Posts tonen met het label Obe Postma. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Obe Postma. Alle posts tonen

woensdag 7 maart 2012

Under it jok fan de 'frije' merk - ‘Every night, every day’


Yn 1947 hie it Boun fan Koöperative suvelfabriken yn Fryslân har fyftichjierrich jubileum. Nei oanlieding dêrfan waard de film Dêr’t de groun de soargen leannet makke. De tekst by de histoaryske opnamen, te finen yn de argiven fan it Fries Film Circuit, waard destiids besoarge en ynsprutsen troch de dichter Douwe Tamminga. As in earsten foarljochter sjongt er de lof en gloarje fan de Fryske suvel. In skôging oer lânbou, kultuer, emigraasje en “in nije tiid” (Postma) dy’t trochrint oant yn it Texas fan de 21ste ieu.
koöperative stoomsuvelfabryk fan Wergea - 1886



It foarste part fan de yn swart-wyt draaide film, mei in doer fan in foech sechtich minuten jout in byld fan it boerelibben yn in fierhinne pre-yndustrieel Fryslân: earden molke-amers oan it jûk, swarte gudsen foar de ploech en krompanielen sjeazen dêr’t de boer en it sydsulver mei yn it besytsjen of oarswei mei ûnderweis binne. 

Yn it twadde part is der in bulte omtinken foar de bûtenwenstich strange winter fan 1947. De bylden binne like idyllysk as oandwaanlik: rinkeljende swarte happen foar belsliden yn tichte, fan snie oerdutsen bosken, prikslide-jeiende bern yn sitsen kostúms, earne bûten de dyk op de Iselmar, en hurd trochklauwende riders dy’t har oan de Alvestêdetocht weage hawwe. It lêste part fan de film jout in skets fan it ûntstean en de ûntjouwing fan it koöperative suvellibben yn Fryslân. It wie de lânboukrisis oan de ein fan de 19de ieu dy’t mei syn struktureel beroerde gefolgen foar de Fryske ekonomy de oantrún jaan soe ta de oprjochting fan de koöperative suvelfabriken. De earste sette yn 1886 útein yn Wergea. 

Keunstbûter

Lit my in tel langer stilhâlde by it ekonomysk delgeande tij tusken 1878 en 1895, in tiid dy’t ek yngeande gefolgen hawwe soe foar de kultuer en it kulturele libben yn Fryslân. De krisis wie begûn by de bouboeren. De oerfloed oan Amerikaansk en Russysk weet op de Europeeske merk hie de prizen ûnmeilydsum ûnderút helle. Rillegau sloech de ellinde nei de feehâlderij oer. De hege grûnprizen yn de jierren foar de lânboukrisis, dy’t foar in part it gefolch wienen fan de spekulaasjesucht fan de lânhearren, hienen derfoar soarge dat de hier- en pachtprizen relatyf te hurd omheech gien wienen. Doe’t op in stuit ek nochris de molkeprizen yninoar klapten, wie it nacht yn ’e nane. Dêr kaam fierders de alles fergriemende konkurrinsje fan ‘de keunstbûter’, de margarine, oerhinne. De ienris bloeiende Fryske eksport fan bûter en tsiis nei Ingelân gyng folslein ûnderút. Gjin droech brea mear mei te fertsjinjen. Ferskillende lannen mienden op in stuit dat de ‘depresje’ him inkeld bestride liet mei it safolle mooglik beskermjen fan de eigen lânbou. Proteksjonisme. Grinzen gyngen massaal ticht. Doe wie de boat pas goed oan. 'Bern waarden gauris fan skoalle holden, se moasten mei yn it wurk om it bedriuw oerein te hâlden. Fan de priis dy’t foar in mingel molke bard waard, koe amper in bôle kocht.' (Eeltsje Hettinga - Gerben Rypma, de keunstner fan it dubele krus, nov. 2010) 

‘Och leave heit, net wer!’


Yn de Harnzer haven ware yn dy dagen, begjin 1880, in rare leechte om. Boeren wienen twongen te besunigjen, der moast tûker en effisjinter produsearre. It arbeidersfolk krige massaal dien. Navenant wie de earmoed en oare maatskiplike ellinde, lykas it drankmisbrûk. ‘Och leave heit, net wer!’ sei bygelyks it biedwurd fan de Blauwe Knoop. Troch de lânboukris setten kloften minsken fan it plattelân nei de grutte stêd – tusken 1860 en 1920 setten krapoan 150.000 minsken de provinsje út – like it as rûn Fryslân leech. Tûzenen ljepten de Oseaan oer. Yn it tiidrek tusken 1880 en 1914 emigrearren mear as 20.000 minsken út Fryslân wei nei Amearika, mei-inoar 15 persint fan de Fryske befolking dy’t yn dy jierren tusken 300.000 en 350.000 sielen telde. (Annemieke Galema, Frisians to America, 1880-1914. With the Baggage of the Fatherland, Grins 1996). Yn de blêden en periodiken fan dy dagen ferskynde de weareld oan ferslaggen oer de emigraasje nei Amearika. Fan Piter Jelles Troelstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen oant en mei Gerben Rypma, gjin Fryske dichter of hy wie op ’e tekst oer it lânferhúzjen. Rypma kaam yn it tydskrift Sljucht en Rjucht bygelyks mei it weemoedige en sentimintele ‘Nei Amerika’ (1909).

(...)
Ho’n fûle smert fan ôfskieds-wé
Forskoert my, nou ’k myn bertesté
           For altyd moat forlitte,
En gean oer ’t fiere wetterwiid
In ûnbikende nije tiid
           Yn yd’le droom tomiette.

Piter Jelles skreau ûnder mear it lange gedicht ‘Lânforhúzer’, dêr’t ik hjir de sande strofe út nim, te finen yn de bondel Rispinge (1909. s. 246):

 (...)

