woensdag 7 maart 2012

Under it jok fan de 'frije' merk - ‘Every night, every day’


Yn 1947 hie it Boun fan Koöperative suvelfabriken yn Fryslân har fyftichjierrich jubileum. Nei oanlieding dêrfan waard de film Dêr’t de groun de soargen leannet makke. De tekst by de histoaryske opnamen, te finen yn de argiven fan it Fries Film Circuit, waard destiids besoarge en ynsprutsen troch de dichter Douwe Tamminga. As in earsten foarljochter sjongt er de lof en gloarje fan de Fryske suvel. In skôging oer lânbou, kultuer, emigraasje en “in nije tiid” (Postma) dy’t trochrint oant yn it Texas fan de 21ste ieu.
koöperative stoomsuvelfabryk fan Wergea - 1886



It foarste part fan de yn swart-wyt draaide film, mei in doer fan in foech sechtich minuten jout in byld fan it boerelibben yn in fierhinne pre-yndustrieel Fryslân: earden molke-amers oan it jûk, swarte gudsen foar de ploech en krompanielen sjeazen dêr’t de boer en it sydsulver mei yn it besytsjen of oarswei mei ûnderweis binne. 

Yn it twadde part is der in bulte omtinken foar de bûtenwenstich strange winter fan 1947. De bylden binne like idyllysk as oandwaanlik: rinkeljende swarte happen foar belsliden yn tichte, fan snie oerdutsen bosken, prikslide-jeiende bern yn sitsen kostúms, earne bûten de dyk op de Iselmar, en hurd trochklauwende riders dy’t har oan de Alvestêdetocht weage hawwe. It lêste part fan de film jout in skets fan it ûntstean en de ûntjouwing fan it koöperative suvellibben yn Fryslân. It wie de lânboukrisis oan de ein fan de 19de ieu dy’t mei syn struktureel beroerde gefolgen foar de Fryske ekonomy de oantrún jaan soe ta de oprjochting fan de koöperative suvelfabriken. De earste sette yn 1886 útein yn Wergea. 

Keunstbûter

Lit my in tel langer stilhâlde by it ekonomysk delgeande tij tusken 1878 en 1895, in tiid dy’t ek yngeande gefolgen hawwe soe foar de kultuer en it kulturele libben yn Fryslân. De krisis wie begûn by de bouboeren. De oerfloed oan Amerikaansk en Russysk weet op de Europeeske merk hie de prizen ûnmeilydsum ûnderút helle. Rillegau sloech de ellinde nei de feehâlderij oer. De hege grûnprizen yn de jierren foar de lânboukrisis, dy’t foar in part it gefolch wienen fan de spekulaasjesucht fan de lânhearren, hienen derfoar soarge dat de hier- en pachtprizen relatyf te hurd omheech gien wienen. Doe’t op in stuit ek nochris de molkeprizen yninoar klapten, wie it nacht yn ’e nane. Dêr kaam fierders de alles fergriemende konkurrinsje fan ‘de keunstbûter’, de margarine, oerhinne. De ienris bloeiende Fryske eksport fan bûter en tsiis nei Ingelân gyng folslein ûnderút. Gjin droech brea mear mei te fertsjinjen. Ferskillende lannen mienden op in stuit dat de ‘depresje’ him inkeld bestride liet mei it safolle mooglik beskermjen fan de eigen lânbou. Proteksjonisme. Grinzen gyngen massaal ticht. Doe wie de boat pas goed oan. 'Bern waarden gauris fan skoalle holden, se moasten mei yn it wurk om it bedriuw oerein te hâlden. Fan de priis dy’t foar in mingel molke bard waard, koe amper in bôle kocht.' (Eeltsje Hettinga - Gerben Rypma, de keunstner fan it dubele krus, nov. 2010) 

‘Och leave heit, net wer!’


Yn de Harnzer haven ware yn dy dagen, begjin 1880, in rare leechte om. Boeren wienen twongen te besunigjen, der moast tûker en effisjinter produsearre. It arbeidersfolk krige massaal dien. Navenant wie de earmoed en oare maatskiplike ellinde, lykas it drankmisbrûk. ‘Och leave heit, net wer!’ sei bygelyks it biedwurd fan de Blauwe Knoop. Troch de lânboukris setten kloften minsken fan it plattelân nei de grutte stêd – tusken 1860 en 1920 setten krapoan 150.000 minsken de provinsje út – like it as rûn Fryslân leech. Tûzenen ljepten de Oseaan oer. Yn it tiidrek tusken 1880 en 1914 emigrearren mear as 20.000 minsken út Fryslân wei nei Amearika, mei-inoar 15 persint fan de Fryske befolking dy’t yn dy jierren tusken 300.000 en 350.000 sielen telde. (Annemieke Galema, Frisians to America, 1880-1914. With the Baggage of the Fatherland, Grins 1996). Yn de blêden en periodiken fan dy dagen ferskynde de weareld oan ferslaggen oer de emigraasje nei Amearika. Fan Piter Jelles Troelstra, Tsjibbe Gearts van der Meulen oant en mei Gerben Rypma, gjin Fryske dichter of hy wie op ’e tekst oer it lânferhúzjen. Rypma kaam yn it tydskrift Sljucht en Rjucht bygelyks mei it weemoedige en sentimintele ‘Nei Amerika’ (1909).

(...)
Ho’n fûle smert fan ôfskieds-wé
Forskoert my, nou ’k myn bertesté
           For altyd moat forlitte,
En gean oer ’t fiere wetterwiid
In ûnbikende nije tiid
           Yn yd’le droom tomiette.

Piter Jelles skreau ûnder mear it lange gedicht ‘Lânforhúzer’, dêr’t ik hjir de sande strofe út nim, te finen yn de bondel Rispinge (1909. s. 246):

 (...)

Do-t fjouwer bern biwarre bleauwen
En ’t brea al tinner foar ús waerd,
Kaem earmoed, as in tsjuster skaed,
Al neijer oan ús himel driuwen.
It wirk rekke op, nou wier de lijensmjitte fol:
Farwol myn heitelân, lân fan wanhoop, nou farwol.


Mei de iensidige opbou fan de Fryske ekonomy – Fryslân hie him te lang en tefolle op lânbou en suvel útlein – takke de wurkgelegenheid nammerste hurder ôf. Kapitaal foar in feroarjen, konkreet, in ferbreedzjen fan de basis fan de ekonomy yn Fryslân wie der net. Dat ynvestearringsjild siet by ‘de grote burgerij’, de eardere grytmanfamyljes en lânhearren dy’t healwei de njoggentjinde ieu Fryslân de rêch takeard hienen.

Braindrain

Bron: Hepkema Courant 4 febr. 1911

Mei de krisis fan 1880 en de emigraasje – de ‘braindrain’ troch it fertrek fan ûnderwizers, predikanten, ensfh. wie like yngripend as de flecht fan it kapitaal út Fryslân wei – skode de provinsje op ekonomysk en kultureel mêd wat langer wat mear nei de perifery. Fergelike by de eardere gloarjedagen fan Fryslân binnen ‘de Republyk’ (1588-1795) siet de provinsje oan de ein fan de 19de ieu alhiel yn it ûnleech. Yn Amsterdam stroffele men yn dy dagen oer de ûnderwizers en polysjeminsken dy’t Frysk praten. ‘Goeie Piebe, do hjir ek wer.’ Hoe hurd it mei de befolking efterútbuorke, de sifers lige der net om. Gong yn de jierren, foarôfgeand oan it tiidrek 1795-1880 noch mar 16,3% fan de natuerlike oanwaaks ferlern troch mear fertrek as festiging, yn de perioade 1880-1920 waard 70,4 % fan de natuerlike groei troch it fertreksaldo ‘ôfrjemme’. (Boarne sifers: Goffe Jensma, Het rode tasje van Salverda).

