zaterdag 9 april 2016

Droom in blauwe regenjas – Elk skiepke syn knipke (diel I)

Yn de Freed-bylage fan de Ljouwerter Krante stie begjin maart de nijsgjirrige kollum ‘Ik haat Renoir’ fan dichter Tsead Bruinja. Hy wie dêryn net allinne op ‘e tekst oer de presintaasje fan de twatalige, troch himsels en Hein Jaap Hilarides gearstalde blomlêzing Droom in blauwe regenjas, mar ek oer in literêre grap fan keunsthistoarikus en blogger Huub Mous. Nei oanlieding fan Bruinja syn kollum twa stikken oer de blomlêzing, dêr’t in kar yn dien waard foar it wurk fan Fryske dichters dy’t nei 1990 harren debút makken. Hjoed diel I.  
Wy skriuwe ein 2004. In affysje tsjin it raam fan it teater, net fier fan de Haachske Ridderzaal ropt: ‘Branoul Literair Theater Den Haag: De nieuwe Friese dichters. Presentatie van de bloemlêzing Droom in blauwe regenjas / Dream yn blauwe reinjas. Door: Tsead Bruinja en Hein Jaap Hilarides.’

Dy oankundiging makke destiids diel út fan in lanlike toernee, ien fan de ynstruminten dêr't it wurk fan dé nije Fryske dichters mei oer it fuotljocht brocht waard. De promoasje om de twatalige blomlêzing hinne wie de profesjonele kant it neist, mei in website sûnder wryt of slyt, in presintaasje dy’t sta sei en in DVD mei foardrachten derop ta.

De blomlêzing sels waard útjûn troch Bornmeer en Contact, útjouwers dy’t sawol yn it Nederlânske as yn it Fryske literêre systeem net sûnder kwizekwânsje binne. Foar de status fan de blomlêzing sels wie dat net ûnfortúnlik. De titel fan de bondel waard ûntliend oan in strofe út it apart moaie gedicht ‘Cantus in memory of language for dictionaries and bell’ fan Albertina Soepboer.
.
Dan giet de bel en stiet de dream
op ’e stoepe. Ik huverje. Se hat
in blauwe reinjas oan dêr’t boarsten
har ûnder besjen litte. Sân lûkt op
’e flier ûnbekende spoaren. Se laket.
Dan gaat de bel en staat de droom
op de stoep. Ik huiver. Ze draagt
een blauwe regenjas waaronder borsten
zich laten bekijken. Zand trekt op
de vloer onbekende sporen. Ze lacht…
Ut: It nachtlân / Het nachtland
.
Yn it generaal litte har twa soarten blomlêzingen ûnderskiede: de yntra- en ekstralinguale. Ta de earste soarte kinne temabondels as Leave Deade (2003) rekkene wurde. By de twadde kategory komt de twatalige blomlêzing om ’e hoeke sjen. Te tinken falt oan Spiegel van de Friese Poëzie, Wrâld, Finster, Gedicht (2002), Droom in blauwe regenjas (2004) en Het goud op de weg (2008).

Doelen en kritearia

Yn International Anthologies of Literature in Translation (1995) fan Harald Kittel, Holger Klein e.o. binne foar de ekstralinguaal rjochte blomlêzing in tal skaaimerken op in rychje set: it losmeitsjen fan belangstelling foar de primêre literatuer, it sjen litten fan in spesifike metafoaryk fan in taal en/of it jaan fan nije ympulzen oan de doelliteratuer, yn dit gefal de Nederlânske literatuer.

By de seleksje fan de gedichten foar Droom in blauwe regenjas holden Bruinja en Hilarides twa eksplisyt neamde kritearia oan: de moderne Fryske poëzy, mei wurk fan santjin dichters dy’t nei 1990 har debút makken en dichters dy’t ‘beloftes voor de toekomst’ hjitten te wêzen, mar dy’t yn 2004 harren wurk noch net bondele hiene.

