Posts tonen met het label Tomas Tranströmer. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Tomas Tranströmer. Alle posts tonen

woensdag 20 februari 2013

Tomas Tranströmer – 'Gogol' – Stimmen 7


‘Mijn gedichten zijn ontmoetings-plaatsen… Wat er op het eerste gezicht als een confrontatie uitziet, blijkt een verbinding te zijn,’ skreau de Sweedske dichter Tomas Tranströmer oait yn in brief oer syn eigen wurk. Syn poëzy beweecht him op de grins fan in bewuste en ûnderbewuste werklikheid. De oergong tusken beide wrâlden lit him net altiten like goed ôfbeakenje, sterker, se rinne gauris yninoar oer. De tsjinstellings blike faak skynber. (Sjoch fierders ek - klik hjir - de nije webside eeltsje hettinga).

Wat Tranströmer syn poëzy sa ynnimmend en yngeand makket, is syn oerweldigjende fisuele kracht. Imazjinêr. Der sit in surrealistysk elemint oan syn gedichten, mar de wize wêrop’t de dichter syn bylden delset, is folle minder frijbliuwend as dy fan in protte surrealisten.

Ze delven de stad op. Maar nu is het stil.
Onder de olmen op het kerkhof:
een lege graafmachine. Zijn schoep tegen de grond -
het gebaar van iemand die aan tafel in slaap gevallen is
met zijn vuist voor zich uit. – Klokgelui.

Fan dizze strofe, de fjirde út it gedicht ‘Nachtdienst’, te finen yn  de bondel Nachtzicht (1970), sei de dichter yn in radio-ynterview dat it om in byld fan in tsjerkhôf yn de stêd Västeråsgyng gyng. ‘It wie fuortby de katedraal, dêr’t se dwaande wienen mei it opgraven en reparearjen fan in stien. Ik stie dat allegearre op te nimmen, de olmen op it hôf, in lege graafmasine, en doe in byld fan ien dy’t oan it taffeltsje yn in kafee yn sliep fallen wie en dernei dy it let fan klokken, wylst ik der stie te sjen.’

De rigels sels binne glêshelder en sa konkreet as it mar kin en dochs sit der, ienfâldich as se steld binne – der komt yn de foarm bygelyks gjin eigenskipswurd oan te pas – wat oerdonderjends yn. It is de kombinaasje fan skynber tsjinstelde bylden dy’t it gehiel in magysk elemint jouwe. Der is sprake fan in frjemdsoartige gearhing dy’t him by al syn ferrifeljende ienfâld net daalks tsjutte lit.
.
Nobel
.
By de migraasje fan myn dokuminten nei myn Apple-kompjûter kaam ik tal fan oersettingen  tsjin, ûnder mear in ferfrysking fan Tranströmer syn gedicht ‘Gogol’. De omsetting komt út deselde tiid as de ferfrysking fan it gedicht ‘In de open lucht’, opnommen yn de by Bornmeer ferskynde bondel Wrâld, finster, gedicht. [De moaiste fersen út de wrâldliteratuer útkeazen enoersetten troch 30 Fryske dichters].
.
Yn de ynlieding by dy blomlêzing (2004) wie ik fan betinken dat ‘it my net fernuverje soe as Tomas Tranströmer it of oare jier mei de Nobelpriis bekroand wurdt.’ En wrachtich, dat kaam noch út ek, sij it dat ik mei de foarsizzing sels in pear jier te gau wie. De Sweedske dichter krige de Nobel yn 2011.

Nijsgjirrich oan it gedicht ‘Gogol' - it komt út de sammelbondel Het wilde plein. Gedichten 1948-1990 (s.11) mar is ek te finen yn de  antology De herinneringen zien mij (s. 12),  is it personale perskpektyf dat ôfwiksele wurdt mei de apostrof, de twadde persoan dy’t brûkt wurdt om in tusken heakjes steld kommentaar te jaan: ‘Petersburg hâldt deselde  breedtegraad as de ferwoesting / (seachst de skiente yn de brike toer)’. By syn besykjen om him ta de earmhertige en erbarmlike sitewaasjes fan de portrettearre Gogol te ferhâlden, ropt it lyrysk subjekt lang om let yn de hjittende foarm út: ‘Dat, klim yn dyn wein fan fjoer en ferlit it lân!’