De kultuer en it ekonomyske libben yn Fryslân, it waard in spultsje fan de ‘kleine burgerij’, lyts, provinsjaal en yn himsels keard. Dat lêste gou ta in hichte ek foar de Fryske literatuer. De klam lei benammen op de eigen taal en skiednis, ynbegrepen de ivigen noed oer it weireitsjen fan dy taal. Men besocht sa fier mooglik by it Hollânsk wei te bliuwen. Oan de literêre moaden en ûntjouwings yn Nederlân en Europa hie men, op in útsûndering nei, net folle boadskip. Boppedat, wat soe men ek en lês de yn modder, drek en stront omklauwende minsken gedichten foar, skreaun yn de trant fan Boutens, Kloos en Perk? Nee, it oan- en bybringen fan in Frysk nasjonaal bewustwêzen, dat geandewei de twadde helte fan de 19de ieu in wichtich ûnderwerp wurden wie, wie in motyf dat ekstra fuorre waard troch de delgeande tiid. It ferhearlikjen fan it eigen ferline en it lofsjongen op de âlde, romrofte Fryske frijheid en ûnôfhinklikheid wie skearing en ynslach. De romantysk nasjonalistyske gefoelens dy’t mei dy heechstekkerij mank wienen, kamen geregeldwei oer it fuotljocht yn de poëzy en it proaza fan minsken as Waling Dykstra, Onno Sytstra en fansels Piter Jelles Troelstra. De lêste tekene ûnder mear foar de sang ‘Ela Fria Fresena!’, te finen yn de bondel Rispinge (1909, s. 4).

Fen ’e wylde see besprongen,

  Tûzen kearen op ’e nij.
Faek bekampe, nea betwongen,
  Wiern’ de Friezen roun en fry;
Frydom wier de heechste wet
  Yn it eale Friez’ne hert;
Mannen sjong,
Mannen sjong ’t elkoar den ta:
“Ela Fria Fresena!”

 (...)

Meie ek namme en tael forgean,
  Dou, o, frydom, bliuw bestean!
Klink yn ’t roun,
Oan de fierste neiteam ta:
“Ela Fria Fresena!”

Minsken as Troelstra, Dykstra en ek Rypma berôpen har op it wurk fan skriuwers as Harmen Sytstra (1807-1862) en de bruorren Halbertsma, mei harren romantysk bepaalde sin foar it folkseigen, de nasjonaliteit en de histoarje. Fan datoangeande binne de tiden net in soad feroare. Krekt yn tiden fan krisis, mei navenant alle driging, komt it net selden foar dat ‘mensen terugvallen op hun culturele eigenheid.’ (Bas Heijne, NRC, 26 nov. 2011). En by dat soarte fan ûntjouwings is meastentiids de rook fan alderhande domme en stompsinnige foarmen fan nasjonalisme – it ressintimint dript der bytiden fan ôf – ek net al te fier wei. Dat soarte tendinzen binne rûnom yn Europa te fernimmen, ek yn Fryslân. (Eeltsje Hettinga, Perio-pamflet - De folksnasjonalistyske taal en retoryk achter Fryslân 2040 en KH-2018) 

Werom nei de film Dêr’t de groun de soargen leannet (fan der minsken warbere hân). De jierren fan 1885 oant 1895 wienen foar de Fryske boeren de minste. Der moast wat gebeure. Healwei de jierren njoggentich stuts in tal boeren de noazen byinoar. Se woenen by alle ellinde dy’t de minne molkprizen mei har meibrocht hie net langer ôfhinklik wêze fan ‘de fabrikant’ [les: de partikuliere hannel]. Dy sette harren in priis, sûnder se dêr ek mar in sint ynfloed op hienen. As se de lapen gearsmite soenen en sels de produksjemiddels yn hannen namen, faaks dat se de bûter jild jilde litte koenen. Se soenen tenei frij man wêze, net mear de marionet fan de partikulier opkeaper. Yn Wergea setten yn 1886 trijentweintich boeren útein mei in suvelfabryk op koöperative grûnslach, se namen de molkeferwurking yn eigen hannen. Trije, troch stoom oandreaune sintrifúzjes dienen it tsjernjen fan de molke. It inisjatyf slagge. Wergea foer der wol by. Mear wurk en minder earmoed. Yn in 1888 steld skriuwen lit it Roomske tsjerkebestjoer fan Wergea bygelyks witte dat ‘de boterfabrieken reeds een gunstigen invloed uitoefenen op den omvang van de burgerlijke armenzorg, die beduidend is ingekrompen.’ (H.W. Lintsen, Geschiedenis van de techniek in Nederland. De wording van een moderne samenleving 1800-1890)


Stylistysk saltospringen

Tamminga by syn wente op Kiestersyl


De agrarysk yndustriële revolúsje yn Fryslân kaam dus mei stoom. De ôfset en eksport fan Fryske suvel makke yn de earste helte fan 20ste ieu in grutte opflecht, rûnom yn Europa. Om 1910 hinne namen de molkfeehâlders yn Fryslân mar leafst in kwart fan de totale Nederlânske bûterproduksje foar rekken. Fan al dy ûntjouwings jout de film Dêr’t de groun de soargen leannet it ferhaal. Der is gjin ôftiteling by, mar dat de tekst by en ûnder de bylden troch Douwe Tamminga besoarge en ynsprutsen is, is sa klear as in klok. Dêrfoar is syn markant brûnzen lûd ek te werkenber. De taal dy’t er op it aljemint bringt, is sa geef as kryt. De styl fan it ferhaal is like blomryk as poëtysk, oerladen sels, mar yn syn soarte minder maniëristysk en argaysk as de oargeljende, heechdravende styl dêr’t bygelyks ien as Eeltsje Boates Folkertsma (1893-1968) him mei oppenearre. Tamminga kin syn lyryske oanstriid bytiden amper de baas, it tilt op fan Germaansk stêfrym en (klassike) hendiadys om it oer it gebrûk fan it eigenskipswurd mar net te hawwen. In pear foarbylden fan syn stylistysk saltospringen: ‘Efter de dyk lizze de steatlike pleatsen fan de klaai, mar ek de smûke boerespullen fan de Wâlden en de kante stjelpen fan it wetterlân. Op al dy tûzenen bedriuwen libbet de Fryske boer. Hy fynt der syn wille en noed, syn brea en wurk. (...) De tsjûke molkier oer it waarme koweliif rint nei jaar en oeren ta: melke, in âld stikje boerewurk. (...) De earden molkamers oan it jok, sa brocht foarhinne de boer de molke út lân en jister wei nei de pleats ta. Hy wist doe noch net fan meunsternimmen, fan fjirtich literse bussen en safolle persint fet. (...)’