By dy lêste groep gie it ûnder oaren om Hidde Boersma, Sytse Jansma, Remco Kuiper, Volken B. de Vlas, Matty de Vries en Sito Wijngaarden. Yn it Neiwurd by de blomlêzing sette Bruinja de earste en lêste dichter yn de tradysje fan de Russyske dichters Chlebnikov en Majakovski.

‘Met veel herhalingen, en in een stijl die doet denken aan het futurisme van Russische dichters als Chlebnikov en Majakovski, verklaart Boersma bijvoorbeeld dat er behoefte is aan een Doede, een gewone man die een visje eet.’

Men kin jin ôffreegje oft mei it oanheljen fan dat soarte fan grutte nammen in Fryske literatuer net grutter makke wurdt as dy yn werklikheid is? Wat heger de namme dêr’t oan referearre wurdt, sa wurdt tocht, wat grutter de glâns dy’t der yndirekt op de literatuer, de Fryske dus, ôfstrielet. Lykwols, yn de meast de gefallen blykt it trúkje net mear as de klean fan de keizer.

Leeftiid

Op grûn fan kaaiwurden lykas ferline, lânskip, mearke, fabel, dier en pleats hawwe Bruinja en Hilarides nei oerienkomsten socht tusken de ferskillende dichters. Sa kaam bygelyks it wurk fan Elmar Kuiper, by wa’t neffens Bruinja faak sprake is van ‘een symbolische vergelijking tussen mens en dier’, njonken de poëzy fan Jabik Veenbaas en Foppe Venema te stean.

It neidiel fan sa’n oanpak, wêrby’t op basis fan tema’s en motiven alderlei oerienkomsten ûndersteld en beskreaun wurde, is dat de lêzer bytiden al te folle foarkôge wurdt.

In oar seleksjekritearium, gearhingjend mei de spitigernôch net taljochte kar om inkeld wurk op te nimmen fan dichters nei 1990, wie de leeftiid. De âldste yn de rige wie Cornelis van der Wal (1956). De latte waard dus by fyftich jier lein.

In lêste kritearium dat allikemin in ferantwurding krige, wie fan in yntern hierargyske oangelegenheid: it tal oersettingen dat de ferskillende dichters taparte krige. De kwantitative oanwêzigens yn in blomlêzing suggerearret fansels ek in beskaat wearde-oardiel. It iene en oar soe yn Droom in blauwe regenjas rare willekeur opsmite.

In net bondele dichter as Sito Wijngaarden krige twa fersen taparte. Op grûn fan it winnen fan ien Rely Jorritsma-priis kin dat net west hawwe. Yn dat gefal hie soks ek jilde moatten foar Matty de Vries of Willem Schoorstra. Foar Arjan Hut dy’t mei de bondel Nachtswimmers in poerbêst debút makke, koe der krekt ien fers ôf. Hut dy’t net achter syn selektearre fers ‘rook fan grut’ stean koe – it gedicht wie út in literêr tydskrift opfiske - krige nul op it rekest doe’t er de blomlêzers witte liet dat er leaver in gedicht út Nachtswimmers yn de 'Droom' hie.
 

Yn it tydskrift de Moanne sei Tsead Bruinja dêroer: ‘Dêr siet net it fers by wêrfan't we fûnen dat it goed by de rest fan de blomlêzing passe soe.’

As by dizze blomlêzing de kwantiteit beskiedend west hat foar it plak fan de dichter yn de Fryske literêre pikoarder, dan nimt Bruinja mei seis gedichten it ien nei heechste plak yn. Albertina Soepboer, fan wa’t sân fersen opnaam waarden, mei dêrnjonken in syklus fan fiif gedichten, kaam boppe-oan de piramide te stean.

Famylje-oangelegenheid

By de gearstalling fan Droom in blauwe regenjas hat it net de yntinsje west om in bepaald soarte poëzy nei foaren te skowen, sa’t Paul Rodenko dat bygelyks die mei it programmatyske Nieuwe griffels, schone leien (1954) of sa't dat it gefal wie mei Maximaal (1988), in blomlêzing dy’t beselskippe waard troch it ‘manifest van de Maximalen’, dêr’t de saneamde hermetyske poëzy fan dichters as Hans Faverey yn fallyt ferklearre waard.
 
