Posts tonen met het label Slauerhoff. Alle posts tonen
Posts tonen met het label Slauerhoff. Alle posts tonen

zaterdag 2 april 2016

Slauerhoff en ‘het lage land ligt tot den einder kaal’ (diel II)


De jierren tusken 1898 en 1918 hawwe beskiedend west foar Slauerhoff syn ûntjouwing as dichter en skriuwer. Yn syn HBS-tiid yn Ljouwert ûntduts er it wurk fan Rimbaud, Verlaine, Laforgue, Samain, Corbière, Rilke en Gogol. De Jorwerter predikant-skriuwer ds. Cornelis Hille Ris Lambers, waans dochter Heleen de leafde fan syn jeugd wurde soe, brocht him yn ‘e kunde mei Tolstoj. De Fryske literatuer lykwols wie net oan ‘e oarder yn de jierren dat er him foarme as dichter. Wol is der it Fryske lânskip en dan benammen it lege, faak fan rein en wyn tamtearre lân – ‘Het lage land ligt tot den einder kaal’ – dêr’t er letteroan gauris utering mei joech oan syn fan ‘ûnlust’ teheistere libben.
De famylje Hille Ris Lambers foar de pastorij yn Jorwert.
Op de lêste rij, twadde fan rjochts Heleen Hille Ris Lambers.

 I
                                                       ‘Het lage land ligt tot den einder kaal’

Slauerhoff wie de dichter fan it sizzen ‘In Nederland kan ik niet leven’, mar yn Fryslân koe er dat allikemin. Ljouwert, dêr’t er in grutte ôfkear fan hie, neamde er ‘een stad zonder attracties’. Likefolle tsjinnichheid wie der fan it lytsboargerlike Nederlân. ‘In Nederland wil ik niet blijven, / Ik zou dichtgroeien en verstijven.’ Inkeld foar Flylân, it eilân fan syn mem dêr’t er in grut part fan syn bernetiid op skoalle gie, en foar de pastorij fan Jorwert hold er in swak. It wiene de plakken fan syn jeugd dy’t djip yn himsels ferankere leine.

Yn de lêste klasse fan syn HBS-tiid yn Ljouwert kaam er foar it earst oer ‘e flier by ds. Cornelis Hille Ris Lambers, dy’t fan 1907 oant 1927 ferbûn wie oan de Herfoarme Gemeente fan Jorwert De dochters Annie en Heleen – se sieten in pear HBS-klassen leger – hie er kennen leard by in deike silen, tegearre mei wat skoalmaten op ‘e Pikmar by Grou. Heleen Hille Ris Lambers skreau letter dat ‘Jan van toen af veel naar de pastorie in Jorwerd kwam. Hij bleef dikwijls logeeren, en vond het drukke gezin met kinderen prettiger dan thuis, waar hij niet gelukkig was.’

Slauerhoff hold it ynearsten mei Annie Hille Ris Lambers, mar begûn eins tagelyk ek oan in ferhâlding mei har suster Heleen, in relaasje dy’t mei in tal ûnderbrekkings in libben lang duorje soe. Op de Jorwerter pastorij, fier fuort fan it ‘duffe en stugge ouderlijke huis’, waard praten en peteare oer saken as it spiritisme, it wurk fan Tolstoj en Frederik van Eeden – de lêste hold yn ‘e hjerst fan 1915 in lêzing yn Ljouwert foar krapoan tûzen minsken dêr’t ek Slauerhoff by wie – de Sineeske filosofy en tal fan oare, de literatuer oanbelangjende saken.

Hij bleef dikwijls logeeren, en vond het drukke gezin met kinderen prettiger dan thuis, waar hij niet gelukkig was.’

