vrijdag 16 september 2011

Ta de oantins fan Binne Lútsen Boarnstra

 (1946-2011)

Juster, fjirtjin septimber, is de dichter-skriuwer en skipper en histoarikus Binne Lútsen Boarnstra (1946) yn Marrum te hôf brocht, in plak dêr’t net allinnich syn pake en beppe Eeltsje en Jantsje Holwerda lizze, mar ek syn soantsje Eeltsje Allard dy’t, krekt njoggen moanne âld, te ferstjerren  kaam, doe’t Boarnsta, it wie healwei de jierren santich, tegearre mei syn frou Sietske Postma (1952-1984), op Aldebildtdyk tahold. De dichter ferstoar ferline wike, njoggen septimber, yn it sikehûs te Snits oan de gefolgen fan in oerhaal en attack.  Syn libben draaide oer alle boegen om poëzy, muzyk en wetter. Hy wie as natoerlyrikus in essinsjalist, in dichter op ’e syk nei ‘de romte achter de wurden.’ Dêr’t it markante hearskip  Binne Lútsen Boarnstra nei foaren stapte, dêr barde wat, syn oanwêzichheid wie a way of happening, a mouth, om it mei in rigel fan de Ingelske dichter W.H. Auden te sizzen. Yn syn bydrage oan de blomlêzing Gjin grinzen de reis (2004) neamde er  syn tiid en bestean in rêstleas fierder gean.

Fan rêstleas fierder gean

En altyd wer nij libben
Dat iepenbloeit
Rûnom in bliid beweech
Dêr't wyn oer soeit

Mar 't koarte reid
Jout noch gjin liet
Lykas it nôt op 'e ekers
Jitte gjin fruchten biedt

Komt dan de hjerst it gea benei
Ferbloeid is 't mêd gewaaks
Jins maitiidssang fertoarket en wurdt wei

Mar ’t hege reid
Bûcht linich foar de stoarm
En bliuwt steech stean

Sa, yn ’t rûzjen tusken fjild en fliet
Hear ik aloan in liet
Fan rêstleas fierder gean

Binne Lútsen Boarnstra, hy wie in tûke taalmaster, in merakelse muzikant en robúste frijbûtser, of better: in oprjochte non-konformist en bohémien, om der ris sa’n wurd om te sizzen. Hy siet yn de fjirde klasse fan it gymnasium yn Ljouwert, doe’t de strideraasjes mei syn thús sa’n flecht namen dat er op in dei, út protest tsjin de twingerijen fan syn ambisjeuze heit – hy wie learaar oan de ULO en letteroan de HBS – yn it tún, thús, fuort foaroer heite's studearkeamerglêzen, syn learboeken yn ’e brân stiek, dyselde deis noch op ’e grutte feart oanmeunstere en  lang om let op de Falkland Eilannen by Argentinië bedarre.  Dêr fersylde er as passazjierjend seeman tafalligerwize op in brulloft. Doe’t de gasten fernamen dat er knap piano-, oargel- en fioelspylje koe, waard him frege oft er even in brulloftssankje dwaan koe. Wat it wurde moast? Makket net út, rôp de breid. Achter yn de feestseal stie in âld oargel. Boarnstra, net sûnder humor, sette him achter de toetsen, frege om stilte en spile mei flêr ‘Glaasje op, laat je rijden’, mar dan à la Bach. By syn seereizen lies er it oeuvre fan Frederik van Eeden en Dostojevski. Benammen de ideeën fan Van Eeden oer de koloanje Walden makken grutte yndruk.  Wa’t by de dichter oer de flier kaam en dan mei oan tafel skode, dy koe der op rekkenje dat him/har in goed makrobiologysk miel rist waard, it hearde by syn Walden-wrâld. It iten sels, dat  waard optsjinne ûnder bytiden de meast útwrydske en eksoatyske nammen lykas ‘Boarnstra’s aventoerhearlike brannettelstamppot’.  