Do-t fjouwer bern biwarre bleauwen
En ’t brea al tinner foar ús waerd,
Kaem earmoed, as in tsjuster skaed,
Al neijer oan ús himel driuwen.
It wirk rekke op, nou wier de lijensmjitte fol:
Farwol myn heitelân, lân fan wanhoop, nou farwol.


Mei de iensidige opbou fan de Fryske ekonomy – Fryslân hie him te lang en tefolle op lânbou en suvel útlein – takke de wurkgelegenheid nammerste hurder ôf. Kapitaal foar in feroarjen, konkreet, in ferbreedzjen fan de basis fan de ekonomy yn Fryslân wie der net. Dat ynvestearringsjild siet by ‘de grote burgerij’, de eardere grytmanfamyljes en lânhearren dy’t healwei de njoggentjinde ieu Fryslân de rêch takeard hienen.

Braindrain

Bron: Hepkema Courant 4 febr. 1911

Mei de krisis fan 1880 en de emigraasje – de ‘braindrain’ troch it fertrek fan ûnderwizers, predikanten, ensfh. wie like yngripend as de flecht fan it kapitaal út Fryslân wei – skode de provinsje op ekonomysk en kultureel mêd wat langer wat mear nei de perifery. Fergelike by de eardere gloarjedagen fan Fryslân binnen ‘de Republyk’ (1588-1795) siet de provinsje oan de ein fan de 19de ieu alhiel yn it ûnleech. Yn Amsterdam stroffele men yn dy dagen oer de ûnderwizers en polysjeminsken dy’t Frysk praten. ‘Goeie Piebe, do hjir ek wer.’ Hoe hurd it mei de befolking efterútbuorke, de sifers lige der net om. Gong yn de jierren, foarôfgeand oan it tiidrek 1795-1880 noch mar 16,3% fan de natuerlike oanwaaks ferlern troch mear fertrek as festiging, yn de perioade 1880-1920 waard 70,4 % fan de natuerlike groei troch it fertreksaldo ‘ôfrjemme’. (Boarne sifers: Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda).

De kultuer en it ekonomyske libben yn Fryslân, it waard in spultsje fan de ‘kleine burgerij’, lyts, provinsjaal en yn himsels keard. Dat lêste gou ta in hichte ek foar de Fryske literatuer. De klam lei benammen op de eigen taal en skiednis, ynbegrepen de ivigen noed oer it weireitsjen fan dy taal. Men besocht sa fier mooglik by it Hollânsk wei te bliuwen. Oan de literêre moaden en ûntjouwings yn Nederlân en Europa hie men, op in útsûndering nei, net folle boadskip. Boppedat, wat soe men ek en lês de yn modder, drek en stront omklauwende minsken gedichten foar, skreaun yn de trant fan Boutens, Kloos en Perk? Nee, it oan- en bybringen fan in Frysk nasjonaal bewustwêzen, dat geandewei de twadde helte fan de 19de ieu in wichtich ûnderwerp wurden wie, wie in motyf dat ekstra fuorre waard troch de delgeande tiid. It ferhearlikjen fan it eigen ferline en it lofsjongen op de âlde, romrofte Fryske frijheid en ûnôfhinklikheid wie skearing en ynslach. De romantysk nasjonalistyske gefoelens dy’t mei dy heechstekkerij mank wienen, kamen geregeldwei oer it fuotljocht yn de poëzy en it proaza fan minsken as Waling Dykstra, Onno Sytstra en fansels Piter Jelles Troelstra. De lêste tekene ûnder mear foar de sang ‘Ela Fria Fresena!’, te finen yn de bondel Rispinge (1909, s. 4).

Fen ’e wylde see besprongen,

  Tûzen kearen op ’e nij.
Faek bekampe, nea betwongen,
  Wiern’ de Friezen roun en fry;
Frydom wier de heechste wet
  Yn it eale Friez’ne hert;
Mannen sjong,
Mannen sjong ’t elkoar den ta:
“Ela Fria Fresena!”

 (...)

Meie ek namme en tael forgean,
  Dou, o, frydom, bliuw bestean!
Klink yn ’t roun,
Oan de fierste neiteam ta:
“Ela Fria Fresena!”

Minsken as Troelstra, Dykstra en ek Rypma berôpen har op it wurk fan skriuwers as Harmen Sytstra (1807-1862) en de bruorren Halbertsma, mei harren romantysk bepaalde sin foar it folkseigen, de nasjonaliteit en de histoarje. Fan datoangeande binne de tiden net in soad feroare. Krekt yn tiden fan krisis, mei navenant alle driging, komt it net selden foar dat ‘mensen terugvallen op hun culturele eigenheid.’ (Bas Heijne, NRC, 26 nov. 2011). En by dat soarte fan ûntjouwings is meastentiids de rook fan alderhande domme en stompsinnige foarmen fan nasjonalisme – it ressintimint dript der bytiden fan ôf – ek net al te fier wei. Dat soarte tendinzen binne rûnom yn Europa te fernimmen, ek yn Fryslân. (Eeltsje Hettinga, Perio-pamflet - De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018) 

Werom nei de film Dêr’t de groun de soargen leannet (fan der minsken warbere hân). De jierren fan 1885 oant 1895 wienen foar de Fryske boeren de minste. Der moast wat gebeure. Healwei de jierren njoggentich stuts in tal boeren de noazen byinoar. Se woenen by alle ellinde dy’t de minne molkprizen mei har meibrocht hie net langer ôfhinklik wêze fan ‘de fabrikant’ [les: de partikuliere hannel]. Dy sette harren in priis, sûnder se dêr ek mar in sint ynfloed op hienen. As se de lapen gearsmite soenen en sels de produksjemiddels yn hannen namen, faaks dat se de bûter jild jilde litte koenen. Se soenen tenei frij man wêze, net mear de marionet fan de partikulier opkeaper. Yn Wergea setten yn 1886 trijentweintich boeren útein mei in suvelfabryk op koöperative grûnslach, se namen de molkeferwurking yn eigen hannen. Trije, troch stoom oandreaune sintrifúzjes dienen it tsjernjen fan de molke. It inisjatyf slagge. Wergea foer der wol by. Mear wurk en minder earmoed. Yn in 1888 steld skriuwen lit it Roomske tsjerkebestjoer fan Wergea bygelyks witte dat ‘de boterfabrieken reeds een gunstigen invloed uitoefenen op den omvang van de burgerlijke armenzorg, die beduidend is ingekrompen.’ (H.W. Lintsen, Geschiedenis van de techniek in Nederland. De wording van een moderne samenleving 1800-1890)