Nei de ein ta begjint de kommentator wat langer wat mear te galmjen as er gâns patetysk de trêften en gloarje fan de Foarútgong bewiereket. De sinnen, gauris mei-inoar ferbûn troch it bynwurd ‘en’ kronkelje as slangen op en om de bylden hinne. 'Wy meie tankber wêze foar alles wat ta stân brocht wurde koe. Wy wolle earje dyjingen dy’t de skouders mei ûnder dit skoandere stik wurk set hawwe, har leafde foar de boerestân, har trochsetten, har stoef en steech bodzjen dat ûnder de seine fan boppen gâns goeds foar de Fryske boer yn it wêzen brocht. (...) Gâns hawwe wy ta ús foldwaan, dat der in fyftich jier ferlyn noch net wie: in fiks tariste suvelyndustry, technysk moai goed ynslein, finansjeel gever en sterkernôch, in goed beoardere en glêd rinnende suvelorganisaasje yn al syn ûnderdielen.’ Ensafuorthinne.

Fryslân, fabrykshal

Troch de nei-oarlochske skaalfergrutting binne de ferskillende koöperative suvelfabriken, geandewei, yn hieltiten gruttere konglomeraten opgien. Fan de lytse hûndert dy’t der oait tusken Warkum, Wommels en Wolvegea te finen wienen, is net ien mear oer. Alles wat der tsjintwurdich yn Fryslân oan suvelferwurking dien wurdt, falt ûnder de grutte, multynasjonale hoed fan FrieslandCampina. Dat konsern, yn 2008 fuortkommen út in fúzje tusken Friesland Foods yn Ljouwert en Campina yn Amersfoart, is mei krapoan 15.000 boeren op dit stuit ien fan de grutste suvelreuzen yn de wrâld. It haadkantoar fan de ûndernimming, dy’t ûnder oaren de Fryske ‘fergaderboer’ en âld-deputearre Sjoerd Galema yn de Rie fan Kommissarissen hat, stiet yn Amersfoart. 

By de yndustriële ynrjochting fan de hjoeddeiske molkfeehâlderij heart ek de rappe útwreiding fan it tal megastallen. It giet om bedriuwen mei mear as twahûndertfyftich kij. Miljoene-ynvestearrings. Rûnom yn it lânskip dûke se op: heale fabriken, heech as flatgebouwen mei in hichte fan gauris tsien oan tolve meter. Architektoanyske wangedrochten. Wat beamkes dêromhinne en it is ‘landschappelijk ingepast’, sa’t dat hjit. By’t nacht bewize se har it bestean as kâlde, lege koalljochten yn it lânskip. Twahûndertfyftich kij of mear stappe dei en nacht – it fee komt net mear bûten – ûnder ien dak om. Dat jout by alle molke-opbringst fansels stront, bakken mei stront. Rivieren. Kij skite no ienkear. Kij switte ek, as oandragers as it moat. Dat, wat heger de stallen, wat better de waarmens en ammoniakdampen ôf te fieren binne. De ûntjouwings sille it Fryske plattelân stadich feroarje yn in baas grutte, agraryske fabrykshal.

Neffens de sifers fan it CBS hie Fryslân yn 2011 goed 40 megastallen. Mei it each op de ôfskaffing fan it molkkwotum yn 2015 en de ultym ‘frije’ neo-liberale molkemerk dêrnei, dus in merk sûnder produksjebeheiningen en sûnder eksportsubsydzjes foar bûter, tsiis en oare suvel, meitsje de mega-boeren fan hjoed har der klear op om nóch grutter. De ferwachting is dat it tal megastallen de kommende trije jier ferdûbelje sil. It streekplan Fryslân, yn it bysûnder it ‘Uitvoeringsplan 2011-2014’, dat ta stân kaam ûnder de ferantwurdlikens fan âld-deputearre Galema, mei dan wakker sweeslaan mei slogans as ‘de kwaliteit fan de romte’ en fan ‘Friesland, op afstand de mooiste provincie van Nederland’, as de kniper op de skine komt, wurdt in fierder yntinsivearjen fan de molkfeehâlderij gjin striebreed yn de wei lein.

De ein fan de skaalfergrutting, sa’t dy nei de oarloch útein sette, liket noch net yn sicht. It biedwurd seit noch altiten: big is better. Hie Fryslân fyftich jier ferlyn, yn 1963, noch 6.989 boerebedriuwen, yn 2008 wienen dat der 5.500. Oer tsien jier is fan dat tal, sa is de ferwachting, in lytse 4000 bedriuwen oer. In tsiende part dêrfan sil de saneamde ‘schaalsprong’ meitsje (kinne) nei in boere-ûndernimming mei 250 oant 350 kij. (Boarne: Advysboek De nije pleats yn Fryslân, 2009) De ûntwikkeling liket ûnomkearber. Inkeld de ôfrûne twa jier al ferdwûnen fan de 5500 bedriuwen yn dizze provinsje goed 300 bedriuwen, gemiddeld 3,5 persint jiers.

It lânboubehear dat desennia oanien mei dizze opskaling mank west hat, manifestearret him yn monokultuur: grutte, mei Ingelsk raaigers besiedde perselen, saai as biljetlekkens. Djipte-ûntwettering en alderhande manieren fan bedongjen (ynjektearjen) hawwe dêr it harres ta dien. It ferskaat oan greidefûgels bygelyks buorket hurd achterút. Ljip, wylp, tsjirk en skries hawwe it dreech. Mei natuer hat de hjoeddeiske yntinsive lânbou net in soad mear te krijen. De provinsje Fryslân hat yn dit stik in geweldigen kâns mist troch nèt op tiid yn te setten op it ûntwikkeljen fan in grutskalige en struktureel sterke biologyske en ekologyske lânbou. Mei alle kennis, ûnderfining en kunde op it terrein fan de molkfeehâlderij en suvelferwurking sa’t dy by de desennia lâns garre binne, hie men no as provinsje de molkekroan fan Europa op hawwe kinnen. 



Troch de fierdere yndustrialisaasje fan it boerebedriuw, lês: de fierdere ôfname fan it tal boeren sil der ekstra lânbougrûn frijkomme. De âlde Brueghel yndachtich komme ek by dy ûntjouwing de grutte fisken, safolleresom, de lytse fisken te iten. Oan de wurkgelegenheid yn de lânbou op de Fryske plattelân sil dat net folle ôfbrek mear dwaan. Dy wie troch alle ‘opskaling’ en meganisearring dochs al nei de filistinen. 

It plattelân leit sa wie sa ûnder skot, net yn it lêste plak troch de rappe demografyske feroarings, in gefolch fan de hurd oanwinnende fergrizing, de gemiddeld lytsere húshâldings en last but not least, in massaal fertrek fan de jongerein nei de stêd. Op en om de doarpen is gjin of amper wurk. De leefberheid stiet oer alle boegen ûnder druk. Foarsjennings as iepenbier ferfier falle wei. Kafees dogge de doarren ta. Winkels wurde in seldsumheid. Te lytse skoallen wurde opdoekt. It holeagige, heal útwenne doarp Holwerd is sa linkenlytsen it symboal fan ‘krimp’. It wurd sels, mar dit sa sydlings, is yn syn soarte in perfekte yllustraasje fan taalbemanteling. It is in kreas eufemisme foar ferpaupering, ferfal en ferearmoedzjen, wurden dy't politisy leaver net yn de mûle nimme. En as men de sifers yn acht nimt, wachtet guon parten fan de provinsje de status fan it ultime, lyts Frysk deadedoarp. Oant 2030 sil 60 persint fan de Fryske gemeenten 5 persint minder minsken hawwe, by guon gemeenten rint dat persintaazje op oant 10 of mear persint. (Krimp en groei. Demografyske feroarings yn de provinsje Fryslân, 2010).