Binne Boarnstra oan it roer fan de Swanrêd
Syn pake en beppe kamen fan Westernijtsjerk en Holwerd, skippersfolk, mei in stel bern dêr’t in kop op siet. Syn heit dy’t ta  ûnderwizer learde, krige yn de jierren tritich in baan yn Yndonesië. Yn de Twadde Wrâldkriich bedarre er as kriichsgefangene yn ien fan de ynternearringskampen fan de Jappen, in oanslach dy’t him opskypje soe mei wat men hjoed-de-dei in posttraumatisch stress syndroom neame soe, mar dêr’t eartiids gjin omtinken foar wie, lit stean dat it as sadanich werkend waard. Binne Lútsen wie de jongste yn in húshâlding fan fjouwer bern, de iennige ek dy’t yn Nederlân berne waard. It grutste part fan syn jeugd brocht er troch yn Inkhuzen, Wassenaar en Ljouwert. Ienkear yn Fryslân ferplichte de heit de bern om Frysk te praten; dienen se dat goed, dan krigen se oan ’e ein fan de wike in gûne. Dy twatalige achtergrûn soe letteroan ek nei foaren komme yn syn poëzy. Syn earste Fryske gedichten krigen plak yn it dichtbondeltsje Ut Fryslâns boezem (1971),  dêr’t ek Jelle Kaspersma, Tsjêbbe Hettinga, Anne de Vries en Hiske Rypma oan meiwurken. Se koenen inoar fan de kweekskoalle en kofjebar De witte kat yn Snits. Mar it ûnderwiis lei him net, hy hie in ôfgriis fan it jo moatte dit en jo moatte dat.  In pear moanne foar it eineksamen – Boarnstra die de kweekskoalle yn Ljouwert –  hong er de aktetas oan ’e wylgen. Frijgeast as er wie, sei er: De dichter giet foar de boarger. Om oan de kost te kommen, bestelde er him as beurtskipper (‘As God wyn jout, jou ik seil’), sylynstrukteur, koster en los arbeider. Yn dy jierren wenne er rûnom yn Fryslân, ûnder oaren yn Sânfurd, Brânbuorren, Wâldsein, Makkum en letteroan Starum, allegearre plakken ticht by it wetter, respektivelik by dat fan de Aldegeaster Brekken, de Fluezen, de Sleatter- en Iselmar. Wetter wie de dichter syn wrâld en beweech. Hy feroare der sels syn namme om, Boonstra waard Boarnstra, nei’t er útfûgele  hie dat syn fiere foarfaren, oait earne oan de mûle fan it âlde, ta de Middelsee delstreamende rivierke de Boarn taholden hienen. Dat sadwaande.

  
teiwaar it iis is brutsen
tusken wyn en wetter
fryslân’s buozzem swelt
ûnder hannen fan ’e westewyn

efter de reiden
yn ’e wâl
fine wy no wer skomspoaren
fan harren ivige omgong

Yn 1974 makke er syn Nederlânsktalich debút mei de bondel Onaantastbaar kleinbedrijf, útjûn troch it doe noch selsstannige Bosch & Keuning. It wurk waard yn de Nederlânske media moai posityf ûntfongen. Yn dy dagen ek sette er mei Tsjêbbe Hettinga It Sizzenskiplik Wurkferbân útein, in 'parapluviusterm foar de noardlike Earder- en Letterkundigenferienheden Lieksa Blieksa Moatsa Hassa Wêzena’, oftewol: Frysk literêr kabaret. Begjin jierren tachtich joech er syn earste Frysktalige bondel yn it ljocht, in lyts, op bûsformaat útjûn boekje, mei de titel Teiwaar: it iis is brutsen (1982). Dêrnei waard it stil. Dat hie syn reden. Boarnstra hie nei it ferstjerren fan syn eks-frou yn 1984 de soarch foar syn twa bern op him naam. Tiid ta dichtsjen wie der eins net. Pas fjirtjin jier letter kamen der nije útjeften, ûnder mear it lange, meartalige gedicht Levensboom der Lage Landen/ Libbensbeam fan ‘e Lege Lannen/ Lowlands’ Tree of live. By de jierren lâns hawwe dêr ferskillende útjeften fan west, ik neam bygelyks it keunstnersboek 1000 stromen land, dêr’t byldzjend keunstner Gerrit Terpstra de yllustraasjes by makke. 
Skilderij Gerrit Terpsta by it boek '1000 stromen land'
It gedicht hie syn oarsprong yn it eardere, út de jierren santich datearjende fers ‘Lykas de rivier’, in tekst dy’t ek al part útmakke fan it niisneamde bondeltsje ‘Teiwaar’. It gedicht ‘Libbensbeam’ is Boarnstra syn magnus opus, it bestiet út in syklus fan 27 twa- en trijerigelige strofen wêryn’t de minsklike geast ferlike wurdt mei in nei see streamende rivierdelta. Mei dit iene grutte, yn mear as ien taal bestavere gedicht hat er winliken in libben lang te set west, in soartemint fan Sisifuswurk, dat tûzen en ien farianten opsmiet. It wie Binne Lútsen Boarnstra syn fariant op das Unvollendete.

