dinsdag 7 mei 2013

It krús, de krûk en de kruk – Oer de poëzy fan Trinus Riemersma - Stimmen 15





‘Dichter haf ik noit vêze vóllen. Ik haf óm de areghyd hûndert fessen skreon, mar dy yntresjerje mij net – oare minsken nammes ek net nim ik oan,’ skriuwt Trinus Riemersma yn ‘Tusken eks- en adspyront skrjower’,[1] in artikel dêr’t er de balâns fan syn skriuwerskip yn opmakket. Ek op oare plakken lit er him gauris wakker smeulsk oer syn dichtwurk út. Oft dy hâlding no poaze is of net, dat docht der net ta, de fraach is oft de ûnderstellings oer de resepsje fan syn eigen fersen rjochtfeardige binne. My tocht fan net. 

Yn alderhande blomlêzingen, fan The Sound that remains (1990), Hûndert Fersen: in blomlêzing út 'e Fryske poëzy (1990) oant en mei de lêste útjefte fan Spiegel van de Friese poëzie (1993) is wilens wurk fan him opnaam. Boppedat, as it werklik sa west hie dat de fersen him net ‘yntresjêrren’, wêrom dan de sammelbondel Argewaasje fûn - Argewaasje jûn (1996) út te jaan, de kompilaasje fan Riemersma syn tusken 1967 en 1973 ferskynde gedichten? Syn poëzij is, oer ynteresse praat, net sûnder belang, se is nij en oars, yn dy sin dat der yn de Fryske literatuer winliken gjin skriuwer-dichter is dy’t sawol binnen as bûten syn literêre wurk safolle poëtikale útspraken docht as Riemersma, in ferskynsel dat karakteristyk is foar in protte fan de nei-oarlochske (post)moderne literatuer. (...)