Posts tonen met het label Paul Celan. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Paul Celan. Alle posts tonen

vrijdag 4 januari 2013

Celan, Rilke en Postma – 'Herbsttag' – Stimmen 4




It ferneamde gedicht ‘Herbsttag’ fan Rainer Maria Rilke (1875-1926), dat ûnder oaren ferfryske is troch Obe Postma, Fedde Schurer en Sybe Sybesma – ik kom dêr letter op werom – hat, as it om de poëzy fan Paul Celan giet, in beskaat wjerlûd yn dat iene, allike klassike gedicht ‘Corona’ út de bondel Mohn und Gedächtnis, dat koartby, hjir, op dit blog, in Fryske oersetting krige. De oerienkomst tusken beide gedichten sit him benammen yn de behanneling fan Tiid. De dichter, hy wol de tiid twinge, wylst it lang om let de tiid is dy’t de dichter twingt.

Herbsttag

Herr: es ist Zeit. Der Sommer war sehr groß.
Leg deinen Schatten auf die Sonnenuhren,
und auf den Fluren laß die Winde los.

Befiel den letzten Früchten voll zu sein;
gib ihnen noch zwei südlichere Tage,
dränge sie zur Vollendung hin und jage
die letzte Süße in den schweren Wein.

Wer jetzt kein Haus hat, baut sich keines mehr.
Wer jetzt allein ist, wird Es lange bleiben,
wird wachen, lesen, lange Briefe schreiben
und wird in den Alleen hin und her
unruhig wandern, wenn die Blätter treiben.

Dêr’t Rilke útein set mei de oanrop: ‘Hear: it is tiid. Der sommer war sehr gross.’, dêr docht Celan op in stuit de útrop: ‘es wird Zeit, es wird Zeit’. By Celan is de twingende oanrop fan it Hegere weilitten, in omisje, dêr’t nei twa fan de meast bluodderige en moarddiedige oarloggen ek wol reden ta wie. (Yn de poëzy fan Celan is de âlde God ferdwûn yn de tsjustere krochten fan de taal sels, kelders en gongen, mei in matte fan ‘spraaktraljes’ dêroerhinne.). De dichter syn ûnferduldige, hast wanhopige útrop, foar safier’t it al gjin skreauwen is, giet út nei de Oare om dêrmei en dêrtroch te bestean of better: bestean te kinnen. Fan dy Oare is gauris sein dat it, konkreet, om Ingeborg Bachmann gyng. Beide gedichten bespylje yn alle gefallen, elk op harren eigen wize, it tema fan tiid en risping.

(…)

Wir stehen umschlungen im Fenster, sie sehen uns zu
                           von der Strasse:
es ist Zeit, dass man weiß!
Es ist Zeit, dass der Stein sich zu blühen bequemt,
dass der Unrast ein Herz schlägt.
Es ist Zeit, dass es Zeit wird. 

Es ist Zeit.
  
It yn 1902 skreaune gedicht ‘Herbsttag’, te finen yn it earste boek fan Das Buch der Bilder, waard hast tritich jier letter ferfryske troch Obe Postma. De oersetting ferskynde yn it tydskrift It Heitelân fan 1931. Twa jier letter waard it opnommen yn it lytse, troch Brandenburgh & Co útjûn bondeltsje Gedichten fen Rilke / oerset fen Obe Postma.

Hjerstdei

Hear it is tiid. Grut wie it simmertij.
Lis no jins skaden oer de sinnewizers
En op de flakten lit de winen frij.

De lêste fruchten driuw har kostlikst yn;
Jou harren noch twa sudeliker dagen,
Twing ta folsleinens en lit drage
De lêste swietens yn de swiere wyn.

Dy’t no gjin hûs hat, bout it him net mear.
Dy’t no allinne is, sil it lang bliuwe,
Sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En yn ’e loanen sil er hinne en wer
Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe.

(Obe Postma, Samle fersen, ‘Hjerstdei’, Friese Pers Boekerij, Ljouwert), 420.


Gedichen fen Rilke
De oersettings dy’t Postma fan Rilke syn klankrike en heechst muzikale poëzy makke, hawwe net altiten in like geunstige resepsje hân. Neffens Geart van der Mear, âld dosint Ingelsk oan de RUG yn Grins en ferantwurdlik foar de rike en masterlike ferfrysking fan Milton syn Paradise Lost, is by Postma gauris tefolle fan Rilke syn klankrykdom ferlern gien. Van der Mear rept fan technyske ‘ûnhandichheid’, in kwaal dy’t neffens him ek oan ‘e oarder is by Postma syn oersetting fan it gedicht ‘Herbsttag’. 

