It is hast twa jier ferlyn dat ien fan de grutste, sa net de grutste Fryske skriuwer fan nei de oarloch te ferstjerren kaam. Oer wa’t wy it hawwe, want hy liket hast al fergetten... ja, oer Trinus Riemersma. Fan de jubileumbondel dy’t der foar syn 70ste jierdei makke wurde soe, is, spitigernôch, noait wat op ’e hispel kaam.
De earste plannen foar dy earebondel datearje fan 2008.
De fakulteit Frysk yn Grins dy’t dêrmei anneks wie, moast it projekt op in
stuit nei de Fryske Akademy oerhevelje. Mar ek dêr eine it spul as stront yn de
winter. ‘As jimme der net om tinke,’ sa heucht my in petear mei ien fan de projektredakteuren, ‘dan rint it aanst mei dy
jubileumbondel op in begraffenisbondel út.’
Dea yn ’e pot
Trinus Riemersma (1938-2010) is wilens in foech twa jier wei. Fan de
Fryske Akademy, dêr’t it ûnderhâld fan it literêr-histoarysk ûndersyk nei it
fertrek fan Ph. H. Breuker yn 2001 geandewei oan de lêste oer lein is, waard lang om let neat mear fernommen. Mûlk hie de Akademy it te drok mei it oanlûken fan de
safolste taalfunksjonaris. De literatuer by de Akademy is sa linkenlytsen
ferwurden ta prehistoarysk artefakt.
Ek it tydskrift de Moanne, dat de lêste jierren drok dwaande west hat om de lêste parten fan it âlde literêre tydskrift Trotwaer út har kolommen te slopen, hold it oangeande Riemersma by grêfstilte. It kultuer- en opinytydskrift jout leaver de foarkar oan moaie stikken oer bygelyks de houliken fan Anneke Douma.
Dat de Moanne, mar dit sa sydlings, net yn
oanmerking komt foar it koartby troch it Prins Bernhard Cultuurfonds en it
Letterenfonds opsette inisjatyf dat “ruimte biedt [aan] drie talentvolle
redacties om hun tijdschrift verder te ontwikkelen op papier, internet en op het
vlak van publieksbereik,’ dat seit himsels. Op it digitale front bygelyks hat
it tydskrift de slach, spitigernôch, oer alle boegen ferlern. Dea yn ’e pot.
Nee, dan docht it tydskrift Ensafh it nei in lang, lang tiidrek fan knip-knip-plak-plak de lêste tiid better, wat sûnder mis te krijen hat mei de komst fan talintearre minsken as André Looijenga en Tryntsje van der Steege. Mar nettsjinsteande in alve man sterke redaksje bleau it de ôfrûne jierren by Ensafh. in spul fan sjende blyn en hearrende dôf dêr’t it om Riemersma gie.
Ek fan de kant fan it pretletterfabryk Tresoar waarden gjin prikken yn it wurk steld. Dêr is men, sa’t skynt, te drok besteld mei Douwe Kalma en de Noardsee-regio.
'De God fan stront en jiske'
Ik wie yn earste ynstânsje troch de Grinzer projektredakteuren frege oft ik oer de poëzy fan Riemersma skriuwe woe. Dat haw ik dien. Mar it gehiel, in lang essay fan in lytse 6000 wurden, bedarre yn it laad, doe’t bliken die dat it him net wurde soe mei de eare- en jubileumbondel foar de Master fan de Godsacker of oars, foar wa’t dat wol, ‘de God fan stront en jiske.’
Ferline hjerst, op de dei fan Projekt-P, it skriuwersprotest tsjin it nije prizebelied fan de provinsje, in barren, dêr’t útsein in inkelde Brave Durkje en Fine Feitse, omtrint alle Fryske skriuwers, letterlik, foar oerein komme woenen, dêr kaam, letteroan - it wie yn de kuiergongen - ynienen de namme Riemersma op it aljemint.
Ik waard suver kjel.
Elmar Kuiper, Hille Faber, Mette Piebenga, H.J. Hilarides, Anne Tjerk Popkema |
Doe haw ik even de holle ta it finster út hongen. De giel
ljochtsjende wizers op de klok fan de Oldehove stutsen de fingertippen yn it
tsjuster fan de hjerstjûn, se wiisden de
kant fan Frjentsjer op.
Oft De Vrije Fries, it tydskrift fan it Fries Genootschap, faaks net wat wie?
De Oldehove wiisde healwei seizen en hoaste.
Ik moast laitsje om dy namme, De
Vrije Fries. Sa’n titel lit jin, foar wa’t it blêd net ken, tinke oan ien of
oar betommele bordeel mei in grutte homeie by in achterôfskuorre op ’e klaai,
earne ûnder Ternaard, Blija of Moddergat, sei immen yn dyselde kuiergongen, op
de dei fan Projekt-P.
De Vrije Fries.
Hawar, wy sille dit lân net leechlizze, dat is net
posityf en net opbouwend. Gjin synisme, blinder! Optimisme!, sa’t de grutte ynstituten
dat hjoed-de-dei graach mei nocht oan de takomst omtrompettere hawwe wolle. It
nije Fryske evangeelje.
De Vrije Fries dus. Gjin bordeel, mar in respektabel wittenskiplik tydskrift, útjûn troch it Fries Genootschap, yn syn soarte ien fan de âldste tydskriften yn Nederlân, noch âlder as De Gids as it om literêre en algemien kulturele ûnderwerpen giet.
De Vrije Fries dus. Gjin bordeel, mar in respektabel wittenskiplik tydskrift, útjûn troch it Fries Genootschap, yn syn soarte ien fan de âldste tydskriften yn Nederlân, noch âlder as De Gids as it om literêre en algemien kulturele ûnderwerpen giet.
Healwei novimber haw ik it stik oer Riemersma syn poëzy – titel: It krús, de krûk en de kruk – nochris goed neisjoen, guon passaazjes oanfold en/of werskreaun, alle annotaasjes neirûn en dien en it gehiel lang om let op 'e bus ploft. Klear.
Begjin desimber wie der it fiat fan de redaksje.
Ein jannewaris is it ien en oar te lêzen yn it earste nûmer fan dit jier. By dizzen in part fan de ynlieding:
oer de poëzy fan Trinus
Riemersma
serieus jonges jimme kenne
my
ik bin gjin lyrikus
ik sis net mear
as ik wiermeitsje kin
Ut: ‘Fers 57’
‘Dichter haf ik noit vêze vóllen. Ik haf óm de areghyd
hûndert fessen skreon, mar dy yntresjerje mij net – oare minsken nammes ek net
nim ik oan,’ skriuwt Trinus Riemersma yn
‘Tusken eks- en adspyront skrjower’[1], in artikel dêr’t er de balâns fan syn skriuwerskip yn opmakket. Ek op oare
plakken lit er him gauris wakker smeulsk oer syn dichtwurk út. Oft dy hâlding
no poaze is of net, dat docht der net ta, de fraach is oft de ûnderstellings
oer de resepsje fan syn eigen fersen rjochtfeardige binne.
(...)