dinsdag 21 juni 2011

Biografy Gerben Rypma



Biografy fan Blauhúster dûbeltalint Gerben Rypma boppeslach

Yn oerjefte oan de oerweldigjende natuer
 
Ut: Friesch Dagblad (Gerbrich van der Meer)


Doe’t Gerben Rypma (1878) yn febrewaris 1963 ferstoar, ûntferme skilder en foarmjouwer Meinte Walta (1920-2002) him oer de grêfstien. Walta, soan fan de Wytgaarder skilder Jaring Walta (1887-1971), dy’t miskien wol de iennichste grutte freon fan Rypma wie, makke in geometrysk ûntwerp. De grêfstien bestiet út in dûbel krús: ‘ien foar Gerben Rypma as de skilder en ien foar Gerben Rypma as de dichter’, sa stiet yn de biografy Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús. Yn it prachtich foarmjûne wurk wurde beide talinten fan dizze tweintichste ieuske keunstner wiidweidich besprutsen troch Eeltsje Hettinga.

Hettinga moast it dwaan mei in minimum oan boarnemateriaal. Rypma dy’t in libben lang it beslettene lânskip tusken Sânfurd, Greonterp, Blauhûs, Wolsum en Abbegea as thús hie, wie minskeskou it neist. Hy wie sûnder frou of bern bleaun en by it ôfbrekken fan syn âlde klinte oan ’e Brekswâl, -hysels lei doe deasiik yn it St. Theresiahûs yn Blauhûs -, hie der net ien west dy’t kreas syn ‘administraasje’ yn feiligens brocht.
Eeltsje Hettinga keas derfoar om Gerben Rypma in gesicht te jaan troch yn te gean op it tiidsrek dêr’t Rypma yn libbe en syn libben yn in bredere kontekst te setten. Dy ynformaasje kombinearre er mei it beskieden boarnemateriaal dat er opheinde fia ‘in hantsjefol brieven, in pear hûndert siswizen en spreuken oer libben en maatskippij [fan Rypma syn hân], de saneamde Siedkerlen en in tal ferhalen, meastentiids yn de foarm fan anekdoates ferteld troch kunde en famylje fan de keunstner.’ Troch it sketsen fan in tiidsbyld en it lizzen fan in tal bredere ferbannen is Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús folle mear wurden as allinnich mar in biografy. It boekwurk oer Rypma is net inkeld in oanrieder foar eltsenien dy’t ynteressearre is yn de man Gerben Rypma, mar ek foar dyjinge dy’t nocht hat mear te hearren oer streamingen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu op it mêd fan literatuer en byldzjende keunst. Ek is it boek hiel nijsgjirrich foar dyjinge dy’t bygelyks mear witte wol fan de lânboukrisis oan ’e ein fan de njoggentjinde ieu dy’t in grutte emigraasjeweach fan gefolgen hie; oer de braindrain dy’t dêr mei anneks wie; oer de ynfloed fan de ferpyldering op it kulturele libben, oer it plak fan it leauwe, oer it plak fan it Frysk, koartsein de ympakt fan de tiid op it hâlden en dragen fan in mienskip yn de Súdwesthoeke fan Fryslân.