“De lêste twa rigels [fan de twadde strofe, e.h.] en foaral de wurden ‘en lit drage / De lêste swietens yn de swiere wyn’ binne ridlik ûnbegryplik as men it Dútsk der net nêst nimt: dat drage wurdt hjir wol op in hiel frjemde manier yntransityf brûkt. Ek de lêste rigel fan it gedicht ‘unruhig wandern, wenn die Blätter treiben’ wurdt frjemd oerset mei dêryn it wurd wanderje, en dat wylst swalkje of doarmje hjir ek metrysk noch folle better past hie: ‘Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe’. Boppedat, it liket ek dat dat driuwe wat nei it Dútsk útskaait.” (‘De Rainer Maria Rilke-oersettingen fan Obe Postma’, Wjerklank, nr. 5 (3), 2009.)

Theun de Vries

Theun de Vries hie goed tachtich jier ferlyn oare beswieren tsjin Postma syn Rilke-oersettings. Yn in besprek fan Gedichten fen Rilke / oerset fen Obe Postma, publisearre yn De Gids fan 1933, hat De Vries it oer in ‘beperking der vermogens’. De oarsaak dêrfan soe by in ‘psychysk verschil’ tusken beide dichters lizze. It is oant in hichte ta in dochs wat ûnferwachte ûnderfining om te sjen, hoe’t De Vries de ferklearring foar dy ûnderstelling by in op de rasselear basearre ferskil yn folkskarakter siket. “Wij voor ons gelooven, dat Postma de ware Rilke niet geven kon,” sa orakele De Vries, “omdat Rilke leeft vanuit de slavische, Postma zelf daartegenover uit een zuiver germaansche levensvisie.” (De Gids, jrg. 97, 1933)

De Vries, yn dy tiid noch warber yn de Fryske literatuer en de Fryske Beweging – hy wenne yn 1933 noch yn Snits, dêr’t er oanslach hie by de iepenbiere biblioteek – murk fierders oer Postma syn oersetting fan ‘Herbsttag’ op dat it him slagge wie en jou it gedicht ‘een Friese atmosfeer’ mei, mar dat dêrtroch ‘de geest van het origineel’ fuortrekke wie. Ek dêrfan stelt De Vries dat  ‘de oarsaak nergens anders [kan] liggen dan bij een rassenverschil’. Der wurdt in trits oan folksstereotypen by foege dy’t dat ferskil tusken de Germaanske siel fan Postma en Boheemske geast fan Rilke oanjaan moat.

Theun de Vries (tek. Siegfried Woldhek)
‘De Germaan,’ sa skriuwt De Vries op in wize as hie er tefolle yn Wy Friezen (1931) fan de lettere Fryske fascist Jan Melles van der Goot omlêzen, ‘ziet de wereld autochthoon, als de met de aarde verwortelde mensch, die daarom het raffinement niet kent, niet het losgeslagene, ziekelijk zwerfsche van den cultuurmensch; hij is open en vol gezond sentiment; bovendien gewoon, zijn gevoelens te uiten in breede rhytmen, in een nonchalance, die de vormen der lyriek doorbreekt.” (…).

Theun de Vries soe in pear jier letter, om krekt te wêzen yn 1936, lid fan de CPN wurde. Yn de lêzing ‘Theun de Vries, Fries en kommunist, (in taspraak by de njoggentichste jierdei fan de skriuwer yn 1997’), hat Philippus Breuker by it sketsen fan De Vries syn ferhâlding mei Fryslân en it byld dat er yn syn wurk oer Fryslân nei foaren bringt, der, moai fyntsjes, op wiisd dat De Vries, dy’t himsels foar de bûtenwacht graach sjen litte mocht as de ‘romantyske yndividualist’, mei syn oergong nei it kommunisme eins sûnder muoite de  (totaliteits)ideology fan it iene kollektyf ynruile foar dy fan it oare. "Jo soenen sismar ek gewoan in romantikus wêze kinne en net spesjaal in Fries. En dêr is wol wat foar te sizzen, mear as foar in yndividualist.. Jo hawwe ommers altyd in hang nei it kollektive hân, ek yn de pearioaden dat jo Frysk skreaunen en dat no wer dogge, dat is yn tiid rekkene oan it begjin fan jo skriuwerkip en oan de ein, foar 1936 en nei 1967 [De Vries sette pas yn 1971 in streek ûnder syn lidmaatskip fan de kommunistyske partij, e.h.], earst en lêst dus. Ik neamde earder al jo epyske ynslach, jo niget oan it bûnte folkslibben. Mar yn dit ferbân is der noch wat oars. Fryslân is foar jo in kollektyf, krekt as Ruslân dat in skoft west hat.  It kollektive hat mei oare wurden jo altyd lutsen."

