woensdag 27 maart 2013

Foardracht en gesprek by galery Hoogenbosch – 4 april


UITNODIGING POËZIE EN KUNSTENAARSGESPREK 
                                     


met: Jochem Hamstra, Eeltsje Hettinga, Anne Feddema en Tjibbe Hooghiemstra


Op donderdag 4 april vanaf 19.30  uur bent u welkom op een informele avond waarbij de Friese dichters Eeltsje Hettinga en Anne Feddema voordragen uit eigen werk. Zowel in het werk van Hettinga als Feddema speelt de beeldende kunst een grote rol.

De huidige exposanten Jochem Hamstra en Tjibbe Hooghiemstra zijn deze avond aanwezig en nodigen u uit met hen in gesprek te gaan over hun tentoongestelde werk.

Om te voorkomen dat u vergeefs naar Gorredijk komt vragen we te reserveren via 0513 465178 of  via info@galeriehoogenbosch.nl

klik op foto foar webside fan Eeltsje Hettinga







.

zaterdag 23 maart 2013

Paula Modersohn-Becker - In reis - Stimmen 8


klik op foto foar de rest fan it artikel op 'e nije webside fan Eeltsje Hettinga

Yn Museum Belvédère is op dit stuit wurk te sjen fan Paula Modersohn-Becker (1876-1907), ien fan de grutte foarrinders fan it Dútske ekspresjonisme, sa’t dat begjin 1900 gesicht en foarm krige...


woensdag 6 maart 2013

De stolp fan Jensma (2) - Wêr hast it wei, in antwurd oan Abe de Vries

bas-jan-ader_krante 
Sjoch foar dit artikel ek de website fan (klik hjirre) Eeltsje Hettinga.nl

Skriuwer-sjoernalist Abe de Vries is bytiden de rûge kant neist as it om syn skriuwen oer poëzy giet. Babs Gezelle Meerburg murk dêr oait oer op: ‘It bewizen fan literêre ynfloeden is in prekêre saak en fereasket tige krekt ûndersyk. (…) Abe de Vries is soms te min fundearre, te sjoernalistyk en te ropperich.’


De Vries wol noch wolris in loopke nimme mei de feiten, wat fan dy gefolgen is - ik neam yn dizzen bygelyks de ynlieding by - klik hjir - de bloml
êzing Het goud op de weg – dat syn literêr-histoarsyk ûndersyk net altiten like betrouber is.

Dat lêste docht, spitigernôch, ek bliken út de earste ôflevering fan de nije poëzyrubryk dêr’t it tydskrift de Moanne mei útein set is, in rubryk fersoarge troch Abe de Vries. 

Op syn smelst 


Haadredakteur Ernst Bruinsma hat der wilens, sa’t skynt, gjin muoite mei dat immen dy’t poëzy besprekt foar it Friesch Dagblad en it digitale tydskrift de Contrabas soks ek nochris foar De Moanne docht.

De haadredaksje hat blykber gjin ferlet fan in breed ferskaat oan besprekkers. Spitich, no giet soks ta eare fan it âld adagium: Fryslân op syn smelst. It is de ‘rûme blik’ fan in wilens hurd achterútbuorkjend tydskrift. (Treurich djiptepunt yn it lêste skriftlike nûmer fan De Moanne: sân, ja, sân, pagina’s oer in brieveboek fan Jan Mankes.)


It roppen fan it sittend laach dat ‘Fryslân en har kultuer út de stolp helle wurde moatte’ (Goffe Jensma), dat heart manjefyk, mar as men dêr dan sels it alderhurdst op sitten bliuwt, nee, dat jout ek it poëzybesprek yn Fryslân fansels gjin lucht.

Nei oanlieding fan De Vries syn ôflevering ‘Gedichten lêze yn it ramt fan de bondel’ is de redaksje fan de Moanne ûndersteand skriuwen dien: ‘Wêr hast it wei, in antwurd oan Abe de Vries.’




Ljouwert, 2 maart 2013



Bêste redaksje,

Ik haw mei niget, mar ek mei ferwûndering Abe de Vries syn ynterpretaasje lêzen fan it gedicht ‘Op ’e tonge fan it lân’ op jimme nije digitale side: http://www.demoanne.nl/eeltsje-hettingas-ikader-gedichten-leze-yn-it-ramt-fan-de-bondel/ In opmerking dêroer.