De nije lânferhuzers

Tek. Pieter Brueghel


It leit yn de reden dat in part fan de boeren, dat yn de slach om noch gruttere bedriuwen belies jaan moat har heil en hinnekommen fierderop yn de wrâld sykje sil, dêrmei yn it spoar fallend fan de tûzenen ‘lânferhuzers’ dy’t harren, sa by de desennia lâns, foar(út)gien binne. Hjirboppe is al oanjûn hoe’t healwei de njoggentjinde ieu de migraasje nei de stêd útein sette mei it fertrek fan de grutte lânhearren. Mei harren fuorttsjen naam ek it kapitaal syn flecht. De lânboukrisis fan 1880 en de ekonomyske ûntjouwings oan it begjin fan de tweintichste ieu soargen foar de earste grutte emigraasjegolf. De lânferhuzerij krige nei de Twadde Wrâldoarloch in ferfolch doe’t men by hûnderten en tûzenen nei Amearika sette. Michigan, Iowa, Ontario, it wienen nammen dy’t yn de jierren fyftich en sechtich in magyske klank krigen. In grut part fan dizze nei-oarlochske emigranten bestie út boere-arbeiders, komelkers, hierdeboeren, boeresoannen foar wa’t op de pleats fan de âlden gjin plak mear wie, fammen en froulju dy’t harren feintsje, freon of man neireizgjen mei fierdersoan fansels dy groep boeren foar wa’t de mar nea net fol genôch wie, ûndernimmers dy’t mei oeribele grutte bedriuwen oan de basis stean soenen fan it agrarysk yndustriële karakter fan de molkfeehâlderij en de suvel yn de desennia dêrnei.

De âlde dichter Obe Postma (1868-1963) hie it der net op stean. It spul griisde him oan. Him soarge de ferfrjemding en oar minsklik ûngemak. ‘Wy moatte tinke oan Sina, dêr’t hja de minsken ek út har / libbenssteat weihelje’, sa bringt er it nei foaren yn ‘In nije tiid’ (De Tsjerne, nr. 8, 1960), in gedicht dat ik hjir yn syn hiele hear en fear oernim: 

IN NIJE TIID

Tsjalling fan der Fear is alhiel in Amerikaan wurden.
Tegearre mei syn broer Piter hat er no 1000 kij; mar lân 
  hawwe hja net.
De kij hâlde ta, yn 2 keppels fan 500, op in keale lape grûn, 
  dêr’t gjin spruseltsje gers op te sjen is.

Foar dy kij keapje hja foer, dat hja bûten by it sket lâns 
  delstruie sa dat de bisten der troch de itensgatten by kinne.
Mar dat fuorjen mei net barre minder as 4 oeren foar it melken, 
  oars koe it wêze dat de molke nei it foer smakke;
En de Amerikanen binne, datoangeande, o sa keken. En alles 
  fansels mei de masine.

Dat lies ik allegear yn in stikje yn de Sneon-Sneinskrante, 
  en it griisde my oan.
En ik dan dy’t it lân net koe as er it gers net libben yn 
  ’e hannen fielde!
Dy’t net bûten de stêd wêze kin as it fjild der sa toar en deadsk 
  hinne leit;
Dy’t dichtsje moast, as de oere der wie, fan syn lân dat bloeide 
  en fan alles dat der ta berte en stjerren kaam.
It moat in oaren ien wêze as ik, dy’t fan sa’n libben fabryk 
  sjonge kin.
Ik haw myn Amerikaanske dichters ris oerskôge, mar net ien 
  fûn dy’t ik dêr op oansjen koe.
Wy moatte tinke oan Sina, dêr’t hja de minsken ek út har 
  libbenssteat weihelje,
En, om mear bewrotte te kinnen, yn ‘kommunes’ 
  byinoar bringe.
De froulju arbeidzje mei: it foer foar de keppel sil ek fan bûten 
  oanfierd wurde moatte. 


De ynfiering fan it Molkkwotum yn 1984, in maatregel dy’t de oerproduksje oan molke tsjingean moast, en de argewaasje dy’t de Brusselske regel- en wetjouwing opsmiet, brochten ûnder de boeren in nije emigraasjegolf op gong, sij it dat dy minder grut fan omfang wêze soe as dy yn de jierren fyftich. It tal emigranten wûn oan doe’t troch de kwotearring fan de molke de lânprizen wat langer wat heger waarden. Bedriuwen dy’t te lyts wienen, hienen faak net de finansjele earmslach om út te wreidzjen c.q. te oerlibjen. Yn de moardzjende race nei grutskaliger foarmen fan molkfeehâlderij sette in grut tal boeren, slave en swypke fan it giseljende topperstou fan de ‘marktwerking’, nei Nij Seelân, Kanada en Texas. Migraasje en globalisearring waarden de kaaibegripen fan it nije milennium. Identiteit kaam op losse skroeven te stean, soe, mear as oait, in skowend begryp wurde.

 
De OF-dokumintêre dy’t sjoernaliste Gryt van Duinen oer in tal yn Texas buorkjende boeren fan Fryske komôf makke, is fan datoangeande ûntheisterjend. Der is sprake fan in identiteit yn de loft. Men is gauris even werom yn Fryslân. De kar om werom te gean of foargoed yn Texas te bliuwen, is foar de measten dreech. It klassike leed fan de emigrant. In part fan de Fryske boeren kaam tsien, tweintich jier ferlyn op in saneamd ynvestearringsfisum Amearika yn. Har hinget it swurd fan Damokles boppe de holle. Troch de struktureel minne molkprizen hawwe in protte boeren klauwen om oerein te bliuwen. Net yn it besit fan in offisjele ferbliuwsfergunning, de Green Card, rinne se de kâns om útset te wurden. Dat jildt ek foar harren bern. Se binne, simpelwei, yllegaal, ek al hawwe se bytiden mear as tsien, fyftjin jier yn Amearika taholden. Se binne eins alhiel Amerikaan (wurden). Frysk en Nederlânsk wurde net of amperoan behearske. Om te foaren te kommen dat de kaaien op de kiste lein wurde moatte, binne de bern faak mei yn it wurk. Ien fan harren, in bliermoedich famke fan in goed tûzen wike – har âlden setten yn 1989 nei Texas – melkt alle nachten, fan njoggen oant trije, in lytse 750 stiks kij. Se docht it omdat it moat: ‘Every night, every day.’  

De OF-dokumintêre ropt it gedicht ‘Dream’ fan Durk van der Ploeg yn it sin, in fers, te finen yn de bondel Troch kadastrale fjilden (s. 21), dêr’t ik hjir, ta beslút, de lêste twa strofen út nim:

(...)

Fleantugen fan Newark Airport draaiden de Oseaan op.
Ik tocht oan thús, dêr’t fûgels oer it Keechslân fleagen.
Yn it ile ljocht fan Upper Bay ferskynden roastige
Kwelders as fisioenen fan begear. Al dat wurge ljocht
Dat my beskynde, de swarte snie dy’t treastend oer de
Eilannen jage. Ik woe de ierde mjitte mei myn kinnen
Mar kaam lykas Columbus oan in ferkearde kust telâne.