it dûnkere

Hawar, werom nei Postma, Rilke en Celan. Postma-kenner Philippus Breuker hat in ein bestekliker oer de ferhâlding tusken Postma en Rilke skreaun as de destiids yn folksstereotypen pratende Theun de Vries. Yn de ynlieding by Postma syn Samle fersen beskriuwt Breuker hoe’t de dichter ein jierrren tweintich yn de kunde kaam mei it wurk fan de Dútske dichter. It lêzen fan Die Aufzeichnungen des Malte Laurids Brigge wie him in iepenbiering, ‘in skok fan it werkennen’ ek. Rilke wie de dichter foar wa’t de jeugd in net út te putten boarne fan bylden wie. By himsels wie dat net oars, wist Postma. Rilke waard de oanlieding ek ta it skriuwen fan dat wilens klassike Postma-gedicht ‘Wat de dichter witte moat’, dêr’t de earste rigel fan seit: ‘En as it wêze mocht dat er de nachten net koe, dêr’t Rilke fan spriek,’ (…), in gedicht dat yn 1927 syn publikaasje krige yn it tydskrift It Heitelân.  

Noch yn 1939, tolve jier nei it lêzen fan syn earste Rilketekst skriuwt Postma, en ik sitearje Breuker: ‘De âldere en ienfâldiger gedichten binne by dy’t iksels hast meitsje kinnen hie. (…) De lettere, mear mystike en fan in mear komplisearre byldzjen fûnen by my net jimmer de grûn, dêr’t hja fannnijs út opbloeie koenen.’ Breuker wiist der fierders op, en ik tink mei rjocht, dat Postma syn oersettings yn fergeliking ta syn eigen poëzy ‘fol fan ûnbestimde eangst, iensume langsten en ferlittenens [binne]’.

It is dat elemint fan it dûnkere [‘it komplisearre byldzjen’] yn de poëzy fan Rilke dat it iepene en ‘ljochte’ wurk fan Postma net past(e) hat.

It wjerlûd dy’t de tsjustere Rilke, om it sa mar te sizzen, by in dichter as Celan hat, sit him krekt yn dat elemint fan it dûnkere en it ûnheimische fan minskene tiid en bestean, ynbegepen dat ‘komplisearre byldzjen,’ sa’t men dat yn it mear as meinimmende wurk fan de lettere Celan oantreft.



 

 

zaterdag 29 december 2012

Ingeborg Bachmann - Tsjuster te sizzen – Stimmen 3



It gedicht ‘Dunkles zu sagen’ út de bondel Die gestundete Zeit fan Ingeborg Bachmann hat ferskillende oerienkomsten mei it gedicht ‘Corona’ fan de Roemeensk-Joadske dichter Paul Celan, ûnder mear mei dy iene rigel yn de tredde strofe fan it Celan-gedicht dy't seit: ‘Wir sagen uns dunkles’. Beide gedichten kinne sjoen wurde as leafdesgedichten, sij it fan de tragyske soarte. Wat it krekte yntertekstuele karakter fan 'Dunkles zu sagen' is, wurdt út de briefwiksel Herzzeit tusken Celan en Bachmann net daalks dúdlik. 