De Vries skriuwt: ‘Cape Cod wie it reisdoel fan de konseptueel byldzjend keunstner Bas Jan Ader (1942-1975), dy’t yn syn lêste libbensjier yn in sylboat de Atlantyske Oseaan oerstekke woe mar ûnderweis weirekke.’

Dat ûnderstelt dat Ader út Europa wei de Oseaan oerstutsen is. It is krekt oarsom. De reis sels wie it twadde part fan it projekt In search of the miraculous, in trijelûk. It earste part dêrfan krige syn gerak yn Los Angeles. It twadde part moast de syltocht oer de Oseaan wurde. It tredde part soe ôfsletten wurde yn Nederlân (Grins).

It gedicht ‘Op ’e tonge fan it lân’, it fyfde út de rige 'Ikader' (s. 30-37), is trouwens skreaun nei oanlieding fan it út 1973 (!) datearjende fotoprojekt ‘II Untitled (The Elements)’, dêr’t Ader himsels fotografearje litten hat op in stel rotsen oan see. Hy stiet mei de rêch nei it wetter dat him omtrint by de boksen op spat, wylst lêst er de krante. Der is ek oar fotomateriaal fan dyselde sêne, ûnder mear mei in tusken it stiente set boerd dêr’t ‘Fire’ op te lêzen stiet.

No is it sa, dat fan in lêzer of resinsint net ferwachte wurde kin dat hy/sy ek alle keunstprojekten fan in keunstner dy’t yn in poëzybondel nei foaren komme, kenne moat.


Faaks hie ik yn dit stik fan saken, achter yn Ikader, in oantekening oer it fotoprojekt ‘II Untitled (The Elements)’ opnimme moatten.

Wa’t lykwols op grûn fan bûtentekstuele gegevens ta in ynterpretaasje fan poëzy besiket te kommen, dy sil by de opbrochte feiten net allinne sa folslein mooglik wêze moatte, mar sil ek soargje moatte dat dy gegevens lykstrike mei de werklikheid, oars kinne ynterpretaasjes misrinne.

Bywannear’t Abe de Vries dan bygelyks skriuwt: ‘Yn boppesteand gedicht heart in ik-dichter it nijs oer it lot fan Ader (…)’, dan sis ik mei Tiny Mulder silger: 'Wêr hast it wei?'

Om koart te kriemen, de beneiering en ynterpretaasje fan in tekst op grûn fan bûtentekstuele gegevens kin bytiden gâns wat oars opsmite as dy op basis fan bygelyks foarmen fan close reading.

Eeltsje Hettinga



OP ‘E TONGE FAN IT LÂN


Op de tonge fan it lân lêst in man de krante,
de siden iepenslein, as soe er op flerken.

Let is it ljocht yn it uterste fan Tiid, de see,
seegrien, mei tankers en seilen oer Cape Cod.

Under de spotslach fan weach en ivichheid
seit healwei de floedmerk in hantwizer ‘Fjoer’.

Allyk brieven rûgelen fûgels de baai oer.
Oan wûnen de tijen fan wat him net neame liet.

Op ‘e rotsen lies in man it nijs en waard wei,
rûs yn de djipte fan in Niks. Hiel it hielal sliepte,

bewuolle yn rook fan fisk en fal, skulp en kriik.
Heger driuwt de tiid it tij, oant alles swijt.

 
(Ut: Ikader, Eeltsje Hettinga)   
.

.
 

.

maandag 4 maart 2013

Biografy Siep van den Berg - Yn it meitsjen bin ik myn wurden

Van den Berg Siep
Siep van den Berg, tekening 1959 (60 sm. by 50 sm.)
Sjoch foar dit artikel ek de website eeltsjehettinga.nl (klik hjir)

Fan skilder-byldhouwer Siep van den Berg, dy’t hûndert jier ferlyn berne waard yn it lytse, oan de Frjentsjerfeart ûnder Reahûs lizzende gehucht Tirns, ferskynt oare jier in omfangrike biografy, skreaun troch Simon Deinum. Han Steenbrugge, direkteur fan Museum Belvédère, dy’t yn 1998 tegearre mei Wim Crouwel it boek ‘Siep van den Berg sinds 1913’ skreau, is fan doel om yn 2015 in grutte oersichtstentoanstelling oan it wurk fan Van den Berg te wijen.

