vrijdag 14 juni 2013

In Portugees yn Fryslân – ‘De Friese vrouw, een sirene uit de Noordzee’


Alleen die landen gaan ten onder door de stilstand van hun geestelijk leven, waar men geen onderstroom aantreft van oppositionele ideeën, die langzamerhand het bestaande in de wortel aantast en zo de stuwkrachtvormt die naar de toekomst drijft.’


Ramalho Ortigão, Holland, 1883





It wie yn de rûzige en hurd fuortsnuorjende Singernaaimasinedagen oan de ein fan de njoggende ieu – Amsterdam rette him ta op de Wrâldtentoanstelling, in evenemint dat mar leafst seis moanne duorje soe – doe’t op in dei yn de neisimmer fan 1883 út it lân fan de Taag in Portugese kronykskriuwer mei de stoomlokomotyf it stasjon Westerdok by de Prins Hendrikkade te Amsterdam yn tuffen kaam. Op it perron stiek er in sigaar op, stuts, hoeden, de wrinzgjende strjitte mei hoar klappende brikken en ratteljende hynstetrams oer en fergappe him, ienkear op it Damrak, stadich de kant fan de Oude Brug en de Korenbeurs út gongeljend, oan de keapmanshúzen, de rike en renêssânsistyske trepgevels en de Hollânske froulju, dy’t yn harren wide hoepelrokken, mei strak ynbûne mul, allyk paradysfûgels ûnder bûnt beplomme tuoqé-huodden de grêften delpanderen, sa’t er him letter, mei deselde bewûndering en fernuvering it each te sêdzjen kaam oan de wurken fan Rembrandt, Johannes Vermeer, Ruysdael en Frans Hals, yn it bysûnder oan dy fan Hals, ien fan de iennige skilders yn de Gouden Ieu, dy’t frou en famke noch wolris laitsje litte woe, lykas er dat de like elegante as ûndogenske ‘scone’ Isabella Coymans dwaan litte hie.




zondag 9 juni 2013

Midsimmerjûn mei Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz, Elmar Kuiper en Gerrit Breteler

Westhim –  Freed 28 juny hâldt de Gerben Rypma Stichting op de terp fan Westhim, mei sicht op Greonterp-Blauhûs syn fjirde kultureel-literêre Midsimmerjûn (*). Trije renommearre dichters stappe dy jûn nei foaren: Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz en Elmar Kuiper. Sawol Lecompte as Deckwitz krigen de C. Buddingh-prijs, in priis dy’t alle jierren takend wurdt foar it bêste debút yn de Nederlânsktalige poëzy en dy’t sûnt jier en dei útrikt op Poetry International yn Rotterdam. Elmar Kuiper wie yn 2010 ien fan de nominearren foar dyselde ‘Buddingh’. Neist har yndividuele foardrachten fersoargje Deckwitz, Lecompte en Kuiper in mienskiplik optreden mei in hilaryske tekst oer Fryske keatsballen, Flaamske earizers en Hollânske grêften, in tekst, skreaun yn in miks fan Flaamsk, Frysk en Nederlânsk. De muzyk op de Midsimmerjûn yn it tsjerkje fan Westhim komt fan Gerrit Breteler, dy’t ûnder mear syn klassiker ‘Op een dag’ oer it fuotljocht bringe sil. Presintaasje: Eeltsje Hettinga.
.
Iepening: 22.00 oere. Ynrin 21.30 oere.
Entree: € 10,00 Euro. (Stipers fan de Stichting € 7,50)


Kaarten te bestellen fia gerbenrypma[apesturt]home.nl
of fia 0515 - 57 94 76  / 06 38 90 97 04 / 0515 - 54 23 52
.

Lês fierder op de webside fan Eeltsje Hettinga - klik
.

(*) By de foarige edysje fan de kulturele Midsimmerjûn fan de Gerben Rypma Stifting stapten skriuwer-dichter en essayist David Van Reybrouck en skriuwer-dichter Maarten Inhgels oer it fuotljocht.'Wy wolle mei dizze Midsimmerjûnen in tradysje delsette troch alle kearen sa sterk mooglike literêre nammen nei foaren te heljen,’ seit Hille Faber fan de Gerben Rypma Stifting.


vrijdag 7 juni 2013

It Staverkadaver - In tige útnoegjend Skriuwersboun - Part IV


Nei it foarriedich beslút oer de Staveringsferoaring, sa’t de Fryske Steaten dêr op 24-04 oer kediisd ha, binne der in foech hûndert stikken oer de foarnommen Staveringswiziging publisearre, ynbegrepen ‘De Oprop oan de Provinsjale Steaten’, ûndertekene fan mear as hûndert  minsken (heechleararen, skriuwers en tal fan minsken út it ûnderwiisfjild en de media).

Linich

Elkenien, dy’t him op hokfoar manier ek mei de staveringssaak anneks wit, hat him/har, koart sein, genôch ynformearje kinnen om selsstannich en op eigen manneboet in oardiel te foarmjen yn it stik fan dizze staveringsferoaring. Sa wist it bestjoer fan de stúdzjeferiening Skanomodu  yn no time in skrander en opnimstich beärgumintearrre brief te stellen dêr’t Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân en deputearre Jannewietske de Vries yn te kennen dien wurdt dat men as studzjeferiening net wurde kin mei de útstelde staveringsferoaring. En passant helle it Skanomodu-bestjoer even de stipe binnen fan in stik as wat oare Fryske studintefederaasjes en –ferienings.