It gedicht sels hat alles te krijen mei de myte fan Orfeus en Eurydice. Mar dêr’t it yn it Grykse mythologyske ferhaal de man is dy’t mei syn muzyk syn beleave Eurdice út de rûnte fan de Dea besiket werom te heljen – in ûndernimmen dat op ’e non rint omdat Orpheus op in stuit oer it skouder kipet om te sjen oft Euridice him wol achteroan komt, in omsjen wêrmei't er de belofte ferbrekt dy't er oan Hades dien hie, wat fan dy gefolgen is dat er syn faam foargoed yn tsjustrnis ferliest – dêr draait Bachmann de rollen om. It gedicht set útein mei de wurden ‘As Orfeus puonje ík...’ (italic fan my) 

Ien fan de ynterpretaasjes fan 'Dunkles zu sagen' dat fan 1952 datearret - de fersy dy't de dichteres yn har foardracht jout, is in oaren ien as dy't letteroan yn Sämtliche Gedichte opnommen wurde soe -  leit mooglik by it feit dat Bachmann kear oan kear en op alderhande manieren besocht hawwe moat en helje en til Celan op, op út de dûnkere djipten fan syn eigen ûnderwrâld. Foar dy útlis is wat foar te sizzen. Celan ferlear syn folsleine famylje yn de twadde wraldkriich. Mar lykas Orpheus der net yn slagge om Euridice werom te heljen, sa slagge it ek Bachmann net en hâld Celan op diskant fan de dea, it libben. 

Dunkles zu sagen

Wie Orpheus spiel ich
auf den Saiten des Lebens den Tod
und in die Schönheid der Erde
und deiner Augen, die den Himmel verwalten,
weiss ich nur Dunkles zu sagen.

Vergiss nicht, dass auch du, plötzlich,
an jedem Morgen, als dein Lager
noch nass war von Tau und die Nelke
an deinem Herzen schlief,
den dunklen Fluss sahst,
der an dir vorbeizog.

Die Saite des Schweigens
gespannt auf die Welle van Blut,
griff ich dein tonendes Herz.
Verwandelt ward deine Locke
ins Schattenhaar der Nacht,
der finsternis schwarze Flocken
beschneiten dein Anlitz.

Und ich gehör dir nicht zu.
Beide klagen wir nun.

Aber wie Orpheus weiss ich
auf der Seite des Todes das Leben,
und mir blaut
dein fur immer geschlossenes Aug.


Tsjuster te sizzen
 
As Orpheus puonje ik
de snaren fan it libben de dea
en by de skientme fan ‘e ierde
en dyn eagen dy’t de himel beheare,                       
wit ik my in mûlfol nacht.
 
Ferjit net, dat ek do, ynienen,
dy iene moarntiid, doe’t dyn leger
noch wiet wie fan dau en anjelier
oan dyn hert sliepte,
de tsjustere stream seachst,
dy’t oan dy foarbyteach.
 
De snaar fan it swijen
spand op de weach fan bloed,
krige ik dyn sjongsum hert beet.
In oar stal namen dyn lokken oan
yn it skimerhier fan de nacht,
swarte lokken fan tsjusternis
snijden dyn antlit yn.
 
En ik behear dy net ta .
Beide treurje wy no.  

Mar as Orpheus wit ik my
op diskant fan de dea it libben,
en blau is my
dyn foar altyd beskoattele each.

Mei de dichter Paul Celan hie Bachmann oan de ein fan de jierren fyftich oant yn it begjin fan de jierren fyftich fan de foarige ieu in ferhâlding krigen. Se hienen inoarren kennen leard yn Wenen, yn 1948. Bachmann wie krekt twaentweintich. Yn de maitiid fan datselde jier stjoerde Celan har it earste en wilens klassike gedicht ‘In Ägypten’, in gedicht dat  de iepening is fan de yn 2009 feskynde briefwiksel Herzzeit.

 


In Ägypten

Du sollst zum Aug der Fremden sagen: Sei das Wasser.
Du sollst, die du im Wasser weißt, im Aug der Fremden suchen.
Du sollst sie rufen aus dem Wasser: Ruth! Noëmi! Mirjam!
Du sollst sie schmücken, wenn du bei der Fremden liegst.
Du sollst sie schmücken mit dem Wolkenhaar der Fremden.
Du sollst zu Ruth und Mirjam und Noëmi sagen:
Seht, ich schlaf bei ihr!
Du sollst die Fremde neben dir am schönsten schmücken.
Du sollst sie schmücken mit dem Schmerz um Ruth, um Mirjam und Noëmi.
Du sollst zur Fremden sagen:
Sieh, ich schlief bei diesen!


