjoer fan Tresoar, wylst datselde Tresoar, mei kultuerdeputearre Jannewietske de Vries as bestjoersfoarsitter,  besteld is mei it oansykjen fan kandidaten foar de Gysbert-sjuery, in saak dy’t dien wurdt yn ’e mande mei de Fryske Akademy, konkreet: mei Piter Boersma, skriuwer, leksikograaf en Frysk Beweger. 

Oan de betingst fan in beskate ôfstân ta it literêre fjild, dêr hat men sa’t skynt net folle boadskip hân, teminsten, dit jier wienen der gjin sjueryleden fan bûten Fryslân, sa’t dat by de gearstalling fan eardere Gysbert-sjuery’s faak wol it gefal wie. Fan datoangeande hie de Gysbert-taspraak fan deputearre Jannewietske de Vries, de frou achter it adagium ‘Finsters iepen’, in moai dûbele ynslach, want, sa seit De Vries yn har wurd by de útrikking fan de Gysbert oan Durk van der Ploeg: “Doch ris wat oars, ferlit jim eigen, feilige terp. Sykje nije foarmen fan gearwurking, mei minsken en organisaasjes dy’t miskien net foar de hân lizze.”

It rapport fan de sjuery fan de Gysbert-2011 hat in heech Bewegersgehalte. Sterker: út it as brief stelde skriuwen docht bliken dat Bewegers fan it slach Willem Verf net by steat binne om literatuer en Beweging út inoar te hâlden. Sa likernôch trijekwart fan it sjueryrapport giet oer oare saken as it bekroande wurk fan Durk van der Ploeg. Mar ja, soks liket Bewegers eigen: gjin gelegenheid of der moat in Fryske preek en skeet dien wurde. Yn dizzen giet it bygelyks om in hiele trits fan oanrikkemandaasjes oer de manier wêrop’t it oars en better kin mei it ferskynsel Fryske literatuer, yn it bysûnder mei de Fryske literêre prizen. Mar sûnt wannear is it de taak fan in Gysbert-sjuery om, sis mar, oer it literêre lyk fan de laureaat hinne, soksoarte Bewegersrapporten op te stellen? Wêrom bout in Gysbert-sjuery harsels om ta in ferkapte politike advyskommisje?

Oer de literêre kritearia op grûn wêrfan it wurk fan Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis 2011 taskikt is, krijt men net folle te hearren. Ja, platitudes fan it kaliber ‘in grut oeuvre’, ‘ferskaat oan ferhalen’, ‘in heech nivo’, mei fierders banaliteiten fan it alloai ‘hy skriuwt al fyftich jier’, ‘hy skreau mear as tritich boeken’ en oare hollerombom. De neamde begripen en útspraken wurde yn it sjueryrapport net of amper taljochte, om it oer alle oare omisjes mar net te hawwen. Oer de ûntjouwing yn it oeuvre fan Van der Ploeg? Gjin wurd. Oer de poëzy dy’t Van der Ploeg sa by de jierren lâns byinoar skreaun hat? Gjin wurd. Oer de twatalichheid fan de skriuwer? Gjin wurd. Oer Van der Ploeg syn plak binnen ‘it literêre fjild’ (Bourdieu)? Gjin wurd. Ensafuorthinne. It smyt de fraach op hoe kapabel dizze Gysbert-sjuery west hat.

Yn it artikel 'Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitúsjonalisearring' (de Moanne, 11-10) is steld dat kultuerdeputearre Jannewietske de Vries yn de nije kultuernota, dy’t wilens al mear as in jier op him wachtsje lit, in ferheging fan it prizejild foar de Gysbert Japicxpriis fêstlizze sil. De Vries joech by de útrikking fan de priis yn Boalsert al fêst in foarskot, dat is te sizzen: it prizejild wurdt mei 5000 Euro ferdûbele. Pet ôf. Mar by neier ynsjen blykt dat presintsje dochs fierhinne in sigaar út eigen doaze te wêzen. In triomfantlike deputearre De Vries: “It bedrach kin brûkt wurde om in titel út it oeuvre fan de winner oer te setten yn it Nederlânsk.” Dat is net it earjen fan in skriuwer, nee, dat is it (fer)hoerearjen fan in skriuwer.

Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries
It belied fan Jannewietske de Vries en dat fan steatssiktaris Halbe Zijlstra, it past elkoar yn dit stik fan saken as broek en festje. Skriuwers moatte as keunstner de eigen broek mar ophâlde. Oftewol: As jo jo wurk oerset hawwe wolle, bêste mynhear Van der Ploeg, dan betelje jo dêr sels mar foar. In soartgelikens belied krije de literêre media optsjinne. It Letterenfonds mei fan it ministearje bygelyks gjin tydskriftbelied mear ûntwikkelje, de jildlike stipe oan papieren literêre blêden hâldt op. Dat giet fan Tirade oant en mei blêden as Ensafh en de Moanne. Foar de produksje fan essays, kritiken en resinsjes bygelyks, de sekundêre literatuer dus, sille de gefolgen desastreus útwurkje. Party skriuwers fan dizze sekundêre literatuer, minsken dy’t trochstrings toch al minder betelle krije as in koely yn in tankerskip, sil nóch minder oanstriid hawwe om har ta dit op himsels absolút needsaaklike wurk te setten. Dat euvel hat ek mei (!) in reden west dat in foar Trinus Riemersma ornearre jubileumbondel mei essays, kritiken en opstellen oer syn wurk der noait net kaam is. Sa earet dit lân syn skriuwers, sa ferhoerearret dizze provinsje syn literatuer. 

Hoe’t it lanlike belied fan Halbe Heale Soal Zijlstra útwurkje sil op provinsjaal nivo, dat bliuwt foarearst rieden. It wachtsjen is op de nije, lang bide provinsjale Kultuernota, foar de skriuwers yn Fryslân hooplik net ferpakt yn de wolbekende eigen sigaredoaze.


maandag 31 oktober 2011

Durk van der Ploeg - Reis nei it uterste lân (2)




Yn de trijetalige gedichtebondel Gjin grinzen, de reis (2004) is de dit jier mei de Gysbert Japicxpriis bekroande skriuwer Durk van der Ploeg ien fan de trijentweintich dichters dy’t him útlei op it tema reizgjen. De oersettingen fan de fersen kamen fan in ryklik ynternasjonaal selskip oan oersetters: Susan Massotty, David Colmer, Klaas Bruinsma, Elske Schotanus en ûnderskreaune. De twa lêstneamden brochten ûnder mear it lange, ferheljende gedicht ‘Reis nei it uterste lân’ fan Van der Ploeg nei it Nederlânsk oer, skriuwer en fertaler David Colmer soarge foar de Ingelske oersetting. 

‘Reis nei it uterste lân’ hat yn foarm en styl wat wei fan de epyske, breed opsette fersen, sa’t dy yn Van der Ploeg syn bondel Troch kadastrale fjilden (2003) te finen binne. It gedicht sels is my winliken justjes té breed. Mei troch it gebrûk fan de earste persoan meartal, hâldt de dichter it direkt persoanlike bûtendoarren, in eigenskip dy’t men faker yn de poëzij fan Van der Ploeg tsjinkomt. It ien en oar is fan dy gefolgen dat syn wurk sa altemets in beskate retoaryske kant útskaait. Ek ‘Reis nei it uterste lân’ is dêr net alhiel frij fan.

De oersetting fan Van der Ploeg syn bydrage nei it Nederlânsk wie in heikerwei. My heucht dat wy, op fakânsje yn it ferdronken lân fan Saeftinghe oan de Skelde, ús de tosken stikken bieten op wurden as ‘tijs’ en útdrukkings as de ‘glêzen wein’. It idioom fan Van der Ploeg, it giet, lykas sa faak yn syn omfangryk oeuvre, fier bûten it behyplike en behelplike Frysk-Nederlânsk Hânwurdboek (1984) om. Fierders wie it saak om it nedige omtinken te jaan oan de ritmen, want dêr moat it gedicht it foar in part fan hawwe. Van der Ploeg, dy’t de tekst autorisearre, koe goed wurde mei de Nederlânske fertaling, dat op basis fan dy tekst sette de Australyske skriuwer David Colmer – hy wennet sûnt 1991 yn Nederlân – him oan de Ingelske oersetting fan it gedicht.

Gjin grinzen, de reis, in inisjatyf fan de stifting Cepher, dat ta stân kaam yn gearwurking mei Omrop Fryslân, hie in multymediaal karakter. Yn it radioprogramma Omnium waarden de trijentweintich dichters dy’t harren bydrage oan ‘de Reis’ joegen, ûnderfrege oer it  tema reizgjen. Yn datselde programma lies elke dichter syn/har gedicht foar. By de útjefte fan de blomlêzing – Michiel Postma soe foar de fernimstige foarmjouwing fan it boek de Liuweprint 2004 krije – waard in CD foege, wêrop’t alle foardrachten, fan Elmar Kuiper, Arjan Hut, Albertina Soepboer, Aggie van der Meer oant en mei Abe de Vries, nochris ôfharke wurde koenen. It ynterview mei Durk van der Ploeg en syn foardracht fan ‘Reis nei it uterste lân’ is hjir te beharkjen.



REIS NAAR HET LAATSTE LAND

Zolang er open water is en slib, en zon en maan tot in het
Onwetende over het landijs scheren. Zolang de nacht sterren neerzet
Tot voor de kust, door broze dromen van genade worden wij gewekt.