Tusken de Jorwerter bedriuwen troch waard der in kuierke oer it tsjerkhôf dien om, sis mar, oer alle grêven hinne de geasten fan de earderen te ferstean. Allyksa stapte er ek gauris op it it begraafplak oan de Spanjaardsleane yn Ljouwert om, it hôf dêr’t syn lytse broer Gustaaf Andries begroeven lei en dêr’t er yn lettere dagen omhong mei kollega-dichters as Hendrik de Vries.

‘Hoeveel van zijn eerste verzen zullen ontstaan zijn op het lage, drassige kerkhof bij Leeuwarden,’ frege Hendrik de Vries letteroan. ‘Ik herinner mij hoe, bij regenachtig weer, hij mij afhaalde van het station, en zonder omweg daarheen leidde, met een innemende vertrouwelijkheid; we toefden daar samen als in een eigen wereld. Vaak heb ik het gevoel alsof, ondanks alle kosmopolitisme, iets van de vochtige weemoed van Friesland in zijn verzen blijft zweven’.

De Jorwerter biblioteek

Op ‘e sneup yn de Jorwerter biblioteek fûn er ûnder mear poëzy fan de Frânske dichter Albert Samain (1958-1900), waans bondels Au Jardin de l’Infante (1893) en Le Chariot d’or him mear as meinimme koe. ‘De overeenstemming van zijn eerse liefdesgevoelens met het geluksideaal van Samain,’ stelt Wim Hazeu yn syn Slauerhoff-biografy, ‘daagde hem uit om elf gedichten te vertalen, waarvan hij er slechts drie publiceerde in Het Getij (december 1921). Ien derfan, ‘Nèére’, in fers oer de troch Satyr begnúfde wetternimf, waard opnommen yn de bondel Eerste
Verzen
.

De koele morgenwind brengt het gebloemte aan ’t trillen.
Néère, naakt en blank, moet schateren en rillen,
Aan de’ oever, telkenkeer dat zij met sneeuwen voet
Breekt door het broos kristal van den vertrouwden vloed,
Terwijl, niet ver van daar, Satyr haar jeugd bespiedt.
Hij houdt zijn adem in en pijpt niet meer zijn lied;
En ’t kind welks prille vleesch nog niet leed ’t pijnlijk wonder,
Dat in haar onschuld gaat als in een kleed, ook zonder,
Gretig een honigkoek van ‘t sluw boschgodje neemt,
Dat haar in wrangen ruil een kus rooft, lang en vreemd.
.
Ek yn syn studintetiid – hy wie yn septimber 1916 nei Amsterdam setten foar syn stúdzje medisinen –
Heleen Hille Ris Lambers, Jorwert, om ende by 1916-1917
kaam er noch geregeldwei op Jorwert. Lykwols, troch syn eroatyske aventoerkes yn de haadstêd wist er beide dochters fan de pastorij fan him te ferfrjemdzjen, om mar net te sizzen harren tsjin him yn it harnas te jeien. Jorwert kaam stadichwei achter de kimen te ferdwinen.

It ferlerne lok

Hie er earst Annie ynruile foar Heleen, de lêste ferbruts op har bar ‘de verlooving’, neidat Slauerhoff har te witten dien hie dat ‘hij een maitresse had gehad,’ in saak dy’t se net sette koe. ‘Het waren dingen die in mijn hoofd onmogelijke proporties aannamen en die ik als onrijp dorpskind niet kon verwerken.’ Boppedat twivele se oan Slauerhoff syn sizzen, foar safier’t it al net in smeekjen wie, dat ‘hij door mij een ander mensch zou kunnen worden.’

It trelit wie fan dy gefolgen dat se him – it wie ein 1918 – in brief skreau, ‘een idiote brief, waarvoor ik me nu nog schaam.’ Se liet him witte dat ‘ze wel een moederlijk gevoel tegenover hem had, doch niet genoeg van hem hield om zijn vrouw te kunnen worden. Jan reageerde met een wreed sarcastisch schrijven. We correspondeerden niet meer en zagen elkaar ook niet meer.’