Siep van den Berg (1913-1998) wie fyftjin doe’t er nei Grins sette om dêr in oplieding ta hús- en dekoraasjeferver te dwaan. It soe allegearre oars beteare. Nei syn ambachtskoalletiid naam er tekenlessen by skilder Jan Altink, dy’t yn de jierrren tritich les joech oan Akademy Minerva en dy’t lid wie fan it Grinzer skilderskollektyf De Ploeg. By Van den Berg syn âlden yn Tirns gie de stoarmbal omhegen, doe’t se fan syn tekenfratsen hearden: Hy wol keunstner wurde, mar dát is de bedoeling net…

Grins - Paris - Amsterdam

Van den Berg dy't yn 1943 mei Fietje Werkman troude - se wie de dochter fan skilder-keunstner Hendrik Nicolaas Werkman, ‘de drukker van de Ploeg’ - hold der yn dy jierren, tegearre mei Oscar Gubitz it reklameburo ‘De Sleutel’ op nei en soe letter, nei de oarloch, ien fan de sintrale figueren yn it Grinzer keunstlibben wurde.

As skilder wurke er net allinne yn Grins – hy hie syn atelier yn ‘De Theekoepel’ yn it Grinzer Sterrebos – mar wenne yn de jierren tusken 1947 en 1950 ek in skoft yn Paris, dêr’t er teken- en byldhoulessen folge oan de Académie de la Grande Chaumière, wylst er fanôf 1954 ek in atelier yn Amsterdam oanhâlde soe, yn in pand oan de Brouwersgracht, dêr’t ik yn de jierren tachtich en njoggentich gauris by him oer de flier kaam.

Van den Berg wie ek de man dy’t Gerrit Benner ‘ûntdekte’. In jier nei de oarloch soarge er derfoar dat de skilder, dy’t doe noch yn de Verstolkstrjitte yn Ljouwert omheukere en dy’t der yn de stêd in winkeltsje yn galanteryën op neihold, in útstalling yn Grins krige. Skriuwer-dichter J.B. Charles (pseudonym fan de kriminolooch Willem H. Nagel) die in ynleiding.

Op rieden fan Van den Berg hienen ek twa ‘Amsterdamske rovers’, Karel Appel en Corneille, in reis nei Fryslân dien om by Benner op ‘it atelier’ te sjen. De hearen wienen ferplettere.

Tegearre mei Gerrit Benner syn mecenas, de Ljouwerter sjirurg dr. H.L. Straat, rikkemedearre Van den Berg de skilder fan ‘de paardjes, ruiters en wolken’ by direkteur Willem Sandberg fan it Stedelijk Museum oan. Doe’t Appel yn 1953 nei Paris sette, krige Benner op oanstean fan Van den Berg it atelier yn Amsterdam, sterker: mei troch de keunstpromosjonele aktiviteiten fan it duo Van den Berg en Straat soe Benner yn datselde jier 1953 syn earste tentoanstelling yn it ‘Stedelijk’ krije. It relatyf grutte kultureel isolemint fan Fryslân dêr’t er jierren oanien yn opsletten west hie, koe dêrmei foargoed farwol sein wurde.

Niks, mar ik stean der wol achter.’

Yn de jierren fyftich makke Siep van den Berg as skilder de omslach nei it konstruktivisme, of leaver sein: nei de abstrakt geometryske keunst. Keunsthistoarikus en musemdirekteur Jos de Gruyter sei yn 1958 by de útstalling 35 jaar moderne kunst in Groningen: ‘Siep van den Berg acht alle schilderachtigheid uit den boze en houdt van helderheid en kantigheid: decoratief vervlakte scherp constrasterende kleuren, strakke lijnen en hoekige ritmen die nochtans een gevoel van harmonie oproepen.’

Yn ien fan de mannich fraachpetearen dy’t ik bylâns de jieren mei Van den Berg hân haw, waard him in kear de fraach foarlein wat oft syn absrakte keunst no krekt foarstelde. It antwurd stiet my noch by as de dei fan juster: ‘Niks, mar ik stean der wol achter.’

Van den Berg waard yn 1966 troffen troch it syndroom van Guillain-Barré, in senuwsykte dy’t him heal ferlamje soe. In foech tsien jier wie er út ’e roulaasje. Yn dy tiid makke er, troch need twongen, ‘druksels’ (rijmprenten) by gedichten, ûnder oaren fan Lucebert, Adriaan Roland Holst en Gerrit Achterberg.

