woensdag 30 maart 2016

Slauerhoff, 'De Gouvernante' en Flylân (diel III)


Yn desimber 1923 wie Slauerhoff klear mei syn stúdzje medisinen yn Amsterdam. In moanne letter stapte er as skipsdokter oan board fan de s.s. Riouw fan de Stoomvaartmaatskippij ‘Nederland’, in ûndernimming dy’t mei de Rotterdamse Lloyd omtrint alle transporten op it Fiere Easten die. By al syn swerftochten bleaune Flylân en syn âlde freondinne fan de pastorij yn Jorwert, Heleen Hille Ris Lambers, dreamen dy’t altyd lutsen mar ek altyd wer tebrutsen. Gedichten as ‘Landelijke liefde’ en it hjir ferfryske ‘De gouvernante’ litte, sa’t de dichter Hendrik Marsman it omskreau,‘het verloop van noodlottige liefdes onwrikbaar-fataal’ sjen.

Heleen Hille Ris Lambers

De Riouw koe sawol passazjiers as fracht meinimme. It skip, dat romte hie foar in pear hûndert twaddeklas reizgjende passazjiers, sette ein jannewaris 1924 de haven fan Amsterdam út. Oer syn earste reis as skipsdokter skreau Slauerhoff: ‘We doen weinig plaatsen aan, dus van die zijde weinig afwisseling. En de zee is helaas aldoor kalm. Gibralter is een prachtig gezicht. De Afrikaanse kust soms. Port Said is niet veelbelovend, (we) blijven maar 4 uur. Het is aan de andere kant voor de zielerust uitstekend weinig havens aan te doen.’

It betearde lykwols mis mei syn seerop, Slauerhoff bedarre mei in maachblieding yn it sikehûs fan Batavia. Lykas sa faak, die ek no bliken dat syn sûnens syn fijân wie, yn it bysûnder syn astma en syn oanlis foar tuberkuloaze. In foech trije moanne nei syn fertrek út Amsterdam wie er al wer werom yn Nederlân. Wat te dwaan? Dat wie de grutte fraach. Ynearsten naam er as dokter waar foar in befreone kollega yn Baard en Dronryp, dêr’t er yn de hjerst fan 1924 oan de Hearewei 29 in tal wiken domisylje hie yn de dokterspraktyk op Osinga State, de eardere pastorij fan Dronryp.

‘gemeente-arts’

Yn dyselde snuorje die er waarnimmerswurk op Flylân, dêr’t de gemeente him op in stuit frege om ‘gemeente-arts’ te wurden. Slauerhoff hie der wol earen nei, mar ferbûn dêr de betingst oan dat syn âlde freondinne Heleen Hille Ris Lambers, de dochter fan de dominy fan Jorwert, by wa’t er nei syn Ljouwerter HBS-tiid in soad oer ‘e flier west hie, mei gean soe. Se soe, sa hie er him betocht, op East-Flylân as ferpleechster of apteker oan ‘e slach kinne. Sterker, hy, de anty-burger, woe sels mei har yn de boask.

‘Het idee dat hij zich voortaan geen zorgen voor de toekomst hoefde te maken,’ skriuwt C.J. Kelk yn Leven van Slauerhoff, ‘was aanlokkelijk. Ook herleefde even in hem de oude dorpsidylle van een vredig leven met een levensgezellin die hem zal begrijpen.’

Dat houliksoansyk waard in regelrjochte domper. Heleen Hille Ris Lambers joech de dichter nul op it rekest. Se wegere pertinint. De gemeente Flylân dy’t al ‘eenstemmig tot de aanstelling had besloten’, moast oars omsjen. ‘Zij was te wijs,’ skriuwt Kelk ‘om niet in te zien dat hij, gedoemd te leven onder enge dorpsverhoudingen, ongelukkig zou worden en het haar zou maken.’ Slauerhoff miste dus letterlik en figuerlik de boat en set him op syn beleave Flylân – ‘Ik kan mij geen prettiger manier denken om op Vlieland te vertoeven waar ik nog steeds graag ben.’ –  nei wenjen. Hy ferhuze nei Haarlem  dêr’t er in skoft yn in toskedokterspraktyk wurke.

Fan syn boargermansdream is er dan wol fierhinne genêzen, mar ek wer net alhielendal. Yn de biografy Slauerhoff, een levenbeschrijving skriuwt Constant van Wessum oer de spjalt tusken de seeman-dichter en de boarger: ‘Hij heeft wel degelijk geloofd aan de ‘gewone’ idealen: monogaam te leven, te leven in de rust van een tehuis, in de eenheid van een huwelijk, de twee-eenheid met de geliefe vrouw, die meer voor hem zou zijn dan alleen minnares.’

Heleen Hille Ris Lambers
Van Wessum hellet foar dy stelling in tal brieven oan, mei dêryn ûnder mear dit sizzen: ‘Nog vaak, vooral op zee, trekt mij het eenvoudige leven, het idyllische en daarin zou ik willen leven.’ En oan syn kollega-skriuwer Anton van Duinkerken, dy’t oait nochris de P.C. Hooftpriis krigen hat, bekende de dichter: ‘Weet je wat mijn ideaal zou zijn? Ik zou niets liever hebben dan een paar pantoffels en een eigen haard.’ Dat mei sa wêze, tagelyk wist er himsels de ultime, Rimbaudneske ‘burgerterger’ dy’t himsels net by steat achte ta ‘een gestagen echt’.

