woensdag 20 februari 2013

Tomas Tranströmer – 'Gogol' – Stimmen 7


‘Mijn gedichten zijn ontmoetings-plaatsen… Wat er op het eerste gezicht als een confrontatie uitziet, blijkt een verbinding te zijn,’ skreau de Sweedske dichter Tomas Tranströmer oait yn in brief oer syn eigen wurk. Syn poëzy beweecht him op de grins fan in bewuste en ûnderbewuste werklikheid. De oergong tusken beide wrâlden lit him net altiten like goed ôfbeakenje, sterker, se rinne gauris yninoar oer. De tsjinstellings blike faak skynber. (Sjoch fierders ek - klik hjir - de nije webside eeltsje hettinga).

Wat Tranströmer syn poëzy sa ynnimmend en yngeand makket, is syn oerweldigjende fisuele kracht. Imazjinêr. Der sit in surrealistysk elemint oan syn gedichten, mar de wize wêrop’t de dichter syn bylden delset, is folle minder frijbliuwend as dy fan in protte surrealisten.

Ze delven de stad op. Maar nu is het stil.
Onder de olmen op het kerkhof:
een lege graafmachine. Zijn schoep tegen de grond -
het gebaar van iemand die aan tafel in slaap gevallen is
met zijn vuist voor zich uit. – Klokgelui.

Fan dizze strofe, de fjirde út it gedicht ‘Nachtdienst’, te finen yn  de bondel Nachtzicht (1970), sei de dichter yn in radio-ynterview dat it om in byld fan in tsjerkhôf yn de stêd Västeråsgyng gyng. ‘It wie fuortby de katedraal, dêr’t se dwaande wienen mei it opgraven en reparearjen fan in stien. Ik stie dat allegearre op te nimmen, de olmen op it hôf, in lege graafmasine, en doe in byld fan ien dy’t oan it taffeltsje yn in kafee yn sliep fallen wie en dernei dy it let fan klokken, wylst ik der stie te sjen.’

De rigels sels binne glêshelder en sa konkreet as it mar kin en dochs sit der, ienfâldich as se steld binne – der komt yn de foarm bygelyks gjin eigenskipswurd oan te pas – wat oerdonderjends yn. It is de kombinaasje fan skynber tsjinstelde bylden dy’t it gehiel in magysk elemint jouwe. Der is sprake fan in frjemdsoartige gearhing dy’t him by al syn ferrifeljende ienfâld net daalks tsjutte lit.
.
Nobel
.
By de migraasje fan myn dokuminten nei myn Apple-kompjûter kaam ik tal fan oersettingen  tsjin, ûnder mear in ferfrysking fan Tranströmer syn gedicht ‘Gogol’. De omsetting komt út deselde tiid as de ferfrysking fan it gedicht ‘In de open lucht’, opnommen yn de by Bornmeer ferskynde bondel Wrâld, finster, gedicht. [De moaiste fersen út de wrâldliteratuer útkeazen enoersetten troch 30 Fryske dichters].
.
Yn de ynlieding by dy blomlêzing (2004) wie ik fan betinken dat ‘it my net fernuverje soe as Tomas Tranströmer it of oare jier mei de Nobelpriis bekroand wurdt.’ En wrachtich, dat kaam noch út ek, sij it dat ik mei de foarsizzing sels in pear jier te gau wie. De Sweedske dichter krige de Nobel yn 2011.

Nijsgjirrich oan it gedicht ‘Gogol' - it komt út de sammelbondel Het wilde plein. Gedichten 1948-1990 (s.11) mar is ek te finen yn de  antology De herinneringen zien mij (s. 12),  is it personale perskpektyf dat ôfwiksele wurdt mei de apostrof, de twadde persoan dy’t brûkt wurdt om in tusken heakjes steld kommentaar te jaan: ‘Petersburg hâldt deselde  breedtegraad as de ferwoesting / (seachst de skiente yn de brike toer)’. By syn besykjen om him ta de earmhertige en erbarmlike sitewaasjes fan de portrettearre Gogol te ferhâlden, ropt it lyrysk subjekt lang om let yn de hjittende foarm út: ‘Dat, klim yn dyn wein fan fjoer en ferlit it lân!’

Foar de oersetting fan it gedicht ‘Gogol’ haw ik sawol de Nederlânske oersetting fan Bernlef brûkt as de oarspronklike Sweedske tekst om dêryn gewaar te wurden hoe’t it krekte ferrin fan it metrum en ritme is.

Gogol


De mantel rudich as in wolvepels.
It antlit as in marmerflinter.
Sit mei brieven om him hinne yn it strewel gûnzjend
fan hún en misferstân,
ja, it hert dwerrelt as in stik papier troch de net gastfrije
passaazjes.

No slûpt de sinne-ûndergong as in foks oer dit lân,
stekt yn in flok en sucht it gers yn brân.
Romte tilt op fan hoarnen en kloeren en dêrûnder
glidet de tilbry as in skaad tusken ús heit
syn ferljochte pleatsen.

Petersburg hâldt deselde breedtegraad as de ferwoesting
(seachst de skiente yn de brike toer)
en noch swalket oer de kâlde wenblokken as in kwal
de sloeber yn syn mantel.
En hy, hjir, belape yn syn fêstjen, hie earst in lûdop
laitsjen om him hinne,
lykwols, dy keppels binne al lang ferflein nei streken fier
boppe de beamgrins.

De wiffe tafels fan de mins.
Sjoch nei bûten, hoe’t tsjusternis in molkwei fan sielen merket.
Dat, klim yn dyn wein fan fjoer en ferlit it lân!
.
Gogol

Kavajen luggsliten som en vargflock.
Ansiktet som en marmorflisa.
Sitter i kretsen av sina brev i lunden som susar
av hån och misstag, ja hjärtat blåser som ett papper
genom de ogästvänliga
­passagerna.

Nu smyger solnedgången som en räv
över detta land, antänder gräset på ett ögonblick.
Rymden är full av horn och klövar och därunder
glider ­kaleschen skugglik mellan min faders
upplysta gårdar.

Petersburg beläget på samma breddgrad som förintelsen
(såg du den sköna i det lutande tornet)
och kring nedisade kvarter än svävar manetlikt
den arme i sin kappa.
Och här, insvept i fastor, är han som förr omgavs av
skrattens hjordar,
men de har för länge sedan begivit sig till trakter långt
ovanför trädgränsen.

Människors raglande bord.
Se ut, hur mörkret bränner fast en vintergata av själar.
Så stig upp på din eldvagn och lämna landet!
.
Gogol

Jas sleets als een wolfsroedel.
Het gezicht als een marmervlinder.
Zit omringd door zijn brieven in een bosje dat gonst
van hoon en misverstand,
ja, zijn hart dwarrelt als een papier door de ongastvrije
passages.

