Hy
wie in idioat yn the middle of nowhere, in Russyske roulettespiler,
dy’t lang om let yn godstsjinstwaansin fersyld út de wedstriid stapte en
spoarleas ferdwine soe: Donald Crowhurst, ien fan de silers dy’t mei
die oan the match fan de ieu, de earste non-stop syltocht om ’e wrâld
hinne, dy’t yn 1968 op priemmen set wie troch de Ingelske krante Sunday
Times.
It wiene trouwens allegearre heale lunatics dy’t meidienen. Der wie in Frânsman by dy’t him, midden op de Atlantyske Oseaan, út de wedstriid weromluts op it momint dat er al in net mear yn te heljen foarsprong hie op de rest fan de float, njoggen sylskippen, allegearre stridend foar de haadpriis fan fiiftûzen Ingelske pounds (fjirtichtûzen gûne). Net fier foar de einstreek yn Plymouth meldeer (...)
Lês fierder op de website fan Eeltsje Hettinga... klik