De brek mei Heleen wie ta in hichte it slotstik fan in jeugd yn Fryslân. Slauerhoff, mear as ien kear ferrifele troch syn hing om stikken te meitsjen wat er leafhied – syn wederwaardichheden mei de Jorwerter susters kin eksimplarysk neamd wurde – hie yn it stik fan de leafde der slach fan om froulju earst ‘hemelhoog te vereren / En dan grafdiep te verachten’.

It wie noait goed of yn alle gefallen noait goed genôch. Navenant wie der bytiden – o paradoks – de ûnwennigens, faak yn de foarm fan in bitter weromsjen op dat wat goed west hie, mar yn de blinens fan sinnen fernield waard. Dy spjalt, ynbegrepen de kwelling dy’t dêr mei mank wie, hie alles te krijen mei Slauerhoff syn libbenslange jacht op de dream fan it folsleine gelok. Yn it hjir ferfryske gedicht ‘Herdenken’ krijt dat dualisme op dizze wize syn beslach:

Betinke

Dizze winter is ’t kwelde net mear
Net ta in rêsten kaam: troch de beammen
Luts de stoarm, yn net ophâldend streamen
Gong in leger oan reinders tekear.

’t Ljocht hat fan dit lân ôfskie nommen
Mei in lilke bui en komt net werom.
Men tinkt soms oan ’t waarme súdlik blomt’
Dêr’t it lok tahâldt, mar kin net ûntkomme.

En ik fyn, lit bliuwe sa’t it heart:
Grau, sa wurdt yn waarmte moete de dea,
Docht it tinken oan syn komst net sear;
Wol it tinken dat ‘k dyselde dei

In jier lyn mei har yn it blomte lei…
No stiet de ierde op itselde plak,
Mar ’t swurk is hol, de sinne is swak,
En iksels inkeld de skym fan alear.

Herdenken

Dezen winter is ’t gekwelde weer
Niet tot rust gekomen: door de boomen
Trok de storm, in onophoudlijk stroomen
Sloeg het leger van den regen neer.

’t Licht heeft afscheid van het land genomen
In een vale bui en keert niet weer.
Men denkt soms aan een warm zuidlijk meer
Waar ’t geluk woont, maar kan niet ontkomen.

En ik vind dat het zoo blijven moet:
Grauw, zoo wordt de dood met warmte ontmoet,
Doet het denken aan zijn komst geen zeer;
Wel het denken dat denzelfden dag

Voor een jaar aan ’t meer ik bij haar lag…
Nu staat de aarde op dezelfde plek,
Maar ’t azuur is hol, de zon een vlek,
En ikzelf de schim van toen, niet meer.


Anne Wadman wol yn syn essay ‘De Rimbaud fan Ljouwert’, opnommen yn de bondel Kritysk konfoai (1951), hawwe dat Fryslân foar Slauerhoff it ferlern gelok fan syn jonkheid wie. ‘Gjin gelok om’t er sa ‘lokkich’ wie yn de wenstige betsjutting fan it wurd (’t Ouderlijk huis was soms zoo duf en stug’), mar ienfâldich om’t it syn jonkheid wie, neat mear, neat minder.’


Lânskippen

De weemoedigens oangeande dit ferlerne paradys, dat fierhinne te krijen hat mei syn dagen op de
Slauerhoff, piipsmokend op Flylân,1919.
Foto Spaarnestad/H.H.
Jorwerter pastorij – de roots fan Slauerhoff syn dichterskip lizze net allinne op Flylân, dêr’t er in grut part fan syn bernetiid op skoalle siet, mar ek yn Jorwert – dy mankelyk meitsjende stimmingen dus komme yn sublimearre foarm gauris werom yn de lege, fan rein en wyn gisele lânskippen dy’t yn syn poëzy opfierd wurde.

