N.o.f.
it wurk fan Bob Dylan, sa’t dat byinoar brocht is op de CD Time of mind (1997).
Finsters
skaadzje hastige passanten.
Frachttreinen
en krie drage de skreau fan
altyd
earne immen yn it stjerrende.
Do
witst, der is in aloan en hieltiten fierder
fallen
yn in weiwurden gjin ein oan.
Mûnsters
krioelje ûnder foarhollen om.
Spotsk
skrillet op in laitsjen by in âld fersyk:
Skink
my in boaiem yn it wurd dat hâldt.
Op
doek ploffe fleantugen as sturtstjerren
mank
flatgebouwen yn ’t skommeljen.
Skiednis
hat longen yn slachthûzen djip.
Net
rêd ik my út it fers, dat
ûnfoltôge
dit tinken earst de sliep ûntkeart.
It
tsjusteret, mar noch net is it nacht –