Klik op de tekening foar it besprek yn de Warkumer |
De skriuwer fan it stik Jan Pieter Dykstra (JPD) blykt as besprekker trouwens faker yn it spier te wêzen, koartby noch liet er foar dyselde krante syn ljocht skine oer it jeugdboek De kening fan juster fan Paul van Dijk. Elkenien op Brânbuorren, Nijhuzum of fierderop yn de Hel op It Heidenskip kin, as men der teminsten even foar sitten giet, it besprek fan Dykstra benei komme. Sa giet de poëzije nei de minsken. Wat de krekte oplage fan de wykliks ferskinende Warkumer is, dat wit ik net, mar dy is yn alle gefallen grutter as dy fan de twa noch besteande Fryske 'literêre' blêden.
Ein oktober waarden by de troch de Gerben Rypma stifting organisearre kultureel-literêre kuiertocht fan Blauhûs oer Greonterp nei Parrega de earste twa eksimparen fan IKADER útrikt oan dichter-essayis Martin Reints en skriuwer-dichter Elmar Kuiper. Amperoan in moanne letter lûkt in gewoane lokale krante as de Warkumer in side út foar in bondel hjoeddeiske poëzij, mei in ridlik komplekse ynslach.
(Dat is oare kost as de ienheidswoarst by de pleatslike Suffertsjes fan de NDC/VKB, it bedriuw dat no mei de Ljouwerter Krante as Oppersuffertsje te keap stiet. Op frijwat koarte termyn rint dat, sûnder mis, út op ien noardlike krante. It gefal sels past alle oare snoeihurde ûntwikkelingen oangeande it ûntstean fan ien noardlik lânsdiel, mar dit sa sydlings).
Hoe dan ek, op dit plak foarearst – oare wike mear nijs oer de Ikader-útjefte – it út de Warkumer oernommen besprek fan JPD.
klik op foto foar de PDF-tekst |
http://eeltsjehettinga.nl/dokuminten/de Friso oer Ikader.pdf
.