Nu sluipt de zonsondergang als een vos over dit land,
steekt in een ommezien het gras in brand.
De ruimte is vervuld van horens en klauwen en daaronder
glijdt de calèche als een schaduw tussen de verlichte boerderijen
mijns vaders.

Petersburg op dezelde breedtegraad als de vernietiging
(zag je de schone in de scheefstaande toren)
en nog zweeft boven de verijsde woonblokken als een kwal
de armzalige in zijn mantel.
En hier, gewikkeld in zijn vasten, hij die eerst was omgeven door
de kuddes van de lach,
doch deze hebben zich allang begeven naar streken ver boven
de boomgrens.

De wankelende tafels van de mens.
Kijk naar buiten, hoe het duister een melkweg van zielen brandmerkt.
Klim dus op je wagen van vuur en verlaat het land!


(Oersetting: J. Bernlef).


http://eeltsjehettinga.nl/

zaterdag 9 februari 2013

It earizer fan Guido Gezelle en in wurd oer Maarten Inghels


Delphine Lecompte
De Flaamske dichteres Delphine Lecompte is fan ’t simmer ien fan de trije grutte nammen op de fyfde kulturele midsimmerjûn fan de Gerben Rypma stichting, ein juny yn Westhim by Blauhûs. By de foarige edysje wienen David van Reybrouck en Maarten Inghels te gast. Flaanderen en Fryslân, dy twa kenne inoarren al eintsje langer as hjoed. Dêrby woe ik it net hawwe oer Frysk nasjonalistyske organisaasjes lykas de groep Frije Fryske Grûn, dy’t mei de (rabiate) eask fan it rjocht op etnyske registraasje en yn it ferlingde dêrfan de winsk om ôfstân te dwaan fan de Nederlânske nasjonaliteit fraachpetearen jouwe - anonym (!) - oan populistyske, rjochts-nasjonalistyske en rassistyske bledsjes as it Flaamske RechtsAktueel.'
.
Op letterkundich mêd moetsje Flaanderen en Fryslân inoar ûnder oaren yn de persoan fan de Flaamske pryster-dichter Guido Gezelle (1830-1899). Hy wie mei it Frysk net alhiel ûnbekend, sterker: yn 1883 skreau er foar syn freonen, dêr’t ûnder oaren de fan komôf Fryske dokter, letterkundige en dialektolooch  Johan Winkler by hearde, in Nijjierswinsk yn it Frysk.

It earizer fan Guido Gezelle 
.
De lêste rigel fan Gezelle syn winskkaart sei: ‘En dêrop rekkenje ik by Jo as ik Jo hjûd “folle lok yn ‘t nye jier tawinskje”.' Gezelle fielde him oan Fryslân besibbe, hy wie derfan oertsjûge dat in grut part fan de Flamingen fan Fryske komôf wie. In bewiis derfan fûn er ûnder mear yn de namme fan syn mem: Monica Devriese. Syn leafde foar it Frysk gong sels sa fier dat er thús oan de lampe in lyts earizer te hingjen hie.

‘Ook ontdekte hij,’ skriuwt Michel van der Plas yn Mijnheer Gezelle, biografie van een priester-dichter, ‘dat zijn grootmoeder van moeders kant tot aan haar dood oorijzers had gedragen, zoals de Friese vrouwen, en hij rustte niet voordat hij zelf zo’n oud-Vlaams hoofdijzertje bezat. Hij hing het aan een arm van de lamp boven de tafel, toen hij, op 28 juni 1883, in zijn huis (yn Brugge, e.h.) een maaltijd gaf waar Winkler bij aanzat – als hommage aan zijn Friese gast.’ (Van der Plas, s. 398.)

Roger Raveel yn museum Belvédère
Benammen op it terrein fan de byldzjende keunst hawwe der bylâns de jierren tal fan kontakten tusken Flaanderen en Fryslân west. In pear foarbylden. Krapoan in heale ieu ferlyn waard by de yn Gint holden Nederlandse Kultuurdagen – it wie 1957 – rom omtinken foar de nei-oarlochske Fryske skilderkeunst op in útstalling, dêr’t ûnder oaren wurk fan Gerrit Benner te sjen wie.

Yn 2007/2008 de koartby ferstoarne skilder Roger Raveel gast by in grutte útstalling fan syn wurk yn Museum Belvédère. Fierders moat yn dit ramt ek Anne Feddema neamd wurde, guon fan syn wurken binne net frjemd oan de doeken fan de grutte Ostender James Ensor. En last but not least, by in galery as dy fan Jeannine de Vries yn Ljouwert wurdt al sûnt jierren romte jûn oan alderlei Flaamske keunstners, fan Yvan Theys oant en mei Roger Raveel. 

Waakzaam
 .
Werom nei de literatuer. Twa jier ferlyn, maaie 2011, helle de Gerben Rypma stifting twa Flaamske skriuwer-dichters nei Sanfurd by de Aldegeaster Brekken: David Van Reybrouck (1971), skriuwer fan ûnder mear de mei de VSB-priis bekroande bestseller Congo, een geschiedenis, en de jonge dichter Maarten Inghels (1988), dy’t yn 2011 syn twadde, ferpletterjend goede poëzijebondel Waakzaam yn it ljocht joech.

Foar krapoan hûndert man yn it lytse tsjerkje oan de Brekken droech Inghels dy jûne ûnder oaren it like oerweldigjende as dearnis meitsjende ‘Zoveel aandacht was u vast niet gewend’ foar, in gedicht, opdroegen oan de Fjetnamees Nguyen Van Kham dy’t twa jier neidat syn ferstjerren, allinnich yn syn appartemint yn Antwerpen, fûn waard fan in doarwaarder dy’t besocht hie om in berch nea net betelle rekkens yn te barren.
 .
Maarten Inghels
It gedicht waard skreaun yn it ramt fan it projekt ‘Eenzame Uitvaart’, in literêr en sosjaal ûndernimmen yn Antwerpen. Inghels is koördinator fan it projekt,  dêr't ûnderskate skriuwers by oansletten binne. Om bar skriuwe se in fers  foar dy minsken dy’t fakentiids folslein feriensume en ferlitten fan alles en elkenien weirekke binne. De tekst sels wurdt op de dei fan de begraffenis oer it fuotljocht brocht, by wize fan lêste groet oan wa’t, lykas by Van Kham, sûnder de bywêzichheid fan famylje, freonen of kunde te hôf komme. 
. .
Kronikeur
.
Yn de bondel Waakzaam, en dan benammen yn de ôfdieling ‘We moeten waakzaam blijven’, tsjûget de dichter Inghels, kronikeur fan in tiid dy’t oer alle boegen troch de (sosjale) media bepaald is, fan in sterk maatskiplik engaazjemint. Hy set fraachtekens by ‘de samenleving’ of, om krekter te wêzen, by de wize wêrop’t minsken mei-inoar ‘samen-leven’. It gedicht hat yn syn soarte sûnder mis wat universeels, al wie it mar omdat it ferskynsel fan it sosjale isolemint in probleem is dat net allinnich mar oan de grutstêd klibbet, mar dat syn gesicht likegoed ek op it plattelân sjen lit. Yn in neakenbuorren as Minnertsgea kin men sa mar, fjouwer jier oanien, dea op souder lizze, sûnder dat famylje, kunde of buorren it opmerkt dat ien der net (mear) is.

