met:
Jochem Hamstra, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema en Tjibbe Hooghiemstra
Op
donderdag 4 april vanaf 19.30 uur bent u welkom op een informele avond waarbij de Friese dichters Eeltsje Hettinga
en Anne Feddema voordragen uit eigen werk. Zowel in het werk van Hettinga als Feddema speelt de beeldende kunst een grote rol.
De huidige exposanten Jochem Hamstra
en Tjibbe Hooghiemstrazijn deze avond aanwezig en nodigen u uit met hen in gesprek te gaan over hun tentoongestelde werk.
Om
te voorkomen dat u vergeefs naar Gorredijk komt vragen we te reserveren via
0513 465178 of via info@galeriehoogenbosch.nl
Yn Museum Belvédère is op dit stuit wurk te sjen fan Paula Modersohn-Becker (1876-1907), ien fan de grutte foarrinders fan it Dútske ekspresjonisme, sa’t dat begjin 1900 gesicht en foarm krige...
Sjoch foar dit artikel ek de website fan (klik hjirre) Eeltsje Hettinga.nl Skriuwer-sjoernalist Abe de Vries is bytiden de rûge kant neist as
it om syn skriuwen oer poëzy giet. Babs Gezelle Meerburg murk dêr oait
oer op: ‘It bewizen fan literêre ynfloeden is in prekêre saak en
fereasket tige krekt ûndersyk. (…) Abe de Vries is soms te min
fundearre, te sjoernalistyk en te ropperich.’
De Vries wol noch wolris in loopke nimme mei de feiten, wat fan dy gefolgen is - ik neam yn dizzen bygelyks de ynlieding by - klik hjir -de blomlêzing Het goud op de weg – dat syn literêr-histoarsyk ûndersyk net altiten like betrouber is. Dat lêste docht, spitigernôch, ek bliken út de earste ôflevering fan de nije poëzyrubryk dêr’t it tydskrift de Moanne
mei útein set is, in rubryk fersoarge troch Abe de Vries.
Op syn smelst
Haadredakteur Ernst Bruinsma hat der wilens, sa’t skynt, gjin muoite mei dat
immen dy’t poëzy besprekt foar it Friesch Dagblad en it digitale tydskrift de Contrabas soks ek nochris foar De Moanne docht.
De haadredaksje hat blykber gjin ferlet
fan in breed ferskaat oan besprekkers. Spitich, no giet soks ta eare fan
it âld adagium: Fryslân op syn smelst. It is de ‘rûme blik’ fan in
wilens hurd achterútbuorkjend tydskrift. (Treurich djiptepunt yn it lêste skriftlike nûmer fan De Moanne: sân, ja, sân, pagina’s oer in brieveboek fan Jan Mankes.) It roppen fan it sittend laach dat
‘Fryslân en har kultuer út de stolp helle wurde moatte’ (Goffe Jensma),
dat heart manjefyk, mar as men dêr dan sels it alderhurdst op sitten
bliuwt, nee, dat jout ek it poëzybesprek yn Fryslân fansels gjin lucht.
Nei oanlieding fan De Vries syn ôflevering ‘Gedichten lêze yn it ramt fan de bondel’ is de redaksje fan de Moanne ûndersteand skriuwen dien: ‘Wêr hast it wei, in antwurd oan Abe de Vries.’
De Vries skriuwt: ‘Cape Cod wie it reisdoel fan de konseptueel byldzjend keunstner Bas Jan Ader (1942-1975), dy’t yn syn lêste libbensjier yn in sylboat de Atlantyske Oseaan oerstekke woe mar ûnderweis weirekke.’
Dat ûnderstelt dat Ader út Europa wei de Oseaan oerstutsen is. It is krekt oarsom. De reis sels wie it twadde part fan it projekt In search of the miraculous, in trijelûk. It earste part dêrfan krige syn gerak yn Los Angeles. It twadde part moast de syltocht oer de Oseaan wurde. It tredde part soe ôfsletten wurde yn Nederlân (Grins).
It gedicht ‘Op ’e tonge fan it lân’, it fyfde út de rige 'Ikader' (s. 30-37), is trouwens skreaun nei oanlieding fan it út 1973 (!) datearjende fotoprojekt ‘II Untitled (The Elements)’, dêr’t Ader himsels fotografearje litten hat op in stel rotsen oan see. Hy stiet mei de rêch nei it wetter dat him omtrint by de boksen op spat, wylst lêst er de krante.Der is ek oar fotomateriaal fan dyselde sêne, ûnder mear mei in tusken it stiente set boerd dêr’t ‘Fire’ op te lêzen stiet.
No is it sa, dat fan in lêzer of resinsint net ferwachte wurde kin dat hy/sy ek alle keunstprojekten fan in keunstner dy’t yn in poëzybondel nei foaren komme, kenne moat.
Faaks hie ik yn dit stik fan saken, achter yn Ikader, in oantekening oer it fotoprojekt ‘II Untitled (The Elements)’ opnimme moatten.
Wa’t lykwols op grûn fan bûtentekstuele gegevens ta in ynterpretaasje fan poëzy besiket te kommen, dy sil by de opbrochte feiten net allinne sa folslein mooglik wêze moatte, mar sil ek soargje moatte dat dy gegevens lykstrike mei de werklikheid, oars kinne ynterpretaasjes misrinne.
Bywannear’t Abe de Vries dan bygelyks skriuwt: ‘Yn boppesteand gedicht heart in ik-dichter it nijs oer it lot fan Ader (…)’, dan sis ik mei Tiny Mulder silger: 'Wêr hast it wei?'
Om koart te kriemen, de beneiering en ynterpretaasje fan in tekst op grûn fan bûtentekstuele gegevens kin bytiden gâns wat oars opsmite as dy op basis fan bygelyks foarmen fan close reading.
Eeltsje Hettinga
OP ‘E TONGE FAN IT LÂN
Op de tonge fan it lân lêst in man de krante,
de siden iepenslein, as soe er op flerken.
Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see,
seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod.
Under de spotslach fan weach en ivichheid seit
healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’.
Allyk brieven rûgelen fûgels de baai oer.
Oan wûnen de tijen fan wat him net neame liet.
Op ‘e rotsen lies in man it nijs en waard wei,
rûs yn de djipte fan in Niks. Hiel it hielal sliepte,
bewuolle yn rook fan fisk en fal, skulp en kriik.
Heger driuwt de tiid it tij, oant alles swijt.
Fan skilder-byldhouwer Siep van den Berg, dy’t hûndert jier ferlyn berne waard yn it lytse, oan de Frjentsjerfeart ûnder Reahûs lizzende gehucht Tirns, ferskynt oare jier in omfangrike biografy, skreaun troch Simon Deinum. Han Steenbrugge, direkteur fan Museum Belvédère, dy’t yn 1998 tegearre mei Wim Crouwel it boek ‘Siep van den Berg sinds 1913’ skreau, is fan doel om yn 2015 in grutte oersichtstentoanstelling oan it wurk fan Van den Berg te wijen.
Siep van den Berg (1913-1998) wie fyftjin doe’t er nei Grins sette om dêr in oplieding ta hús- en dekoraasjeferver te dwaan. It soe allegearre oars beteare. Nei syn ambachtskoalletiid naam er tekenlessen by skilder Jan Altink, dy’t yn de jierrren tritich les joech oan Akademy Minerva en dy’t lid wie fan it Grinzer skilderskollektyf De Ploeg. By Van den Berg syn âlden yn Tirns gie de stoarmbal omhegen, doe’t se fan syn tekenfratsen hearden: Hy wol keunstner wurde, mar dát is de bedoeling net…
Grins - Paris - Amsterdam
Van den Berg dy't yn 1943 mei Fietje Werkman troude - se wie de dochter fan skilder-keunstner Hendrik Nicolaas Werkman, ‘de drukker van de Ploeg’ - hold der yn dy jierren, tegearre mei Oscar Gubitz it reklameburo ‘De Sleutel’ op nei en soe letter, nei de oarloch, ien fan de sintrale figueren yn it Grinzer keunstlibben wurde.
As skilder wurke er net allinne yn Grins – hy hie syn atelier yn ‘De Theekoepel’ yn it Grinzer Sterrebos – mar wenne yn de jierren tusken 1947 en 1950 ek in skoft yn Paris, dêr’t er teken- en byldhoulessen folge oan de Académie de la Grande Chaumière, wylst er fanôf 1954 ek in atelier yn Amsterdam oanhâlde soe, yn in pand oan de Brouwersgracht, dêr’t ik yn de jierren tachtich en njoggentich gauris by him oer de flier kaam.