Gefoelich 

Yn de beskriuwingen komt Gerben Rypma nei foaren as in heechgefoelige man. Hy wist dêr bytiden amper ried mei. Yn syn behyplike wente oan ’e Brekswâl dêr’t er mei syn fee tahâlde, koe er him ôfslute foar it lûd fan ’e wrâld dy’t him figuerlik, bytiden ek letterlik sear oan ’e earen die. Fier fan ’e minsken koe er him yn alle rêst oerjaan oan ’e oerweldigjende natuer dêr’t er yn syn skriuwen en byldzjend wurk fol oerjefte syn hert oan joech: yn de keunst wist er him kend. Hettinga karakterisearret Rypma syn betide poëzij as ‘folksaardich, sentiminteel en moralistysk’. Ynspirearre troch dichters as Waling Dykstra, Jan Jelles Hof en de Flaamske pryster-dichter Guido Gezelle typearret Hettinga Rypma yn syn iere fersen as in typyske romantyske eksponint fan de njoggentjinde ieu. Hettinga beskriuwt hoe’t der yn syn poëzij gauris sprake is fan in (morele) striid tusken twa utersten: goed en kwea, wierheid en leagen, dream en werklikheid. In útwei út dat dualisme fynt er yn de rêst en de ûnskuld fan de natuer. Syn lettere fersen krije dan ek in natuermistyke ynslach. Om 1915 hinne sjogge we in ûntjouwing nei poëzij mei in mear yndividualistyske ynslach. Dêrby bliuwe de natuer en it moreel-geastlike lykwols wichtige tema’s. Geandewei de jierren tweintich en tritich fan de foarige ieu leit Rypma him wat langer wat mear ta op de skilderkeunst. Nei de twadde wrâldkriich ferskine der hielendal gjin gedichten mear fan de man. Wat falt der nei al dat kwea ommers noch te dichtsjen as it hert fan jo dichterskip it goede, it lok en de ûnskuld is

Frede

As jonkje hie Rypma al in ferskuorrende nocht oan it tekenjen. Neffens de Blauhúster skoalmaster Van der Loos wie Gerben in rastekener. As der mar in stikje papier yn ’e buert wie, koe Rypma it net litte en meitsje in skets, syn spesjaliteit. Rypma hie maklik trochleare kinnen, mar hy krige de kâns net. Troch de lânboukrisis koe de famylje Rypma amper de holle boppe wetter hâlde. En sa waard Gerben Rypma arbeider. Mar ‘hy wie gjin wurker, hy wie in dreamer’, sitearret Hettinga Jehannes Rypma. Fassinearre wie er troch de natuer, en lei dat graach fêst. ‘Lear de natuer kennen en ljeafhabben, en hast in freondinne for it libben’, is in spreuk fan him út Siedkerlen. In prachtige, mar ek pynlike útspraak, as je Rypma syn biografy lêze. Wist hy him gjin ried mei de minsken, de minsken wisten har eins ek gjin ried mei him. Fier fan dy ûnbegrepen wrâld libbe er iensum syn libben oan ’e Brek, dêr’t it ‘lokkige besit’ fan de poëzij yn wurd en byld him ta sekere hichte frede joech. Syn neiste famylje heinde de ‘heremyt’ faak op. Op de pleats fan syn broer die er faak in hântaast yn it boerewurk, want fan it skilderwurk koe hy net libje. Geregeld brochten se him ek in miel iten oan ’e Brekswâl. Doe’t se him ein 1939 yn ’e klinte fûnen mei in swiere longûntstekking fûnen se in plakje foar him yn it St. Theresiahûs yn Blauhûs dêr’t er oant syn dea bliuwe soe. As skilder wie Rypma dochs benammen de skilder fan de dieren, ‘en dan yn it bysûnder fan kij. Gjin skilder yn Fryslân dy’t better in ko op doek krije koe as Gerben Rypma’.
Syn oeuvre fan in goed fiifhûndert skilderijen bestiet benammen út ‘realistyske lânskippen, mei fee, wetter, mûnen, doarpen en pleatsen en alderhande stúdzjes fan koppen.’ De biografy jout prachtich ynsjoch hoe’t de skilderijen fan Rypma ta stân kamen. As er gjin jild hie foar linnen, skildere er op hurdboard, by need brûkte er beide kanten. Kontakten mei in keunsthanneler oan it Spaarne yn Haarlim, diene him gjin goed. Rypma hantearre in eigen palet fan kleuren: feale blauwen, grizen en brunen, mei in inkelde kear in dûnkere tint deryn. Foar Rypma wie syn skilderwurk ‘gjin wêzen, mar in dream’. Yn syn besiele wurk koe er him blykber better bleatjaan as yn it sosjale ferkear. 
Tsien jier lang hat de Gerben Rypma stichting ivere om dit dokumint út te bringen. It sjocht der werklik prachtich út. De biografy mei hurd omkaft is rynsk yllustrearre mei foto’s fan de krite dêr’t Rypma tahâlde, sketsen út oantekeningeboekjes, brieven, dokuminten en oan ’e ein in prachtige útstalling fan skilderijen en tekeningen, alles printe op moai glânzgjend papier. En Hettinga is in baas skriuwer. Helder beskriuwt er de persoanlike ûntjouwings fan Rypma en set dy by tiden byldzjend yn breder perspektyf. Dramatyske episoaden út it libben fan Rypma lêze dêrby suver as in roman.