Stylistysk saltospringen

Tamminga by syn wente op Kiestersyl


De agrarysk yndustriële revolúsje yn Fryslân kaam dus mei stoom. De ôfset en eksport fan Fryske suvel makke yn de earste helte fan 20ste ieu in grutte opflecht, rûnom yn Europa. Om 1910 hinne namen de molkfeehâlders yn Fryslân mar leafst in kwart fan de totale Nederlânske bûterproduksje foar rekken. Fan al dy ûntjouwings jout de film Dêr’t de groun de soargen leannet it ferhaal. Der is gjin ôftiteling by, mar dat de tekst by en ûnder de bylden troch Douwe Tamminga besoarge en ynsprutsen is, is sa klear as in klok. Dêrfoar is syn markant brûnzen lûd ek te werkenber. De taal dy’t er op it aljemint bringt, is sa geef as kryt. De styl fan it ferhaal is like blomryk as poëtysk, oerladen sels, mar yn syn soarte minder maniëristysk en argaysk as de oargeljende, heechdravende styl dêr’t bygelyks ien as Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968) him mei oppenearre. Tamminga kin syn lyryske oanstriid bytiden amper de baas, it tilt op fan Germaansk stêfrym en (klassike) hendiadys om it oer it gebrûk fan it eigenskipswurd mar net te hawwen. In pear foarbylden fan syn stylistysk saltospringen: ‘Efter de dyk lizze de steatlike pleatsen fan de klaai, mar ek de smûke boerespullen fan de Wâlden en de kante stjelpen fan it wetterlân. Op al dy tûzenen bedriuwen libbet de Fryske boer. Hy fynt der syn wille en noed, syn brea en wurk. (...) De tsjûke molkier oer it waarme koweliif rint nei jaar en oeren ta: melke, in âld stikje boerewurk. (...) De earden molkamers oan it jok, sa brocht foarhinne de boer de molke út lân en jister wei nei de pleats ta. Hy wist doe noch net fan meunsternimmen, fan fjirtich literse bussen en safolle persint fet. (...)’

Nei de ein ta begjint de kommentator wat langer wat mear te galmjen as er gâns patetysk de trêften en gloarje fan de Foarútgong bewiereket. De sinnen, gauris mei-inoar ferbûn troch it bynwurd ‘en’ kronkelje as slangen op en om de bylden hinne. 'Wy meie tankber wêze foar alles wat ta stân brocht wurde koe. Wy wolle earje dyjingen dy’t de skouders mei ûnder dit skoandere stik wurk set hawwe, har leafde foar de boerestân, har trochsetten, har stoef en steech bodzjen dat ûnder de seine fan boppen gâns goeds foar de Fryske boer yn it wêzen brocht. (...) Gâns hawwe wy ta ús foldwaan, dat der in fyftich jier ferlyn noch net wie: in fiks tariste suvelyndustry, technysk moai goed ynslein, finansjeel gever en sterkernôch, in goed beoardere en glêd rinnende suvelorganisaasje yn al syn ûnderdielen.’ Ensafuorthinne.

Fryslân, fabrykshal

Troch de nei-oarlochske skaalfergrutting binne de ferskillende koöperative suvelfabriken, geandewei, yn hieltiten gruttere konglomeraten opgien. Fan de lytse hûndert dy’t der oait tusken Warkum, Wommels en Wolvegea te finen wienen, is net ien mear oer. Alles wat der tsjintwurdich yn Fryslân oan suvelferwurking dien wurdt, falt ûnder de grutte, multynasjonale hoed fan FrieslandCampina. Dat konsern, yn 2008 fuortkommen út in fúzje tusken Friesland Foods yn Ljouwert en Campina yn Amersfoart, is mei krapoan 15.000 boeren op dit stuit ien fan de grutste suvelreuzen yn de wrâld. It haadkantoar fan de ûndernimming, dy’t ûnder oaren de Fryske ‘fergaderboer’ en âld-deputearre Sjoerd Galema yn de Rie fan Kommissarissen hat, stiet yn Amersfoart. 

By de yndustriële ynrjochting fan de hjoeddeiske molkfeehâlderij heart ek de rappe útwreiding fan it tal megastallen. It giet om bedriuwen mei mear as twahûndertfyftich kij. Miljoene-ynvestearrings. Rûnom yn it lânskip dûke se op: heale fabriken, heech as flatgebouwen mei in hichte fan gauris tsien oan tolve meter. Architektoanyske wangedrochten. Wat beamkes dêromhinne en it is ‘landschappelijk ingepast’, sa’t dat hjit. By’t nacht bewize se har it bestean as kâlde, lege koalljochten yn it lânskip. Twahûndertfyftich kij of mear stappe dei en nacht – it fee komt net mear bûten – ûnder ien dak om. Dat jout by alle molke-opbringst fansels stront, bakken mei stront. Rivieren. Kij skite no ienkear. Kij switte ek, as oandragers as it moat. Dat, wat heger de stallen, wat better de waarmens en ammoniakdampen ôf te fieren binne. De ûntjouwings sille it Fryske plattelân stadich feroarje yn in baas grutte, agraryske fabrykshal.

