zaterdag 2 maart 2013

Under it bewâld fan tiid en dea - Resinsje Friesch Dagblad

foto FD
            Sneinspetiele | 2 maart 2013
_________________________________________________

Poëzy
troch Abe de Vries
 
Klapparaai / katimbatok’ – dat binne de earste wurden fan it earste fers, De netten, de sinnen fan Eeltsje Hettinga. Se betsjutte neat – of alles. It is muzyk. Dêr hie ek ‘kaboem’ stean kinnen. Of ‘kedeng’. Sa iepenet de bondel mei in klaroenstjit, in paukeslach of in azemtocht fan in blazer troch it koper. Yn de poëzy dy’t men hjir in rike bondel lang oantreft stiet net om ’e nocht it wurd sintraal. It wurd dat mei byld en muzyk (lûd, kadâns), earder as mei orizjinaliteit fan in gedachte of filosofyske betsjutting, de lêzer besiket te ferlieden en te betsjoenen.

Mei Ikader hat Hettinga syn fyfde bondel yn it ljocht jûn. In sterke bondel, net iens sasear troch de krêft fan it inkelde gedicht, mar benammen troch de lang folhâlden ienheid fan toan, register en tematyk. Yn it ferdwinen is ivichheid te finen, yn it fuortgean leit, foar de keunstner, it weromkommen besletten. Wat moat men, ûnder it bewâld fan tiid en dea, en each yn each mei it grutte Neat, oars as meitsje, skeppe? Dichtsje?

Dy’t seit hjir in sigentsje fan Postma’s ‘it hat west, it is; it stiet beskreaun’ te bespeuren, hat wierskynlik gjin ûngelyk. Mar by Hettinga gjin idealisearring fan it ferline, gjin pine om gouden oeren. Earder in pine om it stjerren sels, it weifallen, it haperjen: om de bline rjocht- of better, kromspraak fan de tiid, dy’t oan oerslaan net docht en ús domwei dûm sitte lit mei it wanhopich trio wêrom, wêrta en wêrfoar.

Sa’t wy fan Hettinga wend binne, spilet behalve de muzyk ek de byldzjende keunst op ‘e nij in grutte rol yn syn dichtsjen. Yn de noaten achter yn de bondel komt in fracht bekende nammen foarby en it boekje sels – ynbûn en prachtich foarmjûn – hat op it omkaft in keunstwurk fan Sjoerd de Vries. De titel Ikader ferbynt de ik-dichter sawol mei Bas Jan Ader (1942-1975), in konseptueel byldzjend keunstner dy’t spoarleas ferdwûn op in syltocht oer de Atlantyske Oseaan, as mei Ikarus, de Gryksk-mytologyske figuer dy’t delstoarte om’t er te heech fleach, te ticht by de sinne kaam en de waaks op syn wjokken raande.

Mar de flecht omheech, de flecht fan it wurd, wurdt oerskade troch de net ôflittende oanlûkingskrêft fan it wetter. Fan de fjouwer eleminten slacht, alteast yn it earste skift fan dizze bondel, net de lucht mar it wetter foar master op. Nei it programmatyske earste fers ('it wetteroargel slacht / it oargelwetter docht') set de dichter út ein by in petgat, dêr’t syn boatsje leit, om him dêr al dalik beslûpe te litten 'fan âlde plakken en bylden', Parys en oare kant de Atlantyske Oseaan, de Hudson, New York. It wetter mei oargelje kinne, it stiet ek foar de iensumens, it skied, de ûndergong.

Anekdoate


Yn part II hat de anekdoate in gruttere rol taparte krigen by it ferarbeidzjen fan deselde motiven en tema’s. In hichtepunt hjir is sûnder mis it leafdefers Tinner as de wyn, it type gedicht dat sa njonkenlytsen Hettinga syn spesjalisme is: it sylt op ‘e dea oan, mar de beswarring is muzikaal, taalboartlik, hippend, dûnsjend. ‘Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen / in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.’ Tink derom, foar dy lichtheid moat mei wrotten en wramen en wrikken betelle wurde, warskôget de dichter in fers letter.



By Hettinga 

gjin idealisearring 

fan it ferline


De bondel einiget, foar myn gefoel, spitigernoch krekt wat bûten register, mei in tal fersen dy’t op it foarste plak maatskippijkritysk wêze wolle: De Godsbaarch, In lân, in myte en In man wint fan Johannes de Apokalyps, respektivelik oer Flaamsk en Frysk nasjonalisme en de massamoard yn it Noarske Utoya. De ferbining mei it foargeande leit benammen yn de masterlike taalhantearring, net werklik yn de tematyk.

Eeltsje Hettinga, as dichter, is yn Ikader noch dúdliker wat er yn earder wurk ek al wie: in ‘haunted poet’ , by wa’t it rynsk yn eigen wûnen struide sâlt net te kearen it skeppen op gong bringt. De ferneatiging en it kreëarjen, de dea en wat de dichter dêr tsjinyn makket: yn dizze yndrukwekkende bondel hâlde se inoar lang yn ’t lykwicht. 


ikader 
Ikader. Eeltsje Hettinga. 
Gerben Rypma Stifting,  
17,50 Euro ______________________________________________________________  
TINNER AS DE WYN 



Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Under de taal stappe de tekens. Hear mar, tûken
pratend yn de oasten fan hikken oan hôven.
Sjoch mar, happes dravend yn de nerf fan it hout,
har hoegen, kobaltblau, sûnder ho.

Bylden lústerje, sjonge en dogge as snuorjend in film-
projektor yn in ferlitten stedsbioskoop.

Ik bin net ik, sis ik, mar opknipt yn tûzen en ien stikken.
Tinner as de wyn klim ik yn de dingen,
in rútsjetikker mei plofklanken giel en bekhammers read,
kaaien foar it hing- en slútwurk fan it hielal.

Der is in bonkerak, dêr’t ik ynmoedich alle nachten
in klok yn set oant it kloppet as in hert.
Der is in seizoen dat my it wurd yn winkelsintra om
wjukken giet en liivje yn alle stjerren.

In sirkus bin ik, mei dowen, hûnen, sebra’s en tigers
dy’t mearkelicht stik foar stik har streken ha,
in bern dat taal troch fjoerhoepels jaget, dûnsjendewei
mei krúsbekjes, skelfinkjes, toarnehip en ljip.

Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Tink net, in lui each sil it slagje en wrot himsels in paad
troch hûzen fan fleis om ûnder de jûnsstjerren
te hearren nei de lytse nachtmuzyk fan it skommelfamke
dushy dushy tralala, wylst de jonge,
de tinne tekener dy’t efterstefoaren op ’e fyts it hielal útleit,
har tasjongt: ik, ik bin de gouden rider.