Yn Egypte

Do moast it each fan de frjemdlinge sizze: Wês it wetter.
Do moast, dy’tsto yn it wetter wist, yn it each fan de frjemdlinge sykje.
Do moast harren út it wetter wei roppe: Ruth! Noëmi! Mirjam!
Do moast har moai meitsje, ast dy by de fremdlingen leist.
Do moast har moai meitsje mei it wolkenhier fan de frjemdling.
Do moast Ruth en Mirjam en Noëmi sizze;
Sjoch, ik sliep by har
Do moast de frjemdlinge neist dy it aldermoaist meitsje.
Do moast har moai meitsje mei de pine om Ruth, om Mirjam en Noëmi.
Do moast de frjemdlinge sizze:
Sjoch, ik sliep by harren!




Ingeborg Bachmann: Sämtliche Gedichte, ‘Dunkles zu sagen’ (Piper Verlag, München, 1978) 42. 
Paul Celan, Verzamelde Gedichten, 'Mohn und Gedächtnis' (vert. Ton Naaijkens, Meulenhoff, Amsterdam) 48.




vrijdag 21 december 2012

Thomas Bernhard - In Rome - Stimmen 2


Zonder haar bij naam te noemen, refereert Thomas Bernhard in het verhaal ‘In Rome’ - hieronder in  een Friese vertaling te lezen - aan de dood van de in 1973 in Rome gestorven dichteres Ingeborg Bachmann, volgens sommigen een geval van zelfmoord, volgens anderen een gevolg van 'het feit' dat ze op haar hotelkamer in Rome met een brandende sigaret in slaap viel… Er is veel over haar dood gezegd, maar er valt niets (van) te zeggen. Doodsoorzaken. Todesarten. Bernhard rept in zijn verhaal weliswaar van ‘verschroeiingen’ en ‘verbrandingen,’ maar legt de oorzaak elders...

In Rome

"In een Romeins ziekenhuis is de intelligentste en belangrijkste dichteres die ons land in deze eeuw heeft voorgebracht, aan de gevolgen van de verschroeiingen en verbrandingen gestorven, die zij in haar badkuip moet hebben opgelopen, zoals de autoriteiten hebben vastgesteld. Ik heb reizen met haar gemaakt en ik heb op deze reizen veel van haar filosofische inzichten gedeeld, ook haar inzichten over s werelds loop en gang van de geschiedenis, waarover zij haar hele leven verbijsterd was geweest. Vele pogingen van haar kant om naar haar Oostenrijkse vaderland terug te keren, leden steeds schipbreuk door de schaamteloosheid van haar vrouwelijke rivalen en de geesteloosheid van de Weense overheid. De tijding van haar dood herinnerde mij eraan dat zij de eerste gast in mijn nog volkomen lege huis was geweest. Zij was voortdurend op de vlucht geweest en in de mensen had zij altijd datgene herkend dat zij ook werkelijk zijn, de stompzinnige, geesteloze, nietsontziende massa, waarmee je inderdaad alleen maar kunt breken. Zij had evenals ikzelf reeds zeer vroeg de toegang tot de hel ontdekt en was deze hel binnengegaan, zelfs op het gevaar af reeds zeer vroeg in deze hel te gronde te gaan. De mensen gissen nog steeds, of haar dood alleen maar een ongeluk of inderdaad zelfmoord is geweest. Zij die aan de zelfmoord van de dichteres geloven, zeggen steeds weer dat zij aan zichzelf kapot is gegaan, terwijl zij in werkelijkheid natuurlijk alleen maar aan de wereld om zich heen en in de grond van de zaak aan de gemeenheid van haar vaderland kapot is gegaan, die haar, als zo vele anderen, ook in het buitenland overal achtervolgde."  

Oostenrijk  


Ingeborg Bachmann, in 1926 in Klagenfurt in Oostenrijk geboren, studeerde filosofie en psychologie, promoveerde op het werk van de Duitse filosoof Martin Heidegger en debuteerde in 1953 met de alom geprezen poëziebundel Die Gestundete Zeit. Ze doceerde onder meer in Boston, verhuisde naar Rome, maar verbleef ook regelmatig in Parijs. Ze verzeilde er in een even overweldigende als hopeloze liefdesverhouding met de ook in Parijs wonende dichter Paul Celan, met wie ze, jaren aaneen, een pijnlijk hartstochtelijke briefwisseling voerde.


