zondag 2 december 2012

Bas Jan Ader - sa't it sit, sa't it falt - Lânskippen 4



Untitled (Tea Party) 1972, 12.6 x 20.2 sm.


Untitled (Tea Party) 1972, seis kleurefoto's 12.6 x 20.2 sm.



In tûke tebrekkend, in ader taknappend. Untitled (Tea Party) wie oarspronklik in film, úteinsettend mei opnamen yn in Sweedsk lânskip. Ader, klaaid yn it swart, sit yn in mânske, inkeld fan ien takke oereinholden doaze, dêr’t er him (mei de hâlding fan de iters yn it pastorale Le déjeuner sur l’herbe fan Manet) oan it miel set oant de takke ûnder de doaze weiglidet. Sa’t it siet, sa’t it ûndergiet...