Gedichten as ‘Landelijke liefde’. ‘De profundis’, ‘Na jaren’, ‘Avond’ of ‘Herdenken’ slute oan by wat yn it lêste gedicht fan it twalûk ‘De Terugkeer’ hiel pregnant omskreaun waard as ‘het lage land ligt tot den einder kaal’. Yn it klassike ‘Pastorale’ krijt dat wat foarby en ferlern is dizze strofe mei: ‘Ik weet het: een Zondag als deze, / Gewekt in weemoed van wind door regen, / Weet zij naar geluk geen wegen, / En zit aan een raam te lezen / Den vroegen morgen.’

Dat Slauerhoff wol each en omtinken hie foar it Fryske lânskip, sa’t er dat ek foar alderlei Portugese en Sineeske lânskippen hie, wurdt ûnder mear ek dúdlik út in brief dy’t er, krekt tweintich, út Ljouwert wei oan syn maat Maarten Vrij skreau: ‘Gezondheid is heel goed, maar ik weet niet waartegen ze bestand is. Wel tegen lange uren wandelingen door dit toch wel mooie grijze land. Ik wou dat je het eens zag.’

Oft Slauerhoff troch dy lânskippen yn syn poëzy, dy’t fierhinne ûntliend binne oan dizze provinsje ek in Fryske dichter is, no nee, hy is gewoanwei in dichter út Fryslân, net mear, net minder. Hy prate gjin Frysk en hy skreau it ek net, sa’t syn mem, dy’t fan Flylân wie, dat ek net die, likemin as syn heit en de famylje Hille Ris Lambers.

Jûn

It hûs sliepte achter syn sletten blinen,
Wy sieten tegearre op ’e kâlde bank,
De dei wie as har âlde heit krank,
De blêden flústeren mei wurge winen.

Wurch fan de roken dy’t se hie te dragen
Fan grêven âld en roazen útbloeid,
Weemoedich twirjend troch fertize hagen
En ’t earmtlik leaf dat oer de sarken groeit.

Hast mar in bytsje tocht en in protte swijd
En my stil de hannen om ’e holle teard,
Alsa sizzend: ‘Ek de grutste leafde wurdt net mijd
Want bitter hurd wurdt alles sloopt fan de dea.
.
.
Avond

Het huis sliep achter zijn gesloten blinden,
Wij zaten samen op de kille bank,
De dag was als haar oude vader krank,
De blaren fluisterden met moede winden.

Moe van de geuren die zij moeten dragen
Van graven oud en rozen uitgebloeid,
Weemoedig vlagend door verwarde hagen
En ’t armlijk loof dat om de zerken groeit.

Je hebt weinig gedacht en veel gezwegen
En stil de handen om mijn hoofd gelegd,
Zo zeggend: ‘Ook de grootste liefde kan niet tegen
De dood die niets ontziet en alles slecht.’
.
De famylje Hille Ris Lambers foar de pastorij yn Jorwert.
Op de lêste rij, twadde fan rjochts Heleen Hille Ris Lambers.


J.J.Slauerhoff, ‘Herdenken’, Verzamelde gedichten (I), Al Dwalend, V, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, s. 176.
J.J. Slauerhoff, ‘Avond’, Verzamelde gedichten (I), Archipel, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, s. 98.

Takom wike yn diel II : ‘Slauerhoff en de betide wegen fan in dichterskip – De Russyske rede’


.

woensdag 30 maart 2016

Slauerhoff, 'De Gouvernante' en Flylân (diel III)


Yn desimber 1923 wie Slauerhoff klear mei syn stúdzje medisinen yn Amsterdam. In moanne letter stapte er as skipsdokter oan board fan de s.s. Riouw fan de Stoomvaartmaatskippij ‘Nederland’, in ûndernimming dy’t mei de Rotterdamse Lloyd omtrint alle transporten op it Fiere Easten die. By al syn swerftochten bleaune Flylân en syn âlde freondinne fan de pastorij yn Jorwert, Heleen Hille Ris Lambers, dreamen dy’t altyd lutsen mar ek altyd wer tebrutsen. Gedichten as ‘Landelijke liefde’ en it hjir ferfryske ‘De gouvernante’ litte, sa’t de dichter Hendrik Marsman it omskreau,‘het verloop van noodlottige liefdes onwrikbaar-fataal’ sjen.