Thomas Bernhard, die evenals zijn landgenote Bachmann een meer dan ambivalente houding tegenover zijn vaderland had, zeg maar gerust dat hij Oostenrijk haatte, en die haar beschouwde als een van de weinige schrijvers die zich niet had laten corrumperen door de macht van God en Staat – de staat als de gewetenloze schurk en inbreker die volgens Bernhard altijd en zonder meer een inbreuk betekent op de vrijheid van het menselijk individu – stelt in zijn verhaal ‘In Rome’ dat “[zij] die aan de zelfmoord van de dichteres geloven [steeds weer] zeggen dat zij aan zichzelf kapot is gegaan, terwijl zij in werkelijkheid natuurlijk alleen maar aan de wereld om zich heen en in de grond van de zaak aan de gemeenheid van haar vaderland kapot is gegaan, die haar, als zo vele anderen, ook in het buitenland overal achtervolgde.”

Op grond van de briefwisseling tussen Ingeborg Bachmann en Paul Celan, in 2009 uitgebracht onder de titel Herzzeit, kan gezegd, dat Bernhard zijn verklaring voor het ‘ongeluk’ dat Bachmann overkwam misschien te stellig is, maar let wel, het verhaal, afkomstig uit de verhalenbundel De stemmenimitator (1981), is fictie. 

Yn Rome

"Yn in Romeinsk sikehûs is de meast yntelligente en de meast foaroansteande dichteres dy’t ús lân yn dizze ieu fuortbrocht hat, ferstoarn oan de gefolgen fan ferskroeiïngs of ferbrânings dy’t se oprûn hawwe moat yn har baaikeamer, sa't dat troch de autoriteiten fêststeld is. Ik haw reizen mei har makke en op dizze reizen haw ik in protte fan har filosofyske ynsichten dield, ek har opfettings oer it berin fan de wrâld en de rin fan de skiednis, dêr’t se, ferbjustere, in libben lang troch fan slach west hat. It tal kearen dat se besocht hat en kear nei har heitelân werom, rûnen alle kearen weroan stikken op it skamteleaze tsjinakseljen fan har froulike rivalen en troch de stompsinnigens fan de Weenske oerheden. It boadskip fan har dea brocht my yn it sin dat se de earste gast west hie yn myn doe noch folslein net oanklaaide wente. Se hie allegeduerigen op ’e flecht west en yn de minsken hie se altiten dat weromsjoen wat se yn wêzen ek wienen, de ôfstompende, ûnsinnige massa sûnder gewisse, dêr’t men, yndie, allinne mar mei brekke kin. Lykas iksels hie se al moai betiid de yngong ta de hel ûntdutsen  en se wie ta dizze hel yngien, op hals en kiel dat se, sels, folle earder, oan dizze hel te lider gean soe. De minsken binne noch altiten yn it rieden oft har dea ienfâldich in ûngelok west hat of yndie selsmoard. Dejingen dy’t tinke dat de dichteresse harsels tekoart dien hat, sizze altiten dat se oan harsels stikken gien is, wylst se yn werklikheid fansels inkeld oan de wrâld om har hinne te lider gien is en yn de grûn fan de saak oan de leechhertigens fan har heitelân, dy’t har, lykas safolle mei har, ek yn it bûtenlân oeral hjitfolge."

Thomas Bernard, De stemmenimitator, (Thomas Graftdijk en Hans W. Bakx, De Arbeiderspers, Amsterdam 1981) 138-139.



dinsdag 18 december 2012

Paul Celan -- 'Corona' - Stimmen 1

De poëzy fan Paul Celan (1920-1970) hjit hermetysk, tsjuster en ûntagonklik te wêzen. Dochs falt dat wol ta, foaral as men gewoanwei ‘traach’ lêst, de wurden romte en tiid jout. Dat jildt ek foar it gedicht ‘Corona’, in foar syn freondinnne, de skriuwster Ingeborg Bachmann skreaune tekst, dêr’t hjirûnder de Fryske oersetting fan te lêzen is.

It wurk fan de yn Roemenië berne en yn Paris ferstoarne Celan is út soarte de poëzy fan  ‘het onzegbare’, sa’t men dy ek tsjinkomme kin by dichters as Hans Faverey, Gerrit Kouwenaar of Kees Ouwens. Yn de Fryske literatuer hat dat soarte poëzy noait net folle oanklang hân,al komme dichters lykas in Jac. Dykstra of Sybe Krol, en dan benammen yn syn bondel Korrektyf  in ein hinne.