De bondel Waakzaam iepenet mei ‘Graag zou ik de kaken opbreken [tot de kaakkramp optreedt]’, in lang proazagedicht, wêryn’t de dichter, woest en ferwoeden en yn in bûnt barokke taal, syn galle spijt oer wat him as maatskiplik abjekt en bryk en grouwélich foarkomt. Dan giet it bygelyks oer de ‘tweeverdieners die over kunst praten bij het zien / van een manden vlechtend vrouwtje in Frankrijk.’, oer ‘de euthanasiepillen als speelgoed waar je om moet bedelen’ of oer ‘het feit dat we God dood verklaarden en mindfulness in de plaats kozen.’ Fan al itjinge wat de dichter-rebel yn dizze maatskippij tsjinstiet, seit it lyrysk subjekt op in stuit: ‘Ik ben niet kwaad’, nee, oars, want net sûnder gefoel foar it fermaaklike by de fakentiids ferûntrêstigjende en makabere situaasjes – neam dat de dichter syn irony – foeget er dêr oan ta: ‘Ik ben een aardig monster.’

Mei syn maatskiplik engaazjemint definiearret Maarten Inghels oan in hichte ta ek syn poëtika. It plak en de posysje dy’t hy de dichter tatinkt, komt it meast pregnant nei foaren yn ‘Er zijn geen blaffende honden meer’. Dêryn is er faak mei in berch irony op ’e tekst oer de poëzy dy’t foarby giet oan wat altiten ien fan de oarspronklike funksjes fan keunst west hat: wach wêze en blaffe, al wie it mar omdat de keunst gjin frijbliuwend spultsje is. De dichter is yn alle gefallen net fan doel en lit himsels ynpakke troch bygelyks de ‘nep-oan-neprace’, sa’t er dy rûnom om him hinne sjocht. Syn opstannichheid trou, docht er it ûnthjit:

(...)

ik haal het hoofd uit de borstkas, 
gun de ribben ruimte, blijf schrijven; 
brieven, opstellen, gedichten, etcetera. 

Ik ben die hond, vergeef mij niet.
 .

Dochs is Inghels net allinne mar de romantyske rebel, sa’t dy yn benammen it earste part fan de bondel Waakzaam nei foaren stapt. Yn fersen lykas it titelgedicht ‘Waakzaam’ hat syn poëzy in hyperpersoanlike en sterk lyryske ynslach. Troch de parallelle opbou fan de ferskillende strofen is it oanbelangjende gedicht de klassike kant neist.

..
 



De dichter moet immer waakzaam
blijven, vooral teder te zijn.
Elke dag voor haar uit de hemel willen vallen,
zorgen dat de jazz zijn spieren minder stram maakt.

Hij moet immer waakzaam
blijven, dat er genoeg verstrooiing
is voor ons hart, wil de dichter zijn verzen
nog kunnen prevelen in het oor van een vrouw.

Hij moet immer waakzaam
blijven, soms zwak te zijn.
Opdat de wind zal winnen van zijn gehoor, hem
zinnen influistert waarmee hij een lichaam

rond zijn vinger bouwt.
Waarna de dichter kan zeggen: o, omarm mij,
ik ben nog niet gauw voorbij.


.
'Ik ben een aardig monster.'.
.
It is dizze yn wêzen ynbannige lyrikus – de fan ferfal en dea dreaune romantikus – dy’t foar in grut part ek de krêft en djipte bepaalt fan de tsien gedichten fan de like rauwe as tearhertige syklus: ‘Het abattoir van het afscheid’, wêryn’t Inghels der net foar tebekskrillet en blaas âlde, deagefaarlike poëtyske wurden as ‘bloed’ en ‘hert’ nij libben yn. Sa draait de dichter yn syn twadde bondel Waakzaam ‘in lytse revolúsje ôf, in lytse, moaie revolúsje,’ om it mei in pear wurden fan Lucebert te sizzen. Hy slachtet, falt, rûzet en sjongt. De dichter Inghels ‘is noch net gau foarby.’
.

SAFOLLE OANDACHT WIENE JO FEST NET WEND
.
Foar Nguyen Van Kham (1954-2010)

 .
De rivier Mekong wie in kier tusken
jo âlde stêd en in oar nimmenslân,
lykwols waard jo in bestimming taskikt
ôfgrinzgje fan noch folle mear, net kend.
.
Mei de bankôfskriften yn ’e hân
ûnderstelden wy dat jo hjir libbe ha
ûnder ús, fjouwer heech, yn in ferrûn
kalinderjier as in himmele fint.
.
Dêr’t generaasjes Egyptenaren jierrenlang
oer it prosedee stinden, waarden jo in mummy
op himsels, net rjocht halich en lizzende
njonken jo bêd, fan it libben ôfkeard.
.
Sân minuten stjoertiid op ’e televyzje,
jo hinnegean waard tsjut yn it sjoernaal,
in kollum op pagina twa yn ’e krante,
safolle oandacht wienen jo fêst net wend.
.
Net noflik fiele wy ús by jo ferdwinen
út argewaasje wurde wy hookstrooks
bettere buorren, jo buorfrou Jenny hie
kofje wollen hie se jo taal kend.
.
Wy hawwe mis west, dat jou ik grif ta, pas
doe’t der gjin jild mear wie waarden jo opmurken.
Sels nei jo swijen, jierren oanien, oer de dea
hinne, hienen wy witte moatten wa’t jo binne..
.
.
ZOVEEL AANDACHT WAS U VAST NIET GEWEND

Voor Nguyen Van Kham (1954–2010)