Heleen Hille Ris Lambers

De Riouw koe sawol passazjiers as fracht meinimme. It skip, dat romte hie foar in pear hûndert twaddeklas reizgjende passazjiers, sette ein jannewaris 1924 de haven fan Amsterdam út. Oer syn earste reis as skipsdokter skreau Slauerhoff: ‘We doen weinig plaatsen aan, dus van die zijde weinig afwisseling. En de zee is helaas aldoor kalm. Gibralter is een prachtig gezicht. De Afrikaanse kust soms. Port Said is niet veelbelovend, (we) blijven maar 4 uur. Het is aan de andere kant voor de zielerust uitstekend weinig havens aan te doen.’

It betearde lykwols mis mei syn seerop, Slauerhoff bedarre mei in maachblieding yn it sikehûs fan Batavia. Lykas sa faak, die ek no bliken dat syn sûnens syn fijân wie, yn it bysûnder syn astma en syn oanlis foar tuberkuloaze. In foech trije moanne nei syn fertrek út Amsterdam wie er al wer werom yn Nederlân. Wat te dwaan? Dat wie de grutte fraach. Ynearsten naam er as dokter waar foar in befreone kollega yn Baard en Dronryp, dêr’t er yn de hjerst fan 1924 oan de Hearewei 29 in tal wiken domisylje hie yn de dokterspraktyk op Osinga State, de eardere pastorij fan Dronryp.

‘gemeente-arts’

Yn dyselde snuorje die er waarnimmerswurk op Flylân, dêr’t de gemeente him op in stuit frege om ‘gemeente-arts’ te wurden. Slauerhoff hie der wol earen nei, mar ferbûn dêr de betingst oan dat syn âlde freondinne Heleen Hille Ris Lambers, de dochter fan de dominy fan Jorwert, by wa’t er nei syn Ljouwerter HBS-tiid in soad oer ‘e flier west hie, mei gean soe. Se soe, sa hie er him betocht, op East-Flylân as ferpleechster of apteker oan ‘e slach kinne. Sterker, hy, de anty-burger, woe sels mei har yn de boask.

‘Het idee dat hij zich voortaan geen zorgen voor de toekomst hoefde te maken,’ skriuwt C.J. Kelk yn Leven van Slauerhoff, ‘was aanlokkelijk. Ook herleefde even in hem de oude dorpsidylle van een vredig leven met een levensgezellin die hem zal begrijpen.’

Dat houliksoansyk waard in regelrjochte domper. Heleen Hille Ris Lambers joech de dichter nul op it rekest. Se wegere pertinint. De gemeente Flylân dy’t al ‘eenstemmig tot de aanstelling had besloten’, moast oars omsjen. ‘Zij was te wijs,’ skriuwt Kelk ‘om niet in te zien dat hij, gedoemd te leven onder enge dorpsverhoudingen, ongelukkig zou worden en het haar zou maken.’ Slauerhoff miste dus letterlik en figuerlik de boat en set him op syn beleave Flylân – ‘Ik kan mij geen prettiger manier denken om op Vlieland te vertoeven waar ik nog steeds graag ben.’ –  nei wenjen. Hy ferhuze nei Haarlem  dêr’t er in skoft yn in toskedokterspraktyk wurke.

Fan syn boargermansdream is er dan wol fierhinne genêzen, mar ek wer net alhielendal. Yn de biografy Slauerhoff, een levenbeschrijving skriuwt Constant van Wessum oer de spjalt tusken de seeman-dichter en de boarger: ‘Hij heeft wel degelijk geloofd aan de ‘gewone’ idealen: monogaam te leven, te leven in de rust van een tehuis, in de eenheid van een huwelijk, de twee-eenheid met de geliefe vrouw, die meer voor hem zou zijn dan alleen minnares.’