Neffens de sifers fan it CBS hie Fryslân yn 2011 goed 40 megastallen. Mei it each op de ôfskaffing fan it molkkwotum yn 2015 en de ultym ‘frije’ neo-liberale molkemerk dêrnei, dus in merk sûnder produksjebeheiningen en sûnder eksportsubsydzjes foar bûter, tsiis en oare suvel, meitsje de mega-boeren fan hjoed har der klear op om nóch grutter. De ferwachting is dat it tal megastallen de kommende trije jier ferdûbelje sil. It streekplan Fryslân, yn it bysûnder it ‘Uitvoeringsplan 2011-2014’, dat ta stân kaam ûnder de ferantwurdlikens fan âld-deputearre Galema, mei dan wakker sweeslaan mei slogans as ‘de kwaliteit fan de romte’ en fan ‘Friesland, op afstand de mooiste provincie van Nederland’, as de kniper op de skine komt, wurdt in fierder yntinsivearjen fan de molkfeehâlderij gjin striebreed yn de wei lein.

De ein fan de skaalfergrutting, sa’t dy nei de oarloch útein sette, liket noch net yn sicht. It biedwurd seit noch altiten: big is better. Hie Fryslân fyftich jier ferlyn, yn 1963, noch 6.989 boerebedriuwen, yn 2008 wienen dat der 5.500. Oer tsien jier is fan dat tal, sa is de ferwachting, in lytse 4000 bedriuwen oer. In tsiende part dêrfan sil de saneamde ‘schaalsprong’ meitsje (kinne) nei in boere-ûndernimming mei 250 oant 350 kij. (Boarne: Advysboek De nije pleats yn Fryslân, 2009) De ûntwikkeling liket ûnomkearber. Inkeld de ôfrûne twa jier al ferdwûnen fan de 5500 bedriuwen yn dizze provinsje goed 300 bedriuwen, gemiddeld 3,5 persint jiers.

It lânboubehear dat desennia oanien mei dizze opskaling mank west hat, manifestearret him yn monokultuur: grutte, mei Ingelsk raaigers besiedde perselen, saai as biljetlekkens. Djipte-ûntwettering en alderhande manieren fan bedongjen (ynjektearjen) hawwe dêr it harres ta dien. It ferskaat oan greidefûgels bygelyks buorket hurd achterút. Ljip, wylp, tsjirk en skries hawwe it dreech. Mei natuer hat de hjoeddeiske yntinsive lânbou net in soad mear te krijen. De provinsje Fryslân hat yn dit stik in geweldigen kâns mist troch nèt op tiid yn te setten op it ûntwikkeljen fan in grutskalige en struktureel sterke biologyske en ekologyske lânbou. Mei alle kennis, ûnderfining en kunde op it terrein fan de molkfeehâlderij en suvelferwurking sa’t dy by de desennia lâns garre binne, hie men no as provinsje de molkekroan fan Europa op hawwe kinnen. 



Troch de fierdere yndustrialisaasje fan it boerebedriuw, lês: de fierdere ôfname fan it tal boeren sil der ekstra lânbougrûn frijkomme. De âlde Brueghel yndachtich komme ek by dy ûntjouwing de grutte fisken, safolleresom, de lytse fisken te iten. Oan de wurkgelegenheid yn de lânbou op de Fryske plattelân sil dat net folle ôfbrek mear dwaan. Dy wie troch alle ‘opskaling’ en meganisearring dochs al nei de filistinen. 

It plattelân leit sa wie sa ûnder skot, net yn it lêste plak troch de rappe demografyske feroarings, in gefolch fan de hurd oanwinnende fergrizing, de gemiddeld lytsere húshâldings en last but not least, in massaal fertrek fan de jongerein nei de stêd. Op en om de doarpen is gjin of amper wurk. De leefberheid stiet oer alle boegen ûnder druk. Foarsjennings as iepenbier ferfier falle wei. Kafees dogge de doarren ta. Winkels wurde in seldsumheid. Te lytse skoallen wurde opdoekt. It holeagige, heal útwenne doarp Holwerd is sa linkenlytsen it symboal fan ‘krimp’. It wurd sels, mar dit sa sydlings, is yn syn soarte in perfekte yllustraasje fan taalbemanteling. It is in kreas eufemisme foar ferpaupering, ferfal en ferearmoedzjen, wurden dy't politisy leaver net yn de mûle nimme. En as men de sifers yn acht nimt, wachtet guon parten fan de provinsje de status fan it ultime, lyts Frysk deadedoarp. Oant 2030 sil 60 persint fan de Fryske gemeenten 5 persint minder minsken hawwe, by guon gemeenten rint dat persintaazje op oant 10 of mear persint. (Krimp en groei. Demografyske feroarings yn de provinsje Fryslân, 2010).

De nije lânferhuzers

Tek. Pieter Brueghel


It leit yn de reden dat in part fan de boeren, dat yn de slach om noch gruttere bedriuwen belies jaan moat har heil en hinnekommen fierderop yn de wrâld sykje sil, dêrmei yn it spoar fallend fan de tûzenen ‘lânferhuzers’ dy’t harren, sa by de desennia lâns, foar(út)gien binne. Hjirboppe is al oanjûn hoe’t healwei de njoggentjinde ieu de migraasje nei de stêd útein sette mei it fertrek fan de grutte lânhearren. Mei harren fuorttsjen naam ek it kapitaal syn flecht. De lânboukrisis fan 1880 en de ekonomyske ûntjouwings oan it begjin fan de tweintichste ieu soargen foar de earste grutte emigraasjegolf. De lânferhuzerij krige nei de Twadde Wrâldoarloch in ferfolch doe’t men by hûnderten en tûzenen nei Amearika sette. Michigan, Iowa, Ontario, it wienen nammen dy’t yn de jierren fyftich en sechtich in magyske klank krigen. In grut part fan dizze nei-oarlochske emigranten bestie út boere-arbeiders, komelkers, hierdeboeren, boeresoannen foar wa’t op de pleats fan de âlden gjin plak mear wie, fammen en froulju dy’t harren feintsje, freon of man neireizgjen mei fierdersoan fansels dy groep boeren foar wa’t de mar nea net fol genôch wie, ûndernimmers dy’t mei oeribele grutte bedriuwen oan de basis stean soenen fan it agrarysk yndustriële karakter fan de molkfeehâlderij en de suvel yn de desennia dêrnei.

