Willem Verf by de betinking fan de Slach by Warns |
Oan de betingst fan in beskate ôfstân ta it literêre fjild, dêr hat men sa’t skynt net folle boadskip hân, teminsten, dit jier wienen der gjin sjueryleden fan bûten Fryslân, sa’t dat by de gearstalling fan eardere Gysbert-sjuery’s faak wol it gefal wie. Fan datoangeande hie de Gysbert-taspraak fan deputearre Jannewietske de Vries, de frou achter it adagium ‘Finsters iepen’, in moai dûbele ynslach, want, sa seit De Vries yn har wurd by de útrikking fan de Gysbert oan Durk van der Ploeg: “Doch ris wat oars, ferlit jim eigen, feilige terp. Sykje nije foarmen fan gearwurking, mei minsken en organisaasjes dy’t miskien net foar de hân lizze.”
It rapport fan de sjuery fan de Gysbert-2011 hat in heech Bewegersgehalte. Sterker: út it as brief stelde skriuwen docht bliken dat Bewegers fan it slach Willem Verf net by steat binne om literatuer en Beweging út inoar te hâlden. Sa likernôch trijekwart fan it sjueryrapport giet oer oare saken as it bekroande wurk fan Durk van der Ploeg. Mar ja, soks liket Bewegers eigen: gjin gelegenheid of der moat in Fryske preek en skeet dien wurde. Yn dizzen giet it bygelyks om in hiele trits fan oanrikkemandaasjes oer de manier wêrop’t it oars en better kin mei it ferskynsel Fryske literatuer, yn it bysûnder mei de Fryske literêre prizen. Mar sûnt wannear is it de taak fan in Gysbert-sjuery om, sis mar, oer it literêre lyk fan de laureaat hinne, soksoarte Bewegersrapporten op te stellen? Wêrom bout in Gysbert-sjuery harsels om ta in ferkapte politike advyskommisje?
Oer de literêre kritearia op grûn wêrfan it wurk fan Van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis 2011 taskikt is, krijt men net folle te hearren. Ja, platitudes fan it kaliber ‘in grut oeuvre’, ‘ferskaat oan ferhalen’, ‘in heech nivo’, mei fierders banaliteiten fan it alloai ‘hy skriuwt al fyftich jier’, ‘hy skreau mear as tritich boeken’ en oare hollerombom. De neamde begripen en útspraken wurde yn it sjueryrapport net of amper taljochte, om it oer alle oare omisjes mar net te hawwen. Oer de ûntjouwing yn it oeuvre fan Van der Ploeg? Gjin wurd. Oer de poëzy dy’t Van der Ploeg sa by de jierren lâns byinoar skreaun hat? Gjin wurd. Oer de twatalichheid fan de skriuwer? Gjin wurd. Oer Van der Ploeg syn plak binnen ‘it literêre fjild’ (Bourdieu)? Gjin wurd. Ensafuorthinne. It smyt de fraach op hoe kapabel dizze Gysbert-sjuery west hat.
Yn it artikel 'Gysbert en de frucht fan de Fryske ynstitúsjonalisearring' (de Moanne, 11-10) is steld dat kultuerdeputearre Jannewietske de Vries yn de nije kultuernota, dy’t wilens al mear as in jier op him wachtsje lit, in ferheging fan it prizejild foar de Gysbert Japicxpriis fêstlizze sil. De Vries joech by de útrikking fan de priis yn Boalsert al fêst in foarskot, dat is te sizzen: it prizejild wurdt mei 5000 Euro ferdûbele. Pet ôf. Mar by neier ynsjen blykt dat presintsje dochs fierhinne in sigaar út eigen doaze te wêzen. In triomfantlike deputearre De Vries: “It bedrach kin brûkt wurde om in titel út it oeuvre fan de winner oer te setten yn it Nederlânsk.” Dat is net it earjen fan in skriuwer, nee, dat is it (fer)hoerearjen fan in skriuwer.
Kultuerdeputearre Jannewietske de Vries |
Hoe’t it lanlike belied fan Halbe Heale Soal Zijlstra útwurkje sil op provinsjaal nivo, dat bliuwt foarearst rieden. It wachtsjen is op de nije, lang bide provinsjale Kultuernota, foar de skriuwers yn Fryslân hooplik net ferpakt yn de wolbekende eigen sigaredoaze.