Lykas de rivier
yn hieltyd stadiger winingen
syn delling siket
sa streame ús gedachten
út nei de see
en yn it op en del
fan eb en floed
dêr fyn’ wy ús dellinglân
út de tijen fan
har fruchtbere grûn
binne wy hikke en
hinnetein

De poëzy wie him in lyts tabernakel, in dronken meitsjend hillichdom fan wetter en wyn, in tsjinst dêr’t hast alles foar wike moast, hy fielde him der ta feroardiele. It wurk sels beskôge er as ‘it âldste en swierste berop op ierde. It is makliker in klipper fol bern troch in tongerbui te heljen as in gedicht te skriuwen,’ sei er yn in fraachpetear yn de Ljouwerter Krante. ‘Dichtsje is hiel wat aparts. It is in ûntjouwingsproses. Jo skeppe in myte om fia dy myte troch te kringen yn de essinsje fan de poëzy.’ De dichter repte yn dat ferbân fan ‘de tredde romte’, in gegeven dat bepaald wie troch de dualiteit tusken minske en natuer. Yn it literêre tydskrift Hjir (nr. 4, s. 31-32, 1997) murk er dêroer op: ‘Ik beskôgje dy tredde romte as in weinhûs, in smidte of in briedplak dêr’t  de dichter nei syn reizgjen troch matearje en geast, ferline en takomst libben en dea, ensfh, hieltyd weromkomt om de bestive en ûntsiele taal op ’e nij ta in besiele ferbân te bebrieden.’ Der siet fan datoangeande in krom Obe Postma yn it tinken fan Boarnstra. Syn tragyk wie lykwols it witten dat it oarspronklike, op ienheid basearre ferbân (yn poëzy en tinken) foargoed ferbrutsen wie. Syn persoanlike libben wie dêr ta in hichte de belicheming fan.

