vrijdag 14 juni 2013

In Portugees yn Fryslân – ‘De Friese vrouw, een sirene uit de Noordzee’


Alleen die landen gaan ten onder door de stilstand van hun geestelijk leven, waar men geen onderstroom aantreft van oppositionele ideeën, die langzamerhand het bestaande in de wortel aantast en zo de stuwkrachtvormt die naar de toekomst drijft.’


Ramalho Ortigão, Holland, 1883





It wie yn de rûzige en hurd fuortsnuorjende Singernaaimasinedagen oan de ein fan de njoggende ieu – Amsterdam rette him ta op de Wrâldtentoanstelling, in evenemint dat mar leafst seis moanne duorje soe – doe’t op in dei yn de neisimmer fan 1883 út it lân fan de Taag in Portugese kronykskriuwer mei de stoomlokomotyf it stasjon Westerdok by de Prins Hendrikkade te Amsterdam yn tuffen kaam. Op it perron stiek er in sigaar op, stuts, hoeden, de wrinzgjende strjitte mei hoar klappende brikken en ratteljende hynstetrams oer en fergappe him, ienkear op it Damrak, stadich de kant fan de Oude Brug en de Korenbeurs út gongeljend, oan de keapmanshúzen, de rike en renêssânsistyske trepgevels en de Hollânske froulju, dy’t yn harren wide hoepelrokken, mei strak ynbûne mul, allyk paradysfûgels ûnder bûnt beplomme tuoqé-huodden de grêften delpanderen, sa’t er him letter, mei deselde bewûndering en fernuvering it each te sêdzjen kaam oan de wurken fan Rembrandt, Johannes Vermeer, Ruysdael en Frans Hals, yn it bysûnder oan dy fan Hals, ien fan de iennige skilders yn de Gouden Ieu, dy’t frou en famke noch wolris laitsje litte woe, lykas er dat de like elegante as ûndogenske ‘scone’ Isabella Coymans dwaan litte hie.