De rivier Mekong was een naad tussen
uw oude stad en een ander niemandsland,
toch viel u een bestemming te beurt
door meer onbekendheden begrensd.
.
Met de bankafschriften in de hand
vermoeden we dat u hier heeft geleefd
onder ons, vier hoog, in een verlopen
kalenderjaar als een kraaknette vent.
.
Waar generaties Egyptenaren jaren tobden
over het procedé, werd u een mummie
op zichzelf, onwel geworden en liggend
naast uw bed, van het leven afgewend.
.
Zeven minuten zendtijd op de televisie,
uw vertrek werd geduid in het journaal,
een column op pagina twee in de krant,
zoveel aandacht was u vast niet gewend.
.
Ongemakkelijk zijn we van uw verdwijning,
uit verontwaardiging worden we plots
betere buren, uw buurvrouw Jenny had
koffie gewild als ze uw taal had gekend.
.
Wij hebben gefaald, geef ik grif toe, pas
bij het ontbreken van uw geld u opgemerkt.
Zelfs met uw jarenlange zwijgen over de dood
heen, hadden we moeten weten wie u bent.


.
DER BINNE GJIN BLAFFENDE HUNEN MEAR
.
Jonge, ik soe witte wolle, wat makket it de muoite wurdich,
it selssuchtige swijen by de wekflamme fan dyn badkeamerboiler,
by elk prûsten de leafde te preekjen, te prakkesearjen oer it kluchtige fan
foarnammen want hjoed wie ik te wurd in byljende albinohûn op strjitte
dy’t de wratten op syn ballen as braille lies en dêrnei noch altyd net wist
oft wy gedichten oer de moanne skriuwe meie.
.
Jonge, ik soe witte wolle: wat makket it de muoite wurdich om dit libben
langer te lieden, te behurdzjen yn lilkens en troch te skriuwen;
brieven, opstellen, gedichten, dêr’tst dysels yn oanpriizgest en de wrâld
ferachtest, fjochtsje tsjin de ûnferskillichheid, de dagen fan faits divers.
.
Jonge, ik soe witte wolle: wat makket it de muoite wurdich om fierder
te skriuwen oant men dyn debút ferjit bywannear’t
ús finger net mear tsjinnet om nei de moanne te wizen mar dyn fjouwer
lêzers leaver knuffeljunks goegelje.
.
Alle hoop is idel wannearsto út boerderettes wei kwetterfersen de wrâld yn
tsjetterest, dyn gedachten komprimearrest yn in statusbalke as twa,
in essay skriuwst yn hûndertfjirtich tekens. (Ik ken in dichter
dy’t fan syn burd in strik frisselt – der binne gjin blaffende hûnen mear.)
.
Jonge, myn dream is ûnmooglik en bedoarn, alle sweeslaggers binne op drift
yn dizze nep-oan-neprace en wat oerbliuwt is in rym papier
mei it helpleas hingeljen, mar ik beloof:
.
ik helje de kop út it ribbekast, gun de bonken romte, bliuw
skriuwen: brieven, opstellen, gedichten et cetera.
.
Dy hûn, ferjou him net.
.

ER ZIJN GEEN BLAFFENDE HONDEN MEER

Jongen, ik zou willen weten: wat maakt het de moeite waard,
het navelstarende zwijgen bij de waakvlam van je badkamerboiler,
bij elk niezen de liefde preken, piekeren over de potsierlijkheid van
voornamen want vandaag sprak ik een bassende albinohond op straat
die de wratten op zijn ballen als braille las en daarna nog steeds niet wist
of we gedichten over de maan mogen schrijven.
.
Jongen, ik zou willen weten: wat maakt het de moeite waard om dit leven
te blijven leiden, te volharden in boosheid en door te blijven schrijven;
brieven, opstellen, gedichten, waarin je jezelf aanprijst en de wereld
verguist, vecht tegen onverschilligheid, de dagen van faits divers.
.
Jongen, ik zou willen weten: wat maakt het de moeite waard verder
te blijven schrijven tot men je debuut vergeet wanneer
onze vinger niet meer dient om naar de maan te wijzen maar je vier
lezers liever knuffeljunks googelen.
Alle hoop is ijdel wanneer je vanuit de fermette kwetterverzen de
wereld in kweelt, je gedachten comprimeert in een statusbalk of twee,
een essay schrijft in honderdveertig tekens. (Ik ken een dichter
die van zijn baard een strop vlecht – er zijn geen blaffende honden meer.)
.
Jongen, mijn droom is onmogelijk en nefast, alle blaaskaken zijn op drift
in deze nep-aan-neprace en wat overblijft is een riem papier
met het hopeloze gehengel, maar ik beloof:
.
ik haal het hoofd uit de borstkas, gun de ribben ruimte, blijf
schrijven: brieven, opstellen, gedichten et cetera.
.
Die hond, vergeef hem niet.

.
.

dinsdag 5 februari 2013

Poëzybondel Ikader - Mear as de helte ferkocht



PARSEBERJOCHTFan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga binne yn trije moanne tiid mear as de helte ferkocht. Ofrûne wike gong it 160-ste eksimplaar de doar út. Fan de bondel, útjûn troch de stichting Gerben Rypma, waarden 250 stiks printe. De grutste haal die de útjouwer by de presintaasje fan it IKADER-boek, ein oktober yn Blauhûs-Parregea doe’t yn ien klap in lytse santich bondels ferkocht waarden.
.

Hille Faber fan de Stichting: ‘It hat foar ús in aventoer west om dizze útjefte op ’e noed te nimmen. Poëzy is in marzjinale saak, alhielendal yn it Frysk. De útjefte fan IKADER – de bondel is ek te keap is by Museum Belvédère en by galery De Vries yn Ljouwert – docht it merakels. En dat yn in tiid wêryn’t it Frysktalige boek it mear as dreech hat.’

De Gerben Rypma Stichting wie twa jier ferlyn ek ferantwurdlik foar de útjefte fan de súksesfolle, troch Eeltsje Hettinga skreaune biografy Gerben Rypma, de keunstner fan dûbele krús. ‘Fan de 650 boeken dy’t wy dêrfan printsje litten ha, binne noch in 50 stiks oer. Hast in fyfde part dêrfan is nei Amearika en Kanada gien. In soartgelikens risseltaat stribje wy mei IKADER nei.’
Delphine Lecompte

Troch de foarmjouwing fan de bondel – keunstner Sjoerd de Vries makke de tekening foar it omslach – de wize fan presintaasje, de distribúsje en it foardiel dat de stichting in lytse organisaasje is dy’t snel, hurd en linich wurkje kin, rint it mei IKADER as it spoar. ‘As dat sa trochgiet, dan binne wy de oplage dit jier kwyt,’ seit Faber.

