Tomas Tranströmer (1931) |
De Nobelpriis foar literatuer giet dit jier nei de Sweedske dichter Tomas Tranströmer. En mei rjocht. My skeat by it hearren fan dat nijs – it waard my trochdien troch Radio Netherlands Worldwide dy’t my fannemiddei belle mei it fersyk oft ik in taljochting jaan woe op de troch my ferfryske gedichten fan Tranströmer – ynienen it Neiwurd fan de blomlêzing Wrâld, Finster, Gedicht (2002) yn 't sin, in stik wêryn’t ik oanjûn hie dat Tranströmer, sûnt jier en dei ien fan myn favorite dichters, hjoed of moarn dizze wrâldliteratuerpriis taparte wurde soe.
‘As it my net mist,’ wie it sizzen yn niisneamd Neiwurd, ‘hellet ien fan dizze beide Sweedske dichters [de twadde wie Lars Gustafsson] oare jier yn Stockholm de Nobelpriis foar literatuer op.’
‘As it my net mist,’ wie it sizzen yn niisneamd Neiwurd, ‘hellet ien fan dizze beide Sweedske dichters [de twadde wie Lars Gustafsson] oare jier yn Stockholm de Nobelpriis foar literatuer op.’
Kommende tiid mear oer de Sweedske dichter, fan wa't op dit plak, yn july, ûnder mear it gedicht In skiss fran 1844 (In skets út 1844) ôfprinte waard, opnaam yn de sammelbondel mei de foar syn wurk sa skaaimerkjende en sprekkende titel De herinneringen zien mij.
Foarearst nim ik hjir fan Tranströmer it gedicht ‘Yn de iepen loft’ oer en myn taljochting dêrop, teksten, sa't dy te finen binne yn Wrâld, finster, gedicht (s. 74-77).
Foarearst nim ik hjir fan Tranströmer it gedicht ‘Yn de iepen loft’ oer en myn taljochting dêrop, teksten, sa't dy te finen binne yn Wrâld, finster, gedicht (s. 74-77).
YN DE IEPEN LOFT
1.
Labyrint fan it lette neijier.
By de yngong fan de bosk in weismiten lege flesse.
Kom der yn. Om dis’ tiid hinne bestiet de bosk út stille útstoarne
lokalen.
Oars net as in pear lûden, as ferskoot ien mei in pinset hoeden
de tûken
de tûken
of in knierbân licht kriezjend yn ’t binnenst fan in tsjokke stam.
De froast is oer de poddestuollen gien, se binne taskronfele.
Se lykje op dingen en stikken klean fûn nei in ferdwinen.
No giet it op skimer oan. It is saak dy der út te rêden
en dyn merknimmen opnij te hifkjen: it roastige ark
dêrbûten op 'e bou
en it hûs op 'e oare kant fan de mar, in readbrún fjouwerkant
krêftich as in bûljonblok.
2.
In brief út Amearika die it him, dreau my nei bûten
op in ljochte junynacht de lege strjitten fan de foarstêd yn
tusken nijberne wiken sûnder oantinken, koel as blaudrukken.
It brief op 'e bûs. Wansillich razende swalkerstocht, in soart needgjalp.
By jimme hawwe goed en kwea werklik gesichten.
Wat te úzes meast in striid tusken woartels, sifers, ljochtflitsen is.
Dyjingen dy’t de opdrachten fan de deaden dogge, deiljocht net.
Se hâlde bewâld op glêzene ferdjippings. Se krioelje yn de sinnegloede.
Se lynje oer de toanbank en draaie de hollen.
Fier fuort bliuw ik by tafal foar ien fan de nije fasades stean.
In protte finsters gearfloeiend yn ien inkeld finster.
Ljocht fan nacht syn himel en it ferweech fan beamkrúnen dat dêryn
opheind wurdt.
It is in spegeljende mar sûnder weagen, omhegen kaam yn simmernacht.
Foar ien inkelde tel
liket geweld ûnwerklik.
3.