Fan de lêste koe er omtrint it hiele oeuvre út de holle. Hy hie in ûnthâld as in dyk. Doe’t ik op in middei by him op it atelier yn Amsterdam kaam, tocht ik: Lit ris sjen oft er fan Achterberg ek it gedicht ‘Verdemen’ ken. ‘Verdemen, wat seist dêrfan,’ frege ik. Hy siet op de kruk foar de ezel, seach oer it skouder – fjoer spatte him omtrint út de oele-eagen – ‘Verdemen?’, sei er – rjochte doe de rêch en sei sûnder ek iennich stammerjen út ‘e bleate kop Achterberg syn fers op. ‘Er staat Verdemen aan de spoorlijn van / Arnhem naar Utrecht komende (...)’.

Itselde grapke haw ik letteroan nochris úthelle, mar doe mei it gedicht ‘Thebe’. Van den Berg tikke trije kear mei de kuierstôk op de stiennen flier, skrabe him de kiel en rattele it fers derút, as wie it niks, alles by heart, ynbegrepen dy lêste fenomenale strofe: ‘Een taal waarvoor geen teken is / in dit heelal, / verstond ik voor de laatste maal. / Maar had geen adem meer genoeg / en ben gevlucht in dit gedicht: /noodtrappen naar het morgenlicht, / vervaald en veel te vroeg.’

Blauhûs

siep van den berg1 
Letteroan kamen wy inoar noch wolris tsjin yn Tirns, syn bertedoarp - Van den Berg die it plak yn de jierren tachtich it skulptuer ‘Libbensline’ kado - of soms yn Blauhûs, dêr’t in broer fan him in smidte en lânboumeganisaaasje-bedriuw hie en dêr’t wy op in middei op it terras ûnder de linebeammen foar de kroech ûntdutsen dat wy yn ’e fierte famylje fan elkoar wienen. Dat fernuvere trouwens net werklik, ommers, beide wiene wy fan roomske komôf; beide kamen wy út deselde kriten, dy fan Blauhûs-Boalsert-Burchwert-Reahûs.Hie ik ynearsten myn bewûndering foar it konstruktivistyske wurk fan Siep van den Berg, geandewei de jierren belune dat en lang om let krige ik dêr myn nocht fan: elke kear mar wer it ferhaal oer de Idee achter it wurk te hearren, dat gyng op in stuit yn it neidiel fan it genot fan it sjen sels, it estetysk genot.

It kin net ûntkend dat Siep van den Berg in mear as wichtige rol spile hat yn it ‘noardlike’ keunstgebeuren. Hy wie jierren oanien de keunstknier tusken Grins-Ljouwert-Amsterdam. Hy hie al gau yn ’e rekken dat it saak wie om net yn Fryslân hingjen te bliuwen. Dat wie ek de les dy’t er Gerrit Benner foarhold, en mei súkses. Yn dit stik fan sakenliket der net folle feroare, no’t in soad jonge, talintfolle keunstners Fryslân de rêch takeare, om bygelyks nei Rotterdam te gean of nei Berlyn.

Huub Mous einiget syn boek De kleur van Friesland, Beeldende kunst na 1945 mei it sizzen: ‘Tot slot rijst de vraag wat Friesland vandaag de dag nog daadwerkelijk te bieden heeft aan talentvolle beeldende kunstenaars,’ in fraach dy’t by him opkaam nei oanlieding fan in stik fan keunsthistoarikus Rudy Hodel, dy’t yn 2005 yn it tydskrift De Moanne warskôge hie dat it foarlân fan de keunst yn Fryslân in plak yn Huize Avondrood drige as der neat feroarje soe.

 ‘Die sombere voorspelling’, skreau Mous, ‘is nog altijd actueel. Als je jong bent en talent
hebt, zorg je dat je zo snel mogelijk weg komt, naar de Randstad of anders wel naar Berlijn, Londen of een andere Europeese metropool waar de creatieve industrie een gunstig klimaat biedt voor de ontwikkeling van talent. In feite was dat in de jaren twintig ook zo. Tjerk Bottema, Piet van der Hem, Tames Oud, Siep van den Berg, Auke Hettema, Gerrit Benner, Auke de Vries en vandaag de dag Hans van Houwelingen en Robert Zandvliet (en oan dat rychje soenen bygelyks noch Tryntsje Nauta, Renie Spoelstra, Hans Jouta en tal fan oaren tafoege wurde kinne, e.h.) Friesland is een land dat je als kunstenaar het beste mee kunt nemen in je hoofd, als een herinnering en een bron van inspiratie.’ (De kleur van Friesland, s. 245)

