It ferneamde gedicht
‘Herbsttag’ fan Rainer Maria Rilke (1875-1926), dat ûnder oaren ferfryske is
troch Obe Postma, Fedde Schurer en Sybe Sybesma – ik kom dêr letter op werom –
hat, as it om de poëzy fan Paul Celan giet, in beskaat wjerlûd yn dat iene,
allike klassike gedicht ‘Corona’ út de bondel Mohn und Gedächtnis,
dat koartby, hjir, op dit blog, in Fryske oersetting krige. De oerienkomst tusken
beide gedichten sit him benammen yn de behanneling fan Tiid. De dichter, hy wol
de tiid twinge, wylst it lang om let de tiid is dy’t de dichter twingt.
Herbsttag
Herr:
es ist Zeit. Der Sommer war sehr groß.
Leg deinen Schatten auf die Sonnenuhren,
und auf den Fluren laß die Winde los.
Befiel den letzten Früchten voll zu sein;
gib ihnen noch zwei südlichere Tage,
dränge sie zur Vollendung hin und jage
die letzte Süße in den schweren Wein.
Wer jetzt kein Haus hat, baut sich keines mehr.
Wer jetzt allein ist, wird Es lange bleiben,
wird wachen, lesen, lange Briefe schreiben
und wird in den Alleen hin und her
unruhig wandern, wenn die Blätter treiben.
Leg deinen Schatten auf die Sonnenuhren,
und auf den Fluren laß die Winde los.
Befiel den letzten Früchten voll zu sein;
gib ihnen noch zwei südlichere Tage,
dränge sie zur Vollendung hin und jage
die letzte Süße in den schweren Wein.
Wer jetzt kein Haus hat, baut sich keines mehr.
Wer jetzt allein ist, wird Es lange bleiben,
wird wachen, lesen, lange Briefe schreiben
und wird in den Alleen hin und her
unruhig wandern, wenn die Blätter treiben.
Dêr’t Rilke útein set mei
de oanrop: ‘Hear: it is tiid. Der sommer war sehr gross.’, dêr docht Celan op
in stuit de útrop: ‘es wird Zeit, es wird Zeit’. By Celan is de twingende
oanrop fan it Hegere weilitten, in omisje, dêr’t nei twa fan de meast
bluodderige en moarddiedige oarloggen ek wol reden ta wie. (Yn de poëzy fan
Celan is de âlde God ferdwûn yn de tsjustere krochten fan de taal sels, kelders
en gongen, mei in matte fan ‘spraaktraljes’ dêroerhinne.). De dichter syn
ûnferduldige, hast wanhopige útrop, foar safier’t it al gjin skreauwen is, giet
út nei de Oare om dêrmei en dêrtroch te bestean of better: bestean te kinnen.
Fan dy Oare is gauris sein dat it, konkreet, om Ingeborg Bachmann gyng. Beide gedichten
bespylje yn alle gefallen, elk op harren eigen wize, it tema fan tiid en
risping.
(…)
Wir
stehen umschlungen im Fenster, sie sehen uns zu
von der Strasse:
es ist Zeit, dass man weiß!
Es ist Zeit, dass der Stein sich zu blühen bequemt,
dass der Unrast ein Herz schlägt.
Es ist Zeit, dass es Zeit wird.
es ist Zeit, dass man weiß!
Es ist Zeit, dass der Stein sich zu blühen bequemt,
dass der Unrast ein Herz schlägt.
Es ist Zeit, dass es Zeit wird.
Es ist
Zeit.
It yn 1902 skreaune gedicht
‘Herbsttag’, te finen yn it earste boek fan Das Buch der Bilder,
waard hast tritich jier letter ferfryske troch Obe Postma. De oersetting ferskynde
yn it tydskrift It Heitelân fan 1931. Twa jier letter waard it
opnommen yn it lytse, troch Brandenburgh & Co útjûn bondeltsje Gedichten
fen Rilke / oerset fen Obe Postma.
Hjerstdei
Hear
it is tiid. Grut wie it simmertij.
Lis no jins skaden oer de sinnewizers
En op de flakten lit de winen frij.
De lêste fruchten driuw har kostlikst yn;
Jou harren noch twa sudeliker dagen,
Twing ta folsleinens en lit drage
De lêste swietens yn de swiere wyn.
Dy’t no gjin hûs hat, bout it him net mear.
