Here is always
somewhere else
Filmmakker Rene Daalder fertelt yn de
dokumintêre Here is always somewhere else it altemets
ûntheisterjende ferhaal oer Bas Jan Ader, de Nederlânsk-Kalifornyske keunstner
dy’t yn 1975 besocht om yn in sylboatsje fan noch gjin fjouwerenheale meter de
Atlantyske Oseaan oer te stekken. Net al te fier út de kust fan Ierlân, rekke
er wei, foargoed ferdwûn.
Ader syn oerstek wie ûnderdiel fan it
keunstprojekt, it trijelûk In Search of the Miraculous, dêr’t
it earste part fan makke wie yn Claremont, ien fan de stêden binnen de
metropoal Los Angeles. De werklike driuw fan syn sykjen bliuwt oant op de dei
fan hjoed in riedsel. ‘A true disappearence without a trace.’\
Daalder hat by de rekonstruksje fan it
libben en wurk fan de keunstner.Bas Jan Ader syn eigen bestean as emigrant yn
Kalifornia as útgongspunt nommen. Dat smyt hjir en dêr prachtige fragminten
op: tochten troch Noard-Grins - Ader kaam út dy kriten -,
fraachpetearen mei Ger van Elk en reizen troch Los
Angeles, dêr't de dokumintêremakker ûnder mear ek op besite is by Ader syn
widdo, Mary Sue Andersen....