By Bruinja en Hilarides giet it yn it foarste plak om in literêr-strategysk doel, dat is te sizzen: it sjen litten fan it wurk fan in groep nije Fryske dichters, ynbegrepen it dêrby hearrende ferskaat oan stimmen, lûden en foarmen.

By de beskriuwing fan dy ferskillende registers krige elk skiepke in knipke. Der binne de anekdoatyske dichters (Hidde Boersma, Hein Jaap Hilarides), de tradisjonele dichters (Lida Dykstra, Abe de Vries), de absurdistyske dichters (Cornelis van der Wal, Anne Feddema), de mear eksperimintele dichters (Elmar Kuiper) de proazadichters (Nyk de Vries) en de romantysk-muzikale dichters (Willem Schoorstra, Albertina Soepboer).

Sokke foarmen fan klassifikaasje binne gauris de breklike kant it neist, net allinne omdat se faak komplemintêr oan inoar binne, mar ek omdat de poëzy sels der faak hopeleas troch tekoart dien wurdt. Yn Bruinja syn tsjutten fan de poëzy fan de garre dichters reint it fierdersoan kij, biten, sleatsjes, boerebedriuwen, plattelân, wetter, mei in kromke Alvestêdetocht derop ta:

‘Het schaatsen is vaak een familie-aangelegenheid en voor de dichter een uitermate geschikt vehikel om stil te staan bij zijn of haar persoonlijke geschiedenis. (...) In Janneke Spoelstra's gedicht komt dit het sterkst aan de orde. Door haar gedicht te besluiten met de koeien die van de ene weide naar de andere verplaatst worden, trekt ze een parallel met haar ‘verweiding’ van de ouderlijke stee van haar jeugd naar een nieuwe en eigen woonplek.’

Al dy kij, biten en sleatsjes jouwe Droom in blauwe regenjas in beskaat idyllysk en regionalistysk karakter. As dat lêste de yntinsje west hat, dan hie it om literêr-histoaryske redenen faaks paslik west as der ek it ien en oar sein west hie oer it net ûnbelangrike tydskrift De Blauwe Fedde (1996-2002) fan skriuwer-muzikanten Meindert Talma en Nyk de Vries. Krekt yn har wurk is sprake fan in opnij wurdearjen fan it regionale c.q. it gewestlike, wêrby’t – gelokkich – de irony noait fier fuort is.

Foargongers

It Neiwurd by 'Droom' jout dus gjin literêr-histoaryske beskriuwing fan de artistike en literêre ferskynsels en ûntjouwings yn it tiidrek tusken 1990-2004. Bruinja ferantwurdet dat mei it sizzen dat ‘de voortreffelijke historische bloemlezing Spiegel van de Friese poëzie (1994) al een gedegen inleiding over de literaire geschiedenis van het Fries bevat. Die wordt hier niet overgedaan.’

Mar wie dat net wat al te koart troch de bocht? Ommers, de Spiegel rikte mei syn oersjoch net fierder as 1994. Boppedat, wie de earste edysje fan de Spiegel mei alle krityk dy't der destiids op west hat wol sa ‘voortreffelijk’? Troch de kristlik-Fryske Bewegersyntinsjes fan 'literatuerbefoarderer' Teake Oppewal waard bygelyks it wurk fan renomearre dichters lykas Jelle Kaspersma en Binne L. Boarnstra boykotte.

Hoe dan ek, de Nederlânsktalige lêzer fan Droom in blauwe regenjas moat riede nei de periodisearring, de twatalichheid, de literatuerbefoardering, de tydskriften, de nije media en alles wat de literêre kanon fan nei 1994 bepaald hat. Troch dizze omisjes hat de blomlêzing wat braafs en frijbliuwends.

Wat yn it Neiwurd by de ‘Droom’ foaral yn it each rint, is it feit dat de poëzy fan 1990 ôf winliken nearne net yn in beskate kultureel-maatskiplike kontekst set is. Dêrby falt te tinken oan tal feroaringen dy’t likegoed de taal, it Frysk, reitsje as de identiteit, sawol dy fan de kultuer as dy fan de dichter.