Koelyboaten

Doe’t er yn de simmer fan 1925 de kâns krige om as skipsdokter oan ’e slach te gean op ien fan de fracht- en koelyboaten fan de Java-China-Japanlijn, wie er gau út ’e rie. Foetsy, fuort út it benaude Nederlân. Letter soe er dêroer skriuwe: ‘In Nederland wil ik niet blijven, / Ik zou dichtgroeien en verstijven. / Het gaat mij daar te kalm, te deftig. (…) ‘k Ga liever leven in de steppen, / Waar men geen last heeft van zijn naasten:’. Skipsdokterje op de koelyskippen tusken Sina, Korea en Japan – Slauerhoff hie foar twa jier tekene – betsjutte in wurkjen yn bytiden erbarmlike omstannichheden. De altyd soele tropen, de malaria oan board en it bytiden minne iten diene in oanslach op syn sûnens. It like as wie der by Slauerhoff ûnbewust sprake fan in willemoeds sykjen om destruksje, in drift dêr’t de teloarstelling om Heleen har wegering om tegearre fierder te gean mooglik net swak yn byspile hat.

Nettsjinsteande dat beide eigen wegen giene – Heleen Hille Ris Lambers kaam as ferpleechster fia Rotterdam, Cambrai en Mareno yn Italje telâne – koene se dochs ek net sûnder inoar. Se bleaune elkoar briefkjen. Yn de jierren tusken 1927 en 1936 skreau Slauerhoff har in foech santich brieven. By syn reizen op de koely- en frachtskippen yn it Easten gong bygelyks steefêst in portret fan syn muze mei, sa’t dúdlik wurdt út de troch Wim Hazeu besoarge briefwiksel Van een liefde die vriendschap bleef. It wie mar komselden dat se inoar yn al dy jierren seagen. As dat al in kear it gefal wie lykas harren moetingen yn Rotterdam of Mareno, dan wie it noait mear as foar in pear dagen.

Jierren oanien lit Slauerhoff har syn brieven takomme, mar in leafdesferhâlding wol harren freonskip net wurde. Dat lei foar in part ek oan Slauerhoff syn hâlding en karakter. ‘Ik geloof helemaal niet zoo meer aan ’t geluk door ’t passen van karakters bij elkaar; nog wel aan leven waarin beide(n) hun gang kunnen gaan als aparte individuen die samenkomen als ze dat verlangen, niet als ze dat moeten, zooals in ’t Hollandsche huwelijk. Ik meen te moeten gelooven dat dit laatste toch voor jou ’t beste is. Ik zou dit ook zoo graag willen, maar ik kan dat niet meer. Dus zijn wij zoo onverenigbaar, dat is ellendig, maar het is zoo.’ In foech fjirtjin dagen letter foeget er dêr oan ta: ‘Maar ik ben zoo bang dat je gevoelens verspilt, heusch voor jou is ook alleen het absolute geluk goed.’

It bleau tusken harren in spul fan ferskinen en wer ferdwinen of sa’t it yn it gedicht ‘Landelijke liefde I’ hjit: ‘Laat alles worden zooals vroeger.’ / Zij gaf geen antwoord. Haar voetje stiet // Een steen in ’t water en terstond / Verdwenen we. Zoo was het altijd: / Verschijnen, verdwijnen, weerzien, afscheid, / Zoeken in elkaars oogen en mond.’ Yllustratyf foar dizze pingpong-ferhâlding is it foarfal nei de dea fan Slauerhoff syn heit yn 1929., in foarfal dat in fariant wie op it Flylânner houliksoansyk. Nei de begraffenis yn Ljouwert reizge er, tegearre mei syn mem Cornelia Slauerhoff-Pronker nei Haarlem, fuort út ‘de noordelijke stad, die zij haatte,’ sa’t it hjit yn dat iene, magistrale gedicht ‘In memoriam Patris’.

Slauerhoff
yn Súd-Amearika, 1929

Slauerhoff hie dat jier in reis nei Súd-Amearika dien, in skoft lang yn Paris omswalke, in simmer lang waarnommen foar in kollega-dokter Op ’e Sweach en woe winliken noch mar ien ding: fuort, de see op, nei de Oriïnt mar op de betingst – en dêr komt de Flylân-fariant om ’e hoeke sjen – dat Heleen mei gean soe; Slauerhoff hie it him yn ’e kop set om jinsen, yn Indië, in sikehûs op te setten. Syn âld freondinne fan de pastorij lykwols koe sa linkelytsen it klappen fan syn wylde dreamen en útstellen, dat se liet him witte dat se net yn ’e gelegenheid wie, bûn as se wie oan har wurk as ferpleechster yn Mareno.

onwrikbaar-fataal

En safolleresom wie dêr it spul fan in binen en ûntbinen. Slauerhoff sette nei Gistoux yn Frankryk, dêr’t er tegearre mei kollega-dichter en skriuwer Du Perron oan in tal manuskripten wurke en reizge dêrnei nei Nice. Heleen fan de pastorij ferdwûn wat langer wat mear nei de achtergrûn. Yn it weemoedige weromsjende gedicht ‘Na jaren’ dûkt se op as de gouvernante dy’t har dagen yn Ingelân slyt. ‘Alles heb ik teruggevonden / Bekoorlijk verwaarloosd als ’t vroeger was: (…) Alles: niet ’t lief, half landlijk, half mondain, / Wankle bekoorlijkheid die zich verliest / In Engeland, ‘k geloof als gouvernante.’

De gedichten oer Heleen Hille Ris Lambers, sa’t dy yn de jierren tusken 1924 en 1926 yn De Vrije Bladen ferskine, litte ‘het verloop van noodlottige liefdes onwrikbaar-fataal’ sjen, sa’t Hendrik Marsman it yn syn besprek fan Slauerhoff syn twadde bondel Claire-obscur ûnder wurden brocht. Yn it hjirûnder ferfryske gedicht ‘De Gouvernante’ foarmje likegoed Jorwert as Flylân in part fan it dekôr. De ien nei lêste strofe fan dit lange gedicht seit: ‘Ontbijtend bepeinst zij, hoe ze verloofd / Geweest is, niet lang, zij zelf verstoorde ‘t. / Velen verzekerden: ’t was goed geworden / Na de’ eersten tijd. Zij heeft het nooit geloofd.’
.