De stichting Gerben Rypma is op dit stuit drok mei de tariedings fan de fyfde kulturele midsimmerjûn, diskear yn Westhim ûnder Blauhûs. Op de lêste, yn Sânfurd holden midsimmerjûn wienen de Flaamske kultuerhistoarikus en bestsellerauteur David van Reybrouck en skriuwer-dichter Maarten Inghels te gast.


Foar dit jier hawwe wy trije grutte nammen kontraktearre, ûnder oaren de Flaamske dichteres Delphine Lecompte. Yn 2010 krige se de C.  Buddingh’-priis en in jier letter ‘De prijs voor Letterkunde van West-Vlaanderen’.  By dizze nije edysje fan de midsimmerjûn yn Westhim sil ek de bondel IKADER fan Eeltsje Hettinga te keap wêze.’


Sjoch ek: www.eeltsjehettinga.nl (nijs & aginda)

dinsdag 29 januari 2013

By it wurk fan Koos van der Sloot – It aai as it byld en teken fan tiid syn omgongen



Begjin dit jier, 4 jannewaris, iepene yn  Museum Joure op 'e Jouwer de eksposysje ‘Tijdschalen’ fan Koos van der Sloot. Syn nijste wurk, ek wol 'egg-scapes' neamd, giet foar in part oer tiid syn omgongen. Der binne  de prehistoaryske ynsekten dy’t út see wei it lân op krûpten en der binne de doppen fan aaien dêr’t miggen en maden út op flogge. In oar part fan Van der Sloot syn ‘egg-scapes’ spilet him ôf op de grins fan natuer en technyk, wêrby’t oan de symbolyk fan it aai nije spoaren jûn wurde. Mei assemblaazjestikken as ‘Denkend aan Haskerland’ en ‘Herinnering aan Haskerland’ wurde net inkeld oantinkens ophelle oan Haskerlân (it hjoeddeiske Skarsterlân), mar wurdt ek referearre oan rituelen mei aaien yn âlde, foarkristlike kultueren. Guon heidenen hienen it bygelyks foar de moade en bedobje de aaien fan fûgels en bisten yn de ierde om op dy manier de fruchtberheid fan de grûn fuort te sterkjen.(..) 

De útstalling 'Tijdschalen' duorret oant en mei 14 april.

De zeis

 
As der ien ding is dat net yn it tinken fan byldzjend keunstner Koos van der Sloot past, dan is dat it sizzen: in aai is in aai is in aai. Yn syn assemblaazjes, romtlike konstruksjes, opboud út alderhande soarten fan leechsûge aaien – fan hinne- en kwartelaaien oant en mei Amerikaanske ‘loopeendeieren’ – binne de dingen altyd mear as wat se binne, foaral as dy gearfoege wurde mei bygelyks in lytse, roastige seine of de koperen slinger fan in âld skippersklokje. It binne út soarte universele symboalen, mar Van der Sloot jout dêr in eigen draai oan. It aai stiet net inkeld foar it libben, mar ek foar de dea, de hope, de leafde, it fertriet en sels foar de keunst sels, yn it gefal fan Van der Sloot is dat in keunst dy’t fierhinne yn it teken fan de Tiid stiet.

Tiid, paradoks en sfinks yn himsels, hat mear as ien gesicht. Nim bygelyks Van der Sloot syn wûnderlik assemblaazjestik ‘De Zeis’. Op in ûndergrûn fan read fluwiel binne fjouwer aaien fêstlime. Dwers troch de leechblaasde, symmetrysk njonken inoar opplakte aaien rinne fjouwer tinne keatlingen, dêr’t de kamrêden en it gewicht fan de klok oan hingje. Ferskillende tiden binne hjir foar inoar oer set, oan ‘e iene kant de meganyske, lineêr ferrinnende tiid, wêryn’t de minske it bestean einich en fergonklik wit – it stik hjit net om ‘e nocht ‘De Zeis’ – en oan ‘e oare kant it aai as it teken en it symboal fan oarsprong en nij libben.

De tiden

De tiid fan de klok en aginda’s is, koartsein, net deselde as dy fan de pols, sa’t de tiid fan de monotoane herhelling ek in oare tiid beslacht as dy fan de kreativiteit. Koos van der Sloot rept yn dizzen fan ‘de inerlike tiid’, in begryp dat ek nei foaren komt yn it boek Stil de tijd fan Joke J. Hermsen, de Nederlânske skriuwster en filosoof, mei wa’t er kontakt hat oer in mooglike útstalling fan syn wurk yn Amsterdam. Hermsen – se soe neffens Van der Sloot in learling neamd wurde kinne fan ‘de filosoof fan de Tijd’, de Frânsman Henri Bergson (1859-1941) – set de ynderlike tiid, ek wol neamd ‘la duree’ (it duorjende en it bliuwende) ûnder mear yn relaasje ta keunst en frijheid.

Yn Stil de tijd skriuwt se in passaazje, dy’t yllustratyf hjitte kin foar de manier wêrop’t de keunstner tsjin de ferskynsels tiid en kreativiteit oansjocht.  ‘(...) Door de korst van mechanische handelingen breekt soms de ervaring van de tijd als duur. Dat is wat ons bijvoorbeeld in (dag)dromen overkomt of in de reflectie, de kunst, of in andere ervaringen met een verhoogde concentratie, zoals sporten, erotiek of meditatie, waarbij we het gevoel voor het verstrijken van de lineaire tijd als het ware verliezen. In het belangeloos aanschouwen of het artistieke scheppen krijgt de tijd als duur volgens Bergson meer kans, omdat de schrijver of kunstenaar tijdens het scheppingsproces afstand moet nemen van zijn functioneel handelend ik en in de diepere lagen van zijn zelf moet afdalen, dat net als de duur, dynamisch, dat wil zeggen permanent in wording is. (...) Onze intuïtie voor de duur kan ontwikkeld worden als we onze aandacht ook richten op de muziek, de kunst en de literatuur.’ (s. 62).

Dat binne passaazjes, dêr’t tal fan hjoeddeiske, faak barbaarsk op kultuer besunigjende politisy noch wat fan opstekke kinne, al is der datoangeande fan steatssiktarissen fan it slach Halbe Zijlstra of pleatslike kultuerwethâlders lykas Isabelle Diks – Koos van der Sloot hat it yn dizzen oer ‘Isabelle Niks’  – net folle goeds te ferwachtsjen, omdat se, sa’t skynt, mar ien tiid hilligje, nammentlik dy fan de iendiminsjonale ekonomyske trêdmole.