It oeuvre fan de ‘minor poet’, dy’t Binne Lútsen Boarnstra wie, nee, grut is it net, mar fan wearde is it al, al wie it mar fanwegen de  ynfloed dat it hân hat op it wurk fan dichters as Tsjêbbe Hettinga
, Jelle Kaspersma en Bartle Laverman.  Hy wist har, sa’t it juster yn de tsjerke fan Marrum nei foaren brocht waard ‘fan poëzy te berûzjen’. Mar boppe-al wie er in baas foardrager, ‘performer’ soe men tsjintwurdich sizze. As gjin oar wist er hoe’t poëzy en muzyk mei-inoar ferweve wienen. Syn foardrachten waarden trochstrings ynlaat mei motto’s lykas: ‘Lit jo aanst troch Binne nei bûten bringe, hoera, hoera, o, spiritus intus alit, of sis mar: de geest voedt zich van Binne’ uit.’ Boarnstra wie in sneuper, niget as er oan de histoarje hie, hat er him as amateur-histoarikus yngeand dwaande holden mei it Fryske terpelânskip en de ûntjouwing derfan. De leafde foar dat 'dellinglân' hie syn oarsprong by wat er ‘it grutte fisioen’ neamde. Dat kaam oer him doe’t er op in dei  – it wie net lang nei it ferlies fan syn soantsje – by Aldebildtsyl op it seedyk stie en ynienen ‘seach’ hoe’t it Waad oait ien grutte terp west hie, in machtige seeheuvel, mei trekkende folken en klapwjokjende talen, dêr’t ek  it Frysk en it Ingelsk by hearden. Letteroan, doe’t er yn Staveren wenne, sette er him oan syn saneamde ‘ûnderwettergeologyske’ stúdzjes. Benammen it âlde seerjocht fan de stêd Staveren hie syn omtinken. Dat rjocht hie oait in foarbyld west foar de ûntjouwingen fan it seerjocht yn de regio fan de Eastsee, dêr’t Fryslân, sa,  yn de lette Midsieuwen bergen hannel mei die. Neist syn besites oan kroech, fiskhannel en sa út en troch in Vrouwtje van Stavoren, wijde Boarnstra in grut part fan syn tiid oan it ûndersyk nei it âlde, midsieuske kleaster Odulf, dat in foech kilometer foar de kust fan Starum lei. By alles wat er boppe wetter helle, krige er by de h.h. akademisy lykwols gjin gehoar. ‘Do moast earst mar ris wat boeken lêze,’ joech professor Breuker fan de Fryske Akademy him oait te ferstean, doe’t er de resultaten fan syn stúdzje en ûndersyk by de Akademy publisearre hawwe woe. ‘Do moast earst mar ris wat boeken lêze.’ It wie as hearde er syn heit wer moanjen en bearen. Dat, út protest tsjin wat er  ‘de ‘Binnendykse Akademy’ neamde, rjochte er de ‘Bûtendykse Akademy’ op. Erkenning foar syn dichterlik histoarysk sneuperswurk kaam pas folle letter. Fan’t maitiid ferskynde in part fan syn wurk yn it tegearre mei Klaas Jansma, Dirk Huizinga en Johan Prins skreaune boek Stavoren, hoofstad van de Friese kusten. 


Dy wurdearring wie, spitigernôch, net weilein foar syn poëzy. Yn de troch Teake Oppewal c.s. gearstalde Spiegel van de Friese poëzie bygelyks is gjin wurk fan him te finen. Sels yn it literêr-histoarysk oersjoch Zolang de wind van de wolken waait fan 2006, dêr’t de niisneamde Oppewal redaksjoneel yn behelle wie, wurdt gjin wurd wijd oan de persoan en dichter Binne Boarnstra. In blamaazje. ‘Teake Oppewal hat in protte stikken makke, bliksems, de man is in helt yn it achterútliteratuerbefoarderjen,’ fertelde de dichter oait tidens in tocht mei de troch him ‘bekapteine’ pream, wêrmei’t Gerrit Terpstra yn 2007 de ynventaris fan syn tsjerke-atelier yn Ginnum nei Osingahuzen oer fear. ‘Earst waard Jelle [Kaspersma, e.h.] it maaiem yn holpen, Kas’ syn wurk wie neffens Oppewal net de muoite wurdich, it koe dus net yn de Spiegel. Mar Jelle wie in knappe dichter, dy naam fuortdaalks revâns troch it jier dêrnei de Rely Jorritsmapriis binnen te heljen. Mar goed, dêrnei wie ik oan ’e beurt. Itselde lot as Jelle, dus: eksit. Keine Spiegel für mich. It is slim steld, hear, sterker: mei stipe fan de oerheid hat Oppewal – as er yn de spegel sjocht, seit er grutsk: leaver fyn as frij – de Fryske Goelach Argipel stifte. Yn tsjinst fan de oerheid wurde rare dingen dien. Ik ha my der lykwols by dellein, want it is sinleas en stek jinsels noch wer ris de hoarnen yn de Oppewâl, no?’

By de routsjinst yn de âlde, midsieuske tsjerke, heech op de terp fan Marrum, lies Tsjêbbe Hettinga it gedicht ‘Ofskied’ fan Obe Postma, wylst Klaas Bruinsma ‘Fan rêstleas fierdergean’ oer it fuotljocht brocht  én it klassike gedicht ‘Kastanjes’ fan Jelle Hindriks Brouwer, mei dêryn dy iene, ferneamde lêste strofe: ‘De dize dript – dan, op ’e stille strjitte, / Knappe kastanjes en de frucht springt bleat. / Mocht sa ús siele út lichems hoalling sjitte.   /  En glânzgjend iepenboarste yn 'e dead!’ // In feale septimbersinne sylde troch de hege finsters fan de tsjerke. Oargelmuzyk makke syn weagen. Bûten yn it lichte rûzjen fan de linebeammen op it hôf fan Marrum betocht ik my de dichter syn stim en foardracht fan it meartalich brocht gedicht oer ‘de lege lannen,’ syn libbenswurk en slútstik.   