Van den Berg wie ek de man dy’t Gerrit Benner ‘ûntdekte’. In jier nei de oarloch soarge er derfoar dat de skilder, dy’t doe noch yn de Verstolkstrjitte yn Ljouwert omheukere en dy’t der yn de stêd in winkeltsje yn galanteryën op neihold, in útstalling yn Grins krige. Skriuwer-dichter J.B. Charles (pseudonym fan de kriminolooch Willem H. Nagel) die in ynleiding.
Op rieden fan Van den Berg hienen ek twa ‘Amsterdamske rovers’, Karel Appel en Corneille, in reis nei Fryslân dien om by Benner op ‘it atelier’ te sjen. De hearen wienen ferplettere.
Tegearre mei Gerrit Benner syn mecenas, de Ljouwerter sjirurg dr. H.L. Straat, rikkemedearre Van den Berg de skilder fan ‘de paardjes, ruiters en wolken’ by direkteur Willem Sandberg fan it Stedelijk Museum oan. Doe’t Appel yn 1953 nei Paris sette, krige Benner op oanstean fan Van den Berg it atelier yn Amsterdam, sterker: mei troch de keunstpromosjonele aktiviteiten fan it duo Van den Berg en Straat soe Benner yn datselde jier 1953 syn earste tentoanstelling yn it ‘Stedelijk’ krije. It relatyf grutte kultureel isolemint fan Fryslân dêr’t er jierren oanien yn opsletten west hie, koe dêrmei foargoed farwol sein wurde.
‘Niks, mar ik stean der wol achter.’
Yn de jierren fyftich makke Siep van den Berg as skilder de omslach nei it konstruktivisme, of leaver sein: nei de abstrakt geometryske keunst. Keunsthistoarikus en musemdirekteur Jos de Gruyter sei yn 1958 by de útstalling 35 jaar moderne kunst in Groningen: ‘Siep van den Berg acht alle schilderachtigheid uit den boze en houdt van helderheid en kantigheid: decoratief vervlakte scherp constrasterende kleuren, strakke lijnen en hoekige ritmen die nochtans een gevoel van harmonie oproepen.’
Yn ien fan de mannich fraachpetearen dy’t ik bylâns de jieren mei Van den Berg hân haw, waard him in kear de fraach foarlein wat oft syn absrakte keunst no krekt foarstelde. It antwurd stiet my noch by as de dei fan juster: ‘Niks, mar ik stean der wol achter.’
Van den Berg waard yn 1966 troffen troch it syndroom van Guillain-Barré, in senuwsykte dy’t him heal ferlamje soe. In foech tsien jier wie er út ’e roulaasje. Yn dy tiid makke er, troch need twongen, ‘druksels’ (rijmprenten) by gedichten, ûnder oaren fan Lucebert, Adriaan Roland Holst en Gerrit Achterberg.
Fan de lêste koe er omtrint it hiele oeuvre út de holle. Hy hie in ûnthâld as in dyk. Doe’t ik op in middei by him op it atelier yn Amsterdam kaam, tocht ik: Lit ris sjen oft er fan Achterberg ek it gedicht ‘Verdemen’ ken.
‘Verdemen, wat seist dêrfan,’ frege ik.
Hy siet op de kruk foar de ezel, seach oer it skouder – fjoer spatte him omtrint út de oele-eagen – ‘Verdemen?’, sei er – rjochte doe de rêch en sei sûnder ek iennich stammerjen út ‘e bleate kop Achterberg syn fers op. ‘Er staat Verdemen aan de spoorlijn van / Arnhem naar Utrecht komende (...)’.
Itselde grapke haw ik letteroan nochris úthelle, mar doe mei it gedicht ‘Thebe’. Van den Berg tikke trije kear mei de kuierstôk op de stiennen flier, skrabe him de kiel en rattele it fers derút, as wie it niks, alles by heart, ynbegrepen dy lêste fenomenale strofe: ‘Een taal waarvoor geen teken is / in dit heelal, / verstond ik voor de laatste maal. / Maar had geen adem meer genoeg / en ben gevlucht in dit gedicht: /noodtrappen naar het morgenlicht, / vervaald en veel te vroeg.’
Blauhûs
Letteroan kamen wy inoar noch wolris tsjin yn Tirns, syn bertedoarp - Van den Berg die it plak
yn de jierren tachtich it skulptuer ‘Libbensline’ kado - of soms yn
Blauhûs, dêr’t in broer fan him in smidte en lânboumeganisaaasje-bedriuw
hie en dêr’t wy op in middei op it terras ûnder de linebeammen foar de
kroech ûntdutsen dat wy yn ’e fierte famylje fan elkoar wienen. Dat
fernuvere trouwens net werklik, ommers, beide wiene wy fan roomske
komôf; beide kamen wy út deselde kriten, dy fan Blauhûs-Boalsert-Burchwert-Reahûs.Hie ik ynearsten myn bewûndering foar it konstruktivistyske wurk fan Siep van den Berg, geandewei de jierren belune dat en lang om let krige ik dêr myn nocht fan: elke kear mar wer it ferhaal oer de Idee achter it wurk te hearren, dat gyng op in stuit yn it neidiel fan it genot fan it sjen sels, it estetysk genot.
It kin net ûntkend dat Siep van den Berg in mear as wichtige rol spile hat yn it ‘noardlike’ keunstgebeuren. Hy wie jierren oanien de keunstknier tusken Grins-Ljouwert-Amsterdam. Hy hie al gau yn ’e rekken dat it saak wie om net yn Fryslân hingjen te bliuwen. Dat wie ek de les dy’t er Gerrit Benner foarhold, en mei súkses. Yn dit stik fan sakenliket der net folle feroare, no’t in soad jonge, talintfolle keunstners Fryslân de rêch takeare, om bygelyks nei Rotterdam te gean of nei Berlyn.
Huub Mous einiget syn boek De kleur van Friesland, Beeldende kunst na 1945 mei it sizzen: ‘Tot slot rijst de vraag wat Friesland vandaag de dag nog daadwerkelijk te bieden heeft aan talentvolle beeldende kunstenaars,’ in fraach dy’t by him opkaam nei oanlieding fan in stik fan keunsthistoarikus Rudy Hodel, dy’t yn 2005 yn it tydskrift De Moanne warskôge hie dat it foarlân fan de keunst yn Fryslân in plak yn Huize Avondrood drige as der neat feroarje soe.
‘Die
sombere voorspelling’, skreau Mous, ‘isnog altijd actueel. Als je jong bent en talent
hebt, zorg je dat je zo snel mogelijk weg komt, naar de Randstad of anders wel naar Berlijn, Londen of een andere Europeese
metropool waar de creatieve industrie een gunstig klimaat biedt voor de
ontwikkeling van talent. In feite was dat in de jaren twintig ook zo.
Tjerk Bottema, Piet van der Hem, Tames Oud, Siep van den Berg, Auke
Hettema, Gerrit Benner, Auke de Vries en vandaag de dag Hans van
Houwelingen en Robert Zandvliet (en oan dat rychje soenen bygelyks noch
Tryntsje Nauta, Renie Spoelstra, Hans Jouta en tal fan oaren tafoege
wurde kinne, e.h.) Friesland is een land dat je als kunstenaar
het beste mee kunt nemen in je hoofd, als een herinnering en een bron
van inspiratie.’ (De kleur van Friesland, s. 245) Doe’t
Siep van den Berg yn 1998 yn Amsterdam ferstoar, haw ik yn San Pedro
(Californië) it memoriam ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden’ skreaun, ek te finen
yn de bondel Apreos (2006) dêr’t de earste strofe fan te lêzen
wêze sil yn de oare jier te ferskinen biografy oer de keunstner. De
titel fan it gedicht lit him oars dreech yn it Nederlânsk omsette, al
wie it mar fanwegen it feit dat der eins gjin lykweardich ekwivalint is
foar ‘wurden’, dat yn it Frysk sawol de betsjutting hat fan it haadwurd
‘woorden’ as fan it tiidwurd ‘worden’.
YN IT MEITSJEN BIN IK MYN WURDEN
Ta neitins fan Siep van den Berg
(Tirns 1913 – A ’dam 1998)
Eardat witten ta wurden kaam,
fieldesto, oan wylde einen
besibbe, de driuw en wurdt net
yn gehuchten wei, bedêst en
blau, ta stil libben bestjurre.
As fjoer, sparkjend yn de smidte,
trille dy it teken, baarnend
op ’e neil, en like gleon wie
it jokjen fan dyn hannen en
jou by it sjen fan dyn earste
Pablo yn de Hepkema
alle fertokjende romten bod.
Yn de Beurs syn donkere floed
blafte nacht oer Europa en
troch modder glieden de dagen
swart mesjesteren winters yn.