De âlde dichter Obe Postma (1868-1963) hie it der net op stean. It spul griisde him oan. Him soarge de ferfrjemding en oar minsklik ûngemak. ‘Wy moatte tinke oan Sina, dêr’t hja de minsken ek út har / libbenssteat weihelje’, sa bringt er it nei foaren yn ‘In nije tiid’ (De Tsjerne, nr. 8, 1960), in gedicht dat ik hjir yn syn hiele hear en fear oernim: 

IN NIJE TIID

Tsjalling fan der Fear is alhiel in Amerikaan wurden.
Tegearre mei syn broer Piter hat er no 1000 kij; mar lân 
  hawwe hja net.
De kij hâlde ta, yn 2 keppels fan 500, op in keale lape grûn, 
  dêr’t gjin spruseltsje gers op te sjen is.

Foar dy kij keapje hja foer, dat hja bûten by it sket lâns 
  delstruie sa dat de bisten der troch de itensgatten by kinne.
Mar dat fuorjen mei net barre minder as 4 oeren foar it melken, 
  oars koe it wêze dat de molke nei it foer smakke;
En de Amerikanen binne, datoangeande, o sa keken. En alles 
  fansels mei de masine.

Dat lies ik allegear yn in stikje yn de Sneon-Sneinskrante, 
  en it griisde my oan.
En ik dan dy’t it lân net koe as er it gers net libben yn 
  ’e hannen fielde!
Dy’t net bûten de stêd wêze kin as it fjild der sa toar en deadsk 
  hinne leit;
Dy’t dichtsje moast, as de oere der wie, fan syn lân dat bloeide 
  en fan alles dat der ta berte en stjerren kaam.
It moat in oaren ien wêze as ik, dy’t fan sa’n libben fabryk 
  sjonge kin.
Ik haw myn Amerikaanske dichters ris oerskôge, mar net ien 
  fûn dy’t ik dêr op oansjen koe.
Wy moatte tinke oan Sina, dêr’t hja de minsken ek út har 
  libbenssteat weihelje,
En, om mear bewrotte te kinnen, yn ‘kommunes’ 
  byinoar bringe.
De froulju arbeidzje mei: it foer foar de keppel sil ek fan bûten 
  oanfierd wurde moatte. 


De ynfiering fan it Molkkwotum yn 1984, in maatregel dy’t de oerproduksje oan molke tsjingean moast, en de argewaasje dy’t de Brusselske regel- en wetjouwing opsmiet, brochten ûnder de boeren in nije emigraasjegolf op gong, sij it dat dy minder grut fan omfang wêze soe as dy yn de jierren fyftich. It tal emigranten wûn oan doe’t troch de kwotearring fan de molke de lânprizen wat langer wat heger waarden. Bedriuwen dy’t te lyts wienen, hienen faak net de finansjele earmslach om út te wreidzjen c.q. te oerlibjen. Yn de moardzjende race nei grutskaliger foarmen fan molkfeehâlderij sette in grut tal boeren, slave en swypke fan it giseljende topperstou fan de ‘marktwerking’, nei Nij Seelân, Kanada en Texas. Migraasje en globalisearring waarden de kaaibegripen fan it nije milennium. Identiteit kaam op losse skroeven te stean, soe, mear as oait, in skowend begryp wurde.

 
De OF-dokumintêre dy’t sjoernaliste Gryt van Duinen oer in tal yn Texas buorkjende boeren fan Fryske komôf makke, is fan datoangeande ûntheisterjend. Der is sprake fan in identiteit yn de loft. Men is gauris even werom yn Fryslân. De kar om werom te gean of foargoed yn Texas te bliuwen, is foar de measten dreech. It klassike leed fan de emigrant. In part fan de Fryske boeren kaam tsien, tweintich jier ferlyn op in saneamd ynvestearringsfisum Amearika yn. Har hinget it swurd fan Damokles boppe de holle. Troch de struktureel minne molkprizen hawwe in protte boeren klauwen om oerein te bliuwen. Net yn it besit fan in offisjele ferbliuwsfergunning, de Green Card, rinne se de kâns om útset te wurden. Dat jildt ek foar harren bern. Se binne, simpelwei, yllegaal, ek al hawwe se bytiden mear as tsien, fyftjin jier yn Amearika taholden. Se binne eins alhiel Amerikaan (wurden). Frysk en Nederlânsk wurde net of amperoan behearske. Om te foaren te kommen dat de kaaien op de kiste lein wurde moatte, binne de bern faak mei yn it wurk. Ien fan harren, in bliermoedich famke fan in goed tûzen wike – har âlden setten yn 1989 nei Texas – melkt alle nachten, fan njoggen oant trije, in lytse 750 stiks kij. Se docht it omdat it moat: ‘Every night, every day.’  

De OF-dokumintêre ropt it gedicht ‘Dream’ fan Durk van der Ploeg yn it sin, in fers, te finen yn de bondel Troch kadastrale fjilden (s. 21), dêr’t ik hjir, ta beslút, de lêste twa strofen út nim:

(...)

Fleantugen fan Newark Airport draaiden de Oseaan op.
Ik tocht oan thús, dêr’t fûgels oer it Keechslân fleagen.
Yn it ile ljocht fan Upper Bay ferskynden roastige
Kwelders as fisioenen fan begear. Al dat wurge ljocht
Dat my beskynde, de swarte snie dy’t treastend oer de
Eilannen jage. Ik woe de ierde mjitte mei myn kinnen
Mar kaam lykas Columbus oan in ferkearde kust telâne.

