Posts tonen met het label Willem Verf. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Willem Verf. Alle posts tonen

vrijdag 11 november 2011

De Gysbert 2011: in banaal Bewegersrapport


Willem Verf by de betinking fan de Slach by Warns

“Utjouwers en bestjoerders fan ynstitúsjes dy’t yn sjuery’s sitte: Kin net,” merkt ES op yn in reaksje by in stik oer de Gysbert Japicxpriis 2011 op it bloch fan de Seedyksterfeartfisk (09-11). It is in konstatearring dy’t hout snijt. De foarsitter fan de Gysbert-sjuery 2011, skriuwer en Frysk Beweger Willem Verf, is yn alderhande bestjoers- en oerlisorganen behelle, ûnder oaren yn it bestjoer fan Tresoar, wylst datselde Tresoar, mei kultuerdeputearre Jannewietske de Vries as bestjoersfoarsitter,  besteld is mei it oansykjen fan kandidaten foar de Gysbert-sjuery, in saak dy’t dien wurdt yn ’e mande mei de Fryske Akademy, konkreet: mei Piter Boersma, skriuwer, leksikograaf en Frysk Beweger. 

Oan de betingst fan in beskate ôfstân ta it literêre fjild, dêr hat men sa’t skynt net folle boadskip hân, teminsten, dit jier wienen der gjin sjueryleden fan bûten Fryslân, sa’t dat by de gearstalling fan eardere Gysbert-sjuery’s faak wol it gefal wie. Fan datoangeande hie de Gysbert-taspraak fan deputearre Jannewietske de Vries, de frou achter it adagium ‘Finsters iepen’, in moai dûbele ynslach, want, sa seit De Vries yn har wurd by de útrikking fan de Gysbert oan Durk van der Ploeg: “Doch ris wat oars, ferlit jim eigen, feilige terp. Sykje nije foarmen fan gearwurking, mei minsken en organisaasjes dy’t miskien net foar de hân lizze.”

It rapport fan de sjuery fan de Gysbert-2011 hat in heech Bewegersgehalte. Sterker: út it as brief stelde skriuwen docht bliken dat Bewegers fan it slach Willem Verf net by steat binne om literatuer en Beweging út inoar te hâlden. Sa likernôch trijekwart fan it sjueryrapport giet oer oare saken as it bekroande wurk fan Durk van der Ploeg. Mar ja, soks liket Bewegers eigen: gjin gelegenheid of der moat in Fryske preek en skeet dien wurde. Yn dizzen giet it bygelyks om in hiele trits fan oanrikkemandaasjes oer de manier wêrop’t it oars en better kin mei it ferskynsel Fryske literatuer, yn it bysûnder mei de Fryske literêre prizen. Mar sûnt wannear is it de taak fan in Gysbert-sjuery om, sis mar, oer it literêre lyk fan de laureaat hinne, soksoarte Bewegersrapporten op te stellen? Wêrom bout in Gysbert-sjuery harsels om ta in ferkapte politike advyskommisje?

Oer de literêre kritearia op grûn wêrfan it wurk fan Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis 2011 taskikt is, krijt men net folle te hearren. Ja, platitudes fan it kaliber ‘in grut oeuvre’, ‘ferskaat oan ferhalen’, ‘in heech nivo’, mei fierders banaliteiten fan it alloai ‘hy skriuwt al fyftich jier’, ‘hy skreau mear as tritich boeken’ en oare hollerombom. De neamde begripen en útspraken wurde yn it sjueryrapport net of amper taljochte, om it oer alle oare omisjes mar net te hawwen. Oer de ûntjouwing yn it oeuvre fan Van der Ploeg? Gjin wurd. Oer de poëzy dy’t Van der Ploeg sa by de jierren lâns byinoar skreaun hat? Gjin wurd. Oer de twatalichheid fan de skriuwer? Gjin wurd. Oer Van der Ploeg syn plak binnen ‘it literêre fjild’ (Bourdieu)? Gjin wurd. Ensafuorthinne. It smyt de fraach op hoe kapabel dizze Gysbert-sjuery west hat.

Yn it artikel 'Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitúsjonalisearring' (de Moanne, 11-10) is steld dat kultuerdeputearre Jannewietske de Vries yn de nije kultuernota, dy’t wilens al mear as in jier op him wachtsje lit, in ferheging fan it prizejild foar de Gysbert Japicxpriis fêstlizze sil. De Vries joech by de útrikking fan de priis yn Boalsert al fêst in foarskot, dat is te sizzen: it prizejild wurdt mei 5000 Euro ferdûbele. Pet ôf. Mar by neier ynsjen blykt dat presintsje dochs fierhinne in sigaar út eigen doaze te wêzen. In triomfantlike deputearre De Vries: “It bedrach kin brûkt wurde om in titel út it oeuvre fan de winner oer te setten yn it Nederlânsk.” Dat is net it earjen fan in skriuwer, nee, dat is it (fer)hoerearjen fan in skriuwer.

Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries
It belied fan Jannewietske de Vries en dat fan steatssiktaris Halbe Zijlstra, it past elkoar yn dit stik fan saken as broek en festje. Skriuwers moatte as keunstner de eigen broek mar ophâlde. Oftewol: As jo jo wurk oerset hawwe wolle, bêste mynhear Van der Ploeg, dan betelje jo dêr sels mar foar. In soartgelikens belied krije de literêre media optsjinne. It Letterenfonds mei fan it ministearje bygelyks gjin tydskriftbelied mear ûntwikkelje, de jildlike stipe oan papieren literêre blêden hâldt op. Dat giet fan Tirade oant en mei blêden as Ensafh en de Moanne. Foar de produksje fan essays, kritiken en resinsjes bygelyks, de sekundêre literatuer dus, sille de gefolgen desastreus útwurkje. Party skriuwers fan dizze sekundêre literatuer, minsken dy’t trochstrings toch al minder betelle krije as in koely yn in tankerskip, sil nóch minder oanstriid hawwe om har ta dit op himsels absolút needsaaklike wurk te setten. Dat euvel hat ek mei (!) in reden west dat in foar Trinus Riemersma ornearre jubileumbondel mei essays, kritiken en opstellen oer syn wurk der noait net kaam is. Sa earet dit lân syn skriuwers, sa ferhoerearret dizze provinsje syn literatuer. 

Hoe’t it lanlike belied fan Halbe Heale Soal Zijlstra útwurkje sil op provinsjaal nivo, dat bliuwt foarearst rieden. It wachtsjen is op de nije, lang bide provinsjale Kultuernota, foar de skriuwers yn Fryslân hooplik net ferpakt yn de wolbekende eigen sigaredoaze.


dinsdag 11 oktober 2011

Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitúsjonalisearring

UPDATE. Tiisdei 15:27 Fan Matthé ten Wolde, bestjoersadviseur fan deputearre Jannewietske de Vries: "Skriuwer, dichter en essayist Durk van der Ploeg is de winner fan de Gysbert Japicxpriis 2011."



“Wy hawwe as sjuery oanjûn dat wy ree wienen om in shortlist op te stellen, mar noch Tresoar noch de provinsje binne dêr op yn gien. De provinsje hat der tefolle in rem op set, omdat se earst har eigen literatuerbelied ynfolje en folgje woe," seit Ate Grypstra, sjuerylid fan de Gysbert Japicxpriis 2011.  “Uteinlik is der neat gebeurd. Gjin reuring, gjin ruchtberheid. Dat hat my fernuvere. It idee om de Gysbert mear status te jaan, is mislearre, de priis sels is ûnderstek dien.”

Dat wol net sizze dat der neat besocht is. Mar yn ’e praktyk kaam der neat fan op ’e hispel. Konkreet: begjin maart hat Tresoar, yn de persoan fan de literatuerbefoarderer Teake Oppewal, neffens Linkednet tsjintwurdich consultant Frisian literature, de sjuery tante oft se meitinke woe oer de fraach om mear ruchtberheid te jaan oan de Gysbert Japicxpriis fan dit jier. Grypstra: “Wy hawwe doe witte litten dat soks net ús taak is. Tresoar hat doe noch by de Provinsje oan west, mar is neffens my weromfluite.”

Tresoar kaam dêrnei neat mear út hannen. Sterker noch, men joech it oer, joech it spul yn hannen fan de provinsje, makke har ôfhinklik fan de amtners, foarljochters en kommunikaasjedeskundigen fan deputearre Jannewietske de Vries, dy’t mei in soad p.r. it grutte Gysbert-kabaal meitsje soenen. Soenen... Ja, ja, slûge soe ek en stoar earder. Fanôf de kant fan de provinsje hat de Gysbert-sjuery bygelyks formeel noait in fersyk ta it opstellen fan in shortlist krigen.  
Deputearre Jannewietske de Vries

Twa jier ferlyn kaam de deputearre mei it sizzen dat se derfoar soargje soe dat de priis ‘mear status' krije soe en ek soe der ‘mear ruchtberheid’ oan jûn wurde, mar Jannewietske de Vries is yn dit stik fan saken net mear geloofweardich, yn har belied is se ûnbetrouber wurden.  Is de troch har taseine ferheging fan it prizejild der kaam? Nee. Hawwe de troch har taseine provinsjale skriuwersbeurzen foarm en ynhâld krigen? Nee. Binne der prikken yn it wurk steld om mear ruchtberens oan de priis te jaan? Nee. De deputearre mei dan wol sizze: ‘Wy hawwe mei de Fryske literatuer goud yn hannen,’ yn it stik fan de Gysbert hat se der in âld izerhannel fan makke.