By blauwe rituelen en
skele hilligen op boere-
kalinders, tsjinne in libben
syn missen, kopsiikswei as sij
dy’t te preveljen lei út gods
dûme helleputten: Lit net
him skilder wurde! Ofkearen
smeide tiid, it tekenbeslach.
Nacht oer de smidte fan dyn heit,
de útfiner, hjitte it fjoer
de dream, it ljocht dat rôve moast,
bekstallich, sûnder in ho en
foar alle helsdoarren wei, fjoer
dat it libben driuwt, nei oare
streken op, sasto mâlrazend
tsjin it krús by benearjende
staasjes fan delskroefde sinnen
’m smeardest, op ’e fyts, streekrjocht
de Provinsje út, fervepot-
smitend yn it ljocht oer de Aa.
Wat net ferroppe liet, makke
sterker: de ferbylding en skep
tsjin elke master yn, it Liet,
en stadichoan waard boeretiid
fertikaal, in djip omhegen
skilderjen, wyld, yn Fleurige
Wittenskip, – dy dreau in oare
honger, fierder fan it blauw’ hûs
syn omearmoedzjen yn winters
en damp, mei omkes dy’t doeken
foar en efter brûkend, sûnder
brek, harsels de mar omdiene.
Feniniger as foksens flym wie
dyn omstrunend each oeral,
wreed foar elke kloat dy’t kreas
mar sûnder kearn, Tiids tafallige
pipen en moaden bedûnse. –
Kleuren woene spatte, rûnom
it ritme fan de see, flamje
as Benner’s Sylboaten dysto
mei twa Amsterdamske rôvers,
op paad yn de ûnderwrâld fan
noardlike kelders, thús brochtst,
de haven del, nei Sandbergs Wente.
Dwersharsensskipper nêst dysels,
syldesto, net oars as Lindberghs
doekmasine, – eigen teken
trou – dyn wetters en bergen oer.
Alle lytse Fryske gieren,
dy’t dy nei de lever stienen,
miigdest, hurd, dyn fervestreken
yn de bûs, mei hoflik de
groetnisse út Paris, en hjirre
gods ekskreminten derop ta:
Der leit net wat der leit, salang’t
de keunst fan de Bergen waait!
Earst letter, mank dyn doeken yn
de Grinzer Koepel, seidest my:
Slûpt net yn elk fan ús, dronken,
in rigeltsje Slauerhoff om,
do, dyt ûnder it skôgjend each
fan in ‘drukseljende’ heit, al
sykjendewei romte en riedsel
werombrocht hiest ta wat it wie:
neaken, yn ferlos fan deistigens
syn rûs, de Tiid – ivichoan wer -
ferienfâldige yn kleurige
flakken, allyk Mondriaans liet.
Net samar, willekeurich, mar
út fûleinich geile needsaak
gods, do heidensker as de pest.
En al kaamst, geandewei fêster
yn it kamp en keat fan bonken
en dea, dy baarnde it fjoer as
it bloed de foks. Nimmen net dy’t
dy de eagen útbite soe,
útsein do sels, – en spotsk hast my
njonken dyn Fietje op de Fyts
de sin fan al it sinleaze
rekursyf út ’e doeken dien.
Elk byld ritmysk in ljochte god
oant it fermoarde moat, omdat
it better kin en djipper en
oars, wêrom’t ik my skeppe moat,
neam dat de stream, of it libben,
oan wylde einen besibbe.
En al pratend, tegearre yn
de sinne oer de Brouwersgracht
hast it útbalte: poèsis est!
Yn dy haw ik ferstien in heit,
in witten, dat yn de dea de drift
my de mûle fan oarsprong is.
Under rôffûgeljend stjerren,
delstoart oer de râne fan dyn
doeken, dyn rots, bisto gien, hjoed
yn it kredo fan seeën djip;
reader, gieler en swarter as al
it abstrakt datst byinoar
skildere hast, hear ik de sin-
fisken praten:stel oan gekte
ta deugd, en ek al hast Hopper
of Benner no leaver as my,
hawwe kin ik dyn bekennen,
heiten binne om te fermoardzjen.
En rinnend op San Pedro’s kust
sjoch ik, heech boppe de floed út,
it each, it fjoer, dat leafde oer
oseanen bonsjoert, foto-
grafysk it brein de wegen etst,
sa’t it liet de dei dit oantinken
útsliten hat, lûd dat hjir, oer
rotsen kletsend, frij nei Slau, my
dyn wurd seit: lit blau de boargers
dy’t roppe, ús ferbod is ús
fatsoen, – besykje do neat en
nimmen te lykjen, en boartsje. San Pedro (CA) – Ljouwert 1998-2003
Sneinspetiele | 2 maart 2013 _________________________________________________
Poëzy
troch Abe de Vries
‘Klapparaai / katimbatok’ – dat binne de earste wurden fan it earste fers, De netten, de sinnen fan Eeltsje Hettinga. Se betsjutte neat – of alles. It is muzyk. Dêr hie ek ‘kaboem’ stean kinnen. Of ‘kedeng’. Sa iepenet de bondel mei in klaroenstjit, in paukeslach of in azemtocht fan in blazer troch it koper. Yn de poëzy dy’t men hjir in rike bondel lang oantreft stiet net om ’e nocht it wurd sintraal. It wurd dat mei byld en muzyk (lûd, kadâns), earder as mei orizjinaliteit fan in gedachte of filosofyske betsjutting, de lêzer besiket te ferlieden en te betsjoenen.
Mei Ikader hat Hettinga syn fyfde bondel yn it ljocht jûn. In sterke bondel, net iens sasear troch de krêft fan it inkelde gedicht, mar benammen troch de lang folhâlden ienheid fan toan, register en tematyk. Yn it ferdwinen is ivichheid te finen, yn it fuortgean leit, foar de keunstner, it weromkommen besletten. Wat moat men, ûnder it bewâld fan tiid en dea, en each yn each mei it grutte Neat, oars as meitsje, skeppe? Dichtsje?
Dy’t seit hjir in sigentsje fan Postma’s ‘it hat west, it is; it stiet beskreaun’ te bespeuren, hat wierskynlik gjin ûngelyk. Mar by Hettinga gjin idealisearring fan it ferline, gjin pine om gouden oeren. Earder in pine om it stjerren sels, it weifallen, it haperjen: om de bline rjocht- of better, kromspraak fan de tiid, dy’t oan oerslaan net docht en ús domwei dûm sitte lit mei it wanhopich trio wêrom, wêrta en wêrfoar.
Sa’t wy fan Hettinga wend binne, spilet behalve de muzyk ek de byldzjende keunst op ‘e nij in grutte rol yn syn dichtsjen. Yn de noaten achter yn de bondel komt in fracht bekende nammen foarby en it boekje sels – ynbûn en prachtich foarmjûn – hat op it omkaft in keunstwurk fan Sjoerd de Vries. De titel Ikader ferbynt de ik-dichter sawol mei Bas Jan Ader (1942-1975), in konseptueel byldzjend keunstner dy’t spoarleas ferdwûn op in syltocht oer de Atlantyske Oseaan, as mei Ikarus, de Gryksk-mytologyske figuer dy’t delstoarte om’t er te heech fleach, te ticht by de sinne kaam en de waaks op syn wjokken raande.
Mar de flecht omheech, de flecht fan it wurd, wurdt oerskade troch de net ôflittende oanlûkingskrêft fan it wetter. Fan de fjouwer eleminten slacht, alteast yn it earste skift fan dizze bondel, net de lucht mar it wetter foar master op. Nei it programmatyske earste fers ('it wetteroargel slacht / it oargelwetter docht') set de dichter út ein by in petgat, dêr’t syn boatsje leit, om him dêr al dalik beslûpe te litten 'fan âlde plakken en bylden', Parys en oare kant de Atlantyske Oseaan, de Hudson, New York. It wetter mei oargelje kinne, it stiet ek foar de iensumens, it skied, de ûndergong.
Anekdoate
Yn part II hat de anekdoate in gruttere rol taparte krigen by it ferarbeidzjen fan deselde motiven en tema’s. In hichtepunt hjir is sûnder mis it leafdefers Tinner as de wyn, it type gedicht dat sa njonkenlytsen Hettinga syn spesjalisme is: it sylt op ‘e dea oan, mar de beswarring is muzikaal, taalboartlik, hippend, dûnsjend. ‘Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen / in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.’ Tink derom, foar dy lichtheid moat mei wrotten en wramen en wrikken betelle wurde, warskôget de dichter in fers letter.
By Hettinga
gjin
idealisearring
fan it ferline
De bondel einiget, foar myn gefoel, spitigernoch krekt wat bûten register, mei in tal fersen dy’t op it foarste plak maatskippijkritysk wêze wolle: De Godsbaarch, In lân, in myte en In man wint fan Johannes de Apokalyps, respektivelik oer Flaamsk en Frysk nasjonalisme en de massamoard yn it Noarske Utoya. De ferbining mei it foargeande leit benammen yn de masterlike taalhantearring, net werklik yn de tematyk.