Foar de oersetting fan it gedicht ‘Gogol’ haw ik sawol de Nederlânske oersetting fan Bernlef brûkt as de oarspronklike Sweedske tekst om dêryn gewaar te wurden hoe’t it krekte ferrin fan it metrum en ritme is.

Gogol


De mantel rudich as in wolvepels.
It antlit as in marmerflinter.
Sit mei brieven om him hinne yn it strewel gûnzjend
fan hún en misferstân,
ja, it hert dwerrelt as in stik papier troch de net gastfrije
passaazjes.

No slûpt de sinne-ûndergong as in foks oer dit lân,
stekt yn in flok en sucht it gers yn brân.
Romte tilt op fan hoarnen en kloeren en dêrûnder
glidet de tilbry as in skaad tusken ús heit
syn ferljochte pleatsen.

Petersburg hâldt deselde breedtegraad as de ferwoesting
(seachst de skiente yn de brike toer)
en noch swalket oer de kâlde wenblokken as in kwal
de sloeber yn syn mantel.
En hy, hjir, belape yn syn fêstjen, hie earst in lûdop
laitsjen om him hinne,
lykwols, dy keppels binne al lang ferflein nei streken fier
boppe de beamgrins.

De wiffe tafels fan de mins.
Sjoch nei bûten, hoe’t tsjusternis in molkwei fan sielen merket.
Dat, klim yn dyn wein fan fjoer en ferlit it lân!
.
Gogol

Kavajen luggsliten som en vargflock.
Ansiktet som en marmorflisa.
Sitter i kretsen av sina brev i lunden som susar
av hån och misstag, ja hjärtat blåser som ett papper
genom de ogästvänliga
­passagerna.

Nu smyger solnedgången som en räv
över detta land, antänder gräset på ett ögonblick.
Rymden är full av horn och klövar och därunder
glider ­kaleschen skugglik mellan min faders
upplysta gårdar.

Petersburg beläget på samma breddgrad som förintelsen
(såg du den sköna i det lutande tornet)
och kring nedisade kvarter än svävar manetlikt
den arme i sin kappa.
Och här, insvept i fastor, är han som förr omgavs av
skrattens hjordar,
men de har för länge sedan begivit sig till trakter långt
ovanför trädgränsen.

Människors raglande bord.
Se ut, hur mörkret bränner fast en vintergata av själar.
Så stig upp på din eldvagn och lämna landet!
.
Gogol

Jas sleets als een wolfsroedel.
Het gezicht als een marmervlinder.
Zit omringd door zijn brieven in een bosje dat gonst
van hoon en misverstand,
ja, zijn hart dwarrelt als een papier door de ongastvrije
passages.

Nu sluipt de zonsondergang als een vos over dit land,
steekt in een ommezien het gras in brand.
De ruimte is vervuld van horens en klauwen en daaronder
glijdt de calèche als een schaduw tussen de verlichte boerderijen
mijns vaders.

Petersburg op dezelde breedtegraad als de vernietiging
(zag je de schone in de scheefstaande toren)
en nog zweeft boven de verijsde woonblokken als een kwal
de armzalige in zijn mantel.
En hier, gewikkeld in zijn vasten, hij die eerst was omgeven door
de kuddes van de lach,
doch deze hebben zich allang begeven naar streken ver boven
de boomgrens.

De wankelende tafels van de mens.
Kijk naar buiten, hoe het duister een melkweg van zielen brandmerkt.
Klim dus op je wagen van vuur en verlaat het land!


(Oersetting: J. Bernlef).


http://eeltsjehettinga.nl/

donderdag 6 oktober 2011

Nobelpriiswinner Tomas Tranströmer en Fryslân (2)


Tomas Tranströmer (1931)


De Nobelpriis foar literatuer giet dit jier nei de Sweedske dichter Tomas Tranströmer. En mei rjocht. My skeat by it hearren fan dat nijs – it waard my trochdien troch Radio Netherlands Worldwide dy’t my fannemiddei belle mei it fersyk oft ik in taljochting jaan woe op de troch my ferfryske gedichten fan Tranströmer – ynienen it Neiwurd fan de blomlêzing Wrâld, Finster, Gedicht (2002) yn 't sin, in stik wêryn’t ik oanjûn hie dat Tranströmer, sûnt jier en dei ien fan myn favorite dichters, hjoed of moarn dizze wrâldliteratuerpriis taparte wurde soe. 