Opmerklik genôch, waard Celan syn wurk earder yn it Frysk oerset as yn it Nederlânsk. In singelier feit. Nei oanlieding fan in doe op steapel steande Nederlânske oersetting fan it sammele dichtwurk murk âld FLMD-konservator Freark Dam op dat de krante Trouw hawwe woe dat der yn Nederlân pas nei syn dea fan Celan echt niget oan syn poëzy ûntstien wêze soe.

Dam makket dêr kanttekening by dat 'de Fryske oersetting [fan it gedicht ‘Weiss und leicht’, e.h.] fan de hân fan Sybe Sybesma al yn 1963 publisearre waard yn it doe besteande ’eksperimintele’ tydskrift Quatrebras en dat der yn dat fermidden, alteast doe, dus al each west hat foar dizze aparte skriuwer.”

It gedicht 'Wyt en licht' wie ien fan de fjouwer, ek troch Sybesma oersette fersen fan Celan, in rige dy't paste yn it Quatrebras-nümer dat omtinken joech oan oersettingen fan eigentiidske útlânske poëzy. De fersen sels kamen út de bondel dy’t Celan yn 1959 yn it ljocht jûn hie ûnder de typearjende titel Sprachgitter, oftewol Taaltraaljes.

De oersetting fan de dichter en klassikus Sybe Sybesma nim ik hjirre yn syn hiele hear en fear oer, ynbegrepen syn âlde stavering. De boarnetekst is myn tafoeging:

Wyt en licht

Sichtedunen sûnder tal.

Yn ’e lijte, tûzenfâld: dou.
Dou en de earm,
dêr’t ik neaken mei ta dy woechs,
forlernen.

De strielen. Hja waeije ús to heap.
Wy drage de glâns, de pine en de namme.

Wyt,
hwat him roert oan ús,
sûnder swierte,
hwat wy útwikselje.
Wyt en licht:
lit it reizgje.

De fierten moannenei as ús. Hja bouwe.
Hja bouwe it klif, dêr’t
al hwat reizget op brekt,
hja bouwe
fierder:
mei ljochtskûm en stouwende weagen

Hwat reizget, fan ’e kliffen ôf winkend.
De hollen
winkt it neijerby,
de hollen, dy’t men ús liende,
om wjerspegelje to kinnen.

De hollen.
Dêrmei rȏlje wy dêrhinne.
Hollestrân.

Sliepstou?
Sliep.

Seemoulne draeit
iisklear sunder wjergea
yn ús eagen.
.

Weiss und Leicht

Sicheldünen, ungezählt.

Im Windschatten, tausendfach: du.
Du und der Arm,
mit dem ich nackt zu dir hinwuchs,
Verlorne.

Die Strahlen. Sie wehn uns zuhauf.
Wir tragen den Schein, den Schmerz und den Namen.

Weiss,
was sich uns regt,
ohne Gewicht, was wir tauschen.
Weiß und Leicht:
Laß es wandern.

Die Fernen, mondnah, wie wir. Sie bauen.
Sie bauen die Klippe,
an der sich das Wandernde bricht,
sie sammeln
Lichtschaum und stäubende Welle.

Das Wandernde, klippender winkend.
Die Stirnen
winkt es heran,
die man uns lieh,
um der Spiegelung willen.

Die Stirnen.
Wir rollen mit ihnen dorthin.
Stirnengestade.

Schläfst du jetzt?
Schlaf.

Meermühle geht,
eishell und ungehört,
in unsern Augen.



De Celan-oersettingen yn it eardere Quatrebras krigen jierren letter in ferfolch yn de digitale ferzje fan it tydskrift Kistwurk (2000-2003), dêr't ûnder oaren it gedicht ‘Landschaft mit Urnenwesen’ (‘Lânskip mei urneskepsels’) yn te lêzen wie yn in oersetting fan ûnderskreaune.

Paul Celan en Ingeborg Bachmann

De oanlieding dêrfoar lei by it feit dat it tydskrift yn dy snuorje in tal stikken publisearre (hie) oer de poëzy fan Ingeborg Bachmann, waans wurk net allinne sterk besibbe is oan dat fan Paul Celan, mar nei wa’t hja ek, jierren oanien, in ferhâlding hie. (sj. ek: Eeltsje Hettinga, ‘Ingeborg Bachmann… revisited’.]