Eeltsje Hettinga, as dichter, is yn Ikader noch dúdliker wat er yn earder wurk ek al wie: in ‘haunted poet’ , by wa’t it rynsk yn eigen wûnen struide sâlt net te kearen it skeppen op gong bringt. De ferneatiging en it kreëarjen, de dea en wat de dichter dêr tsjinyn makket: yn dizze yndrukwekkende bondel hâlde se inoar lang yn ’t lykwicht.
Ikader. Eeltsje Hettinga. Gerben Rypma Stifting, 17,50 Euro______________________________________________________________ TINNER AS DE WYN
Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.
Under de taal stappe de tekens. Hear mar, tûken
pratend yn de oasten fan hikken oan hôven.
Sjoch mar, happes dravend yn de nerf fan it hout,
har hoegen, kobaltblau, sûnder ho.
Bylden lústerje, sjonge en dogge as snuorjend in film-
projektor yn in ferlitten stedsbioskoop. Ik bin net ik, sis ik, mar opknipt yn tûzen en ien stikken.
Tinner as de wyn klim ik yn de dingen,
in rútsjetikker mei plofklanken giel en bekhammers read,
kaaien foar it hing- en slútwurk fan it hielal.
Der is in bonkerak, dêr’t ik ynmoedich alle nachten
in klok yn set oant it kloppet as in hert.
Der is in seizoen dat my it wurd yn winkelsintra om
wjukken giet en liivje yn alle stjerren.
In sirkus bin ik, mei dowen, hûnen, sebra’s en tigers
dy’t mearkelicht stik foar stik har streken ha,
in bern dat taal troch fjoerhoepels jaget, dûnsjendewei
mei krúsbekjes, skelfinkjes, toarnehip en ljip.
Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.
Tink net, in lui each sil it slagje en wrot himsels in paad
troch hûzen fan fleis om ûnder de jûnsstjerren
te hearren nei de lytse nachtmuzyk fan it skommelfamke
dushy dushy tralala, wylst de jonge,
de tinne tekener dy’t efterstefoaren op ’e fyts it hielal útleit,
har tasjongt: ik, ik bin de gouden rider.
‘Mijn
gedichten zijn ontmoetings-plaatsen… Wat er op het eerste gezicht als een
confrontatie uitziet, blijkt een verbinding te zijn,’ skreau de
Sweedske dichter Tomas Tranströmer oait yn in brief oer syn eigen wurk. Syn poëzy beweecht
him op de grins fan in bewuste en ûnderbewuste werklikheid. De oergong tusken
beide wrâlden lit him net altiten like goed ôfbeakenje, sterker, se rinne
gauris yninoar oer. De tsjinstellings blike faak skynber. (Sjoch fierders ek - klik hjir - de nije webside eeltsje hettinga).
Wat
Tranströmer syn poëzy sa ynnimmend en yngeand makket, is syn oerweldigjende
fisuele kracht. Imazjinêr. Der sit in surrealistysk elemint oan syn gedichten, mar de wize
wêrop’t de dichter syn bylden delset, is folle minder frijbliuwend as dy fan in
protte surrealisten.
Ze
delven de stad op. Maar nu is het stil.
Onder de olmen op het kerkhof:
een lege graafmachine. Zijn schoep tegen de grond -
het gebaar van iemand die aan tafel in slaap gevallen is
met zijn vuist voor zich uit. – Klokgelui.
Fan dizze strofe, de fjirde út it gedicht ‘Nachtdienst’, te finen
yn de bondel Nachtzicht
(1970), sei de dichter yn in radio-ynterview dat it om in byld fan in
tsjerkhôf yn de stêd Västeråsgyng gyng. ‘It wie fuortby de katedraal, dêr’t se
dwaande wienen mei it opgraven en reparearjen fan in stien. Ik stie dat
allegearre op te nimmen, de olmen op it hôf, in lege graafmasine, en doe in
byld fan ien dy’t oan it taffeltsje yn in kafee yn sliep fallen wie en dernei
dy it let fan klokken, wylst ik der stie te sjen.’
De rigels sels binne glêshelder
en sa konkreet as it mar kin en dochs sit der, ienfâldich as se steld binne – der
komt yn de foarm bygelyks gjin eigenskipswurd oan te pas – wat oerdonderjends
yn. It is de kombinaasje fan skynber tsjinstelde bylden dy’t it gehiel in
magysk elemint jouwe. Der is sprake fan in frjemdsoartige gearhing dy’t him by
al syn ferrifeljende ienfâld net daalks tsjutte lit. .
Yn
de ynlieding by dy blomlêzing (2004) wie ik fan betinken dat ‘it my net
fernuverje soe as Tomas Tranströmer it of oare jier mei de Nobelpriis bekroand
wurdt.’ En wrachtich, dat kaam noch út ek, sij it dat ik mei de foarsizzing
sels in pear jier te gau wie. De Sweedske dichter krige de Nobel yn 2011.
Nijsgjirrich
oan it gedicht ‘Gogol' - it komt út de sammelbondel Het wilde plein. Gedichten 1948-1990 (s.11) mar is ek te
finen yn de antology De herinneringen
zien mij (s. 12), is it personale perskpektyf dat ôfwiksele
wurdt mei de apostrof, de twadde persoan dy’t brûkt wurdt om in tusken heakjes
steld kommentaar te jaan: ‘Petersburg hâldt deselde breedtegraad as de ferwoesting / (seachst de skiente yn de brike toer)’. By syn
besykjen om him ta de earmhertige en erbarmlike sitewaasjes fan de
portrettearre Gogol te ferhâlden, ropt it lyrysk subjekt lang om let yn de
hjittende foarm út: ‘Dat, klim yn dyn wein fan fjoer en ferlit it lân!’
Foar
de oersetting fan it gedicht ‘Gogol’ haw ik sawol de Nederlânske oersetting fan
Bernlef brûkt as de oarspronklike Sweedske tekst om dêryn gewaar te wurden
hoe’t it krekte ferrin fan it metrum en ritme is.
Gogol
De mantel rudich as in wolvepels.
It antlit as in marmerflinter.
Sit mei brieven om him hinne yn it strewel gûnzjend
fan hún en misferstân,
ja, it hert dwerrelt as in stik papier troch de net gastfrije
passaazjes.
No slûpt de sinne-ûndergong as in foks oer dit lân,
stekt yn in flok en sucht it gers yn brân.
Romte tilt op fan hoarnen en kloeren en dêrûnder
glidet de tilbry as in skaad tusken ús heit
syn ferljochte pleatsen.
Petersburg hâldt deselde breedtegraad as de ferwoesting
(seachst de skiente yn de brike toer)
en noch swalket oer de kâlde wenblokken as in kwal
de sloeber yn syn mantel.
En hy, hjir, belape yn syn fêstjen, hie earst in lûdop
laitsjen om him hinne,
lykwols, dy keppels binne al lang ferflein nei streken fier
boppe de beamgrins.
De wiffe tafels fan de mins.
Sjoch nei bûten, hoe’t tsjusternis in molkwei fan sielen merket.
Dat, klim yn dyn wein fan fjoer en ferlit it lân! .
Gogol
Kavajen luggsliten som en vargflock.
Ansiktet som en marmorflisa.
Sitter i kretsen av sina brev i lunden som susar
av hån och misstag, ja hjärtat blåser som ett papper
genom de ogästvänliga
passagerna.
Nu smyger solnedgången som en räv
över detta land, antänder gräset på ett ögonblick.
Rymden är full av horn och klövar och därunder
glider kaleschen skugglik mellan min faders
upplysta gårdar.
Petersburg beläget på samma breddgrad som förintelsen
(såg du den sköna i det lutande tornet)
och kring nedisade kvarter än svävar manetlikt
den arme i sin kappa.
Och här, insvept i fastor, är han som förr omgavs av
skrattens hjordar,
men de har för länge sedan begivit sig till trakter långt
ovanför trädgränsen.
Människors raglande bord.
Se ut, hur mörkret bränner fast en vintergata av själar.
Så stig upp på din eldvagn och lämna landet! .
Gogol
Jas sleets als een wolfsroedel.
Het gezicht als een marmervlinder.
Zit omringd door zijn brieven in een bosje dat gonst
van hoon en misverstand,
ja, zijn hart dwarrelt als een papier door de ongastvrije
passages.
Nu sluipt de zonsondergang als een vos over dit land,
steekt in een ommezien het gras in brand.
De ruimte is vervuld van horens en klauwen en daaronder
glijdt de calèche als een schaduw tussen de verlichte boerderijen
mijns vaders.