Tusken ús leit see dy’t ienris noade ta aventoer.
Wêr is myn útdaging bleaun en myn ferachting foar it
Efterlân? Moarn sil ik in seeman oanklampe. By need
Wol ik oer alle seeën sykje om in thús, want ik begryp de
Driuw net mear dêr’t ik mei fan hûs gyng. Noait sil ik
Wer wurde dy’t ik wie. Nea sil ik my wer hechtsje. Mei
Fern- en Heimweh brutsen hjir en dêr en oeral.

.
Eeltsje Hettinga, 5 maart 2012



PS. Oare moanne komt it Fries Film Archief mei in nije (web)side. It part fan de audiofisuele kolleksje – mei-inoar in lytse 4000 items – dat no noch net op grutformaat ôfspile wurde kin, sil mear en better tagonklik (makke) wêze.



 =====



maandag 6 februari 2012

Bas Jan Ader - De dôve oseaan - Lânskippen 1


Fan it fertrek, de oertocht en de oankomst...
 

Simmer 1975. In betide sinne boppe Cape Cod. Seefûgels dwerrelje as stikkene biddelbrieven by de himel lâns. Op 'e steger yn de haven in transistorradio. In heas Wish you were here rôlet hoar it hast blakstille wetter oer. Yn syn sylboatsje Ocean Wave, mei in lingte fan krekt fjouwer meter, set de keunstner Bas Jan Ader dy simmermoarn de haven út, yn in besykjen om allinnich de Atlantyske Oseaan oer te stekken. 

De tocht sels is ûnderdiel fan it yn Los Angeles útein set projekt In search of the miraculous, in trijelûk dat, sa seit it doel, ôfsletten wurde sil mei in útstalling yn it Grinzer Museum, healwei de hjerst fan datselde jier 1975, en dêr sil, sa is frou, freonen en kunde tasein, de baas sels - fansels - ek by wêze.

In wiuwende hân boppe de kust.

Dreamen en havens meitsje Russyske roulette.

Njoggen moannen letter fynt in tal Spaanske fiskers de heal sonkene boat ûnder de kust fan Ierlân. Nimmen oan board. De feilichheidslinen trochsnien. Rêdingsfesten fuort. De dôve oseaan.

It boatsje, it wurdt mei op sleep nommen nei La Coruña, in fiskersplak yn it Spaanske Galysië, dêr’t de fynst op 22 april 1976 oanjûn wurdt by de Militêre Autoriteiten. Wat dêrnei mei Ader’s skip bard is, is noait rjocht dúdlik wurden. Stellen? Ferkocht? Oan ’e jiskebult?

Spoaren

Yn Discovery File. In Search of the miraculous Bas Jan Ader 143/76 dogge skriuwer, dichter en kriminolooch Koos Dalstra en keunsthistoarika Marion van Wijk ferslach fan harren ûndersyk nei Ader syn reis, syn letter, yn La Coruña weiwurden sylboat en de manier wêrop’t de Autoriteiten mei it ien en oare omgien binne.

Wat de Spaanske fiskers dy iere moarn yn april oan board fan de Ocean Wave yn de roef oantreffe, is net botte folle: wat blikken mei iten, twa brieven, de print fan in Amearikaansk paspoart (“Name: Ader, Bastian, John, Christian”), in sekstant, in heal fergiene Amerikaanske flagge. Snypsnaren. Mear net. By de boel gjin boeken. It klassike Phänomenologie des Geistes fan de Dútske filosoof Hegel, ien fan de geskriften dy’t neffens Ader’s widdo Mary Sue Andersen mei oan board gien wie, wurdt net neamd. Is it ûnderweis oerboard gien? Hawwe de fiskers fan La Coruña it wurk faaks mei nei hûs nommen? Mar wat moat ien mei in boek dat moannen oanien yn it wetter lein hat? De kâns dat de see Hegel opfretten hat, is oannimliker. Of faaks swimt der earne noch in âlde walfisk om mei Hegel’s Geist yn it liif.

De omkearde skepping:

Tiid is ivich fisk, hearskjend oer it mystearje en it geheim fan it Neat.


Todesarten

Ut de berch papieren sa’t dy in tal desennia yn de argiven fan de Militêre Marine yn La Coruña lein hat, wurdt net dúdlik wat krekt de oarsaak west hat fan Ader syn ferdwinen.

Hie er mei In search of the miraculous mear túch opset as it projekt drage koe?

Earne yn de sinne moat de dea begûn wêze.

Feitliken jildt hjir itselde as wat oer de mysterieuze ein fan de dichteresse Ingeborg Bachmann op it aljemint brocht is: Der is in protte fan sein, mar der falt neat oer te sizzen.

Deadsoarsaken.

Todesarten.

Sprakeleas. De taal.

De Discovery File, in tsjok, 213 siden tellend dossier, set útein mei in oan Marion van Wijk rjochte brief fan de yn Santiago de Compostella wenjende keunsthistoarikus Pedra de Llano. Dêryn wurdt ferslach dien fan in tal noch net beskreaune Ader-dokuminten út de militêre marine-argiven yn La Coruña. De Llano docht Van Wijk ûnder mear te witten dat Don Alfeirán, eigner fan El Pondal, in fiskersboat, ferneamd nei de Galysyske dichter Eduardo Pondal (1835-1917), dejinge west hat dy’t de op de Atlantyske Oseaan omdriuwende Ocean Wave, leech en heal tesonken, as earste yn it each krige. 

“I can advance you the following facts," skriuwt De Llano. "The report has 74 pages. It begins on April  27th 1976 and ends on February 1st 1977. It relates the history of the Ocean Wave from de moment Don Alfeirán speaks about his discovery to the authorities until nine months later, when the case is closed. The reason: the authorities cannot find the stolen boat, that disappeared from San Diego harbor in Coruña between May 18th  en June 7th 1976. (...)

Don Alfeirán says how they found the boat and its position. He says they didn't find a body there, neither a life-jacket. Also he says they found spoiled clothes, some food and other spoiled objects, which he doesn't detail. He says they threw almost all of the spoiled objects into the sea, except for clothes, documentation and an object of maritime navigation called sextant. 

Don Alfeirán doesn’t speak about books or notebooks, but the Archivo Naval has copied two letters aboard, dated 09-09-1970 (Gorkum) and 12-11-1974 (Bremerhaven). Also some newspaper-clippings with advertisements, ID’s and some business-cards. Apparently, all these documents were delivered to Mary Sue Andersen [Ader syn Amerikaanse vrouw, e.h.]  in September 1976.

Don Alfeirán himself doesn't speak about explosions, but the expert who examined the boat, just after it arrived in Coruña, did a brief investigation (folio 20), concluding that an explosion would have been possible.”


Nothing was found

De Ocean Wave is dus op in stuit poater, fuort, ferdwûn. Lykas syn eigner.

Be caught, be found. A true disappearance. 

Yn de skerte fan de see, de holle fan wier en weagen betize. Gjin liet dat libben op it droege spei.

Rûs yn de djipte fan it neat de mins. 

De ein draacht de lêst.

Wêr bedarre it nei La Coruña op sleep nommen boat? Der wurdt in tal plakken neamd, sa earne tusken de havenstêd Vigo yn de Galysyske provinsje Pontevedra en San Sebastian yn it fierderop lizzende Baskelân. Earne. But nothing was found, of sa’t it yn de stikken hjit: “Exposition. In relation to your request I have the honor to inform your Lordship of the results of our investigations no single trace of the boat, as referred to by you, has been found. May God guard your Lordship, Military Naval Commander, Gyon, 11th of September 1976.”

