Durk van der Ploeg krige okkerjiers – 2011 – de
Gysbert Japicxpriis taskikt foar syn hiele oeuvre, sa’t it
sjueryrapport sei. Dat betsjutte ek dat ‘de Gysbert’ him takend wie foar
syn poëzy. Yn it rapport sels wie dêr lykwols net of amper omtinken
foar. De sjuery, mei dêryn gjin inkeld lid fan bûten Fryslân – yn syn
soarte opmerklik, omdat de hjoeddeiske Fryske skriuwer no ienkear part
útmakket fan in twatalich literêr systeem – hie yn har rapport folle
mear op mei it útsuteljen fan alderhande banale Bewegerpraatsjes.
Yn it betide wurk fan Van der Ploeg galmet gauris it lûd nei fan (...) Les fierder op de website fan Eeltsje Hettinga