Sammelsucht

Aaien hawwe foar Koos van der Sloot alles te meitsjen mei syn jeugd op  ‘e Jouwer, doe’t er as jonkje faak allinnich yn ‘e bosk of yn de greiden omstrûpte, op ‘e streup nei fûgels en aaien, in leafhawwerij dy’t him oansette ta it oanlizzen fan in samling. De bringst waard yn âlde skuondoazen ûnderbrocht en dat gyng fan kolibry-aaien, skriesaaien oant en mei eksteraaien. ‘Ik fûn dat fassinearjend, al dy ferskillende kleuren, de aaien fan de klyster bygelyks, dy skalen, prachtich, suver abstrakte doekjes, sa achterôf sjoen.’

Doe’t by er in kessengefjocht mei syn suster troch it ledikant plofte, dêr’t – krák, krák - syn ‘lyts museum’ mei aaien ûnder stie, wie it ynearsten út mei syn samlingsdrift. Dy krige in ferfolch, jierren letter, doe’t er, op reis yn Grikelân, op de merke fan Athene in hurdstiennen aai seach. ‘Ik wie ferkocht, en op ‘e nij daalde it yn my del, de passy foar it sammeljen fan aaien, mar diskear as keunstfoarwerpen,’ fertelt Van der Sloot, thús oan de wenkeamerstafel, mei dêrop in izeren, prachtich strak stilearre hynder fan byldzjend keunstner Willem Lenssinck. It ranke, smelle en moai heechsette objekt rikt omtrint oan in út hinne-aaien opboude kloft wite wolkens, dy’t mei in tin, amper sichtber toutsje oan de soudering ophongen is. Neist de eigen keunst hinget oan de muorren yn dyselde wenromte ek in soad oare keunst, teken- en skilderwurk en grafyk fan minsken as Boele Bregman, Jan (Frearks) van der Bij, Anne Feddema, Pieter Pander en Siety Bosma.

Tusken de bedriuwen troch hâldt Van der Sloot, dy’t net allinne stedeboukundige is, mar ek nearlandikus – hy die de âlde m.o.-oplieding yn Ljouwert – him gauris dwaande mei poëzy, yn it bysûnder mei it skriuwen fan lietteksten. In âlde leafde, nei’t bliken docht. Oait hie er mei de studint medisinen Theo Douma, tsjintwurdich ien fan de twa ‘zingende dokters’, it selskip Theodrama. ‘Ik skreau de lieten. En dat gyng goed.

Op in stuit stienen wy yn Grins yn it foarprogramma fan Herman Brood. Ik skiet omtrint yn ‘e broek, man, ik wie sa senuweftich dat ik neat útbringe koe. Ik wie dúdlik net foar it toaniel, de bühne, makke.’ Nei dat ‘debacle’ – stagefright – beheinde er him ta it skriuwen fan poëzy- en lietteksten. Dat gyng him net min ôf. In pear jier ferlyn noch wûn er in troch it Noord Nederlands Orkest (NNO) útskreaune priisfraach foar lietteksten. ‘It aardige wie, dat myn freondinne, Lies Akkerman – se docht opera – de tekst sjonge koe, tegearre mei it NNO dus.      

De oardering binnen Van der Sloot syn poëtyske assemblaazjes – guon reppe net om ‘e nocht fan ‘beeldgedichten’ – ferriede oant in hichte ta de keunstner syn stedeboukundige eftergrûn. Yn de jierren njoggentich, doe’t er op de ôfdieling Ruimtelijke Orderning by de gemeente Skarsterlân wurke, makke er ûnder mear it ûntwerp foar de bou fan twahûndert wenten, ornearre foar de saneamde wyk Wyldehoarne. ‘Dat wie in min ofte mear postmodern projekt. Oan ‘e iene kant moast it retro wêze en oan ‘e oare kant eigentiidsk. Op in stuit haw ik doe de dakken mei aaien beklaaid, wylst oan de gevels klokken te hingjen kamen.’

It projekt is lykwols mar foar in part útfierd, omdat Van der Sloot, pleage troch sykte, úteinlik it projekt opjaan moast. In skoftlang koe er neat, noch lêze noch skriuwe. Hy sammele keunst en boeken, benammen keunstboeken, en die him it each sêd oan keunstútstallingen. ‘It byld fan de aaien yn kombinaasje mei de tiid bleau my allegeduerigen achteroan sitten. Mar der wie twivel. Doe’t ik op in kear it wurk fan de dichter en byldzjend keunstner Marcel Broodthaers seach dy’t mei stikkene aaien de legens fan de keunst sjen litte woe, doe tocht ik: dat hoech ik net mear te dwaan, hy is my fóar, ek mei it brûken fan it aai as materiaal. Op in stuit haw ik my dêr oerhinne set, omdat myn wurk nei ynhâld en foarm oars wie as dat fan Broodthaers.’

Symboalblinens

De aaien yn it projekt ‘De Zeis’, mar ek yn tal fan oare opstellings fan Van der Sloot binne net inkeld symboalen fan fruchtberheid en nij libben. ‘Foar my steane se ék foar hope en fertriet, keunst en yntuysje, al sjoch ik se tagelyk ek as metafoaren fan de dea. It libben ymplisearret no ienkear ek de dea.’ Gjin niget dat yn it faak dialektysk bepaald wurk fan Van der Sloot, spannend as dat is troch syn kontrasten, gauris de dea opdûkt, lykas yn it assemblaazjestik mei de boartlike titel ‘Commedia della Morte’, dêr’t twa swarte aaien mei twa, letterlik duvelsk boas eagjende gesichten, makke út in pear kartonnen aaidoaskes, de haadrol yn hawwe.

‘It is in persoanlike symbolyk, of lit ik it sa sizze: in foarm fan ferbyldzjen fan in idee troch symboalen,’ seit Van der Sloot. ‘It giet my it ferbyldzjen en net it byldzjen, lykas dat faak it gefal is yn de moderne, suver abstrakt-geometryske keunst. De strakke soberheid fan modernisten lykas Mondriaan is yn essinsje de útwurking fan itjinge dêr’t de kalvinistyske teolooch en predikant Abraham Kuyper oan ‘e ein fan de 19de ieu foar yn de slach wie: in keunst, frij fan plastyk. It symboal, it byld, waard, sis mar, opfette as in stean-yn-de-wei foar de út te dragen idee.’