====

woensdag 31 augustus 2011

Unlijige snein – Obe Postma (2)


De dichter Obe Postma wie yn 1932 dwaande mei syn lêste dagen as learaar wis- en natuerkunde oan de HBS yn Grins, de stêd en provinsje, dêr’t er oait oer te witten die: ‘Yn Grinslân haw ik myn measte fersen makke’. Dêr heart ek it gedicht ‘Unlijige snein’ by, it iennige fers dat er yn dat jier, 1932, yn it ljocht joech.  


Net allinnich dy iene  snein dêr’t Postma fan dichtet, ek it tiidrek dêr’t it fers yn skreaun is, wie de ûnlijige kant it neist. Begjin jierren tritich wie it rûnom krisis. In fyfte fan de befolking hie gjin wurk, yn Dútslân lei dat part nochris de helte heger. De nasjonaal-sosjalisten raasden, rachten en blaften, hieltyd lûder, se wûnen sa’n macht oan stipe en stimmen dat Hitler in jier letter de macht oernimme koe. Rûnom yn Europa, ek yn Fryslân en Grins, tilde it  op fan  de politike byienkomsten, meetings sawol fan links as fan rjochts.

De ekonomyske malêze yn dy dagen fan dea en delslach hie ek  syn wjerlûd by  in skriuwer as Reinder Brolsma. Yn itselde jier 1932 publisearre er yn it literêre tydskrift Frisia, in útjefte fan de Fryske Bibleteek, it ferhaal ‘Unlijige joun’. Dêryn wurdt in stikelich en noartsk ferrinnend petear beskreaun tusken in fabryksdirekteur en syn boekhâlder, dy’t lid is fan 'e SDAP. Brolsma lit sjen hoe't de man syn houlik te lijen hat fan syn iverjen en warber wêzen foar de sosjaal-demokratyske partij. Mar wat de boekhâlder ek besiket, it bedijt neat, sels syn krewearjen om hjir en dêr in partijlid te winnen, it smyt allegearre neat op. Wrâld en wurksumens lykje omdôch.  

Hjir is neat to winnen, neat; hjir is de hate oan it wird, hate tsjin it bistjûr fen lân en provinsje, de hate tsjin de boeren, en hate om't hja sa earm binne en sa machtich, en meiinoar libje moatte op in stripe ûnderstrûpt lân. Hate en opstannichheit preekje de âlde Jasper en syn great jonges.

Wilens jage de polityk de koppen yn de kranten. Tegen het Fascisme. Voor het Communisme. It wienen dizze politike ideologyen dy’t harsels presintearren as it alternatyf foar it âlde, klassike liberalisme dat nei de Krach fan 1929 der net yn  slagge wie en jou de yn it ûnleech rekke ekonomy in nije slinger.  Mei it bestean en it oerein hâlden fan de parlemintêre demokrasy wie it langeroan wikkerdewik. Ûnlijige dagen. 

Gjin politike en ekonomyske ideology of se wurdt opgnist mei in nij minskbyld. Mishipte messianistyske honger. Dat gou ek foar de ferskillende politike streamings yn de jierren tritich fan foarige ieu. Mei in soad  leven en lawaai holden se de wrâld it nije paradys foar, respektivelik dat fan de klasseleaze maatskippij fan Stalin, de autokratyske, troch ien partij bepaalde steat fan Hitler en de liberale, op frijheid en gelikensens basearre American Dream, wêryn’t elke skuonlapper of krantejonge miljonêr wurde koe, mits... 