1 Gerben Rypma, De keunstner fan it dûbele krús. Eeltsje Hettinga. Utjûn troch Gerben Rypma Stifting Blauhûs, 30 euro
2 Ynformaasje oer bestellings - it boek is sa goed as útferkocht - by Gerben Rypma stifting.


vrijdag 17 juni 2011

In nije foarm fan demokrasy



David van Reybrouck – de skriuwer fan ‘Congo’ – moarn te gast yn Sânfurd op in Flaamsk/Fryske literêre jûn fan de Gerben Rypma Stifting.


Ut de LC, 17-05-2011 (Sietse de Vries)

It is foar de tredde kear dat de Gerben Rypma Stifting in kulturele midsimmerjûn organisearret. De beide foarige kearen slagge it om njonken de literatuerleafhawwers fan fierder fuort ek aardich wat minsken út ’e omkriten fan Blauhûs en Sânfurd op ’e lappen te krijen. Eeltsje Hettinga fan de organisaasje giet derfan út dat soks ek diskear wer slagget. 

Van Reybrouck komt nei Fryslân om’t er belangstelling foar de provinsje en syn taal hat. Hy is net de earste Flaming mei niget oan it Frysk, dichter Guido Gezelle giet him foar. Dat de Gerben Rypma Stifting fan alle Flaamske skriuwers krekt David van Reybrouck frege hat, is - sa fertelt bestjoerslid Eeltsje Hettinga - fanwegen syn grutte maatskiplike belutsenens. Dat docht bliken út syn foarsitterskip fan de Flaamske ôfdieling fan de ynternasjonale skriuwersorganisaasje PEN, út syn yn 2010 mei de AKO-priis beleanne boek oer de skiednis fan Kongo en út syn pamflet oer it populisme. Ek oer dat lêste ûnderwerp sil er ûnderfrege wurde. Yn syn pamflet stelde er fêst dat der in kleau yn de maatskippij ûntstien is tusken de minsken mei in hegere en in legere oplieding en dat de lêste groep amper noch fertsjintwurdige wurdt yn de demokratyske organen. Yn de gemeenteried likemin as yn it parlemint. Vlaams Belang yn België en de PVV yn Nederlân besykje dy kleau te tichtsjen mei in foarm fan ‘duister populisme’ lykas Van Reybrouck it neamt: in polityk fan oneliners, ûnderbûkgefoelens en frjemdelingeeangst. Hy pleitet foar in oare foarm fan populisme, wêrby’t minsken mei minder oplieding har wer represintearre witte yn de demokrasy. Dat kin troch referinda, mar ek troch de polityk iepener en minder technokratysk te meitsjen. Reybrouck is ek de geastlike heit fan de G1000, in organisaasje dy’t begjin dizze wike oprjochte is om ideeën foar in nije foarm fan demokrasy út te dokterjen. Fierder sil mei Van Reybrouck praat wurde oer de parallel tusken de Fryske en de Flaamske literatuer. De ferkeap fan Fryske boeken buorket al in oantal jierren achterút, mar ek de Flaamske literatuer sit op’t heden yn ’e lytse loege. De skriuwers dy’t der ta dogge, wurde yn Nederlân útjûn; wat oerbliuwt is foar de Flaamske útjouwers. Binne beide literatueren it slachtoffer fan de ekonomyske krisis en de ûntlêzing of binne der noch mear oarsaken foar de teloargong? David van Reybrouck wurdt ûnderfrege troch haadredakteur Ernst Bruinsma fan De Moanne en televyzjesjoernalist Steven de Winter. Oare gasten binne de Flaamske dichter Maarten Inghels, de Fryske dichters Simon Oosting en Arjan Hut, de akkordeonist Oleg Fateev út Moldavië en de Braziljaanske sjongeres Simone Sou.