Tusken ús leit see dy’t ienris noade ta aventoer.
Wêr is myn útdaging bleaun en myn ferachting foar it
Efterlân? Moarn sil ik in seeman oanklampe. By need
Wol ik oer alle seeën sykje om in thús, want ik begryp de
Driuw net mear dêr’t ik mei fan hûs gyng. Noait sil ik
Wer wurde dy’t ik wie. Nea sil ik my wer hechtsje. Mei
Fern- en Heimweh brutsen hjir en dêr en oeral.

.
Eeltsje Hettinga, 5 maart 2012



PS. Oare moanne komt it Fries Film Archief mei in nije (web)side. It part fan de audiofisuele kolleksje – mei-inoar in lytse 4000 items – dat no noch net op grutformaat ôfspile wurde kin, sil mear en better tagonklik (makke) wêze.



 =====



vrijdag 16 september 2011

Ta de oantins fan Binne Lútsen Boarnstra

 (1946-2011)

Juster, fjirtjin septimber, is de dichter-skriuwer en skipper en histoarikus Binne Lútsen Boarnstra (1946) yn Marrum te hôf brocht, in plak dêr’t net allinnich syn pake en beppe Eeltsje en Jantsje Holwerda lizze, mar ek syn soantsje Eeltsje Allard dy’t, krekt njoggen moanne âld, te ferstjerren  kaam, doe’t Boarnsta, it wie healwei de jierren santich, tegearre mei syn frou Sietske Postma (1952-1984), op Aldebildtdyk tahold. De dichter ferstoar ferline wike, njoggen septimber, yn it sikehûs te Snits oan de gefolgen fan in oerhaal en attack.  Syn libben draaide oer alle boegen om poëzy, muzyk en wetter. Hy wie as natoerlyrikus in essinsjalist, in dichter op ’e syk nei ‘de romte achter de wurden.’ Dêr’t it markante hearskip  Binne Lútsen Boarnstra nei foaren stapte, dêr barde wat, syn oanwêzichheid wie a way of happening, a mouth, om it mei in rigel fan de Ingelske dichter W.H. Auden te sizzen. Yn syn bydrage oan de blomlêzing Gjin grinzen de reis (2004) neamde er  syn tiid en bestean in rêstleas fierder gean.

Fan rêstleas fierder gean

En altyd wer nij libben
Dat iepenbloeit
Rûnom in bliid beweech
Dêr't wyn oer soeit

Mar 't koarte reid
Jout noch gjin liet
Lykas it nôt op 'e ekers
Jitte gjin fruchten biedt

Komt dan de hjerst it gea benei
Ferbloeid is 't mêd gewaaks
Jins maitiidssang fertoarket en wurdt wei

Mar ’t hege reid
Bûcht linich foar de stoarm
En bliuwt steech stean

Sa, yn ’t rûzjen tusken fjild en fliet
Hear ik aloan in liet
Fan rêstleas fierder gean

Binne Lútsen Boarnstra, hy wie in tûke taalmaster, in merakelse muzikant en robúste frijbûtser, of better: in oprjochte non-konformist en bohémien, om der ris sa’n wurd om te sizzen. Hy siet yn de fjirde klasse fan it gymnasium yn Ljouwert, doe’t de strideraasjes mei syn thús sa’n flecht namen dat er op in dei, út protest tsjin de twingerijen fan syn ambisjeuze heit – hy wie learaar oan de ULO en letteroan de HBS – yn it tún, thús, fuort foaroer heite's studearkeamerglêzen, syn learboeken yn ’e brân stiek, dyselde deis noch op ’e grutte feart oanmeunstere en  lang om let op de Falkland Eilannen by Argentinië bedarre.  Dêr fersylde er as passazjierjend seeman tafalligerwize op in brulloft. Doe’t de gasten fernamen dat er knap piano-, oargel- en fioelspylje koe, waard him frege oft er even in brulloftssankje dwaan koe. Wat it wurde moast? Makket net út, rôp de breid. Achter yn de feestseal stie in âld oargel. Boarnstra, net sûnder humor, sette him achter de toetsen, frege om stilte en spile mei flêr ‘Glaasje op, laat je rijden’, mar dan à la Bach. By syn seereizen lies er it oeuvre fan Frederik van Eeden en Dostojevski. Benammen de ideeën fan Van Eeden oer de koloanje Walden makken grutte yndruk.  Wa’t by de dichter oer de flier kaam en dan mei oan tafel skode, dy koe der op rekkenje dat him/har in goed makrobiologysk miel rist waard, it hearde by syn Walden-wrâld. It iten sels, dat  waard optsjinne ûnder bytiden de meast útwrydske en eksoatyske nammen lykas ‘Boarnstra’s aventoerhearlike brannettelstamppot’.  

