David van Reybrouck – de skriuwer fan ‘Congo’ – moarn te gast yn Sânfurd op in Flaamsk/Fryske literêre jûn fan de Gerben Rypma Stifting.
Ut de LC, 17-05-2011 (Sietse de Vries)
It is foar de tredde kear dat de Gerben Rypma Stifting in kulturele midsimmerjûn organisearret. De beide foarige kearen slagge it om njonken de literatuerleafhawwers fan fierder fuort ek aardich wat minsken út ’e omkriten fan Blauhûs en Sânfurd op ’e lappen te krijen. Eeltsje Hettinga fan de organisaasje giet derfan út dat soks ek diskear wer slagget.
Van Reybrouck komt nei Fryslân om’t er belangstelling foar de provinsje en syn taal hat. Hy is net de earste Flaming mei niget oan it Frysk, dichter Guido Gezelle giet him foar. Dat de Gerben Rypma Stifting fan alle Flaamske skriuwers krekt David van Reybrouck frege hat, is - sa fertelt bestjoerslid Eeltsje Hettinga - fanwegen syn grutte maatskiplike belutsenens. Dat docht bliken út syn foarsitterskip fan de Flaamske ôfdieling fan de ynternasjonale skriuwersorganisaasje PEN, út syn yn 2010 mei de AKO-priis beleanne boek oer de skiednis fan Kongo en út syn pamflet oer it populisme. Ek oer dat lêste ûnderwerp sil er ûnderfrege wurde. Yn syn pamflet stelde er fêst dat der in kleau yn de maatskippij ûntstien is tusken de minsken mei in hegere en in legere oplieding en dat de lêste groep amper noch fertsjintwurdige wurdt yn de demokratyske organen. Yn de gemeenteried likemin as yn it parlemint. Vlaams Belang yn België en de PVV yn Nederlân besykje dy kleau te tichtsjen mei in foarm fan ‘duister populisme’ lykas Van Reybrouck it neamt: in polityk fan oneliners, ûnderbûkgefoelens en frjemdelingeeangst. Hy pleitet foar in oare foarm fan populisme, wêrby’t minsken mei minder oplieding har wer represintearre witte yn de demokrasy. Dat kin troch referinda, mar ek troch de polityk iepener en minder technokratysk te meitsjen. Reybrouck is ek de geastlike heit fan de G1000, in organisaasje dy’t begjin dizze wike oprjochte is om ideeën foar in nije foarm fan demokrasy út te dokterjen. Fierder sil mei Van Reybrouck praat wurde oer de parallel tusken de Fryske en de Flaamske literatuer. De ferkeap fan Fryske boeken buorket al in oantal jierren achterút, mar ek de Flaamske literatuer sit op’t heden yn ’e lytse loege. De skriuwers dy’t der ta dogge, wurde yn Nederlân útjûn; wat oerbliuwt is foar de Flaamske útjouwers. Binne beide literatueren it slachtoffer fan de ekonomyske krisis en de ûntlêzing of binne der noch mear oarsaken foar de teloargong? David van Reybrouck wurdt ûnderfrege troch haadredakteur Ernst Bruinsma fan De Moanne en televyzjesjoernalist Steven de Winter. Oare gasten binne de Flaamske dichter Maarten Inghels, de Fryske dichters Simon Oosting en Arjan Hut, de akkordeonist Oleg Fateev út Moldavië en de Braziljaanske sjongeres Simone Sou.
De jûn is op de Tsjerkepôle yn
Sânfurd en begjint om 19.45 oer
======
Flaamsk-Frysk festival
Skriuwer Van Reybrouck befreget represintativiteit yn Nederlân.
Op de Tsjerkepôle yn Sânfurd is kommende sneontejûn alle romte foar Frysk-Flaamske politike, maatskiplike en kulturele lûden mei as reade tried: de maatskiplike belutsenens fan de hjoeddeiske skriuwer-keunstner.
Ut it Friesch Dagblad, 16-06-2011 (Gerbrich van der Meer)
De besunigings dy’t der oan steane te kommen foar kultureel Nederlân, is sa’n moai foarbyld, seit Eeltsje Hettinga. Hy is sneon de presintator fan de midsimmerjûn op 18 juny dy’t alwer foar de tredde kear organisearre wurdt troch de Gerben Rijpma stichting. ,,Ek al is it oergrutte part fan de oanbelangjenden tsjin de besunigings, de technokratysk ynrjochte polityk, yn dit stik fan saken fertsjintwurdige troch steatsiktaris fan kultuer, Halbe Zijlstra, lûkt resolút syn eigen paad. Mar hoe sit it dan noch mei de represintativiteit fan de belanghawwenden oan ’e basis?” In skriuwer-keunstner dy’t maatskiplik o sa belutsen is en hjir op befrege wurde sil is de Flaamske skriuwer David van Reybroeck. ,,Van Reybroeck is op dit stuit dé skriuwer fan Vlaanderen. Hy krige ferline jier de AKO-literatuerpriis foar syn boek Congo.” Trije jier lyn skreau de man it pamflet Pleidooi voor populisme. ,,Dêryn nimt er daliks ôfstân fan it ‘tsjustere populisme’ fan Geert Wilders of Filip de Winter wêryn’t benammen tsjin de islam oanskopt wurdt. Van Reybroeck definiearret ‘populisme’ oars en leit de klam op represintativiteit. Hy sinjalearret in fundamintele kleau tusken minsken fan de basis en minsken dy’t dy basis represintearje moatte. Sa neamt er de kleau tusken minsken mei in hege en in lege oplieding dy’t befêstige wurdt yn it politike bestel. Wiene dejinge dy’t leger op de maatskiplike ljedder steane yn de tiid fan de ferpyldering, de ‘verzuiling’ noch wol fertsjintwurdige, nei de sekularisaasje is der foar har lûd amper plak. Dy fundamintele kleau is ek op oare mêden te sjen. Hettinga: ,,Neam it referindum dat hâlden wurden is oer in nij Frysk museum yn Ljouwert. De grutte mearderheid wie tsjin. Dochs is it sa ploaid en bûgd dat it projekt dochs trochgiet.” Yn syn pleit út 2008 rikt Van Reybroeck middels oan om romte te jaan oan in lykweardige represintativiteit fan ferskillende groepen. ,,Undersykssjoernalist Steven de Winter en literatuerhistoarikus Ernst Bruinsma sille him op dizze jûn wiidweidich hifkje.” Neist it interview mei Van Reybroeck, sil de Flaamske (steds)dichter, skriuwer en kollumnist Maarten Inghels , ,,ít jonge talint fan dit stuit en maatskiplik o sa engagearre” syn Flaamsk dichterslûd hearre. De Fryske delegaasje bestiet út de maatskiplik belutsen dichters, Simon Oosting en Arjan Hut. Tusken de bedriuwen troch en nei ôfrin sil der muzyk klinke fan de Russyske akkordeonist en bayanspiler Oleg Fateev. In tal fan syn komposysjes docht er tegearre mei de Brasiliaanske Simone Sou dy’t as sjongeres en perkusjoniste klassike muzyk, folksmuzyk, punk, hard rock en hip-hop kombinearret.