Nothing was found. In syktocht sûnder útkomst. It is ien fan de redenen wêrom’t it Nederlânske konsulaat yn Spanje, dat har ek mei de saak Ader ynlitten hat, op in stuit seit: It hat moai west. It set in streek ûnder it ûndersyk nei de weiwurden Ocean Wave. Der wurdt net mear yngien op de troch Don Alfeirán oandroegen mooglikheid dat it boat op in plak telâne kaam is, “(...) ran by a woman called Viuda de Trillo, which used to sell scrap. talked to the widow, but she didn’t remember very well or didn't want to speak. I gather that Ader’s cameras were spoiled, when they were discovered at sea or they could be stolen by the fishermen.”


Sa’t it falt

It besykjen en stek allinnich de Atlantyske Oseaan oer yn in boatsje, net grutter as in fiks kammenet betearde mis. Mei it projekt In search of the miraculous rikte Ader as ienris Ikarus oan de lippen fan de sinne. 

It sâlt fan de see, it friet him, lang om let, it hert út. 


Das Unvollendete.

Ader ferlear fan it wetter, de see, de eleminten, hy luts oan de koartste ein of oars sein, en lit my yn dizzen te seil gean op in Nederlânsk tiidwurd: hy ‘faalde’. Mar wie it net krekt dêryn dat er slagge? ‘Falen’ stie by him synonym oan sneuvelje, yninoar donderje, stjerre, falle. En dat lêste, de fal, it wie, eins fan begjin oan, ít grutte tema fan syn performances en syn video-, foto- en filmwurk.

Yn neifolging fan Hegel woe de keunstner gjin skieding oanbringe tusken natuer en keunst. In search of the miraculous is yn dy sin te beskôgjen as in sublime foarm fan ‘samen-vallen’. It oerweldigjende momint, de perfekte fal.






Boppesteand stik is in bewurking en ferfrysking fan in artikel oer de keunstner-performer Bas Jan Ader dat ik earder, novimber 2009, foar Goloch skreau, in webloch dat troch de behearder, weblog.nl, folslein nei de kloaten holpen waard, doe’t men besocht de bestannen fan har klanten nei Wordpress om te setten. Dy operaasje mislearre. Sy harren klanten kwyt, mar slimmer: by my tal fan files (artikels) ferboud, sloopt of oars wol foetsy. Lokkergernôch hie ik in part (!) fan de yn it Nederlânsk stelde rige oer Ader noch yn de kompjûter stean. Dat.


dinsdag 20 december 2011

De taal en polityk achter de kulturele haadstêd 2018



UPDATE: Cultuurgedeputeerde Jannewietske de Vries kreeg onlangs het eerste exemplaar overhandigd van het Perio-pamflet De volksnationalistische taal en retoriek achter Fryslân 2040 en CH-2018. Binnenkort wordt de integrale tekst van dit pamflet, met een voorwoord van politicoloog Hans van der Heijde gepubliceerd. De Leeuwarder Courant liep daarop vooruit met een als dagstelling gebrachte voorpublicatie: 'Bruine walm in Friese toekomstvisies.'

Bert Looper
Moarn (21 desimber) moatte de Fryske Steaten in beslút nimme oer de foar twa jier jildende subsydzje fan 2,4 miljoen Euro oan de stichting Fryslân Kulturele Haadstêd 2018. Yn in besykjen om de twiveljende Steaten, en dan benammen it CDA, oer de streek te krijen, setten de belanghawwende partijen ôfrûne wike útein mei in machtich media-offensyf. 

Siem Jansen, âld-deputearre fan de Provinsje Fryslân – hy is tsjintwurdich direkteur fan de NOM (Noordelijke Ontwikkelingsmaatschappij) en foarsitter fan it stichtingsbestjoer Fryslân 2018 – krige ôfrûne sneon in heale pagina yn it Friesch Dagblad. De Koöperatie 2018, in groep fan minsken dy’t yn oerlis mei Fryslân 2018 it saneamde bidbook skriuwt, kaam mei de notysje “Nocht oan ’e takomst”, wylst, last but not least, de Ljouwerter Krante lêstensneon iepene mei in stevich pleit fan Bert Looper, direkteur fan it ynstitút Tresoar. By de ferskillende publikaasjes rint in gauris prekêre terminology yn it each, de taal is hjir en dêr krûde fan histoarysk al te swier beladen begripen. Polityk sjoen hat it der in soad fan wei dat der by it trochsetten fan it projekt Fryslân-2018 sprake is fan in rücksichtlos top-down-tinken. In ynventarisaasje.

het DNA van de Fries

Bert Looper rept as pleitbesoarger foar de Kulturele Haadstêd 2018 (KH-2018) fan de needsaak dat Fryslân himsels op ’e nij útfynt. Ien fan de punten yn syn betooch seit: wat is Fryske kultuer en wat is kultuer yn Fryslân? It binne fragen dy’t neffens de direkteur fan Tresoar bepalend binne foar dat wat de identiteit fan Fryslân (út)makket. Fierders moat de regio him oriïntearje en beriede op syn ferhâlding mei en syn posysje binnen Europa. Looper: “Niet de cultuur, de taal of het landschap, maar de betrokkenheid bij het steeds weer zoeken naar ons eigen dna is de kracht van Friesland.”

Op syk nei “ons eigen dna”? Understeld mei wurde dat Looper – hy is fan profesje histoarikus – sawol de kontekst as de konnotaasjes en bybetsjuttings fan de troch him hantearre begripen ken. De taal twingt hjir yn alle gefallen ta in refleksje op de kontekst. Goed lêze is korrespondearjend lêzen. (Roland Barthes). Bert Looper syn sizzen oer de syktocht nei “ons eigen dna” komt oerien mei in tal begripen út in betooch, sa’t dat te finen is yn it rapport Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân duurzaam 2040. Derút de folgjende passaazje: “Naast die probleemperceptie, is het ook goed te kijken naar de historie van een gebied en hoe dat de mensen daar heeft gevormd. Het DNA van in dit geval de Fries, of ook wel hier de Friese ziel genoemd, bepaalt ook wat in het gebied wel en niet past. Aansluiten bij de historie en de genen van de Friezen kan de omslag naar een duurzamer systeem vergemakkelijken en natuurlijker maken. (…)” 

“Aansluiten bij de genen van de Friezen?” By soks moat ik altiten tinke oan de grapjeierij fan ien as Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869), dy’t hawwe woe dat de Friezen oarspronklik út Yndië kamen. Mar ja, wy binne goed twa ieuwen fierder. It Fryske fjild leit der wilens in pear slaggen oars hinne. Dat jildt ek foar de sinsnede oer "de genen fan de Friezen”. Dy krijt in ekstra navrante lading, as betocht wurdt dat de titel fan it rapport Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân duurzaam 2040 in fariant is op de yn 1940 ferskynde Fryske heimatroman Groun en minsken fan Reinder Brolsma (1882-1952), dêr’t de skriuwer yn 1941 de troch de Dútsers ynstelde Harmen Sytstra-priis foar krige. Eefkes fierderop komt men yn datselde rapport "Fan de minsken en de grûn" mei de neifolgjende en allike ‘fleurige’ passaazje op ’e lappen: “De vraag of de Fries moet, wil en kan veranderen is niet eenduidig te beantwoorden. Het kan zeker wel, maar dan moeten de prikkels tot verandering raken aan de Friese ziel en het achterliggende oergevoel. Anders gesteld, dan moeten de prikkels geaard zijn in de Friese kernwaarden van water, natuur, ruimte, vrijheid en onafhankelijkheid, taal, cultuur en historie.”  [kursyf, e.h.]