Binne Boarnstra oan it roer fan de Swanrêd
Syn pake en beppe kamen fan Westernijtsjerk en Holwerd, skippersfolk, mei in stel bern dêr’t in kop op siet. Syn heit dy’t ta  ûnderwizer learde, krige yn de jierren tritich in baan yn Yndonesië. Yn de Twadde Wrâldkriich bedarre er as kriichsgefangene yn ien fan de ynternearringskampen fan de Jappen, in oanslach dy’t him opskypje soe mei wat men hjoed-de-dei in posttraumatisch stress syndroom neame soe, mar dêr’t eartiids gjin omtinken foar wie, lit stean dat it as sadanich werkend waard. Binne Lútsen wie de jongste yn in húshâlding fan fjouwer bern, de iennige ek dy’t yn Nederlân berne waard. It grutste part fan syn jeugd brocht er troch yn Inkhuzen, Wassenaar en Ljouwert. Ienkear yn Fryslân ferplichte de heit de bern om Frysk te praten; dienen se dat goed, dan krigen se oan ’e ein fan de wike in gûne. Dy twatalige achtergrûn soe letteroan ek nei foaren komme yn syn poëzy. Syn earste Fryske gedichten krigen plak yn it dichtbondeltsje Ut Fryslâns boezem (1971),  dêr’t ek Jelle Kaspersma, Tsjêbbe Hettinga, Anne de Vries en Hiske Rypma oan meiwurken. Se koenen inoar fan de kweekskoalle en kofjebar De witte kat yn Snits. Mar it ûnderwiis lei him net, hy hie in ôfgriis fan it jo moatte dit en jo moatte dat.  In pear moanne foar it eineksamen – Boarnstra die de kweekskoalle yn Ljouwert –  hong er de aktetas oan ’e wylgen. Frijgeast as er wie, sei er: De dichter giet foar de boarger. Om oan de kost te kommen, bestelde er him as beurtskipper (‘As God wyn jout, jou ik seil’), sylynstrukteur, koster en los arbeider. Yn dy jierren wenne er rûnom yn Fryslân, ûnder oaren yn Sânfurd, Brânbuorren, Wâldsein, Makkum en letteroan Starum, allegearre plakken ticht by it wetter, respektivelik by dat fan de Aldegeaster Brekken, de Fluezen, de Sleatter- en Iselmar. Wetter wie de dichter syn wrâld en beweech. Hy feroare der sels syn namme om, Boonstra waard Boarnstra, nei’t er útfûgele  hie dat syn fiere foarfaren, oait earne oan de mûle fan it âlde, ta de Middelsee delstreamende rivierke de Boarn taholden hienen. Dat sadwaande.

  
teiwaar it iis is brutsen
tusken wyn en wetter
fryslân’s buozzem swelt
ûnder hannen fan ’e westewyn

efter de reiden
yn ’e wâl
fine wy no wer skomspoaren
fan harren ivige omgong

Yn 1974 makke er syn Nederlânsktalich debút mei de bondel Onaantastbaar kleinbedrijf, útjûn troch it doe noch selsstannige Bosch & Keuning. It wurk waard yn de Nederlânske media moai posityf ûntfongen. Yn dy dagen ek sette er mei Tsjêbbe Hettinga It Sizzenskiplik Wurkferbân útein, in 'parapluviusterm foar de noardlike Earder- en Letterkundigenferienheden Lieksa Blieksa Moatsa Hassa Wêzena’, oftewol: Frysk literêr kabaret. Begjin jierren tachtich joech er syn earste Frysktalige bondel yn it ljocht, in lyts, op bûsformaat útjûn boekje, mei de titel Teiwaar: it iis is brutsen (1982). Dêrnei waard it stil. Dat hie syn reden. Boarnstra hie nei it ferstjerren fan syn eks-frou yn 1984 de soarch foar syn twa bern op him naam. Tiid ta dichtsjen wie der eins net. Pas fjirtjin jier letter kamen der nije útjeften, ûnder mear it lange, meartalige gedicht Levensboom der Lage Landen/ Libbensbeam fan ‘e Lege Lannen/ Lowlands’ Tree of live. By de jierren lâns hawwe dêr ferskillende útjeften fan west, ik neam bygelyks it keunstnersboek 1000 stromen land, dêr’t byldzjend keunstner Gerrit Terpstra de yllustraasjes by makke. 
Skilderij Gerrit Terpsta by it boek '1000 stromen land'
It gedicht hie syn oarsprong yn it eardere, út de jierren santich datearjende fers ‘Lykas de rivier’, in tekst dy’t ek al part útmakke fan it niisneamde bondeltsje ‘Teiwaar’. It gedicht ‘Libbensbeam’ is Boarnstra syn magnus opus, it bestiet út in syklus fan 27 twa- en trijerigelige strofen wêryn’t de minsklike geast ferlike wurdt mei in nei see streamende rivierdelta. Mei dit iene grutte, yn mear as ien taal bestavere gedicht hat er winliken in libben lang te set west, in soartemint fan Sisifuswurk, dat tûzen en ien farianten opsmiet. It wie Binne Lútsen Boarnstra syn fariant op das Unvollendete.

Lykas de rivier
yn hieltyd stadiger winingen
syn delling siket
sa streame ús gedachten
út nei de see
en yn it op en del
fan eb en floed
dêr fyn’ wy ús dellinglân
út de tijen fan
har fruchtbere grûn
binne wy hikke en
hinnetein

De poëzy wie him in lyts tabernakel, in dronken meitsjend hillichdom fan wetter en wyn, in tsjinst dêr’t hast alles foar wike moast, hy fielde him der ta feroardiele. It wurk sels beskôge er as ‘it âldste en swierste berop op ierde. It is makliker in klipper fol bern troch in tongerbui te heljen as in gedicht te skriuwen,’ sei er yn in fraachpetear yn de Ljouwerter Krante. ‘Dichtsje is hiel wat aparts. It is in ûntjouwingsproses. Jo skeppe in myte om fia dy myte troch te kringen yn de essinsje fan de poëzy.’ De dichter repte yn dat ferbân fan ‘de tredde romte’, in gegeven dat bepaald wie troch de dualiteit tusken minske en natuer. Yn it literêre tydskrift Hjir (nr. 4, s. 31-32, 1997) murk er dêroer op: ‘Ik beskôgje dy tredde romte as in weinhûs, in smidte of in briedplak dêr’t  de dichter nei syn reizgjen troch matearje en geast, ferline en takomst libben en dea, ensfh, hieltyd weromkomt om de bestive en ûntsiele taal op ’e nij ta in besiele ferbân te bebrieden.’ Der siet fan datoangeande in krom Obe Postma yn it tinken fan Boarnstra. Syn tragyk wie lykwols it witten dat it oarspronklike, op ienheid basearre ferbân (yn poëzy en tinken) foargoed ferbrutsen wie. Syn persoanlike libben wie dêr ta in hichte de belicheming fan.