De blomlêzers beheinden har yn dit stik fan saken ta it suver estetyske. In miste kâns, net yn it lêste plak meidat de identiteit fan de Fryske kultuer troch de globalisearring en de medialisearing, ja, letterlik de weareld oan gefolgen (hân) hat foar it plak en de posysje fan de Frysktalige skriuwer, in plak dat mear as oait bepaald wurdt yn de knier tusken twa of mear kultueren.

Hybride

Yn it essayboek Identiteit en locatie in de hedendaagse literatuur (2003) skriuwe de literatuerkritisy Maarten Steenmeijer en Aleid Fokkema dêroer: ‘Migratie en globalisering behoren tot de sleutelbegrippen van deze tijd. Daarmee zijn concepten van identiteit op losse schroeven komen te staan. In de hedendaagse literatuur moet identiteit wel op een nieuwe manier betekenis krijgen, nu er van een vaste verankering in natie, geloof, cultuur en taal geen sprake meer is.’

Yn datselde 'Identiteit en locatie' lit literatuerkritikus Kristian van Haesendonck sjen hoe’t troch de ‘frije assosjaasje’-polityk tusken Puerto Rico en Amearika it tema fan de hybride identiteit in belangryk ûnderwerp wurdt foar in tal fan skriuwers en dichters yn de literatuer fan it twatalige Puerto Rico. ‘Er is sprake van een identiteit ‘in de lucht’, omdat er druk heen en weer gevlogen wordt tussen Puerto Rico en New York, en ook omdat de migratie nooit permanent of definitief is.’

Dat binne ferskynsels dy’t yn prinsipe yn Fryslân net oars lizze. It iennichste dat yn it Neiwurd by 'Droom' oer dit ûnderwerp fan taal en identiteit op it aljemint brocht, is: ‘Voor de Friese taal als thema is in deze bloemlezing geen noemenswaardige rol weggelegd. Dit zou kunnen (kursyf, e.h.) betekenen dat de dichters maar matig betrokken zijn bij hun moedertaal, maar wellicht (kursyf e.h.) geeft het ook aan hoeveel vertrouwen zij hebben in die taal, die in het gedicht niet geprezen of geproblematiseerd hoeft te worden.’

'Schijnopstandigheid'

Droom in blauwe regenjas ferskilt yn syn opset en oanpak neat fan blomlêzings as Sprong naar de sterren (1999) of Vanuit de lucht (2003). Beide bondels hantearren de seleksjekritearia fan leeftiid en generaasje. De ûndertitel by Sprong naar de sterren wie fan datoangeande yllústratyf: ‘laatste generatie dichters van de twintigste eeuw’. By Vanuit de Lucht sei de ûndertitel: ‘de earste generaasje van de 21-ste eeuw’ en by Droom in blauwe regenjas hjitte de leuze: ‘Een keuze uit de nieuwe Friese poëzie na 1990.’

Al dy slogans, opsnolke mei in soad reklame- en parsebombaarje, joegen gauris de yndruk dat it om wat nijs en wat baanbrekkends gean soe, sterker, as soe men te krijen hawwe mei blomlêzings fan in like grut revolúsjonêr kaliber as bygelyks dat fan Atonaal (1951) of Nieuwe griffels, schone leien (1954).

 
Jos Joosten, heechlearaar Nederlânske taal en letterkunde yn Nijmegen, stelde yn syn essaybondel Onttachtiging dat der yn wêzen neat te rêden wie, omdat it meganisme fan de inoar yn de literatuer ôfwikseljende generaasjes langeroan in wetmjittichheid op himsels wurden is.

Joosten hat yn Onttachtiging sjen litten hoe’t de neo-realisten K. Schippers en J. Bernlef, oansletten by it tydskrift Barbarber, yn de jierren sechstich de poëtika fan de Vijftigers foar passee ferklearren. Yn de jierren tachtich hellen De Maximalen (Joost Zwagerman, Koos ‘Dalstar’ Dalstra) datselde spultsje út mei de poëzy fan de as hermetysk beskôge dichters Kouwenaar en Faverey.