Sokke linigens en by-de-pinken-wêzen fan in organisaasje as Skanomodu binne eigenskippen dy’t by it bestjoer fan it Skriuwersboun fier te sykjen binne. Oardel moanne nei it advys-beslút fan de Steaten komt dit Skriuwersbounbestjoer, dat oant no ta gjin oar stânpunt ynnaam as in ‘neutraal’ stânpunt, nochris oanskiten mei wat op 27-05 in ‘ynfo- en diskusjejûn’ hjitte te wêzen, mar dat no wilens ‘in diskusjejûn’ wurden is. It parseberjocht dat it bestjoer dêroer opstelde, is fan in sublym kleuterklasnivo. Foar de krantelêzer dy’t net daalks mei de staveringsproblematyk op ’e hichte is, is dêryn in sin as "De ûndertekeners fan de oprop oan de Steaten binne ek útnoege" oars net as akakadabra. Dat parseberjocht waard buorkundich makke doe’t de list mei ‘ûndertekeners fan de oprop’ NB noch net ienris bekend wie. It och sa snoade bestjoer fan it Skriuwersboun bedoelde dus dat de opstellers (!) fan ‘de Oprop’ útnoege binne.

Fierders wurdt yn datselde parseberjocht mei gjin wurd rept fan sprekkers dy’t op de diskusjejûn fan it Boun it wurd fiere sille. Is it faaks Hanno Brand, ynterim-direkteur fan de Fryske Akademy, dy’t ‘nûge’ is, sil ien freegje, of is it Akademy-leksikograaf Anne Dykstra faaks of miskien, om nochris in pear nammen te neamen, Pieter Breuker, âld-learare-oplieder en dosint taalfeardigens en sosjolinguistyk Frysk Ynstitút RuG, Henk Wolf (dosint Frysk), André Looijenga (klassikus) of in Omrop-sjoernalist as Eelke Lok?

De nije grutte Fryske hampelman-priis

Faaks kinne de bestjoersleden Hilarides, Popkema c.s. fan it Boun in kursus parsberjocht-skriuwen by Abe de Vries dwaan, eardat se har oan soksoarte tige 'útnoegjende' skriuwens weagje. Want it fodsje dat no troch harren opsteld is, is in oanfluiting, in stik dêr't, sa haw ik fan grútsjen heard, dit Bounbestjoer de  Grutte Fryske Hampelman-priis foar útrikt krije sil, soks ek fanwegen it feit dat it bestjoer yn it sjapiter fan de Staveringskwestje net allinne útblinkt yn it stoef ynnimmen en úthâlden fan ‘neutrale’ stânpunten, mar boppe-al yn it sjen litten fan in neatsizzenheid dy’t rjocht evenredich is oan har bestjoerlike ynkapabelens. It is net om ’e nocht dat mei om lêstneamde redenen in foaroansteand skriuwer-dichter as Elmar Kuiper ferline wike syn lidmaatskip fan it Boun opjûn hat. Kuiper: 'It is letterlik en figuerlik in benaude klub, dat Boun, mei in bestjoer dat har nekke net doart út te stekken en dat fierste min docht oan it behertiging fan de belangen fan de leden.'

It is de heechste tiid dat it Skriuwersboun in diskusjejûn beleit om dêryn it neifolgjende agindapunt te behanneljen: it opheffen fan it Boun troch dat tenei ûnderdiel útmeitsje te litten fan it VvL (De Vereniging van Letterkundigen) om op dy manier - wy sitte by eintsjebeslút yn in twatalich literêr systeem - ta in bettere behertiging fan de belangen fan de Frysktalige skriuwer te kommen as no it gefal is mei dit heale houtsje-toutsje-bestjoer.


Lês fierder by: Eeltsje Hettinga blog 

Thomas Bernhard - Betide trein - Stimmen 17





BETIDE TREIN

Yn de betide trein sjogge wy ta it finster út, krekt op it momint dat wy by de berchkleau lâns ride, dêr’t fyftjin jier earder de groep studinten fan ús skoalle, dy't mei ús mei op ekskursje wie nei de wetterfallen, yn delstoart wie dat wy litte it (....) 

Lês fierder op de webside fan Eeltsje Hettinga - klik





dinsdag 4 juni 2013

Donald Crowhurst - De see, de dream en it Neat - Lânskippen 8




Hy wie in idioat yn the middle of nowhere, in Russyske roulettespiler, dy’t lang om let yn godstsjinstwaansin fersyld út de wedstriid stapte en spoarleas ferdwine soe: Donald Crowhurst, ien fan de silers dy’t mei die oan the match fan de ieu, de earste non-stop syltocht om ’e wrâld hinne, dy’t yn 1968 op priemmen set wie troch de Ingelske krante Sunday Times.

It wiene trouwens allegearre heale lunatics dy’t meidienen. Der wie in Frânsman by dy’t him, midden op de Atlantyske Oseaan, út de wedstriid weromluts op it momint dat er al in net mear yn te heljen foarsprong hie op de rest fan de float, njoggen sylskippen, allegearre stridend foar de haadpriis fan fiiftûzen Ingelske pounds (fjirtichtûzen gûne). Net fier foar de einstreek yn Plymouth meldeer (...)


Lês fierder op de website fan Eeltsje Hettinga... klik