It oeuvre fan de ‘minor poet’, dy’t Binne Lútsen Boarnstra wie, nee, grut is it net, mar fan wearde is it al, al wie it mar fanwegen de  ynfloed dat it hân hat op it wurk fan dichters as Tsjêbbe Hettinga
, Jelle Kaspersma en Bartle Laverman.  Hy wist har, sa’t it juster yn de tsjerke fan Marrum nei foaren brocht waard ‘fan poëzy te berûzjen’. Mar boppe-al wie er in baas foardrager, ‘performer’ soe men tsjintwurdich sizze. As gjin oar wist er hoe’t poëzy en muzyk mei-inoar ferweve wienen. Syn foardrachten waarden trochstrings ynlaat mei motto’s lykas: ‘Lit jo aanst troch Binne nei bûten bringe, hoera, hoera, o, spiritus intus alit, of sis mar: de geest voedt zich van Binne’ uit.’ Boarnstra wie in sneuper, niget as er oan de histoarje hie, hat er him as amateur-histoarikus yngeand dwaande holden mei it Fryske terpelânskip en de ûntjouwing derfan. De leafde foar dat 'dellinglân' hie syn oarsprong by wat er ‘it grutte fisioen’ neamde. Dat kaam oer him doe’t er op in dei  – it wie net lang nei it ferlies fan syn soantsje – by Aldebildtsyl op it seedyk stie en ynienen ‘seach’ hoe’t it Waad oait ien grutte terp west hie, in machtige seeheuvel, mei trekkende folken en klapwjokjende talen, dêr’t ek  it Frysk en it Ingelsk by hearden. Letteroan, doe’t er yn Staveren wenne, sette er him oan syn saneamde ‘ûnderwettergeologyske’ stúdzjes. Benammen it âlde seerjocht fan de stêd Staveren hie syn omtinken. Dat rjocht hie oait in foarbyld west foar de ûntjouwingen fan it seerjocht yn de regio fan de Eastsee, dêr’t Fryslân, sa,  yn de lette Midsieuwen bergen hannel mei die. Neist syn besites oan kroech, fiskhannel en sa út en troch in Vrouwtje van Stavoren, wijde Boarnstra in grut part fan syn tiid oan it ûndersyk nei it âlde, midsieuske kleaster Odulf, dat in foech kilometer foar de kust fan Starum lei. By alles wat er boppe wetter helle, krige er by de h.h. akademisy lykwols gjin gehoar. ‘Do moast earst mar ris wat boeken lêze,’ joech professor Breuker fan de Fryske Akademy him oait te ferstean, doe’t er de resultaten fan syn stúdzje en ûndersyk by de Akademy publisearre hawwe woe. ‘Do moast earst mar ris wat boeken lêze.’ It wie as hearde er syn heit wer moanjen en bearen. Dat, út protest tsjin wat er  ‘de ‘Binnendykse Akademy’ neamde, rjochte er de ‘Bûtendykse Akademy’ op. Erkenning foar syn dichterlik histoarysk sneuperswurk kaam pas folle letter. Fan’t maitiid ferskynde in part fan syn wurk yn it tegearre mei Klaas Jansma, Dirk Huizinga en Johan Prins skreaune boek Stavoren, hoofstad van de Friese kusten. 


Dy wurdearring wie, spitigernôch, net weilein foar syn poëzy. Yn de troch Teake Oppewal c.s. gearstalde Spiegel van de Friese poëzie bygelyks is gjin wurk fan him te finen. Sels yn it literêr-histoarysk oersjoch Zolang de wind van de wolken waait fan 2006, dêr’t de niisneamde Oppewal redaksjoneel yn behelle wie, wurdt gjin wurd wijd oan de persoan en dichter Binne Boarnstra. In blamaazje. ‘Teake Oppewal hat in protte stikken makke, bliksems, de man is in helt yn it achterútliteratuerbefoarderjen,’ fertelde de dichter oait tidens in tocht mei de troch him ‘bekapteine’ pream, wêrmei’t Gerrit Terpstra yn 2007 de ynventaris fan syn tsjerke-atelier yn Ginnum nei Osingahuzen oer fear. ‘Earst waard Jelle [Kaspersma, e.h.] it maaiem yn holpen, Kas’ syn wurk wie neffens Oppewal net de muoite wurdich, it koe dus net yn de Spiegel. Mar Jelle wie in knappe dichter, dy naam fuortdaalks revâns troch it jier dêrnei de Rely Jorritsmapriis binnen te heljen. Mar goed, dêrnei wie ik oan ’e beurt. Itselde lot as Jelle, dus: eksit. Keine Spiegel für mich. It is slim steld, hear, sterker: mei stipe fan de oerheid hat Oppewal – as er yn de spegel sjocht, seit er grutsk: leaver fyn as frij – de Fryske Goelach Argipel stifte. Yn tsjinst fan de oerheid wurde rare dingen dien. Ik ha my der lykwols by dellein, want it is sinleas en stek jinsels noch wer ris de hoarnen yn de Oppewâl, no?’

By de routsjinst yn de âlde, midsieuske tsjerke, heech op de terp fan Marrum, lies Tsjêbbe Hettinga it gedicht ‘Ofskied’ fan Obe Postma, wylst Klaas Bruinsma ‘Fan rêstleas fierdergean’ oer it fuotljocht brocht  én it klassike gedicht ‘Kastanjes’ fan Jelle Hindriks Brouwer, mei dêryn dy iene, ferneamde lêste strofe: ‘De dize dript – dan, op ’e stille strjitte, / Knappe kastanjes en de frucht springt bleat. / Mocht sa ús siele út lichems hoalling sjitte.   /  En glânzgjend iepenboarste yn 'e dead!’ // In feale septimbersinne sylde troch de hege finsters fan de tsjerke. Oargelmuzyk makke syn weagen. Bûten yn it lichte rûzjen fan de linebeammen op it hôf fan Marrum betocht ik my de dichter syn stim en foardracht fan it meartalich brocht gedicht oer ‘de lege lannen,’ syn libbenswurk en slútstik.   



====