De Gouvernante

Moarnswyn makket koel de waarme nacht.
Se rillet, bleat wrotten, troch ’t losse hier
Net bestoppe. Foar ’t bêd yn wite facht
Lizze in pear blêden, grien en wiet.

Under ’t raam, oer de finsterbank
Kypje tûken nei binnen; troch it sigen
Ferwege de klean, frjemd griis yn ’t lemieren.
Se draait har nei ’t noch dûnker lewant.

Heal slomjend wurdt se wekker, skrikt
Yn eangstdream fan fallende treppen, bline
Muorren, en klean net mear te finen…
Wekker, wit se opslach dat se fuortgjit.

Gau wurdt no waarmer ’t sob’re bestean.
Wêrom fuort te gean? Der wie gjin reden dochs?
It like saai, mar langer, frjemd, net mear,
Wylst se wurch en traach har klean oandocht,

Bleatsteand oan de mistreastige moarn.
As ’t gâns let is, set se de trep del,
Docht it jak ta, en de lêste triem teld,
Seit se heas, eagen foardel, goemoarn.

By’t moarnsbrea betinkt se hoe’t se ferloofd
West hat, net lang, sy sels dy’t it skeinde.
Protten dy’t seinen: it koe hiel wol eine
Nei de earste tiid. Se hat it nea net leaud.

Al fêst oan board , fielt se it meilijen
Fan har neisten noch yn it stilswijend
Dach sizzen by it net ophâldend wiuwen;
Bûsdoeken binn’ lang te sjen: wite dowen

Fan ’t ôfskied, wjukkeljend op ûnsichtbere winen
Dy’t har weifiere. No giet it letter iepen:
It rosse doarp lûkt wyt wei yn ’t lemieren:
As in plaat dêr’t see oerhinne spielt.

By walmjende lantearnen, stjerren dy’t faai steane,
Hinget de oanlissteger boppe ’t wad;
Foar de ein leit it fearboat – en it plak
Oan d’ oare kant, op in pear oeren gean.


De Gouvernante

Morgenwind verkilt den warmen nacht.
Zij huivert, blootgewoeld, door losse haren
Niet toegedekt. Voor ’t bed in witte vacht
Liggen een paar natte groene blaren.

Onder ’t raam, over de vensterbank
Hangen takken naar binnen; door het tochten
Bewegen gewaden, vreemd grijs in de’ ochtend.
Zij keert zich naar den nog donkren wand.

Doorsluimrend voelt zij zich al gewekt,
In angstdroom van vallende trappen, blinde
Muren, en kleeren die niet zijn te vinden …
Ontwaakt, en weet terstond dat zij vertrekt.

’t Soobre leven wordt nu warm wel eer.
Waarom heengaan? Er was toch geen reden.
’t Leek eentonig, maar nu, vreemd, niet meer.
Moe en traag begint zij zich te kleeden,

Blootstaand aan den mistroostigen morgen.
Als ’t heel laat is, gaat zij naar beneden,
Haakt haar blouse dicht, de laatste treden,
En zegt schor, niet opziend, goedenmorgen.

Ontbijtend bepeinst zij, hoe ze verloofd
Geweest is, niet lang, zij zelf verstoorde ‘t.
Velen verzekerden: ’t was goed geworden
Na de’ eersten tijd. Zij heeft het nooit geloofd.

Reeds ingescheept, voelt zij ’t medelijden
Van haar naasten nog in ’t uitgeleide
Dat zij doen duren met aanhoudend wuiven;
Zakdoeken zijn lang zichtbaar: witte duiven

Van het afscheid, fladdrend in de onzichtbre vlagen
Die haar wegvoeren. Nu gaat het later open,
Het rosse dorp verbleekt in ’t eerste dagen:
Als een plaat waarover water loopt.

Onder veege sterren, walmende lantarens
Hangt de landingssteiger over ’t wad;
Voor het einde ligt de veerboot – en de stad
Aan de’ overkant, na een paar uur varens.


 
J. Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Archipel, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, p. 98..

Oare kear mear oer  Slauerhoff, Sina en ‘Yoeng Poe Tsjoeng’. Oer Slauerhoff en Flylân sjoch hjir foar diel I en II..


Slauerhoff en Heleen Hille Ris Lambers yn Mareno 1932


Slauerhoff yn ‘e stoel mei kat




vrijdag 14 juni 2013

In Portugees yn Fryslân – ‘De Friese vrouw, een sirene uit de Noordzee’


‘Alleen die landen gaan ten onder door de stilstand van hun geestelijk leven, waar men geen onderstroom aantreft van oppositionele ideeën, die langzamerhand het bestaande in de wortel aantast en zo de stuwkrachtvormt die naar de toekomst drijft.’


Ramalho Ortigão, Holland, 1883



I 

It wie yn de rûzige en hurd fuortsnuorjende Singernaaimasinedagen oan de ein fan de njoggende ieu – Amsterdam rette him ta op de Wrâldtentoanstelling, in evenemint dat mar leafst seis moanne duorje soe – doe’t op in dei yn de neisimmer fan 1883 út it lân fan de Taag in Portugese kronykskriuwer mei de stoomlokomotyf it stasjon Westerdok by de Prins Hendrikkade te Amsterdam yn tuffen kaam. Op it perron stiek er in sigaar op, stuts, hoeden, de wrinzgjende strjitte mei hoar klappende brikken en ratteljende hynstetrams oer en fergappe him, ienkear op it Damrak, stadich de kant fan de Oude Brug en de Korenbeurs út gongeljend, oan de keapmanshúzen, de rike en renêssânsistyske trepgevels en de Hollânske froulju, dy’t yn harren wide hoepelrokken, mei strak ynbûne mul, allyk paradysfûgels ûnder bûnt beplomme tuoqé-huodden de grêften delpanderen, sa’t er him letter, mei deselde bewûndering en fernuvering it each te sêdzjen kaam oan de wurken fan Rembrandt, Johannes Vermeer, Ruysdael en Frans Hals, yn it bysûnder oan dy fan Hals, ien fan de iennige skilders yn de Gouden Ieu, dy’t frou en famke noch wolris laitsje litte woe, lykas er dat de like elegante as ûndogenske ‘scone’ Isabella Coymans dwaan litte hie.