Wij eten staande van geëmailleerde schalen en beuken de dorpel vast onder
De deur. Voor een reis naar het stervende land jagen wij de honden en doen 
                                                                                              de paarden
Oogkleppen voor. Oordeel dat ons moet treffen nu hoer en bastaard rusten
Onder de sikkel van de maan. Lichtloodsende sterren wijzen ons noordwaarts
Over meridiaan en poolcircel. Hoe ver reikt ons gaan, wellicht tot in het ijs?

De tragiek van de droom weerspiegeld in het  gebogen postuur van 
                                                                                          de slikwerker.
Wij wonnen land uit zee en bewerkten het. Ons werd vadems toegemeten
Op aanwassende diepten. Onder de zeespiegel haalden wij binnen wat ons
Toekwam aan verte en kim. De aarde zou zich vermenigvuldigen onder 
Onze handen. Wij erfden kwelderland in eeuwenoud landijs, maar het lot
                                                                                                   kon ons
Niet vergeten. Bij het tij dat de dood ons overviel en de reis, eeuwig 
                                                                                              aangezegd,
Begon, ontvluchten wij het haardvuur. Over ijs gingen wij op reis naar de
Laatste vore om die met de balsem van ons verdriet achter ons te laten.

Zee die haar eigen water is, water dat de afgrond zijn zwijgend oordeel
Oplegt, hoe lang hebben wij in de verborgen voortgang van de dingen jouw
Diepten vertrouwd en de troost van je mompelende golven verstaan?
Wind? Wij vertrouwden op de wind die ons het zeil deed opsteken als wij 
                                                                                                        met
Het eiken zwaard het diep overstaken dat onvermijdelijk het onze zou zijn.
Hoe meten wij de tijd ons niet is toekomt? Hoe wegen wij zwaartekracht?
Zwemmers zijn wij die aarzelen en op Gods genade drijven tot een vlaag
Van twijfel ons achterhaalt in het eeuwige uur die verlangens breekt al hout.

Onderweg raakt een vis, op weg naar zijn paaiplaats,
Vast in het ijs, de laatste lucht borrelend voor de bek
Hoe kan ik kappend naar lucht helpen de natuur te redden?
‘t Staal van de bijl staat averechts op het leven.
Hoe kap ik een gat naar het verdronkene?

In het ijsland baart zijn lijkwagens met vrouwen
Die rouwen achter dunne sluiers van troost en wraak;
De geur van hun reukwater smacht naar leven.



JOURNEY TO THE OUTER LAND

As long as there are mudflats and open water, sunlight and moon-
Shine skimming beyond knowing over the icecap, as long as night
Brings out the stars at sea, our brittle dream will wake us from grace.

We eat standing from enamel bowls and pound the doorstep into place.
For a journey to the outer land, we whip the dogs, blinker the horses.
Judgement will come upon us now that we whore and basterd take their ease
Beneath the sickle moon. Shining pilot stars lead us up north beyond
Meridian and polar circle. How far can we go, maybe onto the ice?

The tragedy of dream reflected in the crook back of the mud digger.
We pushed back the sea and worked the soil. We were allotted phantoms.
Of land and ever deeper. Below sea level we grabbed our share of distance
And horizon, forcing earth to multiply beneath our hands. We
Inherited salt meadows under ancient icecaps but fate did not forget us.
When the tide of death came in and the journey, announced forever,
Began, we fled the fire in the hearth. Over ice we went, travelling to the
Last furrow to leave it behind with the balsam of our sorrow.

Sea that is its own water, water that imposes it silent judgment
On the abyss, how long amid the secret progress of things have we trusted.
To your depths, understanding the consolation of your mumbling waves?
Wind? We relied on the wind that had us raise the sail when, with our oaken,
Sword, we crossed the depths we could not help but claim as our own.
How to measure time that won’t be ours? How to weigh gravity?
We are hesitant swimmers adrift on the mercy of God until fit
Of doubt will come upon us in the eternal hour that snaps our hopes like 
                                                                                                     sticks.

Caught in the ice on its way to spawning grounds,
A fish, its last breath bubbling from its mouth.
How can I help save nature by hacking for air?
The steel of the axe is at odds with life.
How do I hack a hole to the drowned?

The land of ice brings forth hearses with women,
Mourning behind their veils of solace and vengeance;
The scent of their cologne is life itself. 



Boppesteand artikel is it twadde part fan in trijelûk oer de dichter Durk van der Ploeg. It lêste diel ‘De sirkel rún. Oer de poëzy fan Durk van der Ploeg’ ferskynt healwei novimber yn de skriftlike ferzje fan it tydskrift De Moanne.