Doe’t Siep van den Berg yn 1998 yn Amsterdam ferstoar, haw ik yn San Pedro (
Californië) it memoriam ‘Yn it meitsjen bin ik myn wurden’ skreaun, ek te finen yn de bondel Apreos (2006) dêr’t de earste strofe fan te lêzen wêze sil yn de oare jier te ferskinen biografy oer de keunstner. De titel fan it gedicht lit him oars dreech yn it Nederlânsk omsette, al wie it mar fanwegen it feit dat der eins gjin lykweardich ekwivalint is foar ‘wurden’, dat yn it Frysk sawol de betsjutting hat fan it haadwurd ‘woorden’ as fan it tiidwurd ‘worden’.


YN IT MEITSJEN BIN IK MYN WURDEN

Ta neitins fan Siep van den Berg
(Tirns 1913 – A ’dam 1998)


Eardat witten ta wurden kaam,
fieldesto, oan wylde einen
besibbe, de driuw en wurdt net
yn gehuchten wei, bedêst en
blau, ta stil libben bestjurre.
As fjoer, sparkjend yn de smidte,
trille dy it teken, baarnend
op ’e neil, en like gleon wie
it jokjen fan dyn hannen en
jou by it sjen fan dyn earste
Pablo yn de Hepkema
alle fertokjende romten bod.

Yn de Beurs syn donkere floed
blafte nacht oer Europa en
troch modder glieden de dagen
swart mesjesteren winters yn.
By blauwe rituelen en
skele hilligen op boere-
kalinders, tsjinne in libben
syn missen, kopsiikswei as sij
dy’t te preveljen lei út gods
dûme helleputten: Lit net
him skilder wurde! Ofkearen
smeide tiid, it tekenbeslach.

Nacht oer de smidte fan dyn heit,
de útfiner, hjitte it fjoer
de dream, it ljocht dat rôve moast,
bekstallich, sûnder in ho en
foar alle helsdoarren wei, fjoer
dat it libben driuwt, nei oare
streken op, sasto mâlrazend
tsjin it krús by benearjende
staasjes fan delskroefde sinnen
’m smeardest, op ’e fyts, streekrjocht
de Provinsje út, fervepot-
smitend yn it ljocht oer de Aa.

Wat net ferroppe liet, makke
sterker: de ferbylding en skep
tsjin elke master yn, it Liet,
en stadichoan waard boeretiid
fertikaal, in djip omhegen
skilderjen, wyld, yn Fleurige
Wittenskip
, – dy dreau in oare
honger, fierder fan it blauw’ hûs
syn omearmoedzjen yn winters
en damp, mei omkes dy’t doeken
foar en efter brûkend, sûnder
brek, harsels de mar omdiene.

Feniniger as foksens flym wie
dyn omstrunend each oeral,
wreed foar elke kloat dy’t kreas
mar sûnder kearn, Tiids tafallige
pipen en moaden bedûnse. –
Kleuren woene spatte, rûnom
it ritme fan de see, flamje
as Benner’s Sylboaten dysto
mei twa Amsterdamske rôvers,
op paad yn de ûnderwrâld fan
noardlike kelders, thús brochtst,
de haven del, nei Sandbergs Wente.

Dwersharsensskipper nêst dysels,
syldesto, net oars as Lindberghs
doekmasine, – eigen teken
trou – dyn wetters en bergen oer.
Alle lytse Fryske gieren,
dy’t dy nei de lever stienen,
miigdest, hurd, dyn fervestreken
yn de bûs, mei hoflik de
groetnisse út Paris, en hjirre
gods ekskreminten derop ta:
Der leit net wat der leit, salang’t
de keunst fan de Bergen waait!

Earst letter, mank dyn doeken yn
de Grinzer Koepel, seidest my:
Slûpt net yn elk fan ús, dronken,
in rigeltsje Slauerhoff om,
do, dyt ûnder it skôgjend each
fan in ‘drukseljende’ heit, al
sykjendewei romte en riedsel
werombrocht hiest ta wat it wie:
neaken, yn ferlos fan deistigens
syn rûs, de Tiid – ivichoan wer -
ferienfâldige yn kleurige
flakken, allyk Mondriaans liet.