zondag 9 juni 2013

Midsimmerjûn mei Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz, Elmar Kuiper en Gerrit Breteler

Westhim –  Freed 28 juny hâldt de Gerben Rypma Stichting op de terp fan Westhim, mei sicht op Greonterp-Blauhûs syn fjirde kultureel-literêre Midsimmerjûn (*). Trije renommearre dichters stappe dy jûn nei foaren: Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz en Elmar Kuiper. Sawol Lecompte as Deckwitz krigen de C. Buddingh-prijs, in priis dy’t alle jierren takend wurdt foar it bêste debút yn de Nederlânsktalige poëzy en dy’t sûnt jier en dei útrikt op Poetry International yn Rotterdam. Elmar Kuiper wie yn 2010 ien fan de nominearren foar dyselde ‘Buddingh’. Neist har yndividuele foardrachten fersoargje Deckwitz, Lecompte en Kuiper in mienskiplik optreden mei in hilaryske tekst oer Fryske keatsballen, Flaamske earizers en Hollânske grêften, in tekst, skreaun yn in miks fan Flaamsk, Frysk en Nederlânsk. De muzyk op de Midsimmerjûn yn it tsjerkje fan Westhim komt fan Gerrit Breteler, dy’t ûnder mear syn klassiker ‘Op een dag’ oer it fuotljocht bringe sil. Presintaasje: Eeltsje Hettinga.
.
Iepening: 22.00 oere. Ynrin 21.30 oere.
Entree: € 10,00 Euro. (Stipers fan de Stichting € 7,50)


Kaarten te bestellen fia gerbenrypma[apesturt]home.nl
of fia 0515 - 57 94 76  / 06 38 90 97 04 / 0515 - 54 23 52
.

Lês fierder op de webside fan Eeltsje Hettinga - klik
.

(*) By de foarige edysje fan de kulturele Midsimmerjûn fan de Gerben Rypma Stifting stapten skriuwer-dichter en essayist David Van Reybrouck en skriuwer-dichter Maarten Inhgels oer it fuotljocht.'Wy wolle mei dizze Midsimmerjûnen in tradysje delsette troch alle kearen sa sterk mooglike literêre nammen nei foaren te heljen,’ seit Hille Faber fan de Gerben Rypma Stifting.


vrijdag 7 juni 2013

It Staverkadaver - In tige útnoegjend Skriuwersboun - Part IV


Nei it foarriedich beslút oer de Staveringsferoaring, sa’t de Fryske Steaten dêr op 24-04 oer kediisd ha, binne der in foech hûndert stikken oer de foarnommen Staveringswiziging publisearre, ynbegrepen ‘De Oprop oan de Provinsjale Steaten’, ûndertekene fan mear as hûndert  minsken (heechleararen, skriuwers en tal fan minsken út it ûnderwiisfjild en de media).

Linich

Elkenien, dy’t him op hokfoar manier ek mei de staveringssaak anneks wit, hat him/har, koart sein, genôch ynformearje kinnen om selsstannich en op eigen manneboet in oardiel te foarmjen yn it stik fan dizze staveringsferoaring. Sa wist it bestjoer fan de stúdzjeferiening Skanomodu  yn no time in skrander en opnimstich beärgumintearrre brief te stellen dêr’t Provinsjale Steaten fan de provinsje Fryslân en deputearre Jannewietske de Vries yn te kennen dien wurdt dat men as studzjeferiening net wurde kin mei de útstelde staveringsferoaring. En passant helle it Skanomodu-bestjoer even de stipe binnen fan in stik as wat oare Fryske studintefederaasjes en –ferienings.

Sokke linigens en by-de-pinken-wêzen fan in organisaasje as Skanomodu binne eigenskippen dy’t by it bestjoer fan it Skriuwersboun fier te sykjen binne. Oardel moanne nei it advys-beslút fan de Steaten komt dit Skriuwersbounbestjoer, dat oant no ta gjin oar stânpunt ynnaam as in ‘neutraal’ stânpunt, nochris oanskiten mei wat op 27-05 in ‘ynfo- en diskusjejûn’ hjitte te wêzen, mar dat no wilens ‘in diskusjejûn’ wurden is. It parseberjocht dat it bestjoer dêroer opstelde, is fan in sublym kleuterklasnivo. Foar de krantelêzer dy’t net daalks mei de staveringsproblematyk op ’e hichte is, is dêryn in sin as "De ûndertekeners fan de oprop oan de Steaten binne ek útnoege" oars net as akakadabra. Dat parseberjocht waard buorkundich makke doe’t de list mei ‘ûndertekeners fan de oprop’ NB noch net ienris bekend wie. It och sa snoade bestjoer fan it Skriuwersboun bedoelde dus dat de opstellers (!) fan ‘de Oprop’ útnoege binne.

Fierders wurdt yn datselde parseberjocht mei gjin wurd rept fan sprekkers dy’t op de diskusjejûn fan it Boun it wurd fiere sille. Is it faaks Hanno Brand, ynterim-direkteur fan de Fryske Akademy, dy’t ‘nûge’ is, sil ien freegje, of is it Akademy-leksikograaf Anne Dykstra faaks of miskien, om nochris in pear nammen te neamen, Pieter Breuker, âld-learare-oplieder en dosint taalfeardigens en sosjolinguistyk Frysk Ynstitút RuG, Henk Wolf (dosint Frysk), André Looijenga (klassikus) of in Omrop-sjoernalist as Eelke Lok?

