vrijdag 7 juni 2013

It Staverkadaver - In tige útnoegjend Skriuwersboun - Part IV


Nei it foarriedich beslút oer de Staveringsferoaring, sa’t de Fryske Steaten dêr op 24-04 oer kediisd ha, binne der in foech hûndert stikken oer de foarnommen Staveringswiziging publisearre, ynbegrepen ‘De Oprop oan de Provinsjale Steaten’, ûndertekene fan mear as hûndert  minsken (heechleararen, skriuwers en tal fan minsken út it ûnderwiisfjild en de media).

Linich

Elkenien, dy’t him op hokfoar manier ek mei de staveringssaak anneks wit, hat him/har, koart sein, genôch ynformearje kinnen om selsstannich en op eigen manneboet in oardiel te foarmjen yn it stik fan dizze staveringsferoaring. Sa wist it bestjoer fan de stúdzjeferiening Skanomodu  yn no time in skrander en opnimstich beärgumintearrre brief te stellen dêr’t Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân en deputearre Jannewietske de Vries yn te kennen dien wurdt dat men as studzjeferiening net wurde kin mei de útstelde staveringsferoaring. En passant helle it Skanomodu-bestjoer even de stipe binnen fan in stik as wat oare Fryske studintefederaasjes en –ferienings.

Sokke linigens en by-de-pinken-wêzen fan in organisaasje as Skanomodu binne eigenskippen dy’t by it bestjoer fan it Skriuwersboun fier te sykjen binne. Oardel moanne nei it advys-beslút fan de Steaten komt dit Skriuwersbounbestjoer, dat oant no ta gjin oar stânpunt ynnaam as in ‘neutraal’ stânpunt, nochris oanskiten mei wat op 27-05 in ‘ynfo- en diskusjejûn’ hjitte te wêzen, mar dat no wilens ‘in diskusjejûn’ wurden is. It parseberjocht dat it bestjoer dêroer opstelde, is fan in sublym kleuterklasnivo. Foar de krantelêzer dy’t net daalks mei de staveringsproblematyk op ’e hichte is, is dêryn in sin as "De ûndertekeners fan de oprop oan de Steaten binne ek útnoege" oars net as akakadabra. Dat parseberjocht waard buorkundich makke doe’t de list mei ‘ûndertekeners fan de oprop’ NB noch net ienris bekend wie. It och sa snoade bestjoer fan it Skriuwersboun bedoelde dus dat de opstellers (!) fan ‘de Oprop’ útnoege binne.

Fierders wurdt yn datselde parseberjocht mei gjin wurd rept fan sprekkers dy’t op de diskusjejûn fan it Boun it wurd fiere sille. Is it faaks Hanno Brand, ynterim-direkteur fan de Fryske Akademy, dy’t ‘nûge’ is, sil ien freegje, of is it Akademy-leksikograaf Anne Dykstra faaks of miskien, om nochris in pear nammen te neamen, Pieter Breuker, âld-learare-oplieder en dosint taalfeardigens en sosjolinguistyk Frysk Ynstitút RuG, Henk Wolf (dosint Frysk), André Looijenga (klassikus) of in Omrop-sjoernalist as Eelke Lok?

De nije grutte Fryske hampelman-priis

Faaks kinne de bestjoersleden Hilarides, Popkema c.s. fan it Boun in kursus parsberjocht-skriuwen by Abe de Vries dwaan, eardat se har oan soksoarte tige 'útnoegjende' skriuwens weagje. Want it fodsje dat no troch harren opsteld is, is in oanfluiting, in stik dêr't, sa haw ik fan grútsjen heard, dit Bounbestjoer de  Grutte Fryske Hampelman-priis foar útrikt krije sil, soks ek fanwegen it feit dat it bestjoer yn it sjapiter fan de Staveringskwestje net allinne útblinkt yn it stoef ynnimmen en úthâlden fan ‘neutrale’ stânpunten, mar boppe-al yn it sjen litten fan in neatsizzenheid dy’t rjocht evenredich is oan har bestjoerlike ynkapabelens. It is net om ’e nocht dat mei om lêstneamde redenen in foaroansteand skriuwer-dichter as Elmar Kuiper ferline wike syn lidmaatskip fan it Boun opjûn hat. Kuiper: 'It is letterlik en figuerlik in benaude klub, dat Boun, mei in bestjoer dat har nekke net doart út te stekken en dat fierste min docht oan it behertiging fan de belangen fan de leden.'

It is de heechste tiid dat it Skriuwersboun in diskusjejûn beleit om dêryn it neifolgjende agindapunt te behanneljen: it opheffen fan it Boun troch dat tenei ûnderdiel útmeitsje te litten fan it VvL (De Vereniging van Letterkundigen) om op dy manier - wy sitte by eintsjebeslút yn in twatalich literêr systeem - ta in bettere behertiging fan de belangen fan de Frysktalige skriuwer te kommen as no it gefal is mei dit heale houtsje-toutsje-bestjoer.


Lês fierder by: Eeltsje Hettinga blog