dinsdag 21 juni 2011

Biografy Gerben Rypma



Biografy fan Blauhúster dûbeltalint Gerben Rypma boppeslach

Yn oerjefte oan de oerweldigjende natuer
 
Ut: Friesch Dagblad (Gerbrich van der Meer)


Doe’t Gerben Rypma (1878) yn febrewaris 1963 ferstoar, ûntferme skilder en foarmjouwer Meinte Walta (1920-2002) him oer de grêfstien. Walta, soan fan de Wytgaarder skilder Jaring Walta (1887-1971), dy’t miskien wol de iennichste grutte freon fan Rypma wie, makke in geometrysk ûntwerp. De grêfstien bestiet út in dûbel krús: ‘ien foar Gerben Rypma as de skilder en ien foar Gerben Rypma as de dichter’, sa stiet yn de biografy Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús. Yn it prachtich foarmjûne wurk wurde beide talinten fan dizze tweintichste ieuske keunstner wiidweidich besprutsen troch Eeltsje Hettinga.

Hettinga moast it dwaan mei in minimum oan boarnemateriaal. Rypma dy’t in libben lang it beslettene lânskip tusken Sânfurd, Greonterp, Blauhûs, Wolsum en Abbegea as thús hie, wie minskeskou it neist. Hy wie sûnder frou of bern bleaun en by it ôfbrekken fan syn âlde klinte oan ’e Brekswâl, -hysels lei doe deasiik yn it St. Theresiahûs yn Blauhûs -, hie der net ien west dy’t kreas syn ‘administraasje’ yn feiligens brocht.
Eeltsje Hettinga keas derfoar om Gerben Rypma in gesicht te jaan troch yn te gean op it tiidsrek dêr’t Rypma yn libbe en syn libben yn in bredere kontekst te setten. Dy ynformaasje kombinearre er mei it beskieden boarnemateriaal dat er opheinde fia ‘in hantsjefol brieven, in pear hûndert siswizen en spreuken oer libben en maatskippij [fan Rypma syn hân], de saneamde Siedkerlen en in tal ferhalen, meastentiids yn de foarm fan anekdoates ferteld troch kunde en famylje fan de keunstner.’ Troch it sketsen fan in tiidsbyld en it lizzen fan in tal bredere ferbannen is Gerben Rypma, de keunstner fan it dûbele krús folle mear wurden as allinnich mar in biografy. It boekwurk oer Rypma is net inkeld in oanrieder foar eltsenien dy’t ynteressearre is yn de man Gerben Rypma, mar ek foar dyjinge dy’t nocht hat mear te hearren oer streamingen yn de njoggentjinde en tweintichste ieu op it mêd fan literatuer en byldzjende keunst. Ek is it boek hiel nijsgjirrich foar dyjinge dy’t bygelyks mear witte wol fan de lânboukrisis oan ’e ein fan de njoggentjinde ieu dy’t in grutte emigraasjeweach fan gefolgen hie; oer de braindrain dy’t dêr mei anneks wie; oer de ynfloed fan de ferpyldering op it kulturele libben, oer it plak fan it leauwe, oer it plak fan it Frysk, koartsein de ympakt fan de tiid op it hâlden en dragen fan in mienskip yn de Súdwesthoeke fan Fryslân.

Gefoelich 

Yn de beskriuwingen komt Gerben Rypma nei foaren as in heechgefoelige man. Hy wist dêr bytiden amper ried mei. Yn syn behyplike wente oan ’e Brekswâl dêr’t er mei syn fee tahâlde, koe er him ôfslute foar it lûd fan ’e wrâld dy’t him figuerlik, bytiden ek letterlik sear oan ’e earen die. Fier fan ’e minsken koe er him yn alle rêst oerjaan oan ’e oerweldigjende natuer dêr’t er yn syn skriuwen en byldzjend wurk fol oerjefte syn hert oan joech: yn de keunst wist er him kend. Hettinga karakterisearret Rypma syn betide poëzij as ‘folksaardich, sentiminteel en moralistysk’. Ynspirearre troch dichters as Waling Dykstra, Jan Jelles Hof en de Flaamske pryster-dichter Guido Gezelle typearret Hettinga Rypma yn syn iere fersen as in typyske romantyske eksponint fan de njoggentjinde ieu. Hettinga beskriuwt hoe’t der yn syn poëzij gauris sprake is fan in (morele) striid tusken twa utersten: goed en kwea, wierheid en leagen, dream en werklikheid. In útwei út dat dualisme fynt er yn de rêst en de ûnskuld fan de natuer. Syn lettere fersen krije dan ek in natuermistyke ynslach. Om 1915 hinne sjogge we in ûntjouwing nei poëzij mei in mear yndividualistyske ynslach. Dêrby bliuwe de natuer en it moreel-geastlike lykwols wichtige tema’s. Geandewei de jierren tweintich en tritich fan de foarige ieu leit Rypma him wat langer wat mear ta op de skilderkeunst. Nei de twadde wrâldkriich ferskine der hielendal gjin gedichten mear fan de man. Wat falt der nei al dat kwea ommers noch te dichtsjen as it hert fan jo dichterskip it goede, it lok en de ûnskuld is