Petersburg op dezelde breedtegraad als de vernietiging
(zag je de schone in de scheefstaande toren)
en nog zweeft boven de verijsde woonblokken als een kwal
de armzalige in zijn mantel.
En hier, gewikkeld in zijn vasten, hij die eerst was omgeven door
de kuddes van de lach,
doch deze hebben zich allang begeven naar streken ver boven
de boomgrens.
De wankelende tafels van de mens.
Kijk naar buiten, hoe het duister een melkweg van zielen brandmerkt.
Klim dus op je wagen van vuur en verlaat het land!
De Flaamske dichteres Delphine Lecompte is fan ’t simmer ien fan de trije grutte nammen op de
fyfde kulturele midsimmerjûn fan de Gerben Rypma stichting, ein juny yn
Westhim by Blauhûs.By de foarige edysje wienen David van Reybrouck en Maarten Inghels te gast. Flaanderen en Fryslân, dy twa kenne inoarren al eintsje langer as hjoed. Dêrby woe
ik it net hawwe oer Frysk nasjonalistyske organisaasjes lykas de groep Frije
Fryske Grûn, dy’t mei de (rabiate) eask fan it rjocht op etnyske registraasje en yn
it ferlingde dêrfan de winsk om ôfstân te dwaan fan de Nederlânske
nasjonaliteit fraachpetearen jouwe - anonym (!) - oan populistyske,
rjochts-nasjonalistyske en rassistyske bledsjes as it Flaamske RechtsAktueel.'
.
Op letterkundich mêd moetsje
Flaanderen en Fryslân inoar ûnder oaren yn de persoan fan de Flaamske pryster-dichter Guido Gezelle (1830-1899). Hy wie mei it Frysk net alhiel
ûnbekend, sterker: yn 1883 skreau er foar syn freonen, dêr’t ûnder oaren de fan
komôf Fryske dokter, letterkundige en dialektolooch Johan Winkler by
hearde, in Nijjierswinsk yn it Frysk.
It earizer fan Guido Gezelle . De lêste rigel fan Gezelle syn winskkaart
sei: ‘En dêrop rekkenje ik by Jo as ik Jo hjûd “folle lok yn ‘t nye jier
tawinskje”.' Gezelle fielde him oan Fryslân besibbe, hy wie derfan
oertsjûge dat in grut part fan de Flamingen fan Fryske komôf wie. In bewiis
derfan fûn er ûnder mear yn de namme fan syn mem: Monica Devriese. Syn leafde
foar it Frysk gong sels sa fier dat er thús oan de lampe in lyts earizer te
hingjen hie.
‘Ook ontdekte hij,’ skriuwt
Michel van der Plas yn Mijnheer Gezelle, biografie van een priester-dichter,
‘dat zijn grootmoeder van moeders kant tot aan haar dood oorijzers had
gedragen, zoals de Friese vrouwen, en hij rustte niet voordat hij zelf zo’n
oud-Vlaams hoofdijzertje bezat. Hij hing het aan een arm van de lamp boven de
tafel, toen hij, op 28 juni 1883, in zijn huis (yn Brugge, e.h.) een
maaltijd gaf waar Winkler bij aanzat – als hommage aan zijn Friese gast.’
(Van der Plas, s. 398.)
Roger Raveel yn museum Belvédère
Benammen op it terrein fan de byldzjende
keunst hawwe der bylâns de jierren tal fan kontakten tusken Flaanderen en
Fryslân west. In pear foarbylden. Krapoan in heale ieu ferlyn waard by
de yn Gint holden Nederlandse Kultuurdagen – it wie 1957 – rom omtinken foar de
nei-oarlochske Fryske skilderkeunst op in útstalling, dêr’t ûnder oaren wurk
fan Gerrit Benner te sjen wie.
Yn 2007/2008 de koartby
ferstoarne skilder Roger Raveel gast by in grutte útstalling fan syn wurk yn
Museum Belvédère. Fierders moat yn dit ramt ek Anne Feddema neamd wurde, guon
fan syn wurken binne net frjemd oan de doeken fan de grutte Ostender James Ensor. En last but not least, by in galery as dy fan Jeannine de Vries yn
Ljouwert wurdt al sûnt jierren romte jûn oan alderlei Flaamske keunstners, fan
Yvan Theys oant en mei Roger Raveel.
Waakzaam
.
Werom nei de literatuer. Twa
jier ferlyn, maaie 2011, helle de Gerben Rypma stifting twa Flaamske
skriuwer-dichters nei Sanfurd by de Aldegeaster Brekken: David Van Reybrouck
(1971), skriuwer fan ûnder mear de mei de VSB-priis bekroande bestseller Congo, een geschiedenis, en de jonge
dichter Maarten Inghels (1988), dy’t yn 2011 syn twadde, ferpletterjend goede
poëzijebondel Waakzaam yn it ljocht
joech.
Foar
krapoan hûndert man yn it lytse tsjerkje oan de Brekken droech Inghels
dy jûne ûnder oaren it like oerweldigjende as dearnis meitsjende ‘Zoveel
aandacht was u vast niet gewend’ foar, in gedicht, opdroegen oan de
Fjetnamees Nguyen Van Kham dy’t twa jier neidat syn ferstjerren,
allinnich yn syn appartemint yn Antwerpen, fûn waard fan in doarwaarder
dy’t besocht hie om in berch nea net betelle rekkens yn te barren.
.
Maarten Inghels
It
gedicht waard skreaun yn it ramt fan it projekt ‘Eenzame Uitvaart’, in
literêr en sosjaal ûndernimmen yn Antwerpen. Inghels is koördinator fan it projekt, dêr't ûnderskate skriuwers by oansletten binne. Om bar skriuwe se in fers
foar dy minsken dy’t fakentiids folslein feriensume en ferlitten fan
alles en elkenien weirekke binne. De tekst sels wurdt op de dei fan de
begraffenis oer it fuotljocht brocht, by wize fan lêste groet oan wa’t,
lykas by Van Kham, sûnder de bywêzichheid fan famylje, freonen of kunde
te hôf komme.
.. Kronikeur . Yn de bondel Waakzaam,
en dan benammen yn de ôfdieling ‘We moeten waakzaam blijven’, tsjûget
de dichter Inghels, kronikeur fan in tiid dy’t oer alle boegen troch de
(sosjale) media bepaald is, fan in sterk maatskiplik engaazjemint. Hy
set fraachtekens by ‘de samenleving’ of, om krekter te wêzen, by de wize
wêrop’t minsken mei-inoar ‘samen-leven’. It gedicht hat yn syn soarte
sûnder mis wat universeels, al wie it mar omdat it ferskynsel fan it
sosjale isolemint in probleem is dat net allinnich mar oan de grutstêd
klibbet, mar dat syn gesicht likegoed ek op it plattelân sjen lit. Yn in
neakenbuorren as Minnertsgea kin men sa mar, fjouwer jier oanien, dea
op souder lizze, sûnder dat famylje, kunde of buorren it opmerkt dat ien der net (mear) is.
De bondel Waakzaam
iepenet mei ‘Graag zou ik de kaken opbreken [tot de kaakkramp
optreedt]’, in lang proazagedicht, wêryn’t de dichter, woest en
ferwoeden en yn in bûnt barokke taal, syn galle spijt oer wat him as
maatskiplik abjekt en bryk en grouwélich foarkomt. Dan giet it bygelyks
oer de ‘tweeverdieners die over kunst praten bij het zien / van een
manden vlechtend vrouwtje in Frankrijk.’, oer ‘de euthanasiepillen als
speelgoed waar je om moet bedelen’ of oer ‘het feit dat we God dood
verklaarden en mindfulness in de plaats kozen.’ Fan al itjinge wat de
dichter-rebel yn dizze maatskippij tsjinstiet, seit it lyrysk subjekt op
in stuit: ‘Ik ben niet kwaad’, nee, oars, want net sûnder gefoel foar
it fermaaklike by de fakentiids ferûntrêstigjende en makabere situaasjes
– neam dat de dichter syn irony – foeget er dêr oan ta: ‘Ik ben een
aardig monster.’
Mei
syn maatskiplik engaazjemint definiearret Maarten Inghels oan in hichte
ta ek syn poëtika. It plak en de posysje dy’t hy de dichter tatinkt,
komt it meast pregnant nei foaren yn ‘Er zijn geen blaffende honden
meer’. Dêryn is er faak mei in berch irony op ’e tekst oer de poëzy dy’t
foarby giet oan wat altiten ien fan de oarspronklike funksjes fan
keunst west hat: wach wêze en blaffe, al wie it mar omdat de keunst gjin
frijbliuwend spultsje is. De dichter is yn alle gefallen net fan doel
en lit himsels ynpakke troch bygelyks de ‘nep-oan-neprace’, sa’t er dy
rûnom om him hinne sjocht. Syn opstannichheid trou, docht er it ûnthjit:
(...)
ik haal het hoofd uit de borstkas,
gun de ribben ruimte, blijf schrijven;
brieven, opstellen, gedichten, etcetera.