Geandewei de foarige ieu is der neffens Van der Sloot in beskate ‘symboalblinens’ ûntstien, in oangelegenheid dy’t nochris ekstra fuorre waard troch de leechrin fan de tsjerken en it stadige ôftakjen en ferdwinen fan in religieuze en agraryske kultuer. Beide stienen by âlds stiif fan alderhande, faak mei de seizoenen gearhingjende symboalen. ‘Minsken as Reve hawwe al folle earder oer dizze symboalblinens op ‘e tekst west. Us maatskippij is der wat oanbelanget fiks earmer op wurden.’ It iene en oar hat neffens Van der Sloot ek syn konsekwinsjes foar de wize wêrop’t nei keunst sjoen wurdt.

Ta yllustraasje fan dy stelling hellet er op it atelier yn syn wente yn Ljouwert, in romte dy’t tagelyk ta eksposysjeromte tsjinnet, in pear nije, krekt makke assemblaazjes foar it ljocht: moai harmonieus oardere seelânskippen. De weagen binne aaien, de skippen doazen. Guon sille dizze saneamde ‘eggscapes’ suver klinysk besjen, oaren, mear op ‘e hichte mei de symbolyk fan it skip en it wetter, sille sizze:  ‘Ah, dat is de arke fan Noach, de drager fan it libben’, of ‘Hee, dêr giet it boat dat aanst de deaden de rivieren oer bringt.’  Van der Sloot: ‘Yn de symbolyk stiet it iene foar it oare, it symboal wjerspegelet altiten iets dat boppe it subjekt út giet, faak giet it om iets, yn myn gefal de tiid, dat him net sizze lit, neam dat, it ûnútspreklike.’


Kader

Mei assemblaazjestikken as ‘Denkend aan Haskerland’ en ‘Herinnering aan Haskerland’ wurde yn Museum Joure net inkeld oantinkens ophelle oan Haskerlân, it hjoeddeiske Skarsterlân, mar wurdt ek referearre oan rituelen mei aaien yn âlde, foarkristlike kultueren. Guon heidenen hienen it bygelyks foar de moade en bedobje de aaien fan fûgels en bisten yn de ierde om op dy manier de fruchtberheid fan de grûn fuort te sterkjen. Yn it each rinnend binne de yn fûgelperspektyf delsette lânskippen, dy't foarm krigen hawwe op in ûndergrûn fan bûntkleure stikken skilderspalet. Troch de strakke opstelling en oardering fan de aaien is oan dizze ‘eggscapes’ in moai geometrysk-abstrakt gesicht jûn. Yn oare, allike kleurige lânskippen binne aaien ferbûn mei sjipplaten en elektryske kabels en triedden, wêrfan’t guon, grappich en absurd, dwers troch de aaien hinnerinne. It binne de spanning meitsjende metafoaren fan in lânskip, dat by de tiid (!) lâns allegeduerigen yn ûntwikkeling west hat, feroare as dat is fan in oarspronklik, foargoed ferlern natuerlânskip nei in fierhinne troch de minske en syn technyk behearske kultuerlânskip. 



maandag 28 januari 2013

Rainer Maria Rilke – 'Herbsttag' – Stimmen 5


Portret Rilke - Paula Modersohn-Becker


Herbsttag

Herr: es ist Zeit. Der Sommer war sehr groß.
Leg deinen Schatten auf die Sonnenuhren,
und auf den Fluren laß die Winde los.

Befiel den letzten Früchten voll zu sein;
gib ihnen noch zwei südlichere Tage,
dränge sie zur Vollendung hin und jage
die letzte Süße in den schweren Wein.

Wer jetzt kein Haus hat, baut sich keines mehr.
Wer jetzt allein ist, wird Es lange bleiben,
wird wachen, lesen, lange Briefe schreiben
und wird in den Alleen hin und her
unruhig wandern, wenn die Blätter treiben.


            
Hy wie de dichter fan it mystearje, fan  ûntheisterjend moaie rigels lykas: '(…) Wir alle fallen. Diese Hand da fällt / Und sieh dir andre an: es ist in allen.’, de dichter fan Nietzsche’s deade God, de dichter sûnder heitelân, mar boppe-al de dichter fan de dingen en de bylden: Rainer Maria Rilke. 

Ein desimber 1926 kaam er, krekt ienenfyftich, yn it sanatoarium fan Valmont sur Territet, in gehucht fuort
ûnder Montreux, te ferstjerren. Begjin jannewaris 1927 waard er te hôf brocht yn Raron, net fier út de reek fan datselde Montreux, begroeven ûnder in ienfâldige stien foaroer in hege, grize berchwand.

It krúsbyld op de dichter syn grêf is in jier as wat ferlyn ferdwûn, weihelle, rôve. In goede saak!
Rilke hie oan it begjin fan de foarige ieu  in streek setten ûnder alles wat destiids binnen it kristendom as fanselssprekkend oannaam waard. Hy seach himsels as in agnost, sa’t er dat op mear as ien plak nei foaren brocht hat, ûnder oaren yn syn monografy oer de byldhouwer Auguste Rodin. Mei syn dûnkere en komplekse bylding en syn pessimistyske wrâldbyld is er ‘in soan’ fan Arthur Schopenhauer en ‘in neef’ fan Nietzsche, waans tinken net tocht wurde kin sûnder dat fan ‘fadertje’ Schopenhauer. Rilke syn wurk soe fierders foar in grut part bepaald wurde troch de idee fan de ivich skeppende natoer. (Nei alle gedachten sil Obe Postma - hy makke mear as ien Rilke-oersetting - him yn dat begjinsel werkend hawwe doe't er, ein jierren tweintich, yn de besnijing rekke fan Rilke syn wurk.) Mei it raven fan it krús fan de sark yn Raron is de  dichter Rainer Maria Rilke, koart sein, wol rjocht dien.

Doe't er begjin jannewaris 1927 begroeven waard, wie it  waar slim ‘böse’, stienkâld, om dêr ris sa’n wurd om te sizzen. De Leeuwarder Courant fan dy dagen makke fan syn hinnegean gjin melding - se sliepten dêr doe, sa't skynt, ek al - nettsjinsteande it feit dat ien fan de grutte dichters yn Europa hiinnegien wie. It Leeuwarder Nieuwsblad dêrfoaroer kaam mei in ferstjerrensberjocht dêr't yn nei foaren brocht waard dat "[hij] vooral bekend [werd] als schrijver van de Weise von Liebe und Tod des Cornets Rilke', in boek dat oan it begjin fan de foarige ieu in bestseller yn Europa wie,
hûnderttûzenen eksimplaren waarden der fan ferkocht.

Yn de Fryske literatuer soe Rilke syn wurk relatyf gau oanklang en wjerlûd krije. It tydskrift De Holder publisearre, begjin maaie 1928, in trijetal gedichten út Frühe Gedichte, dêr’t ek it ferneamde Rilke-fers, n
ûmer IX (‘De earme wurden troch‑en‑dei yn ’t lijen.’) by siet. De ferfryskingen wienen fan Obe Postma.