‘As it my net mist,’ wie it sizzen yn niisneamd Neiwurd, ‘hellet ien fan dizze beide Sweedske dichters [de twadde wie Lars Gustafsson] oare jier yn Stockholm de Nobelpriis foar literatuer op.’  

Kommende tiid mear oer de Sweedske dichter, fan wa't op dit plak, yn july, ûnder mear it gedicht In skiss fran 1844 (In skets út 1844) ôfprinte waard, opnaam yn de sammelbondel mei de foar syn wurk sa skaaimerkjende en sprekkende titel De herinneringen zien mij. 

Foarearst nim ik hjir fan Tranströmer it gedicht ‘Yn de iepen loft’ oer en myn taljochting dêrop, teksten, sa't dy te finen binne yn Wrâld, finster, gedicht (s. 74-77). 


YN DE IEPEN LOFT

1.
 
Labyrint fan it lette neijier.
By de yngong fan de bosk in weismiten lege flesse. 
Kom der yn. Om dis’ tiid hinne bestiet de bosk út stille útstoarne 
              lokalen.                      
Oars net as in pear lûden, as ferskoot ien mei in pinset hoeden
                                                                      de tûken
of in knierbân licht kriezjend yn ’t binnenst fan in tsjokke stam.  
De froast is oer de poddestuollen gien, se binne taskronfele. 
Se lykje op dingen en stikken klean fûn nei in ferdwinen.
No giet it op skimer oan. It is saak dy der út te rêden
en dyn merknimmen opnij te hifkjen: it roastige ark  
              dêrbûten op 'e bou 
en it hûs op 'e oare kant fan de mar, in readbrún fjouwerkant  
              krêftich as in bûljonblok.
 
 
2.
 
In brief út Amearika die it him, dreau my nei bûten
op in ljochte junynacht de lege strjitten fan de foarstêd yn
tusken nijberne wiken sûnder oantinken, koel as blaudrukken.
 
It brief op 'e bûs. Wansillich razende swalkerstocht, in soart needgjalp.
By jimme hawwe goed en kwea werklik gesichten.
Wat te úzes meast in striid tusken woartels, sifers, ljochtflitsen is.
 
Dyjingen dy’t de opdrachten fan de deaden dogge,  deiljocht net.
Se hâlde bewâld op glêzene ferdjippings. Se krioelje yn de sinnegloede.
Se lynje oer de toanbank en draaie de hollen.

Fier fuort bliuw ik by tafal foar ien fan de nije fasades stean.
In protte finsters gearfloeiend yn ien inkeld finster.  
Ljocht fan nacht syn himel en it ferweech fan beamkrúnen dat dêryn 
               opheind wurdt.  
It is in spegeljende mar sûnder weagen, omhegen kaam yn simmernacht.
   
Foar ien inkelde tel
liket geweld ûnwerklik.
 

3.
 
De sinne baarnt. De fleanmasine komt leech oer en smyt in skaad 
yn 'e foarm fan in grut krús oanstoarmjend 
               oer 'e grûn.
Der wrot in minske yn 'e bou om.
Der komt it skaad oan.
Ien inkeld part fan in sekonde sit er midden yn it hert fan 
               it krús.
 
Ik ha it krús sjoen dat yn 'e ferwulften fan koele tsjerken hinget.
It liket bytiden in momintopname
fan eat driftich fan beweging.
 

IT LABYRINT FAN IT LETTE NEIJIER, LOF OP IT IMAZJINÊRE 
 





Eeltsje Hettinga
tekening Elske Schotanus


'In brief út Amearika die it him, dreau my nei bûten / op in ljochte junynacht de lege strjitten fan de foarstêd yn. (…) Doe’t ik ein ’94 nei Amearika ferhúze, siet der yn de tolve kisten dy’t ik op it frachtskip sette in seleksje fan de boeken dy’t ik yn 'e rin fan de jierren garre. Neist it wurk fan Ingeborg Bachmann wie dêr ek de bondel  Het wilde plein (Gedichten 1948-1990) fan de Sweedske dichter Tomas Tranströmer by.
 