Alle trije de politike stelsels  wienen de útrinners fan de heechsteande idealen fan de Ferljochting, dreamen fan it Hegere. Mar elk ideaal syn eigen Januskop. Yn it leechlizzen en it koeienearjen fan it yndividu, dêr’t hurd en wreed oer baas spile waard, dêryn lieten polityk en ekonomy harren fan de ‘knapste’ kant sjen. De terreur fan de jeiende massa makke it bewâld. Modern times, sa’t Charlie Chaplin sei.



Die Reinder Brolsma yn it ferhaal ‘Unlijige joun’ syn sizzen oer alderhande skeane machtsferhâldings, (sj. ek  Sa'n tûzen blauwe skriften, de troch Doeke Sijens besoarge biografy fan de skriuwer), by Obe Postma, dy’t yn datselde jier 1932 it gedicht ‘Unlijige snein’ yn it ljocht jûn hie – it fers hie syn earste publikaasje yn it tydskrift It Heitelân – kaam it karbûstige politike waar fan dy dagen inkeld  sydlings te praat. De dichter beskriuwt hoe’t it rûzjen fan de  wyn him  de âlde sneinen yn it sin bringt, ynbegrepen de dagen fan dea en delslach. It waar is sa min, gjin kop dy’t der wat mei wurde kin, de boer net dy’t te melken moat en de partijgongers net dy’t gearkomste hawwe sille. ‘It is gjin waar foar in soasjalistise meeting’. 

In ûnlijige snein. De figueren en minsken yn Postma syn gedicht, se skaaie mar wat om, al tinkend, wachtsjend en boartsjend, in elk op ’e siik nei in krissel lok. De oandrift en it ferlangen dy’t dêr mei mank binne, se jilde likegoed foar 'de faam dy’t by buormans faam de feint pleaget' as foar de ‘meetinggongers’, op wei nei ien fan harrren sosjalistyske byienkomsten. Wêr’t de dichter Postma sels stiet, polityk sjoen, dat wurdt net dúdlik. Men soe ek hinnegean kinne en sis: Dêr’t Brolsma him meisûgje lit fan it sosjalistyske ideaal (en letter fan de nasjonaal-sosjalistyske polityk), dêr hâldt Postma himsels bûten it kollektyf, hy bliuwt it yndividu dat him net bejout yn it gewoel fan de massa.

UNLIJIGE SNEIN

Troch de skreven rûz’t de wyn.
O âlde sneinen dy’t yn it rûzjen opkomme,
O libben fêst foar dea en delslach!
Hearsto de rein, klitterjend tsjin de ruten,
De rein fan doe, de rein fan alle tiden?
It lekt yn ’e skuorre; de leien yn ’e finne stean fol wetter;
De kij binne foar ’e wyn ôfdreaun nei de sleatswâlen ta.
It is gjin waar foar in soasjalistise meeting.
Mar ek gjin melkerswaar, gjin melkerswaar!
‑ Dat wie it tûzen jier liden ek net altyd, dat hoege jimme net
     te tinken! –
Mar no sit de boer noch yn it mulhús mei de fuotten op
     ’e tsiistsjettel,
De faam is by buormâns faam om de feint wat te pleagjen;
De bern stean yn ’e lijte, hja haww’ de apels op dy’t hja by
     Oetske koft ha.

Dan komt wer de sinne.
Fan de boerepleatsen op har hichten blinke de ljochte finsters.
Dy’t net lokkich wêze wol sit no yn ’e tsjernherne
En lústert nei it klappen fan ’e fjurhoksdoarren;
Mar dy’t it lok siikje, gean it hûs yn ’e rûnte
En sjogge út nei al jinse ljochte eagen.
Ek de meetinggongers komme op ’en baan
En fleurich stappe hja wer nei har autobussen.



