zondag 9 juni 2013

Midsimmerjûn mei Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz, Elmar Kuiper en Gerrit Breteler

Westhim –  Freed 28 juny hâldt de Gerben Rypma Stichting op de terp fan Westhim, mei sicht op Greonterp-Blauhûs syn fjirde kultureel-literêre Midsimmerjûn (*). Trije renommearre dichters stappe dy jûn nei foaren: Delphine Lecompte, Ellen Deckwitz en Elmar Kuiper. Sawol Lecompte as Deckwitz krigen de C. Buddingh-prijs, in priis dy’t alle jierren takend wurdt foar it bêste debút yn de Nederlânsktalige poëzy en dy’t sûnt jier en dei útrikt op Poetry International yn Rotterdam. Elmar Kuiper wie yn 2010 ien fan de nominearren foar dyselde ‘Buddingh’. Neist har yndividuele foardrachten fersoargje Deckwitz, Lecompte en Kuiper in mienskiplik optreden mei in hilaryske tekst oer Fryske keatsballen, Flaamske earizers en Hollânske grêften, in tekst, skreaun yn in miks fan Flaamsk, Frysk en Nederlânsk. De muzyk op de Midsimmerjûn yn it tsjerkje fan Westhim komt fan Gerrit Breteler, dy’t ûnder mear syn klassiker ‘Op een dag’ oer it fuotljocht bringe sil. Presintaasje: Eeltsje Hettinga.
.
Iepening: 22.00 oere. Ynrin 21.30 oere.
Entree: € 10,00 Euro. (Stipers fan de Stichting € 7,50)


Kaarten te bestellen fia gerbenrypma[apesturt]home.nl
of fia 0515 - 57 94 76  / 06 38 90 97 04 / 0515 - 54 23 52
.

Lês fierder op de webside fan Eeltsje Hettinga - klik
.

(*) By de foarige edysje fan de kulturele Midsimmerjûn fan de Gerben Rypma Stifting stapten skriuwer-dichter en essayist David Van Reybrouck en skriuwer-dichter Maarten Inhgels oer it fuotljocht.'Wy wolle mei dizze Midsimmerjûnen in tradysje delsette troch alle kearen sa sterk mooglike literêre nammen nei foaren te heljen,’ seit Hille Faber fan de Gerben Rypma Stifting.