Wa’t de poëzije fan dizze Sweed lêst, bliuwt neitiid efter yn it skimer fan frjemd meitsjende romten en tiden.Tranströmer syn skriuwen, en dus syn tinken, wurdt oandreaun fan in noardlik kâld, mar libben ûnderwesten. Syn wurk liket bytiden op in mei iisskossen oerladen rivier, as it om de rykdom oan bylden giet. Se komme op út de djipten fan in ferheftich lyryske en fierhinne ûnderwestlik bepaalde ûnderstream, al stelt J. Bernlef - yn Nederlân de fêste oersetter fan it wurk fan de Sweed - terjochte fêst dat Tranströmer syn wize fan wurkjen hiel wat minder frijbliuwend is as dy fan de surrealistyske dichters. In rigel as 'No giet it op skimer oan. It is saak dy der út te rêden/ en dyn merknimmen opnij te hifkjen’, dêr sit neat surrealistysk by. It ûnderbewuste is by Tranströmer gjin doel, mar ien fan de middels by syn skriuwen.

Nettsjinsteande it tsjustere karakter fan dit trijelûk – it giet net om 'e nocht om in labyrint – binne de bylden sa helder as glês, mar binnen it gehiel fan it fers tagelyk ek wer de riedseleftige kant neist. It fisuele elemint yn 'Yn de iepen loft’ is ferpletterend, sa taastber. It fers kin eksimplarysk neamd wurde foar Tranströmer syn wurk. 
Yn de tekst wurdt it telluryske, staljûn mei de bylden oer de heimige winterbosk, ferbûn, of better: konfrontearre mei de kultuer, dy fan de stêd en alle glêzige trochsichtigens dy’t dêr mei mank is. De opposysje werspegelet foar in part ek de ferskillen tusken Europa en Amearika (...) 'By jimme hawwe it kweade en it goede werklik gesichten'/.
Op in oar nivo komme de tsjinstellingen it moaist út ’e ferve by it byld fan de leech oanstoarmjende fleanmasine en de minske dy’t yn 'e ierde omwrot. 'Ien inkeld part fan in sekonde sit er midden yn it hert fan / it krús.’ In soarte feriening, fan in byinoar kommen? Nee. De driigjende masine dy’t oanrazen komt, wiist derop dat der wat wankt, mar wat? Ik wit it net, haw der, en dat jildt ek yn it algemien, miskien en soms efkes, in tel  – ûnderbewust  - aan fan dit 'it’, dat fuortkomt út in heftige, driftige beweging, en dat ûnbepaald as it bliuwt, ferpletterjend wêze sil. 
Yn dit trijelûk kin ik einleas omdwale, besykjend om alle betsjuttingen fan dit gedicht helder te krijen. Dat falt tsjin. Slim? Nee, net alles lit him no ienkear ferklearje. Faaks is dat mar goed ek. Al lêzend ploeget men troch alderhande tsjustere ûnderlagen dy’t dit fers hat. De dûnkere assojative krêft dy’t yn dit imazjinêre gehiel besletten leit, fiert jin tagelyk oer tal fan ljochte wegen de wrâld oer. Oan komt men net! Goede poëzije ken gjin einstasjon, mar lit jin gauris op in moai ûntheisterjende wize ûntspoare en ferdwale. Meastentiids wurdt men dêr net ûngelokkich fan.

'In brief út Amearika die it him, dreau my nei bûten.’ Sa is it gien en sa is it my fergongen. De rigel  ropt in romte op, in tiid ek, wêryn’t ik op ien en’t selde momint de oanstoarmjende fleanmasine bin en tagelyk de mins dy’t allinnich yn 'e ierde omwrotte (!). Fan dy mins bin ik de deade, in oersteat, midden yn 'e stêd fan dit bestean. 

In part fan myn boeken, ek dy fan Tomas Tranströmer, stiet noch yn in skuorke op 'e oare kant fan de oseaan. Se meie der stean bliuwe. Besit fan boeken is moai, mar it fûleinige garjen derfan, sa’t ik dat ienris bewend wie, dêr doch ik net mear oan. Lykwols, der is poëzij dy’t ik altiten by de hân hawwe wol. Doe’t ik yn in Amsterdamkske boekwinkel Het wilde Plein lizzen seach, haw ik de bondel op 'e nij oantúgd. My heucht noch de keap. In rib út myn liif. Mar wat soe ’t? Wa’t skientme priuwe wol, moat bliede, bytiden dûbeld, net wier?
   