Dy’t no allinne is, sil it lang bliuwe,
Sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En yn ’e loanen sil er hinne en wer
Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe.
Lis no jins skaden oer de sinnewizers
En op de flakten lit de winen frij.
De lêste fruchten driuw har kostlikst yn;
Jou harren noch twa sudeliker dagen,
Twing ta folsleinens en lit drage
De lêste swietens yn de swiere wyn.
Dy’t no gjin hûs hat, bout it him net mear.
Dy’t no allinne is, sil it lang bliuwe,
Sil weitsje, lêze, lange brieven skriuwe
En yn ’e loanen sil er hinne en wer
Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe.
(Obe Postma, Samle
fersen, ‘Hjerstdei’, Friese Pers Boekerij, Ljouwert), 420.
Gedichen fen Rilke |
“De lêste twa rigels [fan de twadde strofe, e.h.] en foaral de wurden ‘en lit drage / De lêste swietens yn de swiere wyn’ binne ridlik ûnbegryplik as men it Dútsk der net nêst nimt: dat drage wurdt hjir wol op in hiel frjemde manier yntransityf brûkt. Ek de lêste rigel fan it gedicht ‘unruhig wandern, wenn die Blätter treiben’ wurdt frjemd oerset mei dêryn it wurd wanderje, en dat wylst swalkje of doarmje hjir ek metrysk noch folle better past hie: ‘Unrêstich wanderje, as de blêden driuwe’. Boppedat, it liket ek dat dat driuwe wat nei it Dútsk útskaait.” (‘De Rainer Maria Rilke-oersettingen fan Obe Postma’, Wjerklank, nr. 5 (3), 2009.)
Theun de Vries
Theun de Vries hie goed
tachtich jier ferlyn oare beswieren tsjin Postma syn Rilke-oersettings. Yn in
besprek fan Gedichten fen Rilke / oerset fen Obe Postma, publisearre
yn De Gids fan 1933, hat De Vries it oer in
‘beperking der vermogens’. De oarsaak dêrfan soe by in ‘psychysk verschil’
tusken beide dichters lizze. It is oant in hichte ta in dochs wat ûnferwachte
ûnderfining om te sjen, hoe’t De Vries de ferklearring foar dy ûnderstelling by
in op de rasselear basearre ferskil yn folkskarakter siket. “Wij voor ons
gelooven, dat Postma de ware Rilke niet geven kon,” sa orakele De Vries, “omdat
Rilke leeft vanuit de slavische, Postma zelf daartegenover uit een zuiver
germaansche levensvisie.” (De Gids, jrg. 97, 1933)
De Vries, yn dy tiid noch
warber yn de Fryske literatuer en de Fryske Beweging – hy wenne yn 1933 noch yn
Snits, dêr’t er oanslach hie by de iepenbiere biblioteek – murk fierders oer Postma
syn oersetting fan ‘Herbsttag’ op dat it him slagge wie en jou it gedicht ‘een
Friese atmosfeer’ mei, mar dat dêrtroch ‘de geest van het origineel’
fuortrekke wie. Ek dêrfan stelt De Vries dat ‘de oarsaak nergens
anders [kan] liggen dan bij een rassenverschil’. Der wurdt in trits oan folksstereotypen by foege dy’t
dat ferskil tusken de Germaanske siel fan Postma en Boheemske geast fan Rilke oanjaan
moat.
‘De Germaan,’ sa skriuwt De
Vries op in wize as hie er tefolle yn Wy Friezen (1931)
fan de lettere Fryske fascist Jan Melles van der Goot omlêzen, ‘ziet de wereld
autochthoon, als de met de aarde verwortelde mensch, die daarom het raffinement
niet kent, niet het losgeslagene, ziekelijk zwerfsche van
den cultuurmensch; hij is open en vol gezond sentiment; bovendien gewoon, zijn
gevoelens te uiten in breede rhytmen, in een nonchalance, die de vormen der
lyriek doorbreekt.” (…).