De jûn is op de Tsjerkepôle yn
Sânfurd en begjint om 19.45 oer



======

Flaamsk-Frysk festival

Skriuwer Van Reybrouck befreget represintativiteit yn Nederlân.

Op de Tsjerkepôle yn Sânfurd is kommende sneontejûn alle romte foar Frysk-Flaamske politike, maatskiplike en kulturele lûden mei as reade tried: de maatskiplike belutsenens fan de hjoeddeiske skriuwer-keunstner.


Ut it Friesch Dagblad, 16-06-2011 (Gerbrich van der Meer)

De besunigings dy’t der oan steane te kommen foar kultureel Nederlân, is sa’n moai foarbyld, seit Eeltsje Hettinga. Hy is sneon de presintator fan de midsimmerjûn op 18 juny dy’t alwer foar de tredde kear organisearre wurdt troch de Gerben Rijpma stichting. ,,Ek al is it oergrutte part fan de oanbelangjenden tsjin de besunigings, de technokratysk ynrjochte polityk, yn dit stik fan saken fertsjintwurdige troch steatsiktaris fan kultuer, Halbe Zijlstra, lûkt resolút syn eigen  paad. Mar hoe sit it dan noch mei de represintativiteit fan de belanghawwenden oan ’e basis?” In skriuwer-keunstner dy’t maatskiplik o sa belutsen is en hjir op befrege wurde sil is de Flaamske skriuwer David van Reybroeck. ,,Van Reybroeck is op dit stuit dé skriuwer fan Vlaanderen. Hy krige ferline jier de AKO-literatuerpriis foar syn boek Congo.” Trije jier lyn skreau de man it pamflet Pleidooi voor populisme. ,,Dêryn nimt er daliks ôfstân fan it ‘tsjustere populisme’ fan Geert Wilders of Filip de Winter wêryn’t benammen tsjin de islam oanskopt wurdt. Van Reybroeck definiearret ‘populisme’ oars en leit de klam op represintativiteit. Hy sinjalearret in fundamintele kleau tusken minsken fan de basis en minsken dy’t dy basis represintearje moatte. Sa neamt er de kleau tusken minsken mei in hege en in lege oplieding dy’t befêstige wurdt yn it politike bestel. Wiene dejinge dy’t leger op de maatskiplike ljedder steane yn de tiid fan de ferpyldering, de ‘verzuiling’ noch wol fertsjintwurdige, nei de sekularisaasje is der foar har lûd amper plak. Dy fundamintele kleau is ek op oare mêden te sjen. Hettinga: ,,Neam it referindum dat hâlden wurden is oer in nij Frysk museum yn Ljouwert. De grutte mearderheid wie tsjin. Dochs is it sa ploaid en bûgd dat it projekt dochs trochgiet.” Yn syn pleit út 2008 rikt Van Reybroeck middels oan om romte te jaan oan in lykweardige represintativiteit fan ferskillende groepen. ,,Undersykssjoernalist Steven de Winter en literatuerhistoarikus Ernst Bruinsma sille him op dizze jûn wiidweidich hifkje.” Neist it interview mei Van Reybroeck, sil de Flaamske (steds)dichter, skriuwer en kollumnist Maarten Inghels , ,,ít jonge talint fan dit stuit en maatskiplik o sa engagearre” syn Flaamsk dichterslûd hearre. De Fryske delegaasje bestiet út de maatskiplik belutsen dichters, Simon Oosting en Arjan Hut. Tusken de bedriuwen troch en nei ôfrin sil der muzyk klinke fan de Russyske akkordeonist en bayanspiler Oleg Fateev. In tal fan syn komposysjes docht er tegearre mei de Brasiliaanske Simone Sou dy’t as sjongeres en perkusjoniste klassike muzyk, folksmuzyk, punk, hard rock en hip-hop kombinearret.