histoarysk besef

It giet yn dizzen om in maatskiplik nuodlik ûnderwerp. Fansels is it net sa dat de nije swarte learzens de provinsje yn marsjeard binne. Nee, dêr giet it net om. Wêr’t it al om giet, is de terminology dy’t der yn de ferskillende publikaasjes op nei holden wurdt, in taal dy’t sa altemets rare broekhoest jout. Hoe kin dat? Of oars sein: Hoe kin it dat by de diskusje oer de (kulturele) identiteit fan Fryslân alderhande histoarysk swier beladen begripen op it aljemint brocht wurde? Wat is de reden dat der al te maklik foarby sjoen wurdt oan de tekens [de ferwizings] ûnder de taal, sis mar: de kontekst? Hawar, kin der, as Fryslân himsels dan dochs “op ’e nij útfine moat” ek in nije, oare taal útfûn wurde? Ik bedoel, wat mear histoarysk besef oangeande de kar fan de ferskillende begripen en titels, it soe de inisjators en stipers fan Fryslân Kulturele Haadstêd 2018 yn alle gefallen net misstean. Dat skynt yn ’e praktyk fan de 2018-dissipelen lykwols dreech te wêzen. Twa jier ferlyn ûntstie grutte kommoasje doe’t de Provinsje Fryslân it histoarysk sjoen nochal ûnsmaaklike promoasjefilmke Fryslân culturele hoofdstad 2018 meitsje liet, in film wêryn’t op in stuit it bloed troch it hert en de klaai – de grûn – fan Fryslân rint. 

Binne de hjir boppe oanhelle gefallen inkeld ûnhandige, domme en faaks út naïviteit fuortkommende aksidinten? Is der miskien sprake fan in tekoart oan in echte brede fokus, of oars: Is de blik tefolle nei binnen rjochte? Lit yn dizzen bygelyks ris sjen nei de gearstalling fan de Koöperaasje 2018, dy’t ôfrûne moandei  mei de notysje Nocht oan ’e takomst op ’e lappen kaam. De nau mei de stichting Fryslân 2018 ferbûne Koöperatie 2018, dy’t ûnder mear ek te set sil mei it skriuwen fan it bidbook, lês: mei de ynhâld, de ynrjochting en foarmjouwing fan Kulturele Haadstêd 2018, dy groep is, ôfgeand op de ûndertekeners fan de notysje “Nocht oan ’e takomst”, sa blank as de dunen by Appelskea, gjin bûtenlanner yn te bekennen. Mar faaks sit der yn it laadsje ‘e.o.’ (en oaren), dat achter it rychje ûndertekeners stiet, noch in Surinamer, in Marokkaan of in heale Sinees ferskûle. 

Wêr’t it hjir om giet is it fenomeen partisipaasje. De Koöperatie 2018 skriuwt datoangeande dat ien fan har basisprinsipes “het belang van de participatie is, zowel door de kunstenaars als de bewoners.” Dat heart moai en foarnaam. Mar as it by dy partisipaasje om de represintativiteit fan de ferskillende befolkingsgroepen giet c.q. de kulturele en etnyske diversiteit, dan komt dat (dus) net ta utering yn de gearstalling fan de Koöperatie 2018. Yn Ljouwert, mei in allochtoane befolking fan 9,9 persint – der wurde mar leafst 63 talen praat – wenje en wurkje mei-inoar in goed 100 ferskillende befolkingsgroepen, in getal dat foar de rest fan Fryslân in pear slaggen leger leit.[i] Koartsein: bestiet Fryslân KH-2018 ek foar de yn de provinsje Fryslân libjende minsken, mei oare genen? Is der yn de Koöperaasje 2018 ek plak foar minsken dy’t net ta de blanke, autochtoane Fryske elite heare? In skriuwer-keunstner as, krij beet, de koartby mei de Literatuerpriis fan de Europeeske Uny bekroande Rodaan al Galidi – hy wenne jierren oanien yn Fryslân – soe in mear as bysûndere ‘ynput’ hawwe kinne. 

klaas sietse spoelstra
Hoe dan ek, ek by de gearstalders fan it rapport “Fan de minsken en de grûn. Toekomstagenda Fryslân duurzaam 2040”, ûndertekene troch ûnder oaren Klaas Sietse Spoelstra – hy is ien fan de oprjochters fan “Stasjon 2018. Leef de ziel van Fryslân” en teffens lid fan de Koöperaaasje 2018 – wurdt it etnysk-kulturele ferskaat binnen de provinsje oersljochte c.q. negearre, sa't bliken docht út de earder út it rapport sitearre passaazjes, wêryn’t dé Fries it primaat hat.

polityk top-down-tinken

Deputearre Jannewietske de Vries hat har 2018-plannen ûnder mear dellein yn de kultuerfizy “Finsters iepen (2009-2012)”. By sa’n titel heart, sa mei ûndersteld wurde, ek de iepen politike en kulturele dialooch, it iepen petear tusken de ferskillende partijen, ynstânsjes en persoanen. Mar hoe iepen steane dy finsters werklik? Wêrom wurdt in kritikaster as Huub Mous, de fleurige nar fan Fryslân dy’t wolris in krityske noat oer de KH-2018 sjongt, te ferstean jûn dat der ophoepelje moat? Abe de Vries, lid fan de Koöperatie 2018 en ien fan de skriuwers fan it bidbook foar KH-2018, seit plan-út dat de neffens him “twiveleftige figuer” Mous “opsokkebalje” moat, in tiidwurd dat synonym is foar “oprotte” of “opsoademiterje”. De Vries skrillet der net foar tebek en spylje yn dizzen de etnyske kaart: “As je sa’n grouwélige hekel ha oan alles wat mei Fryslân yn it algemien, en de Fryske skriuwerij en kultuer yn it bysûnder te krijen hat, wat dogge jo hjir dan? (...) En mocht de oanwêzigens fan jo rju eale persoan yn dizze provinsje dochs safolle ynfloed ha op jo net te betwingen drang ta it publisearjen fan baggerstikjes? Sokkebalje dan asjeblyft op nei in miljeu dêr't jo folle better thúshearre.” [Ut: ‘Mous,sokkebolje asjeblyft op! […] Wat dogge jo hjir?’]

Dep. Jannewietske de Vries
Yn it ferlingde fan dizze oprop ta it smoaren fan it krityske tsjinwurd, leit ta in hichte ek it negearjen fan it publike debat troch deputearre Jannewietske de Vries. Hie de deputearre yn de provinsjale kultuerfizy “Finsters Iepen 2009-2012” noch de ambysje om “iepen te stean foar de wrâld om ús hinne”, no’t de kniper op ’e skine komt, – moarn moatte de Fryske Steaten kedize oer it ferfolch fan Fryslân 2018 – no rint De Vries wei foar it debat oer KH-2018. Dat hie justerjûn (19-12) wêze sillen yn it debatsintrum De Bres yn Ljouwert. “Ze voelt er niets voor,” lit in wurdfierder fan De Vries witte, “debat hoort thuis in straten."[ii] Is dat, is dat faaks de yllustraasje fan in rücksichtlos Frysk polityk top-down-tinken? 