De nije grutte Fryske hampelman-priis

Faaks kinne de bestjoersleden Hilarides, Popkema c.s. fan it Boun in kursus parsberjocht-skriuwen by Abe de Vries dwaan, eardat se har oan soksoarte tige 'útnoegjende' skriuwens weagje. Want it fodsje dat no troch harren opsteld is, is in oanfluiting, in stik dêr't, sa haw ik fan grútsjen heard, dit Bounbestjoer de  Grutte Fryske Hampelman-priis foar útrikt krije sil, soks ek fanwegen it feit dat it bestjoer yn it sjapiter fan de Staveringskwestje net allinne útblinkt yn it stoef ynnimmen en úthâlden fan ‘neutrale’ stânpunten, mar boppe-al yn it sjen litten fan in neatsizzenheid dy’t rjocht evenredich is oan har bestjoerlike ynkapabelens. It is net om ’e nocht dat mei om lêstneamde redenen in foaroansteand skriuwer-dichter as Elmar Kuiper ferline wike syn lidmaatskip fan it Boun opjûn hat. Kuiper: 'It is letterlik en figuerlik in benaude klub, dat Boun, mei in bestjoer dat har nekke net doart út te stekken en dat fierste min docht oan it behertiging fan de belangen fan de leden.'

It is de heechste tiid dat it Skriuwersboun in diskusjejûn beleit om dêryn it neifolgjende agindapunt te behanneljen: it opheffen fan it Boun troch dat tenei ûnderdiel útmeitsje te litten fan it VvL (De Vereniging van Letterkundigen) om op dy manier - wy sitte by eintsjebeslút yn in twatalich literêr systeem - ta in bettere behertiging fan de belangen fan de Frysktalige skriuwer te kommen as no it gefal is mei dit heale houtsje-toutsje-bestjoer.


Lês fierder by: Eeltsje Hettinga blog 

Thomas Bernhard - Betide trein - Stimmen 17





BETIDE TREIN

Yn de betide trein sjogge wy ta it finster út, krekt op it momint dat wy by de berchkleau lâns ride, dêr’t fyftjin jier earder de groep studinten fan ús skoalle, dy't mei ús mei op ekskursje wie nei de wetterfallen, yn delstoart wie dat wy litte it (....) 

Lês fierder op de webside fan Eeltsje Hettinga - klik





dinsdag 4 juni 2013

Donald Crowhurst - De see, de dream en it Neat - Lânskippen 8




Hy wie in idioat yn the middle of nowhere, in Russyske roulettespiler, dy’t lang om let yn godstsjinstwaansin fersyld út de wedstriid stapte en spoarleas ferdwine soe: Donald Crowhurst, ien fan de silers dy’t mei die oan the match fan de ieu, de earste non-stop syltocht om ’e wrâld hinne, dy’t yn 1968 op priemmen set wie troch de Ingelske krante Sunday Times.

It wiene trouwens allegearre heale lunatics dy’t meidienen. Der wie in Frânsman by dy’t him, midden op de Atlantyske Oseaan, út de wedstriid weromluts op it momint dat er al in net mear yn te heljen foarsprong hie op de rest fan de float, njoggen sylskippen, allegearre stridend foar de haadpriis fan fiiftûzen Ingelske pounds (fjirtichtûzen gûne). Net fier foar de einstreek yn Plymouth meldeer (...)


Lês fierder op de website fan Eeltsje Hettinga... klik




vrijdag 24 mei 2013

It Staverkadaver - Protestverbod medewerkers Fryske Akademy - Part III

'De huzen stean iepen; hja sjogge my oan',
útsein dy fan de pottichte Fryske Akademy.
.
WY BRANE DERYN: BYSUNDER AKADEMYSK UNDERWIIS

It is werris safier, de meiwurkers fan de Fryske Akademy, it ynstitút dat ‘wittenskiplik ûndersyk docht op it mêd fan de Fryske taal, kultuer, skiednis en maatskippij’, hawwe fan de direksje in ‘protestferbod’, eeeh... nee, in sprekferbod oplein krigen, dêr’t it om de Staveringswiziging giet. Oftewol, de Akademy poetst/ pûtst syn wittenskiplike status werris op mei in fraaie foarm fan sinsuer, en ik altiten mar miene dat wittenskippers ûnofhinklik en frij (fan ideology) wiene, mar net dus yn de hjoeddeiske Frysk ynstitúsjonele bananerepublyk.

Eric Hoekstra, taalkundige en meiwurker fan de Fryske Akademy, hie yn syn lêste kollum "Spellrellluhhhhhhh" fansels de keutel by de skjinne ein, doe’t er it yn ferbân mei de Staveringswiziging oer ‘de sharia’ hie. De Fryske Staveringssharia, sa’t dy no troch direkteur Hanno Brand fan de Akademy ôfkundige is, docht it oansjen fan ynstitút fansels geweldigen ‘gûd’, mar...



Lês fierder op de webside fan Eeltsje Hettinga



woensdag 22 mei 2013

It Staverkadaver – ‘It is gjin polityk bedriuw blikstjinders’ – Part II


Ljouwert (22-05) – De Fryske Akademy is troch deputearre Jannewietske de Vries frege om it foartou te nimmen by it op priemmen setten fan in temabyienkomst oer de Fryske Staveringskwestje, in gearsit, ûnder mear ornearre foar  Steateleden, it Skriuwersboun, leden fan de Akademy en in groep fan (taal)wittenskippers en skriuwers, dy’t har net allinne  tsjin de staveringsferoaring én de nije taalnoarm (yn de foarm fan dialektseleksje) keart, mar dy’t ek fan betinken is dat de Provinsje it beslút oangeande de Staveringsferoaring weromdraaie moat.