Frede

As jonkje hie Rypma al in ferskuorrende nocht oan it tekenjen. Neffens de Blauhúster skoalmaster Van der Loos wie Gerben in rastekener. As der mar in stikje papier yn ’e buert wie, koe Rypma it net litte en meitsje in skets, syn spesjaliteit. Rypma hie maklik trochleare kinnen, mar hy krige de kâns net. Troch de lânboukrisis koe de famylje Rypma amper de holle boppe wetter hâlde. En sa waard Gerben Rypma arbeider. Mar ‘hy wie gjin wurker, hy wie in dreamer’, sitearret Hettinga Jehannes Rypma. Fassinearre wie er troch de natuer, en lei dat graach fêst. ‘Lear de natuer kennen en ljeafhabben, en hast in freondinne for it libben’, is in spreuk fan him út Siedkerlen. In prachtige, mar ek pynlike útspraak, as je Rypma syn biografy lêze. Wist hy him gjin ried mei de minsken, de minsken wisten har eins ek gjin ried mei him. Fier fan dy ûnbegrepen wrâld libbe er iensum syn libben oan ’e Brek, dêr’t it ‘lokkige besit’ fan de poëzij yn wurd en byld him ta sekere hichte frede joech. Syn neiste famylje heinde de ‘heremyt’ faak op. Op de pleats fan syn broer die er faak in hântaast yn it boerewurk, want fan it skilderwurk koe hy net libje. Geregeld brochten se him ek in miel iten oan ’e Brekswâl. Doe’t se him ein 1939 yn ’e klinte fûnen mei in swiere longûntstekking fûnen se in plakje foar him yn it St. Theresiahûs yn Blauhûs dêr’t er oant syn dea bliuwe soe. As skilder wie Rypma dochs benammen de skilder fan de dieren, ‘en dan yn it bysûnder fan kij. Gjin skilder yn Fryslân dy’t better in ko op doek krije koe as Gerben Rypma’.
Syn oeuvre fan in goed fiifhûndert skilderijen bestiet benammen út ‘realistyske lânskippen, mei fee, wetter, mûnen, doarpen en pleatsen en alderhande stúdzjes fan koppen.’ De biografy jout prachtich ynsjoch hoe’t de skilderijen fan Rypma ta stân kamen. As er gjin jild hie foar linnen, skildere er op hurdboard, by need brûkte er beide kanten. Kontakten mei in keunsthanneler oan it Spaarne yn Haarlim, diene him gjin goed. Rypma hantearre in eigen palet fan kleuren: feale blauwen, grizen en brunen, mei in inkelde kear in dûnkere tint deryn. Foar Rypma wie syn skilderwurk ‘gjin wêzen, mar in dream’. Yn syn besiele wurk koe er him blykber better bleatjaan as yn it sosjale ferkear. 
Tsien jier lang hat de Gerben Rypma stichting ivere om dit dokumint út te bringen. It sjocht der werklik prachtich út. De biografy mei hurd omkaft is rynsk yllustrearre mei foto’s fan de krite dêr’t Rypma tahâlde, sketsen út oantekeningeboekjes, brieven, dokuminten en oan ’e ein in prachtige útstalling fan skilderijen en tekeningen, alles printe op moai glânzgjend papier. En Hettinga is in baas skriuwer. Helder beskriuwt er de persoanlike ûntjouwings fan Rypma en set dy by tiden byldzjend yn breder perspektyf. Dramatyske episoaden út it libben fan Rypma lêze dêrby suver as in roman.


1 Gerben Rypma, De keunstner fan it dûbele krús. Eeltsje Hettinga. Utjûn troch Gerben Rypma Stifting Blauhûs, 30 euro
2 Ynformaasje oer bestellings - it boek is sa goed as útferkocht - by Gerben Rypma stifting.