 
IN DE OPEN LUCHT
 
1.
 
Labyrint van het late najaar.
Aan de ingang van het bos een weggeworpen lege fles.
Treed binnen. Rond deze tijd bestaat het bos uit stille verlaten lokalen.  
Een paar geluiden maar: alsof iemand met een pincet voorzichtig  
                                                                             twijgen verschuift
of een scharnier zwak piepend binnen in een dikke stam.
De vorst is over de paddestoelen gegaan, ze zijn verschrompeld.
Ze lijken voorwerpen en kledingstukken in een verdwijning.
Nu valt de schemering. Het is zaak je er uit te reppen
en je richtmerken opnieuw te bezien: het roestig gereed  
               daarbuiten op de akker  
en het huis aan de overkant van het meer, een roodbruin vierkant  
               krachtig als een bouillonblok.
 

2.
 
Een brief uit Amerika deed het hem, dreef mij naar buiten
op een lichte juninacht de lege straten van de voorstad in
tussen pasgeboren wijken zonder herinnering, koel als blauwdrukken.
 
De brief in mijn zak. Onzalige razende zwerftocht, een soort hulpkreet.
Bij jullie bezitten het kwade en het goede werkelijk gezichten.
Wat bij ons meest een strijd tussen wortels, cijfers en lichtinvallen is.  

Zij die de opdrachten van de dood uitvoeren schuwen het daglicht niet.  
Zij regeren vanuit glazen verdiepingen. Zij krioelen in de zonnegloed.
Zij leunen over de toonbank en draaien hun hoofden.
 
Ver weg blijf ik toevallig voor een van de nieuwe façades staan.
Vele ramen ineenvloeiend tot één enkel raam.
Licht van de nachthemel en het bewegen van boomkruinen wordt daarin 
                                     gevangen. 
 Het is een spiegelend meer zonder golven, opgerezen in de zomernacht.
 
Voor een kort moment
lijkt geweld onwerkelijk.
 

3.
 
De zon brandt. Het vliegtuig scheert laag over en
werpt een schaduw in de vorm van een groot kruis voortstormend 
                 over de grond.
Een mens zit op de akker te wroeten.
Daar komt een schaduw aan.
Een onderdeel van een seconde bevindt hij zich in het midden van 
                 het kruis.
 
Ik heb het kruis gezien dat in koele kerkgewelven hangt.
Het lijkt soms een momentopname
van iets in heftige beweging. 

   

vrijdag 22 juli 2011

Tomas Tranströmer (1) - 'In skets út 1844'



IN SKETS UT 1844

William Turners antlit is brún ferware
hy hat syn ezel in knap ein yn de brâning set.
Wy folgje de sulvergriene kabel de djipte yn.

Hy plasket it deldragende deaderyk yn.
In trein rôlet binnen. Kom neier by.
Rein, rein lûkt oer ús hinne.  



EN SKISS FRAN 1844

William Turners ansikte är brunt av väder
han har staffli längst ute bland bränningarna.
Vi följer den silvergröna kabeln ner i djupen. 

Han vadar ut i det långgrunda dödsriket.
Ett tåg rullar in. Kom närmare.
Regn, regn färdas över oss.  



EEN SCHETS UIT 1844

William Turners gezicht is gebruind door het weer
hij heeft zijn schildersezel ver in de branding gezet.
Wij volgen de zilvergroene kabel de diepte in.

Hij waadt het hellende dodenrijk in.
Een trein rolt binnen. Kom dichterbij.
Regen, regen trekt over ons heen.

William Turner - Rain, Steam and Speed
1844; Oil on canvas, 90.8 x 121.9 cm; National Gallery, London


Nederlânske oersetting komt út: Tomas Tranströmer, De herinneringen zien mij. (Vert. Bernlef). De bezige Bij, Amsterdam (2002), s. 281

Update 07-10-11. Sjoch ek: 
Nobelpriiswinner Tomas Tranströmer en Fryslân