Obe Postma - Oaljeferve Greben Rypma
In jier dêrfoar hie J.P. Wiersma yn it tydskrift It Heitelân oer Rilke syn roman Die Aufzeichnungen des Malte Laurids Brigge (1910) gear west. It wjerlûd fan ‘Malte Brigge’ is te fernimmen yn wat ien fan Postma syn grutte gedichten wurde soe, it yn 1928 publisearre gedicht ‘Wat de dichter witte moat’. ('En as it wêze mocht dat er de nachten net koe, dêr’t Rilke  fan spriek /, En net nêst de frou wie as hja it libben brocht, / Soe it him wat jaan dat er yn syn jonkheid wûnders belibbe hie?') 

Yn de jierren dêrnei sette Postma him oan in lange rige Rilke-oersettingen. Dêr hearde ek ‘Herbsttag’ by, ien fan Rilke syn meast ferneamde en nei alle gedachten ek ien fan syn meast oersette gedichten. It waard letteroan opnommen yn Postma syn Brandenburgh-bondeltsje Gedichten fen Rilke (1933)

Sisyfus


Foar in tal tekstkrityske opmerkingen oer Postma syn oersetting ferwiis ik nei it blogartikel  Celan, Rilke en Postma – ‘Herbsttag’ – Stimmen 4.’ Dêryn lit Geart van der Mear
ûnder oaren syn ljocht skine oer de lêste twa rigels yn de twadde strofe: '(…)  dränge sie zur Vollendung hin und jage / die letzte Süße in den schweren Wein.’ Van der Meer falt benammen oer de omsetting fan it tiidwurd 'jage' nei in yntransityf brûken fan it wurd 'drage': ‘Twing ta folsleinens en lit drage / De lêste swietens yn de swiere wyn.’  Van der Meer is oars net altiten likegoed te sprekken oer Postma syn oersetwurk. Yn it tydskrift 'Wjerklank', in útjefte fan it Obe Postma Selskip, hat er bygelyks sjen litten dat Postma, technysk sjoen, wolris swierrichheden hat mei Rilke syn muzikaliteit.

Postma is net de iennige dichter dy't him oan in ferfrysking fan 'Herbsttag' weage hat, ek Fedde Schurer, Sybe Sybesma en Marten Sikkema hawwe dat dien. Skriuwer-dichter en essayist Jo Smit soarge yn de jierren santich foar in ferzje yn it Midslânzers. Hjirûnder printsje ik fiif ferfryskingen fan it gedicht ôf. Oft it no om de klankrykdom, de rimen of it metrum, Marten Sikkema syn omsetting kin besjen lije. Hy bliuwt mei Postma ek it tichtst by de boarnetekst


De ferfrysking dy't ik sels makke haw, gyng my net licht ôf. Hokfoar fynsten der bytiden ek dien waarden, de konsekwinsjes foar it rym, it metrum of de ynhâld wienen faak sá grut dat ik  lang om let as Sisyfus wer einige dêr't ik begûn wie, ûnderoan yn it dal... Lykwols, de stien is boppe, oftewol: de put is der út.



Hjerstdei

Hear it is tiid. Grut wie it simmertij.
Lis no jins skaden oer de sinnewizers
En op de flakten lit de winen frij.

De lêste fruchten driuw har kostlikst yn;
Jou harren noch twa sudeliker dagen,
Twing ta folsleinens en lit drage
De lêste swietens yn de swiere wyn.

Dy’t no gjin hûs hat, bout it him net mear.
Dy’t no allinne is, sil it lang bliuwe,
Sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En yn ’e loanen sil er hinne en wer
Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe.

Obe Postma, Samle fersen (Friese Pers Boekerij, Ljouwert), 420.



Hjerstdei (Herbsttag)

't Is tiid. De greate simmer is foarby.
Liz oer de sinnewizers, Hear, dyn skaden
en oer de paden jow de winen frij.
  
Jit nou de lêste fruchten folheit yn
gun har noch in pear sudelike dagen
om har nei de foleining ta to dragen
en driuw dyn swietens yn har swiere wyn.

Dy't nou gjin sté hat bout it him net mear.
Dy't ienlik is bliuwt ienlik. Hy sil hifkje,
weitsje, hwat lêze, lang omstannich briefkje
en ûngeduerich dwale om hûs en hear
as brune blêdden troch de leanen drifkje.
     
Fedde Schurer, (yn: De Tsjerne, VI, 1965), s 21.


Hjerstdei

Hear it is tiid. De simmer wie net earm.
Liz Jo Jins skaed op oan de sinnewizers,
En lit oer miede de fjild de winen gean.

Jit no de lêste fruchten rypdom yn;
bied harren jit twa sudeliker dagen,
Pres har ta waeksdom, driuw mei laech op lagen
de lêste swietens yn de swiere wyn.

Hwa’t no gjin hûs hat, bout him net mear ien.
Hwa’t no allinnich is, sil it lang bliuwe,
sil wekker lizze, lêze, brieven skriuwe,
en yn ’e leanen fier fan elkenien
omdoarmje as troch de loft de blêdden driuwe.

Sybe Sybesma, En marge (Bosch & Keuning, Baarn, 1978), 35.


Hjerstdei

Hear it is tiid. De simmer wie in pracht.
Lis no jo skaad mar oer de sinnewizers
En jou de winen oer it gea de macht.

Twing no de lêste fruchten ripens yn;
jou harren noch twa súdeliker dagen,
lit har de gloed fan folsleinens drage,
jei lêste swietens yn de swiere wyn.

Dy’t no gjin hûs hat, bout him gjinnent mear,
dy’t no allinne is, sil it tiden bliuwe,
sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En troch yn ’e loanen swalkje kear op kear
wylst fleagen wyn de blêden fierder driuwe.

Martin Sikkema (De Strikel, nr. 12, 1991), 23-24.


Hjerstdei

Hear: it is tiid. De simmer wie yngoed.
Lis no jins skaden op e sinnewizers,
en oer de wyngerds blaas de wyn syn lûd.

Skink de einfruchten alle follens yn.
gun har jit in súdliker dei as twa,
twing har foarmen ta it folsleine en laadt
in lêste waarmens yn de swiete wyn.

Wa't no gjin wente hat, set him gjint mear.
Wa’t no iensum leit, sil lang dat bliuwe,
sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
en sil yn ienlike ûnrêst troch hear
e
n hôven gean, wannear’t de blêden driuwe.

Eeltsje Hettinga