‘De enige opstandigheid blijkt de schijnopstandigheid,’ wie ien fan Joosten syn hurde konklúzjes.

Yn de jierren dêrnei like it as folgen al dy saneamde nije, lêste en earste generaasjes inoar hieltiten hurder op. De wikseling fan de literêre wachten gong sels sà hurd dat der neffens Joosten oars net fan oerbleau as de macht fan de hype, lit stean dat dêrby sprake wêze soe fan revolúsjonêrens of oare foarmen rebelskens. ‘De enige opstandigheid blijkt de schijnopstandigheid,’ wie ien fan Joosten syn hurde konklúzjes.
Yn neifolging fan Joosten kin fierders steld dat de gearstallers fan blomlêzings lykas Sprong naar de sterren, Vanuit de lucht en ek Droom in blauwe regenjas harren wurken foaral as in moaie gelegenheid te baat nommen ha foar it oppoetsen fan sawol de poëzy fan befreone kollega-dichters as dy fan harsels.
Der is it besef dat der in fracht ‘symboalysk kapitaal’ (Bourdieu) te winnen is, want dejinge dy’t blomlêst, hat kâns op in gruttere en mear gesachhawwende posysje yn it literêre fjild.
Ta beslút
Troch it hege gehalte oan saneamde Fryske motiven – sleatsjes, molkbussen, sleatsjes en redens – hat Droom in blauwe regenjas in sterk romantyske kleur krigen. Polityk engaazjemint is net oan ’e oarder, sa’t ek de spanning en wriuwing tusken de ferskillende kultueren gjin kontoeren krigen hat.
De twatalige blomlêzing sels past by in ûntjouwing yn de Fryske literatuer wêryn’t in lyts tal Frysktalige skriuwers en dichters harsels in plak wint binnen it Nederlânsk literêre systeem, in ûntjouwing dy’t nei de oarloch útein sette mei skriuwers as Anne Wadman en Fokke Sierksma en dy’t yn it lêste desennium fan de foarige ieu in ferfolch krige mei it ynternasjonale debút fan Tsjêbbe Hettinga op de Frankfurter Buchmesse yn 1994.
Foar it Nederlânsktalige publyk jout Droom in blauwe regenjas in lichte en iepen, mar tagelyk ek in wat frijbliuwende yntroduksje op it wurk fan in tal nije, relatyf ‘jonge’ Frysktalige dichters. In lyts part derfan is wilens ferdwûn, fierwei de measten binne bleaun en kanonisearre.


Literatuer

.
·       Jos Joosten, Onttachtiging, Uitgeverij Van Tilt, Nijmegen 2003.
·       Aleid Fokkema en Maarten Steenmeijer, Identiteit en locatie in de hedendaagse literatuur, Uitgeverij Vantilt 2003, Nijmegen.
·       Harald Kittel, Holger Klein ed., International Anthologies of Literature in Translations, Schmidt Verlag, 1995.
[1] Kristian Van Haesendonck die yn 2004 oan de Universiteit yn Leiden syn promoasje-ûndersyk oer it ûnderwerp: ‘Culturele identiteit en postmodern schrijven; Puertoricaanse literatuur van de jaren '80 en ' 90.’
[2] Charles Ducal, ‘Tussen navel en wereld’, Nieuw Wereld Tijdschrift, 1999.
‘Fryske fersen fertsjinje in sa grut mooglik publyk’, De Moanne, nr. 10, desimber 2004.


.
KADER
Yn in ynterview mei de Moanne stelde Tsead Bruinja, dy't mei Hein Jaap Hilarides de blomlêzing Droom in blauwe regenjas gearstalde, dat Eeltsje Hettinga in belangryk plak yn de blomlêzing tabedield wie, mar dat hy gjin bydrage jaan woe. 'Alhoewol’t er ek yn de Spiegel stiet, woenen we syn wurk no wer graach opnimme. Syn wurk soe goed passe yn dizze blomlêzing. Hy soe der mei de measte fersen, mar leafst achttjin, yn komme. Spitigernôch is de gearwurking ôfketst. We koenen it saaklik net iens wurde oer de betingsten.’

.








.