It is lykwols bespotlik dat de Fryske Akademy dy't...




maandag 20 mei 2013

Martin Reints – Hoogtepunt van het betoog – Stimmen 16


Poëzie is een daad wie de titel fan it earbetoan dat Remco Campert fan in tal kollega-dichters krige doe't er yn 2009 syn tachtichste jierdei hie. Dichter-essayist Martin Reints wie ien fan dejingen [foto] dy't by dy gelegenheid in fers foar Campert foardroech. Yn it artikel "Poëzij as dochter fan de herinnering en 'het vergaderzaaltje' fan Martin Reints", in wiidweidich fraachpetear fan ûnderskreaune mei de yn Brantgum wenjende skriuwer, te finen yn it earstkommende (skriftlike) nûmer fan De Moanne, komt Reints ûnder mear op 'e tekst oer Obe Postma, syn wenjen yn Fryslân, de poëzy fan (...) 


Lês fierder op 'e webside fan Eeltsje Hettinga 



.

maandag 13 mei 2013

Guido van der Werve – 'Nummer Acht' – Lânskippen 7





Byldzjend keunstner Guido van der Werve (1977) makke de lêste jierren in nûmere searje fan fantastysk konseptuele fideowurken. Planút fassinearjend is Nummer acht, ‘Everything is going to be alright’ (2007), in performancefideo dêr’t er yn de Botnyske Golf, deakalm, foar de boech fan in ûnbidich grutte iisbrekker út kuieret. In knypeach oan it wurk fan Caspar David Friedrich en William Turner? Yn alles sprekt út dizze fideo de neatichheid fan de minske, ferlern yn in romte mei de gromjende en ûnheimisch meitsjende lûden fan spjaltend en tebrekkend iis. It hert, de tiid, in hoar bonkjende masinekeamer. Oant in hichte ta is Nûmer Acht ek in foarm fan  slapstick. Iensum en absurd is de minske. As gjin oar jout Van der Werve dêr yn syn wurk foarm oan, satire en earnst gean lykop. 

De tolve minuten duorjende fideo Nummer vier, ‘I don't want to get involved in this, I don't want to be part of this, talk me out of it’  (2005) is ek sa’n wûnderlik absurd stik.
Yn in wat dizenich pastoraal lânskip sit de keunstner achter in piano op in deakiste-achtich flot midden op in blakstille en spegelglêde mar en spilet – Van der Werve hat in klassike muzykoplieding – in stik fan Chopin. De film iepenet mei it sizzen: 'Ik werd vroeg wakker en zag de zon opkomen. Ik voelde dat die alleen voor mij opkwam’, dat yn in Ingelske oersetting op it skerm ferskynt: 'I woke up early and watched the sun rise. I felt it came up just for me.’


Mei syn ûnheimische poallânskippen en pastorale harderslânskippen referearret Van der Werve faak oan de betide Romantyk. Syn wurk is fan datoangeande foar in part ek skatplichtich oan de eardere, faak oan de betide Romantyk (Caspar Friedrich) referearjende performances fan Bas Jan Ader. In dei nei it ‘Boymans’ yn Rotterdam dêr’t in part fan it wurk fan Van der Werve te sjen, is gjin straf. 
.
PS. Oer iepeningen en útstallingen praat, begjin 2015 komt museum De Fundatie yn Swolle yn gearwurking mei it Rijksmuseum Twenthe mei in grutte tentoonstelling fan it wurk fan de Britske skilder William Turner (1775-1851), de earste grutte Turnertentoanstelling yn Nederlân sûnt 1947. De Fundatie is ek it iennige Nederlânske museum dat in skilderij fan Turner yn it besit hat. Hat Saskia Bak fan it Griis Museum yn dizzen miskien in kâns sitte litten, de boat mist, werris bakseil helle? Wy wachtsje (ôf)... I will wait




dinsdag 7 mei 2013

It krús, de krûk en de kruk – Oer de poëzy fan Trinus Riemersma - Stimmen 15





‘Dichter haf ik noit vêze vóllen. Ik haf óm de areghyd hûndert fessen skreon, mar dy yntresjerje mij net – oare minsken nammes ek net nim ik oan,’ skriuwt Trinus Riemersma yn ‘Tusken eks- en adspyront skrjower’,[1] in artikel dêr’t er de balâns fan syn skriuwerskip yn opmakket. Ek op oare plakken lit er him gauris wakker smeulsk oer syn dichtwurk út. Oft dy hâlding no poaze is of net, dat docht der net ta, de fraach is oft de ûnderstellings oer de resepsje fan syn eigen fersen rjochtfeardige binne. My tocht fan net. 

Yn alderhande blomlêzingen, fan The Sound that remains (1990), Hûndert Fersen: in blomlêzing út 'e Fryske poëzy (1990) oant en mei de lêste útjefte fan Spiegel van de Friese poëzie (1993) is wilens wurk fan him opnaam. Boppedat, as it werklik sa west hie dat de fersen him net ‘yntresjêrren’, wêrom dan de sammelbondel Argewaasje fûn - Argewaasje jûn (1996) út te jaan, de kompilaasje fan Riemersma syn tusken 1967 en 1973 ferskynde gedichten? Syn poëzij is, oer ynteresse praat, net sûnder belang, se is nij en oars, yn dy sin dat der yn de Fryske literatuer winliken gjin skriuwer-dichter is dy’t sawol binnen as bûten syn literêre wurk safolle poëtikale útspraken docht as Riemersma, in ferskynsel dat karakteristyk is foar in protte fan de nei-oarlochske (post)moderne literatuer. (...) 







zaterdag 4 mei 2013

It Staverkadaver moat fan tafel

De grutte slachterakademy yn it spier mei de nije stavering   
Der steane by de Fryske staveringskwestje noch alderhande fragen iepen. Wat binne bygelyks de kosten dy’t mei dit Steatebeslút oangeande de staverings-feroaring mank binne. Op grûn fan hokker berekkening is dat dien? Hokker fariabelen binne yn de trochrekkening fan it gehiel meinommen? Troch wa is dat ‘kosteplaatsje’ gearstald? Steateleden as Ingrid Wagenaar, dy’t taal & kultuer yn de portefeuille hawwe, moatte  sa opleppelje kinne wat de finansjele ûnderbouwing fan de staveringsferoaring is. Se binne lykwols yn gjin fjilden en wegen te bekennen, de Fryske polityk moat de sosjale media (....) 