Theun de Vries soe in pear jier letter, om
krekt te wêzen yn 1936, lid fan de CPN wurde. Yn de lêzing ‘Theun
de Vries, Fries en kommunist, (in taspraak by de njoggentichste jierdei fan de
skriuwer yn 1997’), hat Philippus Breuker by it sketsen fan De Vries syn
ferhâlding mei Fryslân en it byld dat er yn syn wurk oer Fryslân nei foaren
bringt, der, moai fyntsjes, op wiisd dat De Vries, dy’t himsels foar de
bûtenwacht graach sjen litte mocht as de ‘romantyske yndividualist’, mei syn
oergong nei it kommunisme eins sûnder muoite de (totaliteits)ideology fan it iene kollektyf ynruile foar dy fan it oare. "Jo soenen sismar ek gewoan
in romantikus wêze kinne en net spesjaal in Fries. En dêr is wol wat foar te
sizzen, mear as foar in yndividualist.. Jo hawwe ommers altyd in hang nei it
kollektive hân, ek yn de pearioaden dat jo Frysk skreaunen en dat no wer dogge,
dat is yn tiid rekkene oan it begjin fan jo skriuwerkip en oan de ein, foar
1936 en nei 1967 [De Vries sette pas yn 1971 in streek ûnder syn lidmaatskip
fan de kommunistyske partij, e.h.],
earst en lêst dus. Ik neamde earder al jo epyske ynslach, jo niget oan it bûnte
folkslibben. Mar yn dit ferbân is der noch wat oars. Fryslân is foar jo in
kollektyf, krekt as Ruslân dat in skoft west hat. It kollektive hat mei
oare wurden jo altyd lutsen."
it dûnkere
Hawar, werom nei Postma,
Rilke en Celan. Postma-kenner Philippus Breuker hat in ein bestekliker oer de
ferhâlding tusken Postma en Rilke skreaun as de destiids yn folksstereotypen
pratende Theun de Vries. Yn de ynlieding by Postma syn Samle
fersen beskriuwt Breuker hoe’t de dichter ein jierrren tweintich yn de
kunde kaam mei it wurk fan de Dútske dichter. It lêzen fan Die
Aufzeichnungen des Malte Laurids Brigge wie him in
iepenbiering, ‘in skok fan it werkennen’ ek. Rilke wie de dichter foar wa’t de
jeugd in net út te putten boarne fan bylden wie. By himsels wie dat net oars,
wist Postma. Rilke waard de oanlieding
ek ta it skriuwen fan dat wilens klassike Postma-gedicht ‘Wat de dichter witte
moat’, dêr’t de earste rigel fan seit: ‘En as it wêze mocht dat er de
nachten net koe, dêr’t Rilke fan spriek,’ (…), in gedicht dat yn 1927 syn publikaasje
krige yn it tydskrift It Heitelân.
Noch yn 1939, tolve jier nei it lêzen fan syn earste Rilketekst skriuwt Postma, en ik sitearje Breuker: ‘De âldere en ienfâldiger gedichten binne by dy’t iksels hast meitsje kinnen hie. (…) De lettere, mear mystike en fan in mear komplisearre byldzjen fûnen by my net jimmer de grûn, dêr’t hja fannnijs út opbloeie koenen.’ Breuker wiist der fierders op, en ik tink mei rjocht, dat Postma syn oersettings yn fergeliking ta syn eigen poëzy ‘fol fan ûnbestimde eangst, iensume langsten en ferlittenens [binne]’.
Noch yn 1939, tolve jier nei it lêzen fan syn earste Rilketekst skriuwt Postma, en ik sitearje Breuker: ‘De âldere en ienfâldiger gedichten binne by dy’t iksels hast meitsje kinnen hie. (…) De lettere, mear mystike en fan in mear komplisearre byldzjen fûnen by my net jimmer de grûn, dêr’t hja fannnijs út opbloeie koenen.’ Breuker wiist der fierders op, en ik tink mei rjocht, dat Postma syn oersettings yn fergeliking ta syn eigen poëzy ‘fol fan ûnbestimde eangst, iensume langsten en ferlittenens [binne]’.
It is dat elemint fan it
dûnkere [‘it komplisearre byldzjen’] yn de poëzy fan Rilke dat it iepene en
‘ljochte’ wurk fan Postma net past(e) hat.
It wjerlûd dy’t de
tsjustere Rilke, om it sa mar te sizzen, by in dichter as Celan hat, sit him
krekt yn dat elemint fan it dûnkere en it ûnheimische fan minskene tiid en
bestean, ynbegepen dat ‘komplisearre byldzjen,’ sa’t men dat yn it mear as meinimmende
wurk fan de lettere Celan oantreft.