Ik ben die hond, vergeef mij niet.
.
Dochs is Inghels net allinne mar de romantyske rebel, sa’t dy yn benammen it earste part fan de bondel Waakzaam
nei foaren stapt. Yn fersen lykas it titelgedicht ‘Waakzaam’ hat syn
poëzy in hyperpersoanlike en sterk lyryske ynslach. Troch de parallelle
opbou fan de ferskillende strofen is it oanbelangjende gedicht de
klassike kant neist.
. ..
De dichter moet immer waakzaam blijven, vooral teder te zijn. Elke dag voor haar uit de hemel willen vallen, zorgen dat de jazz zijn spieren minder stram maakt.
Hij moet immer waakzaam blijven, dat er genoeg verstrooiing is voor ons hart, wil de dichter zijn verzen nog kunnen prevelen in het oor van een vrouw.
Hij moet immer waakzaam blijven, soms zwak te zijn. Opdat de wind zal winnen van zijn gehoor, hem zinnen influistert waarmee hij een lichaam
rond zijn vinger bouwt. Waarna de dichter kan zeggen: o, omarm mij, ik ben nog niet gauw voorbij. . 'Ik ben een aardig monster.'. . It
is dizze yn wêzen ynbannige lyrikus – de fan ferfal en dea dreaune
romantikus – dy’t foar in grut part ek de krêft en djipte bepaalt fan de
tsien gedichten fan de like rauwe as tearhertige syklus: ‘Het abattoir
van het afscheid’, wêryn’t Inghels der net foar tebekskrillet en blaas
âlde, deagefaarlike poëtyske wurden as ‘bloed’ en ‘hert’ nij libben yn.
Sa draait de dichter yn syn twadde bondel Waakzaam ‘in lytse
revolúsje ôf, in lytse, moaie revolúsje,’ om it mei in pear wurden fan
Lucebert te sizzen. Hy slachtet, falt, rûzet en sjongt. De dichter
Inghels ‘is noch net gau foarby.’ . SAFOLLE OANDACHT WIENE JO FEST NET WEND . Foar Nguyen Van Kham (1954-2010) . De rivier Mekong wie in kier tusken jo âlde stêd en in oar nimmenslân, lykwols waard jo in bestimming taskikt ôfgrinzgje fan noch folle mear, net kend. . Mei de bankôfskriften yn ’e hân ûnderstelden wy dat jo hjir libbe ha ûnder ús, fjouwer heech, yn in ferrûn kalinderjier as in himmele fint. . Dêr’t generaasjes Egyptenaren jierrenlang oer it prosedee stinden, waarden jo in mummy op himsels, net rjocht halich en lizzende njonken jo bêd, fan it libben ôfkeard. . Sân minuten stjoertiid op ’e televyzje, jo hinnegean waard tsjut yn it sjoernaal, in kollum op pagina twa yn ’e krante, safolle oandacht wienen jo fêst net wend. . Net noflik fiele wy ús by jo ferdwinen út argewaasje wurde wy hookstrooks bettere buorren, jo buorfrou Jenny hie kofje wollen hie se jo taal kend. . Wy hawwe mis west, dat jou ik grif ta, pas doe’t der gjin jild mear wie waarden jo opmurken. Sels nei jo swijen, jierren oanien, oer de dea hinne, hienen wy witte moatten wa’t jo binne..
. .
ZOVEEL AANDACHT WAS U VAST NIET GEWEND
Voor Nguyen Van Kham (1954–2010)
De rivier Mekong was een naad tussen uw oude stad en een ander niemandsland, toch viel u een bestemming te beurt door meer onbekendheden begrensd. . Met de bankafschriften in de hand vermoeden we dat u hier heeft geleefd onder ons, vier hoog, in een verlopen kalenderjaar als een kraaknette vent. . Waar generaties Egyptenaren jaren tobden over het procedé, werd u een mummie op zichzelf, onwel geworden en liggend naast uw bed, van het leven afgewend. . Zeven minuten zendtijd op de televisie, uw vertrek werd geduid in het journaal, een column op pagina twee in de krant, zoveel aandacht was u vast niet gewend. . Ongemakkelijk zijn we van uw verdwijning, uit verontwaardiging worden we plots betere buren, uw buurvrouw Jenny had koffie gewild als ze uw taal had gekend. . Wij hebben gefaald, geef ik grif toe, pas bij het ontbreken van uw geld u opgemerkt. Zelfs met uw jarenlange zwijgen over de dood heen, hadden we moeten weten wie u bent. . DER BINNE GJIN BLAFFENDE HUNEN MEAR . Jonge, ik soe witte wolle, wat makket it de muoite wurdich, it selssuchtige swijen by de wekflamme fan dyn badkeamerboiler, by elk prûsten de leafde te preekjen, te prakkesearjen oer it kluchtige fan foarnammen want hjoed wie ik te wurd in byljende albinohûn op strjitte dy’t de wratten op syn ballen as braille lies en dêrnei noch altyd net wist oft wy gedichten oer de moanne skriuwe meie. . Jonge, ik soe witte wolle: wat makket it de muoite wurdich om dit libben langer te lieden, te behurdzjen yn lilkens en troch te skriuwen; brieven, opstellen, gedichten, dêr’tst dysels yn oanpriizgest en de wrâld ferachtest, fjochtsje tsjin de ûnferskillichheid, de dagen fan faits divers. . Jonge, ik soe witte wolle: wat makket it de muoite wurdich om fierder te skriuwen oant men dyn debút ferjit bywannear’t ús finger net mear tsjinnet om nei de moanne te wizen mar dyn fjouwer lêzers leaver knuffeljunks goegelje. . Alle hoop is idel wannearsto út boerderettes wei kwetterfersen de wrâld yn tsjetterest, dyn gedachten komprimearrest yn in statusbalke as twa, in essay skriuwst yn hûndertfjirtich tekens. (Ik ken in dichter dy’t fan syn burd in strik frisselt – der binne gjin blaffende hûnen mear.) . Jonge, myn dream is ûnmooglik en bedoarn, alle sweeslaggers binne op drift yn dizze nep-oan-neprace en wat oerbliuwt is in rym papier mei it helpleas hingeljen, mar ik beloof: . ik helje de kop út it ribbekast, gun de bonken romte, bliuw skriuwen: brieven, opstellen, gedichten et cetera. . Dy hûn, ferjou him net. . ER ZIJN GEEN BLAFFENDE HONDEN MEER
Jongen, ik zou willen weten: wat maakt het de moeite waard, het navelstarende zwijgen bij de waakvlam van je badkamerboiler, bij elk niezen de liefde preken, piekeren over de potsierlijkheid van voornamen want vandaag sprak ik een bassende albinohond op straat die de wratten op zijn ballen als braille las en daarna nog steeds niet wist of we gedichten over de maan mogen schrijven. . Jongen, ik zou willen weten: wat maakt het de moeite waard om dit leven te blijven leiden, te volharden in boosheid en door te blijven schrijven; brieven, opstellen, gedichten, waarin je jezelf aanprijst en de wereld verguist, vecht tegen onverschilligheid, de dagen van faits divers. . Jongen, ik zou willen weten: wat maakt het de moeite waard verder te blijven schrijven tot men je debuut vergeet wanneer onze vinger niet meer dient om naar de maan te wijzen maar je vier lezers liever knuffeljunks googelen.
Alle hoop is ijdel wanneer je vanuit de fermette kwetterverzen de wereld in kweelt, je gedachten comprimeert in een statusbalk of twee, een essay schrijft in honderdveertig tekens. (Ik ken een dichter die van zijn baard een strop vlecht – er zijn geen blaffende honden meer.) . Jongen, mijn droom is onmogelijk en nefast, alle blaaskaken zijn op drift in deze nep-aan-neprace en wat overblijft is een riem papier met het hopeloze gehengel, maar ik beloof: . ik haal het hoofd uit de borstkas, gun de ribben ruimte, blijf schrijven: brieven, opstellen, gedichten et cetera. . Die hond, vergeef hem niet. . .