Lês fierder by: http://eeltsjehettinga.nl/it-staverkadaver-moat-fan-tafel/


donderdag 2 mei 2013

Abe de Vries syn wrâld as ien grut rinnend misferstân



Yn syn stik Oer Poëzy (5) oer it essay De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy docht Abe de Vries my tinken oan Huub, nee, net dy Huub, mar Huub de lytse trommelgast fan Boalsert, dy’t behongen mei alderhande potten en pannen altiten foar de fanfare út rûn en ûnderwilens sá hurd op syn drumstel omtromme dat er dêrtroch net rjocht mear hearde hoe’t it muzyk fan it orkest werklik hearde. Sa is it ek mei De Vries syn stik of neam it mar syn replyk op De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy. Dat, in pear opmerkingen.

Foarst, ik haw it yn dat essay oer de talige, autonome poëzy yn relaasje ta de tema’s fan de stilte, it swijen, de leechte en it Niks. Dat fenomeen te besjen, dat wie it wichtichste doel fan it ûndersyk fan it essay, yn syn soarte in ferkenning. Dus, ik haw it nét, lykas De Vries hawwe wol, oer de autonome poëzy op himsels, sa’t dy bygelyks by Paul van Ostayen te finen is en dêr’t, tichter by hûs, ûndermear in tal (taal)spullen fan Wybenga (J.), Piebenga (Tj.), Hettinga (Tsj.) in foarbyld fan neamd wurde kinne soenen.  

Twad, ik haw it net eksplisyt oer Wittgenstein as it om de ferhâlding taal en werklikheid giet, ek al wurdt fan him de rigel oanhelle dy't seit: - Dêr’t men net fan prate kin, dêroer moat men swije. De Vries mient my dêrby op in misferstân betraapje te moatten. "Fansels is poëzij mei dy ambysje [gedichten dy’t wat oer God sizze wolle, mar (ymplisyt) erkenne dat se dat net kinne en dêrfan in útdrukking wêze wolle, e.h.]  al folle âlder as Wittgenstein,” skriuwt De Vries, “en foar Hettinga miskien net nijsgjirrich genôch, mar it is goed om te sjen dat dichters al folle langer wrakselje mei it probleem dat taal tekoart sjit.”

Soarchfâldichheid is net De Vries syn grutste deugd. Net nijsgjirrich genôch? In net krekte premisse, sizze wy dan. Want wat seit it essay yn dizzen al as it om in âldere tradysje giet, dus ien dy't net begjint by Wittgenstein: "(…) It ‘onzegbaarheidstopos’ (…) is in tema dat syn oarsprong hat by alderhande oerâlde mystike geskriften en dat net swak by spilet yn de hjoeddeiske, moderne poëzij. It ûnderwerp sels hat syn roots yn in religieuze en literêre tradysje, dêr’t yn besocht wurdt en jou stal oan dat wat him net sizze lit, it godlike, it hillige. Der hat as it om it stal jaan fan dizze problematyk giet benammen yn de moderne poëzy altiten in fûneminteel wantrouwen west as de ferhâlding wurd en werklikheid yn it spul kaam. Taal dekt no ienkear net de lading fan dat wat is. Dêryn ferskille de opfettings net fan âlde tsjerkfaders lykas Augustinus (...)”

It hat yn dit stik fan saken – it ûnútspreklike (het ‘onzegbaarheidtopos’) – net fergees west dat nei De innerlijke ervaring fan Georges Bataille ferwiisd wurdt en it berop fan dizze skriuwer-dichter op it wurk fan midsieuske mystisy as Teresa fan Ávila. “It giet Bataille,” sa wurdt yn De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy steld, “om in ûnderfinen fan wat foarby tinken, taal en witten leit. Dêr giet in redeleas en ekstatysk belibjen mei mank. In bûten sinnen-wêzen. It is net om ’e nocht dat der yn Bataille syn wurk mear as ien kear in relaasje lein wurdt tusken erotyk en mystyk. Bataille hâldt der in foarm fan mystyk op nei dêr’t de teksten fan kristlike mystisy as Johannes fan it Krús of Teresa fan Ávila yn brûkt wurde om oan it kristendom sels te ûntkommen.”

Tred, dy lêste rigel kin ek lêzen wurde as in foarútwizing nei de konklúzje by De stilte tusken de wurden as it wyt fan poëzy. Dêryn wurdt oangeande de ‘betommele poëtika’ ûnder mear skreaun “dat de gauris oan lippen, mûle en azem keppele (taal)mystyk yn it wurk fan dichters as Hans Faverey en Paul Celan neat te krijen hat mei de grûnige mystyk fan God en grûn (natuer), sa’t dy te finen is by guon, fan alderlei foarmen fan nasjonalistysk tinken beheltere Fryske dichters, lykas D. H. Kiestra. (...) It ophimmeljen fan datsoarte betommele kristlike mystyk – de rehabilitaasje fan de dichter fûn plak op 4 en 5 maaie – soe it Fryske literêre fjild yn 2005 radikaal ferdiele.” It eigenskipswurd ‘betommele’, yn de sin fan 'smoezelig', is dus net brûkt yn tsjinstelling mei 'fernijende poëtika', sa't De Vries ûnderstelt. 