De sinne baarnt. De fleanmasine komt leech oer en smyt in skaad
yn 'e foarm fan in grut krús oanstoarmjend
oer 'e grûn.
Der wrot in minske yn 'e bou om.
Der komt it skaad oan.
Ien inkeld part fan in sekonde sit er midden yn it hert fan
it krús.
Ik ha it krús sjoen dat yn 'e ferwulften fan koele tsjerken hinget.
It liket bytiden in momintopname
fan eat driftich fan beweging.
IT LABYRINT FAN IT LETTE NEIJIER, LOF OP IT IMAZJINÊRE
Eeltsje Hettinga
tekening Elske Schotanus
|
'In brief út Amearika die it him, dreau my nei bûten / op in ljochte junynacht de lege strjitten fan de foarstêd yn. (…) Doe’t ik ein ’94 nei Amearika ferhúze, siet der yn de tolve kisten dy’t ik op it frachtskip sette in seleksje fan de boeken dy’t ik yn 'e rin fan de jierren garre. Neist it wurk fan Ingeborg Bachmann wie dêr ek de bondel Het wilde plein (Gedichten 1948-1990) fan de Sweedske dichter Tomas Tranströmer by.
Wa’t de poëzije fan dizze Sweed lêst, bliuwt neitiid efter yn it skimer fan frjemd meitsjende romten en tiden.Tranströmer syn skriuwen, en dus syn tinken, wurdt oandreaun fan in noardlik kâld, mar libben ûnderwesten. Syn wurk liket bytiden op in mei iisskossen oerladen rivier, as it om de rykdom oan bylden giet. Se komme op út de djipten fan in ferheftich lyryske en fierhinne ûnderwestlik bepaalde ûnderstream, al stelt J. Bernlef - yn Nederlân de fêste oersetter fan it wurk fan de Sweed - terjochte fêst dat Tranströmer syn wize fan wurkjen hiel wat minder frijbliuwend is as dy fan de surrealistyske dichters. In rigel as 'No giet it op skimer oan. It is saak dy der út te rêden/ en dyn merknimmen opnij te hifkjen’, dêr sit neat surrealistysk by. It ûnderbewuste is by Tranströmer gjin doel, mar ien fan de middels by syn skriuwen.
Nettsjinsteande it tsjustere karakter fan dit trijelûk – it giet net om 'e nocht om in labyrint – binne de bylden sa helder as glês, mar binnen it gehiel fan it fers tagelyk ek wer de riedseleftige kant neist. It fisuele elemint yn 'Yn de iepen loft’ is ferpletterend, sa taastber. It fers kin eksimplarysk neamd wurde foar Tranströmer syn wurk.
Yn de tekst wurdt it telluryske, staljûn mei de bylden oer de heimige winterbosk, ferbûn, of better: konfrontearre mei de kultuer, dy fan de stêd en alle glêzige trochsichtigens dy’t dêr mei mank is. De opposysje werspegelet foar in part ek de ferskillen tusken Europa en Amearika (...) 'By jimme hawwe it kweade en it goede werklik gesichten'/.
Op in oar nivo komme de tsjinstellingen it moaist út ’e ferve by it byld fan de leech oanstoarmjende fleanmasine en de minske dy’t yn 'e ierde omwrot. 'Ien inkeld part fan in sekonde sit er midden yn it hert fan / it krús.’ In soarte feriening, fan in byinoar kommen? Nee. De driigjende masine dy’t oanrazen komt, wiist derop dat der wat wankt, mar wat? Ik wit it net, haw der, en dat jildt ek yn it algemien, miskien en soms efkes, in tel – ûnderbewust - aan fan dit 'it’, dat fuortkomt út in heftige, driftige beweging, en dat ûnbepaald as it bliuwt, ferpletterjend wêze sil.