Heleen Hille Ris Lambers
Van Wessum hellet foar dy stelling in tal brieven oan, mei dêryn ûnder mear dit sizzen: ‘Nog vaak, vooral op zee, trekt mij het eenvoudige leven, het idyllische en daarin zou ik willen leven.’ En oan syn kollega-skriuwer Anton van Duinkerken, dy’t oait nochris de P.C. Hooftpriis krigen hat, bekende de dichter: ‘Weet je wat mijn ideaal zou zijn? Ik zou niets liever hebben dan een paar pantoffels en een eigen haard.’ Dat mei sa wêze, tagelyk wist er himsels de ultime, Rimbaudneske ‘burgerterger’ dy’t himsels net by steat achte ta ‘een gestagen echt’.

Koelyboaten

Doe’t er yn de simmer fan 1925 de kâns krige om as skipsdokter oan ’e slach te gean op ien fan de fracht- en koelyboaten fan de Java-China-Japanlijn, wie er gau út ’e rie. Foetsy, fuort út it benaude Nederlân. Letter soe er dêroer skriuwe: ‘In Nederland wil ik niet blijven, / Ik zou dichtgroeien en verstijven. / Het gaat mij daar te kalm, te deftig. (…) ‘k Ga liever leven in de steppen, / Waar men geen last heeft van zijn naasten:’. Skipsdokterje op de koelyskippen tusken Sina, Korea en Japan – Slauerhoff hie foar twa jier tekene – betsjutte in wurkjen yn bytiden erbarmlike omstannichheden. De altyd soele tropen, de malaria oan board en it bytiden minne iten diene in oanslach op syn sûnens. It like as wie der by Slauerhoff ûnbewust sprake fan in willemoeds sykjen om destruksje, in drift dêr’t de teloarstelling om Heleen har wegering om tegearre fierder te gean mooglik net swak yn byspile hat.

Nettsjinsteande dat beide eigen wegen giene – Heleen Hille Ris Lambers kaam as ferpleechster fia Rotterdam, Cambrai en Mareno yn Italje telâne – koene se dochs ek net sûnder inoar. Se bleaune elkoar briefkjen. Yn de jierren tusken 1927 en 1936 skreau Slauerhoff har in foech santich brieven. By syn reizen op de koely- en frachtskippen yn it Easten gong bygelyks steefêst in portret fan syn muze mei, sa’t dúdlik wurdt út de troch Wim Hazeu besoarge briefwiksel Van een liefde die vriendschap bleef. It wie mar komselden dat se inoar yn al dy jierren seagen. As dat al in kear it gefal wie lykas harren moetingen yn Rotterdam of Mareno, dan wie it noait mear as foar in pear dagen.

Jierren oanien lit Slauerhoff har syn brieven takomme, mar in leafdesferhâlding wol harren freonskip net wurde. Dat lei foar in part ek oan Slauerhoff syn hâlding en karakter. ‘Ik geloof helemaal niet zoo meer aan ’t geluk door ’t passen van karakters bij elkaar; nog wel aan leven waarin beide(n) hun gang kunnen gaan als aparte individuen die samenkomen als ze dat verlangen, niet als ze dat moeten, zooals in ’t Hollandsche huwelijk. Ik meen te moeten gelooven dat dit laatste toch voor jou ’t beste is. Ik zou dit ook zoo graag willen, maar ik kan dat niet meer. Dus zijn wij zoo onverenigbaar, dat is ellendig, maar het is zoo.’ In foech fjirtjin dagen letter foeget er dêr oan ta: ‘Maar ik ben zoo bang dat je gevoelens verspilt, heusch voor jou is ook alleen het absolute geluk goed.’