PARSEBERJOCHT - Fan de poëzybondel IKADER fan Eeltsje Hettinga binne yn trije moanne
tiid mear as de helte ferkocht. Ofrûne wike gong it 160-ste eksimplaar de doar
út. Fan de bondel, útjûn troch de stichting Gerben Rypma, waarden 250 stiks
printe. De grutste haal die de útjouwer by de presintaasje fan it IKADER-boek,
ein oktober yn Blauhûs-Parregea doe’t yn ien klap in lytse santich bondels
ferkocht waarden. . Hille Faber fan de Stichting: ‘It hat foar ús in aventoer west om dizze
útjefte op ’e noed te nimmen. Poëzy is in marzjinale saak, alhielendal yn it
Frysk. De útjefte fan IKADER – de bondel is ek te keap is by Museum Belvédère en
by galery De Vries yn Ljouwert – docht it merakels. En dat yn in tiid wêryn’t it
Frysktalige boek it mear as dreech hat.’ De Gerben Rypma Stichting wie twa jier ferlyn ek ferantwurdlik foar de
útjefte fan de súksesfolle, troch Eeltsje Hettinga skreaune biografy Gerben
Rypma, de keunstner fan dûbele krús. ‘Fan de 650 boeken dy’t wy dêrfan
printsje litten ha, binne noch in 50 stiks oer. Hast in fyfde part dêrfan is nei
Amearika en Kanada gien. In soartgelikens risseltaat stribje wy mei IKADER
nei.’
Delphine Lecompte
Troch de foarmjouwing fan de bondel – keunstner Sjoerd de Vries makke de
tekening foar it omslach – de wize fan presintaasje, de distribúsje en it
foardiel dat de stichting in lytse organisaasje is dy’t snel, hurd en linich
wurkje kin, rint it mei IKADER as it spoar. ‘As dat sa trochgiet, dan binne wy
de oplage dit jier kwyt,’ seit Faber.
De stichting Gerben Rypma is op dit stuit drok mei de tariedings fan de
fyfde kulturele midsimmerjûn, diskear yn Westhim ûnder Blauhûs. Op de lêste,
yn Sânfurd holden midsimmerjûn wienen de Flaamske kultuerhistoarikus en
bestsellerauteur David van Reybrouck en skriuwer-dichter Maarten Inghels te
gast.‘
Foar dit jier hawwe wy trije grutte nammen kontraktearre, ûnder oaren
de Flaamske dichteres Delphine Lecompte. Yn 2010 krige se de C. Buddingh’-priis en in jier letter ‘De prijs voor
Letterkunde van West-Vlaanderen’. By dizze nije edysje fan de midsimmerjûn
yn Westhim sil ek de bondel IKADER fan Eeltsje Hettinga te keap
wêze.’
Begjin dit jier, 4 jannewaris, iepene yn Museum Joure op 'e Jouwerde eksposysje ‘Tijdschalen’ fan
Koos van der Sloot. Syn nijste wurk, ek wol 'egg-scapes'neamd, giet foar in part oer tiid syn omgongen. Der binne de prehistoaryske ynsekten
dy’t út see wei it lân op krûpten en der binne de doppen fan aaien dêr’t miggen
en maden út op flogge. In oar part fan Van der Sloot syn ‘egg-scapes’ spilet
him ôf op de grins fan natuer en technyk, wêrby’t oan de symbolyk fan it aai
nije spoaren jûn wurde. Mei assemblaazjestikken as ‘Denkend aan Haskerland’ en
‘Herinnering aan Haskerland’ wurde net inkeld oantinkens ophelle oan Haskerlân (it hjoeddeiske Skarsterlân), mar wurdt ek referearre oan rituelen mei aaien yn
âlde, foarkristlike kultueren. Guon heidenen hienen it bygelyks foar de moade
en bedobje de aaien fan fûgels en bisten yn de ierde om op dy manier de
fruchtberheid fan de grûn fuort te sterkjen.(..)
De útstalling 'Tijdschalen' duorret oant en mei 14 april.
De zeis
As der ien ding is dat net yn it tinken
fan byldzjend keunstner Koos van der Sloot past, dan is dat it sizzen: in aai
is in aai is in aai. Yn syn assemblaazjes, romtlike konstruksjes, opboud út alderhande
soarten fan leechsûge aaien – fan hinne- en kwartelaaien oant en mei
Amerikaanske ‘loopeendeieren’ – binne de dingen altyd mear as wat se binne,
foaral as dy gearfoege wurde mei bygelyks in lytse, roastige seine of de
koperen slinger fan in âld skippersklokje. It binne út soarte universele
symboalen, mar Van der Sloot jout dêr in eigen draai oan. It aai stiet net
inkeld foar it libben, mar ek foar de dea, de hope, de leafde, it fertriet en
sels foar de keunst sels, yn it gefal fan Van der Sloot is dat in keunst dy’t fierhinne
yn it teken fan de Tiid stiet.
Tiid, paradoks en sfinks yn himsels, hat mear as ien gesicht. Nim
bygelyks Van der Sloot syn wûnderlik assemblaazjestik ‘De Zeis’. Op in
ûndergrûn fan read fluwiel binne fjouwer aaien fêstlime. Dwers troch de
leechblaasde, symmetrysk njonken inoar opplakte aaien rinne fjouwer tinne
keatlingen, dêr’t de kamrêden en it gewicht fan de klok oan hingje.
Ferskillende tiden binne hjir foar inoar oer set, oan ‘e iene kant de
meganyske, lineêr ferrinnende tiid, wêryn’t de minske it bestean einich en
fergonklik wit – it stik hjit net om ‘e nocht ‘De Zeis’ – en oan ‘e oare kant
it aai as it teken en it symboal fan oarsprong en nij libben.
De tiden
De tiid fan de klok en aginda’s is, koartsein, net deselde as dy fan de
pols, sa’t de tiid fan de monotoane herhelling ek in oare tiid beslacht as dy
fan de kreativiteit. Koos van der Sloot rept yn dizzen fan ‘de inerlike tiid’,
in begryp dat ek nei foaren komt yn it boek Stil
de tijd fan Joke J. Hermsen, de Nederlânske skriuwster en filosoof, mei
wa’t er kontakt hat oer in mooglike útstalling fan syn wurk yn Amsterdam.
Hermsen – se soe neffens Van der Sloot in learling neamd wurde kinne fan ‘de
filosoof fan de Tijd’, de Frânsman Henri Bergson (1859-1941) – set de ynderlike
tiid, ek wol neamd ‘la duree’ (it duorjende en it bliuwende) ûnder mear yn
relaasje ta keunst en frijheid.
Yn Stil
de tijd skriuwt se in passaazje, dy’t yllustratyf hjitte kin foar de manier
wêrop’t de keunstner tsjin de ferskynsels tiid en kreativiteit oansjocht. ‘(...) Door de korst van mechanische
handelingen breekt soms de ervaring van de tijd als duur. Dat is wat ons
bijvoorbeeld in (dag)dromen overkomt of in de reflectie, de kunst, of in andere
ervaringen met een verhoogde concentratie, zoals sporten, erotiek of meditatie,
waarbij we het gevoel voor het verstrijken van de lineaire tijd als het ware
verliezen. In het belangeloos aanschouwen of het artistieke scheppen krijgt de
tijd als duur volgens Bergson meer kans, omdat de schrijver of kunstenaar
tijdens het scheppingsproces afstand moet nemen van zijn functioneel handelend
ik en in de diepere lagen van zijn zelf moet afdalen, dat net als de duur,
dynamisch, dat wil zeggen permanent in wording is. (...) Onze intuïtie voor de
duur kan ontwikkeld worden als we onze aandacht ook richten op de muziek, de
kunst en de literatuur.’ (s. 62).
Dat binne passaazjes, dêr’t tal fan
hjoeddeiske, faak barbaarsk op kultuer besunigjende politisy noch wat fan
opstekke kinne, al is der datoangeande fan steatssiktarissen fan it slach
Halbe Zijlstra of pleatslike kultuerwethâlders lykas Isabelle Diks – Koos van
der Sloot hat it yn dizzen oer ‘Isabelle Niks’
– net folle goeds te ferwachtsjen, omdat se, sa’t skynt, mar ien tiid
hilligje, nammentlik dy fan de iendiminsjonale ekonomyske trêdmole.
Sammelsucht
Aaien hawwe foar Koos van der Sloot alles te meitsjen mei syn jeugd op ‘e Jouwer, doe’t er as jonkje faak allinnich
yn ‘e bosk of yn de greiden omstrûpte, op ‘e streup nei fûgels en aaien, in
leafhawwerij dy’t him oansette ta it oanlizzen fan in samling. De bringst waard
yn âlde skuondoazen ûnderbrocht en dat gyng fan kolibry-aaien, skriesaaien oant
en mei eksteraaien. ‘Ik fûn dat fassinearjend, al dy ferskillende kleuren, de
aaien fan de klyster bygelyks, dy skalen, prachtich, suver abstrakte doekjes,
sa achterôf sjoen.’