Net samar, willekeurich, mar
út fûleinich geile needsaak
gods, do heidensker as de pest.
En al kaamst, geandewei fêster
yn it kamp en keat fan bonken
en dea, dy baarnde it fjoer as
it bloed de foks. Nimmen net dy’t
dy de eagen útbite soe,
útsein do sels, – en spotsk hast my
njonken dyn Fietje op de Fyts
de sin fan al it sinleaze
rekursyf út ’e doeken dien.

Elk byld ritmysk in ljochte god
oant it fermoarde moat, omdat
it better kin en djipper en
oars, wêrom’t ik my skeppe moat,
neam dat de stream, of it libben,
oan wylde einen besibbe.
En al pratend, tegearre yn
de sinne oer de Brouwersgracht
hast it útbalte: poèsis est!
Yn dy haw ik ferstien in heit,
in witten, dat yn de dea de drift
my de mûle fan oarsprong is.

Under rôffûgeljend stjerren,
delstoart oer de râne fan dyn
doeken, dyn rots, bisto gien, hjoed
yn it kredo fan seeën djip;
reader, gieler en swarter as al
it abstrakt datst byinoar
skildere hast, hear ik de sin-
fisken praten:stel oan gekte
ta deugd, en ek al hast Hopper
of Benner no leaver as my,
hawwe kin ik dyn bekennen,
heiten binne om te fermoardzjen.

En rinnend op San Pedro’s kust
sjoch ik, heech boppe de floed út,
it each, it fjoer, dat leafde oer
oseanen bonsjoert, foto-
grafysk it brein de wegen etst,
sa’t it liet de dei dit oantinken
útsliten hat, lûd dat hjir, oer
rotsen kletsend, frij nei Slau, my
dyn wurd seit: lit blau de boargers
dy’t roppe, ús ferbod is ús
fatsoen, – besykje do neat en
nimmen te lykjen, en boartsje.

San Pedro (CA) – Ljouwert 1998-2003







zaterdag 2 maart 2013

Under it bewâld fan tiid en dea - Resinsje Friesch Dagblad

foto FD
            Sneinspetiele | 2 maart 2013
_________________________________________________

Poëzy
troch Abe de Vries
 
Klapparaai / katimbatok’ – dat binne de earste wurden fan it earste fers, De netten, de sinnen fan Eeltsje Hettinga. Se betsjutte neat – of alles. It is muzyk. Dêr hie ek ‘kaboem’ stean kinnen. Of ‘kedeng’. Sa iepenet de bondel mei in klaroenstjit, in paukeslach of in azemtocht fan in blazer troch it koper. Yn de poëzy dy’t men hjir in rike bondel lang oantreft stiet net om ’e nocht it wurd sintraal. It wurd dat mei byld en muzyk (lûd, kadâns), earder as mei orizjinaliteit fan in gedachte of filosofyske betsjutting, de lêzer besiket te ferlieden en te betsjoenen.

Mei Ikader hat Hettinga syn fyfde bondel yn it ljocht jûn. In sterke bondel, net iens sasear troch de krêft fan it inkelde gedicht, mar benammen troch de lang folhâlden ienheid fan toan, register en tematyk. Yn it ferdwinen is ivichheid te finen, yn it fuortgean leit, foar de keunstner, it weromkommen besletten. Wat moat men, ûnder it bewâld fan tiid en dea, en each yn each mei it grutte Neat, oars as meitsje, skeppe? Dichtsje?

Dy’t seit hjir in sigentsje fan Postma’s ‘it hat west, it is; it stiet beskreaun’ te bespeuren, hat wierskynlik gjin ûngelyk. Mar by Hettinga gjin idealisearring fan it ferline, gjin pine om gouden oeren. Earder in pine om it stjerren sels, it weifallen, it haperjen: om de bline rjocht- of better, kromspraak fan de tiid, dy’t oan oerslaan net docht en ús domwei dûm sitte lit mei it wanhopich trio wêrom, wêrta en wêrfoar.