De kâns om Fryslân yn 2018 Kulturele Haadstêd fan Europa wurde te litten, dy kâns moat fansels – io vivat – net fersokkeballe wurde. Minsken as Sjoerd Bootsma, Jacco de Boer, Harmen van der Hoek c.s. hawwe mei in muldissiplinêr festival as Explore the North, ûnderdiel fan it Fryslân 2018-gebeuren, sjen litten dat se fantastyske dingen begûchelje kinne. Mar mei it each op de bytiden bline polityk en de sa altemets wat al te prekêre taal yn en om it festijn Fryslân KH-2018 hinne driget it sirkus út te rinnen op it âlde spultsje dat seit: - Fryslân is altyd swier mar sil nea net bernje!  


Eeltsje Hettinga, 20 desimber 2011




[i] boarne: gemeente Leeuwarden, Liesbeth Wiersma, beleidsadviseur Integratie en Inburgering
[ii] boarne: Liwwadders (www.liwwadders.nl)

vrijdag 11 november 2011

De Gysbert 2011: in banaal Bewegersrapport


Willem Verf by de betinking fan de Slach by Warns

“Utjouwers en bestjoerders fan ynstitúsjes dy’t yn sjuery’s sitte: Kin net,” merkt ES op yn in reaksje by in stik oer de Gysbert Japicxpriis 2011 op it bloch fan de Seedyksterfeartfisk (09-11). It is in konstatearring dy’t hout snijt. De foarsitter fan de Gysbert-sjuery 2011, skriuwer en Frysk Beweger Willem Verf, is yn alderhande bestjoers- en oerlisorganen behelle, ûnder oaren yn it bestjoer fan Tresoar, wylst datselde Tresoar, mei kultuerdeputearre Jannewietske de Vries as bestjoersfoarsitter,  besteld is mei it oansykjen fan kandidaten foar de Gysbert-sjuery, in saak dy’t dien wurdt yn ’e mande mei de Fryske Akademy, konkreet: mei Piter Boersma, skriuwer, leksikograaf en Frysk Beweger. 

Oan de betingst fan in beskate ôfstân ta it literêre fjild, dêr hat men sa’t skynt net folle boadskip hân, teminsten, dit jier wienen der gjin sjueryleden fan bûten Fryslân, sa’t dat by de gearstalling fan eardere Gysbert-sjuery’s faak wol it gefal wie. Fan datoangeande hie de Gysbert-taspraak fan deputearre Jannewietske de Vries, de frou achter it adagium ‘Finsters iepen’, in moai dûbele ynslach, want, sa seit De Vries yn har wurd by de útrikking fan de Gysbert oan Durk van der Ploeg: “Doch ris wat oars, ferlit jim eigen, feilige terp. Sykje nije foarmen fan gearwurking, mei minsken en organisaasjes dy’t miskien net foar de hân lizze.”

It rapport fan de sjuery fan de Gysbert-2011 hat in heech Bewegersgehalte. Sterker: út it as brief stelde skriuwen docht bliken dat Bewegers fan it slach Willem Verf net by steat binne om literatuer en Beweging út inoar te hâlden. Sa likernôch trijekwart fan it sjueryrapport giet oer oare saken as it bekroande wurk fan Durk van der Ploeg. Mar ja, soks liket Bewegers eigen: gjin gelegenheid of der moat in Fryske preek en skeet dien wurde. Yn dizzen giet it bygelyks om in hiele trits fan oanrikkemandaasjes oer de manier wêrop’t it oars en better kin mei it ferskynsel Fryske literatuer, yn it bysûnder mei de Fryske literêre prizen. Mar sûnt wannear is it de taak fan in Gysbert-sjuery om, sis mar, oer it literêre lyk fan de laureaat hinne, soksoarte Bewegersrapporten op te stellen? Wêrom bout in Gysbert-sjuery harsels om ta in ferkapte politike advyskommisje?

Oer de literêre kritearia op grûn wêrfan it wurk fan Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis 2011 taskikt is, krijt men net folle te hearren. Ja, platitudes fan it kaliber ‘in grut oeuvre’, ‘ferskaat oan ferhalen’, ‘in heech nivo’, mei fierders banaliteiten fan it alloai ‘hy skriuwt al fyftich jier’, ‘hy skreau mear as tritich boeken’ en oare hollerombom. De neamde begripen en útspraken wurde yn it sjueryrapport net of amper taljochte, om it oer alle oare omisjes mar net te hawwen. Oer de ûntjouwing yn it oeuvre fan Van der Ploeg? Gjin wurd. Oer de poëzy dy’t Van der Ploeg sa by de jierren lâns byinoar skreaun hat? Gjin wurd. Oer de twatalichheid fan de skriuwer? Gjin wurd. Oer Van der Ploeg syn plak binnen ‘it literêre fjild’ (Bourdieu)? Gjin wurd. Ensafuorthinne. It smyt de fraach op hoe kapabel dizze Gysbert-sjuery west hat.

Yn it artikel 'Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitúsjonalisearring' (de Moanne, 11-10) is steld dat kultuerdeputearre Jannewietske de Vries yn de nije kultuernota, dy’t wilens al mear as in jier op him wachtsje lit, in ferheging fan it prizejild foar de Gysbert Japicxpriis fêstlizze sil. De Vries joech by de útrikking fan de priis yn Boalsert al fêst in foarskot, dat is te sizzen: it prizejild wurdt mei 5000 Euro ferdûbele. Pet ôf. Mar by neier ynsjen blykt dat presintsje dochs fierhinne in sigaar út eigen doaze te wêzen. In triomfantlike deputearre De Vries: “It bedrach kin brûkt wurde om in titel út it oeuvre fan de winner oer te setten yn it Nederlânsk.” Dat is net it earjen fan in skriuwer, nee, dat is it (fer)hoerearjen fan in skriuwer.

Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries
It belied fan Jannewietske de Vries en dat fan steatssiktaris Halbe Zijlstra, it past elkoar yn dit stik fan saken as broek en festje. Skriuwers moatte as keunstner de eigen broek mar ophâlde. Oftewol: As jo jo wurk oerset hawwe wolle, bêste mynhear Van der Ploeg, dan betelje jo dêr sels mar foar. In soartgelikens belied krije de literêre media optsjinne. It Letterenfonds mei fan it ministearje bygelyks gjin tydskriftbelied mear ûntwikkelje, de jildlike stipe oan papieren literêre blêden hâldt op. Dat giet fan Tirade oant en mei blêden as Ensafh en de Moanne. Foar de produksje fan essays, kritiken en resinsjes bygelyks, de sekundêre literatuer dus, sille de gefolgen desastreus útwurkje. Party skriuwers fan dizze sekundêre literatuer, minsken dy’t trochstrings toch al minder betelle krije as in koely yn in tankerskip, sil nóch minder oanstriid hawwe om har ta dit op himsels absolút needsaaklike wurk te setten. Dat euvel hat ek mei (!) in reden west dat in foar Trinus Riemersma ornearre jubileumbondel mei essays, kritiken en opstellen oer syn wurk der noait net kaam is. Sa earet dit lân syn skriuwers, sa ferhoerearret dizze provinsje syn literatuer. 

Hoe’t it lanlike belied fan Halbe Heale Soal Zijlstra útwurkje sil op provinsjaal nivo, dat bliuwt foarearst rieden. It wachtsjen is op de nije, lang bide provinsjale Kultuernota, foar de skriuwers yn Fryslân hooplik net ferpakt yn de wolbekende eigen sigaredoaze.