It bleau tusken harren in spul fan ferskinen en wer ferdwinen of sa’t it yn it gedicht ‘Landelijke liefde I’ hjit: ‘Laat alles worden zooals vroeger.’ / Zij gaf geen antwoord. Haar voetje stiet // Een steen in ’t water en terstond / Verdwenen we. Zoo was het altijd: / Verschijnen, verdwijnen, weerzien, afscheid, / Zoeken in elkaars oogen en mond.’ Yllustratyf foar dizze pingpong-ferhâlding is it foarfal nei de dea fan Slauerhoff syn heit yn 1929., in foarfal dat in fariant wie op it Flylânner houliksoansyk. Nei de begraffenis yn Ljouwert reizge er, tegearre mei syn mem Cornelia Slauerhoff-Pronker nei Haarlem, fuort út ‘de noordelijke stad, die zij haatte,’ sa’t it hjit yn dat iene, magistrale gedicht ‘In memoriam Patris’.

Slauerhoff
yn Súd-Amearika, 1929

Slauerhoff hie dat jier in reis nei Súd-Amearika dien, in skoft lang yn Paris omswalke, in simmer lang waarnommen foar in kollega-dokter Op ’e Sweach en woe winliken noch mar ien ding: fuort, de see op, nei de Oriïnt mar op de betingst – en dêr komt de Flylân-fariant om ’e hoeke sjen – dat Heleen mei gean soe; Slauerhoff hie it him yn ’e kop set om jinsen, yn Indië, in sikehûs op te setten. Syn âld freondinne fan de pastorij lykwols koe sa linkelytsen it klappen fan syn wylde dreamen en útstellen, dat se liet him witte dat se net yn ’e gelegenheid wie, bûn as se wie oan har wurk as ferpleechster yn Mareno.

onwrikbaar-fataal

En safolleresom wie dêr it spul fan in binen en ûntbinen. Slauerhoff sette nei Gistoux yn Frankryk, dêr’t er tegearre mei kollega-dichter en skriuwer Du Perron oan in tal manuskripten wurke en reizge dêrnei nei Nice. Heleen fan de pastorij ferdwûn wat langer wat mear nei de achtergrûn. Yn it weemoedige weromsjende gedicht ‘Na jaren’ dûkt se op as de gouvernante dy’t har dagen yn Ingelân slyt. ‘Alles heb ik teruggevonden / Bekoorlijk verwaarloosd als ’t vroeger was: (…) Alles: niet ’t lief, half landlijk, half mondain, / Wankle bekoorlijkheid die zich verliest / In Engeland, ‘k geloof als gouvernante.’

De gedichten oer Heleen Hille Ris Lambers, sa’t dy yn de jierren tusken 1924 en 1926 yn De Vrije Bladen ferskine, litte ‘het verloop van noodlottige liefdes onwrikbaar-fataal’ sjen, sa’t Hendrik Marsman it yn syn besprek fan Slauerhoff syn twadde bondel Claire-obscur ûnder wurden brocht. Yn it hjirûnder ferfryske gedicht ‘De Gouvernante’ foarmje likegoed Jorwert as Flylân in part fan it dekôr. De ien nei lêste strofe fan dit lange gedicht seit: ‘Ontbijtend bepeinst zij, hoe ze verloofd / Geweest is, niet lang, zij zelf verstoorde ‘t. / Velen verzekerden: ’t was goed geworden / Na de’ eersten tijd. Zij heeft het nooit geloofd.’
.

De Gouvernante

Moarnswyn makket koel de waarme nacht.
Se rillet, bleat wrotten, troch ’t losse hier
Net bestoppe. Foar ’t bêd yn wite facht
Lizze in pear blêden, grien en wiet.

Under ’t raam, oer de finsterbank
Kypje tûken nei binnen; troch it sigen
Ferwege de klean, frjemd griis yn ’t lemieren.
Se draait har nei ’t noch dûnker lewant.