Ein augustus lei it lêsrapport fan de Gysbert-sjuery, ynbegrepen de namme fan de laureaat, op de burelen fan de provinsje. Mei wat mear oerlis en in bettere koördinaasje tusken Tresoar, de provinsje en de útjouwers hie der gelegenheid genôch west en meitsje mei de nedige tamtam de ynteresse by it publyk los. “It spul liket ferkommen te wêzen yn burokrasy,” ferdútst Ate Grypstra syn yndruk fan de gong fan saken. “Tresoar lei de saak by de provinsje del en de provinsje die dat oarsom. In spultsje Fryske pingpong.”

Sjueryfoarsitter Willem Verf folt oan: “Yn ferbân mei it wat dûbele karakter fan de priis – soms giet it om in priis foar in oeuvre, soms foar in ôfsûnderlik boek – hawwe wy it útstel dien ta it oanleverjen fan in shortlist en it ynstellen fan in publykspriis. Dat is net troch elkenien, sis bepaalde eleminten binnen de Bûterhoeke, likegoed oppakt. Fierders woe it nije gearwurkingsferbân fan útjouwers, de Stichting Boeken fan Fryslân, gjin ferantwurdlikheid nimme foar ús plannen en útstellen, omdat se fûnen dat se te koart tiid hienen.” Verf lit fierders witte dat de sjuery mei in knap kritysk sjueryrapport komme sil. “Der sil in tal kanttekeningen makke wurde by de proseduere fan dit jier en der is in tal krityske advizen foar de polityk.”

De betelle krêften fan Tresoar dy’t har as beropsfriezen dwaande hâlde mei de befoardering en de promoasje fan de Fryske literatuer – foar skriuwers meastentiids oars net as hongerlapjend willewurk – hienen by alle sloffens en sleauwens fan de Provinsje faaks noch wol it ien en oar fan har eardere plannen  op Gysbert-priemmen sette kinnen. Mar nettsjinsteande dat it yn septimber/oktober De Moanne fan it Fryske Boek is,  bleau it piseameldersstil. De literatuerbefoarderer Teake Oppewal bygelyks wie te drok mei it tarieden en útwurkjen fan syn âldwivehobby, in lêzing oer famyljerelaasjes yn de Fryske literatuer. “Wat mear piid en inisjatyf by de minsken op ’e Bûterhoeke, dêr hie it net minder fan woarn,” seit Ate Grypstra.

Ek de literêre  tydskriften, de Moanne en Ensafh. hienen it ôfrûne healjier net of amper omtinken foar de heechste literêre priis fan Fryslân. Haadredakteur Ernst Bruinsma is fan betinken dat “skriuwe oer de Gysbert pas doel hat op it momint dat de winner bekend is. Wat ik al ferwachtsje,” seit er, “is dat de hichte fan it jild dat by de priis heart ferdûbele wêze sil.” Nettsjinsteande it dozyn redakteuren dat it  literêre tydskrift Ensafh. telt, kaam it blêd it ôfrûne healjier net fierder as de presintaasje fan in longlist en in ûnnoazel yninoar knutsele poll.  Koartsein, de iennige reuring dy’t der komme soe, wie de reuring oer  it útbliuwen fan reuring. 

Offisjeel mankearret it him op dit stuit allinnich noch oan in krol fan deputearre Jannewietske de Vries ûnder it troch har amtners tarette stik, dat moarn, 11 oktober, troch DS behannele wurdt, in stik dat yn ien kear ôfhammere wurde sil. Yn de kuiergongen wurdt grute dat se, tagelyk mei it bekend meitsjen fan de namme fan de laureaat, de oankundiging dwaan sil dat se har portefeuille kultuer  opjout omreden fan  har mislearre, fout op fout steapeljend belied. In wiis beslút en it is te hoopjen dat Jannewietske de Vries no ris werklik trochpakke sil. 

De Gysbert Japicxpriis – it giet, en dit is werklik it alderlêste nijs, om in oeuvrepriis – wurdt op tiisdei 8 novimber útrikt yn Boalsert. 


Eeltsje Hettinga, 10 oktober 2011