Doe’t by er in kessengefjocht mei syn suster troch it
ledikant plofte, dêr’t – krák, krák - syn ‘lyts museum’ mei aaien ûnder stie,
wie it ynearsten út mei syn samlingsdrift. Dy krige in ferfolch, jierren
letter, doe’t er, op reis yn Grikelân, op de merke fan Athene in hurdstiennen
aai seach. ‘Ik wie ferkocht, en op ‘e nij daalde it yn my del, de passy foar it
sammeljen fan aaien, mar diskear as keunstfoarwerpen,’ fertelt Van der Sloot,
thús oan de wenkeamerstafel, mei dêrop in izeren, prachtich strak stilearre
hynder fan byldzjend keunstner Willem Lenssinck. It ranke, smelle en moai
heechsette objekt rikt omtrint oan in út hinne-aaien opboude kloft wite
wolkens, dy’t mei in tin, amper sichtber toutsje oan de soudering ophongen is.
Neist de eigen keunst hinget oan de muorren yn dyselde wenromte ek in soad oare
keunst, teken- en skilderwurk en grafyk fan minsken as Boele Bregman, Jan
(Frearks) van der Bij, Anne Feddema, Pieter Pander en Siety Bosma.
Tusken de bedriuwen troch hâldt Van der Sloot, dy’t net allinne
stedeboukundige is, mar ek nearlandikus – hy die de âlde m.o.-oplieding yn
Ljouwert – him gauris dwaande mei poëzy, yn it bysûnder mei it skriuwen fan
lietteksten. In âlde leafde, nei’t bliken docht. Oait hie er mei de studint
medisinen Theo Douma, tsjintwurdich ien fan de twa ‘zingende dokters’, it
selskip Theodrama. ‘Ik skreau de lieten. En dat gyng goed.
Op in stuit stienen
wy yn Grins yn it foarprogramma fan Herman Brood. Ik skiet omtrint yn ‘e broek,
man, ik wie sa senuweftich dat ik neat útbringe koe. Ik wie dúdlik net foar it
toaniel, de bühne, makke.’ Nei dat ‘debacle’ – stagefright – beheinde er him ta it skriuwen fan poëzy- en
lietteksten. Dat gyng him net min ôf. In pear jier ferlyn noch wûn er in troch
it Noord Nederlands Orkest (NNO) útskreaune priisfraach foar lietteksten. ‘It
aardige wie, dat myn freondinne, Lies Akkerman – se docht opera – de tekst
sjonge koe, tegearre mei it NNO dus.
’De
oardering binnen Van der Sloot syn poëtyske assemblaazjes – guon reppe net om
‘e nocht fan ‘beeldgedichten’ – ferriede oant in hichte ta de keunstner syn
stedeboukundige eftergrûn. Yn de jierren njoggentich, doe’t er op de ôfdieling
Ruimtelijke Orderning by de gemeente Skarsterlân wurke, makke er ûnder mear it
ûntwerp foar de bou fan twahûndert wenten, ornearre foar de saneamde wyk Wyldehoarne.
‘Dat wie in min ofte mear postmodern projekt. Oan ‘e iene kant moast it retro
wêze en oan ‘e oare kant eigentiidsk. Op in stuit haw ik doe de dakken mei
aaien beklaaid, wylst oan de gevels klokken te hingjen kamen.’
It projekt is
lykwols mar foar in part útfierd, omdat Van der Sloot, pleage troch sykte, úteinlik
it projekt opjaan moast. In skoftlang koe er neat, noch lêze noch skriuwe. Hy
sammele keunst en boeken, benammen keunstboeken, en die him it each sêd oan
keunstútstallingen. ‘It byld fan de aaien yn kombinaasje mei de tiid bleau my
allegeduerigen achteroan sitten. Mar der wie twivel. Doe’t ik op in kear it
wurk fan de dichter en byldzjend keunstner Marcel Broodthaers seach dy’t mei
stikkene aaien de legens fan de keunst sjen litte woe, doe tocht ik: dat hoech
ik net mear te dwaan, hy is my fóar, ek mei it brûken fan it aai as materiaal.
Op in stuit haw ik my dêr oerhinne set, omdat myn wurk nei ynhâld en foarm oars
wie as dat fan Broodthaers.’
Symboalblinens
De aaien yn it projekt ‘De Zeis’, mar ek yn tal fan oare opstellings fan Van
der Sloot binne net inkeld symboalen fan fruchtberheid en nij libben. ‘Foar my
steane se ék foar hope en fertriet, keunst en yntuysje, al sjoch ik se tagelyk ek
as metafoaren fan de dea. It libben ymplisearret no ienkear ek de dea.’ Gjin
niget dat yn it faak dialektysk bepaald wurk fan Van der Sloot, spannend as dat
is troch syn kontrasten, gauris de dea opdûkt, lykas yn it assemblaazjestik mei
de boartlike titel ‘Commedia della Morte’, dêr’t twa swarte aaien mei twa,
letterlik duvelsk boas eagjende gesichten, makke út in pear kartonnen
aaidoaskes, de haadrol yn hawwe.
‘It is in persoanlike symbolyk, of lit ik it sa
sizze: in foarm fan ferbyldzjen fan in idee troch symboalen,’ seit Van der
Sloot. ‘It giet my it ferbyldzjen en net it byldzjen, lykas dat faak it gefal
is yn de moderne, suver abstrakt-geometryske keunst. De strakke soberheid fan
modernisten lykas Mondriaan is yn essinsje de útwurking fan itjinge dêr’t de
kalvinistyske teolooch en predikant Abraham Kuyper oan ‘e ein fan de 19de ieu
foar yn de slach wie: in keunst, frij fan plastyk. It symboal, it byld, waard,
sis mar, opfette as in stean-yn-de-wei foar de út te dragen idee.’
Geandewei
de foarige ieu is der neffens Van der Sloot in beskate ‘symboalblinens’
ûntstien, in oangelegenheid dy’t nochris ekstra fuorre waard troch de leechrin
fan de tsjerken en it stadige ôftakjen en ferdwinen fan in religieuze en
agraryske kultuer. Beide stienen by âlds stiif fan alderhande, faak mei de
seizoenen gearhingjende symboalen. ‘Minsken as Reve hawwe al folle earder oer
dizze symboalblinens op ‘e tekst west. Us maatskippij is der wat oanbelanget
fiks earmer op wurden.’ It iene en oar hat neffens Van der Sloot ek syn
konsekwinsjes foar de wize wêrop’t nei keunst sjoen wurdt.
Ta yllustraasje fan
dy stelling hellet er op it atelier yn syn wente yn Ljouwert, in romte dy’t
tagelyk ta eksposysjeromte tsjinnet, in pear nije, krekt makke assemblaazjes foar
it ljocht: moai harmonieus oardere seelânskippen. De weagen binne aaien, de
skippen doazen. Guon sille dizze saneamde ‘eggscapes’ suver klinysk besjen,
oaren, mear op ‘e hichte mei de symbolyk fan it skip en it wetter, sille sizze: ‘Ah, dat is de arke fan Noach, de drager fan
it libben’, of ‘Hee, dêr giet it boat dat aanst de deaden de rivieren oer
bringt.’ Van der Sloot: ‘Yn de symbolyk
stiet it iene foar it oare, it symboal wjerspegelet altiten iets dat boppe it
subjekt út giet, faak giet it om iets, yn myn gefal de tiid, dat him net sizze
lit, neam dat, it ûnútspreklike.’
Kader
Mei assemblaazjestikken as ‘Denkend aan Haskerland’ en
‘Herinnering aan Haskerland’ wurde yn Museum Joure net inkeld oantinkens ophelle oan Haskerlân,
it hjoeddeiske Skarsterlân, mar wurdt ek referearre oan rituelen mei aaien yn
âlde, foarkristlike kultueren. Guon heidenen hienen it bygelyks foar de moade
en bedobje de aaien fan fûgels en bisten yn de ierde om op dy manier de
fruchtberheid fan de grûn fuort te sterkjen. Yn it each rinnend binne de yn
fûgelperspektyf delsette lânskippen, dy't foarm krigen hawwe op in ûndergrûn
fan bûntkleure stikken skilderspalet. Troch de strakke opstelling en oardering
fan de aaien is oan dizze ‘eggscapes’ in moai geometrysk-abstrakt gesicht jûn.
Yn oare, allike kleurige lânskippen binne aaien ferbûn mei sjipplaten en
elektryske kabels en triedden, wêrfan’t guon, grappich en absurd, dwers troch
de aaien hinnerinne. It binne de spanning meitsjende metafoaren fan in lânskip,
dat by de tiid (!) lâns allegeduerigen yn ûntwikkeling west hat, feroare as dat
is fan in oarspronklik, foargoed ferlern natuerlânskip nei in fierhinne troch
de minske en syn technyk behearske kultuerlânskip.