Sa’t wy fan Hettinga wend binne, spilet behalve de muzyk ek de byldzjende keunst op ‘e nij in grutte rol yn syn dichtsjen. Yn de noaten achter yn de bondel komt in fracht bekende nammen foarby en it boekje sels – ynbûn en prachtich foarmjûn – hat op it omkaft in keunstwurk fan Sjoerd de Vries. De titel Ikader ferbynt de ik-dichter sawol mei Bas Jan Ader (1942-1975), in konseptueel byldzjend keunstner dy’t spoarleas ferdwûn op in syltocht oer de Atlantyske Oseaan, as mei Ikarus, de Gryksk-mytologyske figuer dy’t delstoarte om’t er te heech fleach, te ticht by de sinne kaam en de waaks op syn wjokken raande.

Mar de flecht omheech, de flecht fan it wurd, wurdt oerskade troch de net ôflittende oanlûkingskrêft fan it wetter. Fan de fjouwer eleminten slacht, alteast yn it earste skift fan dizze bondel, net de lucht mar it wetter foar master op. Nei it programmatyske earste fers ('it wetteroargel slacht / it oargelwetter docht') set de dichter út ein by in petgat, dêr’t syn boatsje leit, om him dêr al dalik beslûpe te litten 'fan âlde plakken en bylden', Parys en oare kant de Atlantyske Oseaan, de Hudson, New York. It wetter mei oargelje kinne, it stiet ek foar de iensumens, it skied, de ûndergong.

Anekdoate


Yn part II hat de anekdoate in gruttere rol taparte krigen by it ferarbeidzjen fan deselde motiven en tema’s. In hichtepunt hjir is sûnder mis it leafdefers Tinner as de wyn, it type gedicht dat sa njonkenlytsen Hettinga syn spesjalisme is: it sylt op ‘e dea oan, mar de beswarring is muzikaal, taalboartlik, hippend, dûnsjend. ‘Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen / in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.’ Tink derom, foar dy lichtheid moat mei wrotten en wramen en wrikken betelle wurde, warskôget de dichter in fers letter.



By Hettinga 

gjin idealisearring 

fan it ferline


De bondel einiget, foar myn gefoel, spitigernoch krekt wat bûten register, mei in tal fersen dy’t op it foarste plak maatskippijkritysk wêze wolle: De Godsbaarch, In lân, in myte en In man wint fan Johannes de Apokalyps, respektivelik oer Flaamsk en Frysk nasjonalisme en de massamoard yn it Noarske Utoya. De ferbining mei it foargeande leit benammen yn de masterlike taalhantearring, net werklik yn de tematyk.

Eeltsje Hettinga, as dichter, is yn Ikader noch dúdliker wat er yn earder wurk ek al wie: in ‘haunted poet’ , by wa’t it rynsk yn eigen wûnen struide sâlt net te kearen it skeppen op gong bringt. De ferneatiging en it kreëarjen, de dea en wat de dichter dêr tsjinyn makket: yn dizze yndrukwekkende bondel hâlde se inoar lang yn ’t lykwicht. 


ikader 
Ikader. Eeltsje Hettinga. 
Gerben Rypma Stifting,  
17,50 Euro ______________________________________________________________  
TINNER AS DE WYN 



Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Under de taal stappe de tekens. Hear mar, tûken
pratend yn de oasten fan hikken oan hôven.
Sjoch mar, happes dravend yn de nerf fan it hout,
har hoegen, kobaltblau, sûnder ho.

Bylden lústerje, sjonge en dogge as snuorjend in film-
projektor yn in ferlitten stedsbioskoop.

Ik bin net ik, sis ik, mar opknipt yn tûzen en ien stikken.
Tinner as de wyn klim ik yn de dingen,
in rútsjetikker mei plofklanken giel en bekhammers read,
kaaien foar it hing- en slútwurk fan it hielal.

Der is in bonkerak, dêr’t ik ynmoedich alle nachten
in klok yn set oant it kloppet as in hert.
Der is in seizoen dat my it wurd yn winkelsintra om
wjukken giet en liivje yn alle stjerren.

In sirkus bin ik, mei dowen, hûnen, sebra’s en tigers
dy’t mearkelicht stik foar stik har streken ha,
in bern dat taal troch fjoerhoepels jaget, dûnsjendewei
mei krúsbekjes, skelfinkjes, toarnehip en ljip.

Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Tink net, in lui each sil it slagje en wrot himsels in paad
troch hûzen fan fleis om ûnder de jûnsstjerren
te hearren nei de lytse nachtmuzyk fan it skommelfamke
dushy dushy tralala, wylst de jonge,
de tinne tekener dy’t efterstefoaren op ’e fyts it hielal útleit,
har tasjongt: ik, ik bin de gouden rider.