                                      =====

zaterdag 6 augustus 2011

Snein - Obe Postma (1)


In man sit allinnich  op ’e stoepe foar de lege etalaazjes fan in blok tichte winkels. In strjitte, in snein. Sinneljocht strykt bylâns de houten gevels, bout geometrysk syn trijehoeken en piramiden yn dûnkere portiken en iepen doarren. Der leit in dimmene, djip yn himsels fersonken neisimmertiid yn in romte fan mostergriene, kopergiele en tabaksbrune kleuren. Wa is dizze man dy’t dêr delsit, swijsum, allinne yn in wrâld dêr’t alle libben út ferballe liket? Wêr binne de bewenners, wêr de nearingdwaanden, wêr de wurden?
Wêr sjocht de man nei, nee, oars: wa of wat nimt him op? Obe Postma hie yn dit stik fan stilte, swijen en waarnimmen mooglik sein: “’t each sjocht neat en alles.” 

Edward Hopper, 'Sunday', 1926


Yn it wachtsjen wit de minske syn bidden, syn dream, syn útsjen. Traach as sigarereek, de blakstille oere. Skyn is de rêst fan de ljochte snein. Tiid stiet as in muorre.

De Amerikaanske dichter en essayist Mark Strand (1934) skriuwt oer it wurk fan Edward Hopper (1882-1967) dat in protte fan syn tematyk te krijen hat mei de fragen: "What do we do with time and what does time do to us? In Hopper’s paintings there is a lot of waiting going on. Hopper’s people seem to have nothing to do. They are like characters whose parts have deserted them and now, trapped in the space of their waiting, must keep themselves company, with no clear pace to go, no future.” (Mark Strand, Hopper, X, s. 25).

Strand is ien fan dyjingen dy’t it wurk fan Hopper net direkt sjen wol as de wjerslach fan alderhande sosjale feroarings yn it Amerikaanske libben, sa yn de earste helte fan de foarige ieu. “Hopper's paintings are not social documents, nor are they allegories of unhappiness or of other conditions that can be applied with equal imprecision to the psychological make-up of Americans.” It is benammen it transendintale karakter fan it wurk dêr’t Strand  troch fassinearre is. De dingen stige by Hopper boppe de aktualiteit út of oars: der is in rikken nei in oare, net waar te nimmen werklikheid dy’t boppe it tydlike útgiet. De ivichheid fan in snein, soms. It tinken fan in platoanist.

Fan de Fryske dichters is Obe Postma dejinge by wa’t it ûnderwerp fan de snein miskien wol it meast foarkomt, mar Aggie van der Meer (1927) komt ek in hiel ein, ûnder oaren mei in fers  dat dizze rigels ta begjin hat: ‘Snein, krûdkoeke, portretten fan hillige / famyljes. Praat út in mûle fan moal. Utrutsen, / ynbûn. De dea te gast as in te goede bekende’, / (Ut: Hjir, nr. 3, 1996). By Obe Postma is de snein gauris ferbûn mei dream en weemoed, tiidleazens en ivichheid. Al dielt hy mei Hopper it tema fan it ljocht, de ûnheimische leechten fan Hopper syn wurken binne him frjemd. Rikt by Postma de wrâld nei ienheid, it Iene, sis it ljocht, by Hopper dêrfoaroer falt dat gehiel útinoar, in begjin fan dekonstruksje, mei romten wêryn’t de minske, allinnich as er is, himsels, dûnker, in frjemdling wit.

It hjirûnder ôfprinte gedicht ‘Snein’ fan Obe Postma (Samle Fersen, 2006, s. 55) is it earste yn in rige fan Fryske gedichten oer de snein, dy't hjirre, op dit plak, de kommende tiden syn gerak jûn wurdt. Opmerklik oan Postma syn fers, dat yn 1914 syn earste publikaasje hie yn it tydskrift Forjit my net, is dat der gjin einrym yn tapast is. Neist de sterk parallelle sinsbou moat it gedicht it, technysk, foaral hawwe fan syn ritmen en healrimen. Yn Fryslân wie Postma datoangeande in fernijer. Yn 'Snein' meitsje dream en sjen it ferlangen by it witten fan in lok dat, sa't de dichter it mei in ferwizing nei Gysbert Japicxs útropt, "te rêd ferrûn!"  


SNEIN

O gouden snein, as ’t nei ús tiid fan lins ta rint,
Noch moaier as dy sels!
’t Is midden yn ’e simmer en de blêden bûge sêft
Op ’t sudewyntsje, miggen komme gûnzjend keamer yn.
Dan stil te dreamen: ’t each sjocht neat en alles,
En rûnom komme swiete tinzen wei!
 