Yn dit trijelûk kin ik einleas omdwale, besykjend om alle betsjuttingen fan dit gedicht helder te krijen. Dat falt tsjin. Slim? Nee, net alles lit him no ienkear ferklearje. Faaks is dat mar goed ek. Al lêzend ploeget men troch alderhande tsjustere ûnderlagen dy’t dit fers hat. De dûnkere assojative krêft dy’t yn dit imazjinêre gehiel besletten leit, fiert jin tagelyk oer tal fan ljochte wegen de wrâld oer. Oan komt men net! Goede poëzije ken gjin einstasjon, mar lit jin gauris op in moai ûntheisterjende wize ûntspoare en ferdwale. Meastentiids wurdt men dêr net ûngelokkich fan.
'In brief út Amearika die it him, dreau my nei bûten.’ Sa is it gien en sa is it my fergongen. De rigel ropt in romte op, in tiid ek, wêryn’t ik op ien en’t selde momint de oanstoarmjende fleanmasine bin en tagelyk de mins dy’t allinnich yn 'e ierde omwrotte (!). Fan dy mins bin ik de deade, in oersteat, midden yn 'e stêd fan dit bestean.
In part fan myn boeken, ek dy fan Tomas Tranströmer, stiet noch yn in skuorke op 'e oare kant fan de oseaan. Se meie der stean bliuwe. Besit fan boeken is moai, mar it fûleinige garjen derfan, sa’t ik dat ienris bewend wie, dêr doch ik net mear oan. Lykwols, der is poëzij dy’t ik altiten by de hân hawwe wol. Doe’t ik yn in Amsterdamkske boekwinkel Het wilde Plein lizzen seach, haw ik de bondel op 'e nij oantúgd. My heucht noch de keap. In rib út myn liif. Mar wat soe ’t? Wa’t skientme priuwe wol, moat bliede, bytiden dûbeld, net wier?
IN DE OPEN LUCHT
1.
Labyrint van het late najaar.
Aan de ingang van het bos een weggeworpen lege fles.
Treed binnen. Rond deze tijd bestaat het bos uit stille verlaten lokalen.
Een paar geluiden maar: alsof iemand met een pincet voorzichtig
twijgen verschuift
of een scharnier zwak piepend binnen in een dikke stam.
De vorst is over de paddestoelen gegaan, ze zijn verschrompeld.
Ze lijken voorwerpen en kledingstukken in een verdwijning.
Nu valt de schemering. Het is zaak je er uit te reppen
en je richtmerken opnieuw te bezien: het roestig gereed
daarbuiten op de akker
en het huis aan de overkant van het meer, een roodbruin vierkant
krachtig als een bouillonblok.
2.
Een brief uit Amerika deed het hem, dreef mij naar buiten
op een lichte juninacht de lege straten van de voorstad in
tussen pasgeboren wijken zonder herinnering, koel als blauwdrukken.
De brief in mijn zak. Onzalige razende zwerftocht, een soort hulpkreet.
Bij jullie bezitten het kwade en het goede werkelijk gezichten.
Wat bij ons meest een strijd tussen wortels, cijfers en lichtinvallen is.
Zij die de opdrachten van de dood uitvoeren schuwen het daglicht niet.
Zij regeren vanuit glazen verdiepingen. Zij krioelen in de zonnegloed.
Zij leunen over de toonbank en draaien hun hoofden.
Ver weg blijf ik toevallig voor een van de nieuwe façades staan.
Vele ramen ineenvloeiend tot één enkel raam.
Licht van de nachthemel en het bewegen van boomkruinen wordt daarin
gevangen.
Het is een spiegelend meer zonder golven, opgerezen in de zomernacht.
Voor een kort moment
lijkt geweld onwerkelijk.
3.
De zon brandt. Het vliegtuig scheert laag over en
werpt een schaduw in de vorm van een groot kruis voortstormend
over de grond.
Een mens zit op de akker te wroeten.
Daar komt een schaduw aan.
Een onderdeel van een seconde bevindt hij zich in het midden van
het kruis.
Ik heb het kruis gezien dat in koele kerkgewelven hangt.
Het lijkt soms een momentopname
van iets in heftige beweging.