Heal slomjend wurdt se wekker, skrikt
Yn eangstdream fan fallende treppen, bline
Muorren, en klean net mear te finen…
Wekker, wit se opslach dat se fuortgjit.

Gau wurdt no waarmer ’t sob’re bestean.
Wêrom fuort te gean? Der wie gjin reden dochs?
It like saai, mar langer, frjemd, net mear,
Wylst se wurch en traach har klean oandocht,

Bleatsteand oan de mistreastige moarn.
As ’t gâns let is, set se de trep del,
Docht it jak ta, en de lêste triem teld,
Seit se heas, eagen foardel, goemoarn.

By’t moarnsbrea betinkt se hoe’t se ferloofd
West hat, net lang, sy sels dy’t it skeinde.
Protten dy’t seinen: it koe hiel wol eine
Nei de earste tiid. Se hat it nea net leaud.

Al fêst oan board , fielt se it meilijen
Fan har neisten noch yn it stilswijend
Dach sizzen by it net ophâldend wiuwen;
Bûsdoeken binn’ lang te sjen: wite dowen

Fan ’t ôfskied, wjukkeljend op ûnsichtbere winen
Dy’t har weifiere. No giet it letter iepen:
It rosse doarp lûkt wyt wei yn ’t lemieren:
As in plaat dêr’t see oerhinne spielt.

By walmjende lantearnen, stjerren dy’t faai steane,
Hinget de oanlissteger boppe ’t wad;
Foar de ein leit it fearboat – en it plak
Oan d’ oare kant, op in pear oeren gean.


De Gouvernante

Morgenwind verkilt den warmen nacht.
Zij huivert, blootgewoeld, door losse haren
Niet toegedekt. Voor ’t bed in witte vacht
Liggen een paar natte groene blaren.

Onder ’t raam, over de vensterbank
Hangen takken naar binnen; door het tochten
Bewegen gewaden, vreemd grijs in de’ ochtend.
Zij keert zich naar den nog donkren wand.

Doorsluimrend voelt zij zich al gewekt,
In angstdroom van vallende trappen, blinde
Muren, en kleeren die niet zijn te vinden …
Ontwaakt, en weet terstond dat zij vertrekt.

’t Soobre leven wordt nu warm wel eer.
Waarom heengaan? Er was toch geen reden.
’t Leek eentonig, maar nu, vreemd, niet meer.
Moe en traag begint zij zich te kleeden,

Blootstaand aan den mistroostigen morgen.
Als ’t heel laat is, gaat zij naar beneden,
Haakt haar blouse dicht, de laatste treden,
En zegt schor, niet opziend, goedenmorgen.

Ontbijtend bepeinst zij, hoe ze verloofd
Geweest is, niet lang, zij zelf verstoorde ‘t.
Velen verzekerden: ’t was goed geworden
Na de’ eersten tijd. Zij heeft het nooit geloofd.

Reeds ingescheept, voelt zij ’t medelijden
Van haar naasten nog in ’t uitgeleide
Dat zij doen duren met aanhoudend wuiven;
Zakdoeken zijn lang zichtbaar: witte duiven

Van het afscheid, fladdrend in de onzichtbre vlagen
Die haar wegvoeren. Nu gaat het later open,
Het rosse dorp verbleekt in ’t eerste dagen:
Als een plaat waarover water loopt.

Onder veege sterren, walmende lantarens
Hangt de landingssteiger over ’t wad;
Voor het einde ligt de veerboot – en de stad
Aan de’ overkant, na een paar uur varens.


 
J. Slauerhoff, Verzamelde gedichten (I), Archipel, Nijgh & Van Ditmar, Rotterdam, 1940, p. 98..

Oare kear mear oer  Slauerhoff, Sina en ‘Yoeng Poe Tsjoeng’. Oer Slauerhoff en Flylân sjoch hjir foar diel I en II..


Slauerhoff en Heleen Hille Ris Lambers yn Mareno 1932


Slauerhoff yn ‘e stoel mei kat