Dat, om koart te gean, as Abe de Vries tenei even krekter lêst, dan rint de wrâld ek minder kâns om noch mear út te rinnen op ien grut rinnend misferstân. 




As lêste. Yn it jier 300 foar Kristus sei de âld-Sineeske dichter Hu Thung-song, doe't hy op âld bamboepapier yn briefwiksel wie mei in tal fan syn Yndo-Germaanske broeders en susters op in terp, erges heal fersopen tusken Flie en Weser, oer it ûnderwerp fan de ferhâlding tusken taal en werklikheid, ûnder mear dit:

 
DE REDENS FAN IT WURD

Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis,
yn katedralen ek en hannen fan fammen
op de grutte winterflakten fan de rivier.

Fearren fynt de wyn yn nacht syn gesicht
sa’t har wêzen, ûnder de tijen ferdwûn,
stal kriget yn de bylden fan it gedicht –

it fers dat net hâldt: de redens fan ‘t wurd,
it gewicht fan al wat oan langstme bestiet,
o, swierder is as de taal dy’t har bewiist

as ferrifeljend – iennachtsiis, brekber en
net te betrouwen, dat nea de lading dekt
fan wat streek meitsje wol, plak ek, om

har, oare kant it skimerjen fan de rivier.
Wyn fynt syn gesicht yn fearren op it iis.
Al wat fan har is, is de slach dy’t ik mis.



dinsdag 23 april 2013

De sirkel rûn - Durk van der Ploeg - Stimmen 12

Durk van der Ploeg (1930)
Durk van der Ploeg krige okkerjiers – 2011 – de Gysbert Japicxpriis taskikt foar syn hiele oeuvre, sa’t it sjueryrapport sei. Dat betsjutte ek dat ‘de Gysbert’ him takend wie foar syn poëzy. Yn it rapport sels wie dêr lykwols net of amper omtinken foar. De sjuery, mei dêryn gjin inkeld lid fan bûten Fryslân – yn syn soarte opmerklik, omdat de hjoeddeiske Fryske skriuwer  no ienkear part útmakket fan in twatalich literêr systeem – hie yn har rapport folle mear op mei it útsuteljen fan alderhande banale Bewegerpraatsjes. Yn it betide wurk fan Van der Ploeg galmet gauris it lûd nei fan (...)  

Les fierder op de website fan Eeltsje Hettinga



zondag 21 april 2013

De tuskenbeiden ûntfangst fan Kristus Pavlov






.
Cornelis van der Wal hat in nije bondel mei poëzy yn it ljocht jûn, Kristus Pavlov, trijentritich gedichten, dy’t in wat tuskenbeiden ûntfangst krigen hat. Ik ferwiis datoangeande nei de resinsjes fan Abe de Vries (Friesch Dagblad), Eppie Dam (Leeuwarder Courant) en Jelle van der Meulen (Friese literatuursite)..


.
.

donderdag 18 april 2013

Tacita Dean - The Niagara Falls – Lânskippen 5



(...) ‘Approaching Manhattan up by the long-stretching island,/
Under Niagara, the cataract falling like a veil over my countenance,’

Walt Whtman


De rigels komme út it gedicht Song of myself (1855). It wurd ‘cataract’ hat oars neat te krijen mei ‘staar’, mar alles mei wetterfallen, yn dit gefal de Niagara Falls. "It geweld, it wetter. It leven, it lawaai, it razen, al oanboazjendewei neigeraden it tichteroan kommen. In storeinen, in spatten, in wale fan dize, damp en nevel en alles wat him oan dizze oerweldigjende natoer net sizze lit." (Deiboek, Youngstown, sept.'95)

Yn it koarte essay The boy who fell into the sea skriuwt de Ingelske filmer en byldzjend keunster Tacita Dean (...) Lês fierder op webpagina Eeltsje Hettinga


.
.

maandag 15 april 2013

De snein (2) – Trinus Riemersma – Stimmen 11


Bas Epker,  'Frisia'

De snein as in lammenadige en godsgrouwélige lege rotdei. Dy omskriuwing komt faaks noch wol it tichtst oan de wize wêrop’t Trinus Riemersma yn it gedicht ‘Fers 30’ in snein ynein bringt. De dichter besiket wol wat út de wei te setten, ûnder mear mei it lêzen fan in boek oer Toulouse-Lautrec, mar wat er ek docht of him foarnimt – it skriuwen fan in ferhaal, brief of oars it oprêden fan it buro – oeral is er te lammenadich ta. (...)

Les fierder by: eeltsjehettinga.nl 



vrijdag 5 april 2013

Dit blog is verhuisd naar www.eeltsjehettinga.nl




 Dit blog is verhuisd naar

www.eeltsjehettinga.nl






Dit blog is ferhuze nei: www.eeltsjehettinga.nl



woensdag 27 maart 2013

Foardracht en gesprek by galery Hoogenbosch – 4 april


UITNODIGING POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK 
                                     


met: Jochem Hamstra, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema en Tjibbe Hooghiemstra


Op donderdag 4 april vanaf 19.30  uur bent u welkom op een informele avond waarbij de Friese dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema voordragen uit eigen werk. Zowel in het werk van Hettinga als Feddema speelt de beeldende kunst een grote rol.

De huidige exposanten Jochem Hamstra en Tjibbe Hooghiemstra zijn deze avond aanwezig en nodigen u uit met hen in gesprek te gaan over hun tentoongestelde werk.

Om te voorkomen dat u vergeefs naar Gorredijk komt vragen we te reserveren via 0513 465178 of  via info@galeriehoogenbosch.nl

klik op foto foar webside fan Eeltsje Hettinga







.