Beide dichters setten yn har wurk de ferhâlding tusken taal en werklikheid op skerp. Der is de algeduerigen spanning tusken ‘het zegbare’ en ‘het onzegbare’. Ingeborg Bachmann skreau yn dat ferbân sels dat ‘de taal in straf is’. En sa is dat!

Yn wêzen falle likegoed Celan as Bachmann mei harren sizzen oer wat net te sizzen is yn in âlde mystike tradysje. It is de poëzy fan de leechte en it swijen, wurk dat in sizzen besiket te sizzen oer dat wat him net sizze lit, neam dat it ûnútspreklike.

Mei troch it eksperimintele en gauris as hermetysk beskȏge karakter fan datsoarte sublym talige poëzy is in soarte fan poëzy dy't net daalks grut yn de spotlights stiet. Spitich en net altyd terjochte. Want gjin fermaakliker dichter bytiden as Hans Faverey, benammen yn de wize wêrop’t er bygelyks yn de bondel Chrysanten, roeiers (1977) in moai letterlike útlis jout fan de siswize ‘sa dôf as in kwartel’:

[ Hoe doof is eigenlijk een kwartel ]

Hoe doof is eigenlijk een kwartel.

Wat zèg je?

Hoe doof is een kwartel.
Wat?
Zei je wat.


Jabik Veenbaas publisearre yn 2007 yn De Moanne in treflike oersetting fan dit fers. De ûnderstelde ûnfersteanberens fan dat gedicht leit net sasear by de taal, mar folle mear by de werklikheid dêr't de dichter nei ferwiist: de Holocaust.

Oan it hjir ynventarisearre korpus fan Celan-ferfryskingen sil ik de kommende tiden in tal nije en besteande oersettings tafoegje, te begjinnen mei it gedicht ‘Corona’. De titel hat, foar wa’t dat tinke mocht, neat mei bier fan dwaan, mar alles mei astronomy, yn it bysûnder mei it ferskynsel sinnefertsjustering.

Fan it gedicht sels, te finen yn de bondel Mohn und Gedächtnis (1952), binne ek lûdopnamen te hearren by it ûnfolpriizge Lyrikline.org, in audioplatfoarm foar poëzy, rûnom wei.Corona 

Aus der Hand frißt der Herbst mir sein Blatt: wir sind Freunde.
Wir schälen die Zeit aus den Nüssen und lehren sie gehn:
die Zeit kehrt zurück in die Schale.

Im Spiegel ist Sonntag,
im Traum wird geschlafen,
der Mund redet wahr.

Mein Aug steigt hinab zum Geschlecht der Geliebten:
wir sehen uns an,
wir sagen uns Dunkles,
wir lieben einander wie Mohn und Gedächtnis,
wir schlafen wie Wein in den Muscheln,
wie das Meer im Blutstrahl des Mondes.

Wir stehen umschlungen im Fenster, sie sehen uns zu von der
Straße:
es ist Zeit, daß man weiß!
Es ist Zeit, daß der Stein sich zu blühen bequemt,
daß der Unrast ein Herz schlägt.
Es ist Zeit, daß es Zeit wird.

Es ist Zeit.
.
Korona

De hjerst fret my it blêd út ‘e hân:  wy binne freonen.
Wy pûlje de tiid út syn núnders en leare him rinnen:
de tiid keart werom yn ’e skyl:

Yn ’e spegel is it snein,
yn dreamen wurdt der slept,
de mûle praat oprjocht.

Myn each dwaalt ôf nei it slachte fan myn leafste:
wy sjogge inoar oan,
wy sizze ús dûnkerens,
wy ha inoarren leaf as papaver en memoarje,
wy sliepe as wyn yn de skulpen,
as de see yn de bloedstriel fan de moanne.

Wy omearmje inoar, steand foar ’t finster, fan ‘e strjitte ôf
nimt men ús op:
it is tiid, foar besef!
It is tiid, dat de stien him oerjout ta in bloeien,
dat de ûnrêst in hert klopje lit.
It is tiid, dat it tiid wurdt.

It is tiid.

Paul Celan (1920-1970)[/caption]   
  • Leeuwarder Courant, Freark Dam, ‘Sa sydlings’, 14 desimber 1990.