Fierwei is d’ ûnrêst fan ’e dagen,
De langstme fan ’e jûn,
En rêstich is it hert; de bylden komme op
En wurde wei, elts sa’t er wol.
Dan is ’t de bou mei ’t moaie koalsieblomt’,
In bêdsje duzendskoan, ien roas;
     – Ien blom is foar in bern in wrâld –
Dan is ’t in famke yn in skotse jurk,
In keppel bern, dy’t boartet buorren om;
Dan swiere weiden dy’t de leanen lâns
Fan alle kanten nei de skuorren ride;
Of stille tsjerkjes yn it boerelân.
Wiet wurde d’ eagen, mar it hert is bliid!
O, stille snein, o dei fan dicht en dream!
O, gouden lok, te rêd ferrûn!


maandag 25 juli 2011

De tuskenbeiden ûntfangst fan Kristus Pavlov



Cornelis van der Wal hat in nije bondel mei poëzy yn it ljocht jûn, Kristus Pavlov, trijentritich gedichten, dy’t in wat tuskenbeiden ûntfangst krigen hat. Ik ferwiis datoangeande nei de resinsjes fan Abe de Vries (Friesch Dagblad), Eppie Dam (Leeuwarder Courant) en Jelle van der Meulen (Friese literatuursite). 

Van der Wal hat, sa lit er op syn site witte, muoite mei guon ynterpretaasjes fan syn wurk. Karakterisearrings as  “kwasy-mystyk” binne him yn it ferkearde kielsgat sketten. Ek wol er net beskuldige wurde fan “blasfemy”, in troch himsels opbrocht begryp, him ynjûn nei oanlieding fan De Vries syn ynterpretaasje fan it titelgedicht fan de bondel. Hoewol’t de resinsint yn kwestje oanjûn hat dat “it om fiergeande ynterpretaasjes [giet], dy’t der likegoed in moai ein neist sitte kinne…”, is it oardiel neffens Van der Wal  “der fier by troch”, sterker, it besprek sels – hy rept fan “in papagaaibesprek” – neamt er in spultsje fan “wraak” en “kwealaster”. Dy (spitigernôch net beärgumintearre) kwalifikaasjes bringe him  ta it sizzen dat er it “ûnbegryplik” fynt dat “it Deiblêd soks pleatse wol.”

It is mar goed dat it Friesch Dagblad dat al wollen hat, want hie dat net it gefal west, de krante hie in grut probleem hân. Mei syn ferwyt oan it adres fan it Dagblad hat Van der Wal it yn essinsje oer de frijheid fan de resinsint. Wol er mei syn klacht werom nei âlde tiden, dat is te sizzen: Moatte de haadredaksjes fan in Friesch Dagblad of Leeuwarder Courant as âlderwetsk stjoerende KGB-aginten elke resinsje neirinne op harren (etyske) gaadlikens? En dat allegearre omdat de ynhâld fan it krantespul him tafallich net noasket? My tinkt  it ûnbegryplik dat Van der Wal soksoarte ferlet – it oanstellen fan in fier boppe resinsint stelde Autoriteit dy’t alles yn “goede” banen liedt – op syn site pleatst.  
Troch him yn de diskusje oer de resepsje fan syn wurk te bejaan, hat de dichter him op glêd iis bejûn. Dat is in kar. Lykwols, as Van der Wal ferge wurdt wat oft der no krekt ferkeard is oan de ynterpretaasjes fan syn poëzy, dan jout er, frjemd genôch, net thús. Nee, hy makket him der fan ôf mei in fette jij-bak, in lilk “ik haw wat betters te dwaan” of in diktaat lykas dit: “It riedsel moat in riedsel bliuwe.” Dat wurket fansels net. It is ien fan beide: óf de dichter hâldt him stil en lit syn gedichten foar harrensels sprekke óf hy bejout him yn it striidperk en komt mei in beärgumintearre wjerwurd, yn it bysûnder op de ynterpretaasje(s) fan it titelgedicht. Van der Wal docht lykwols gjinien fan beide. It iennige wat er mei dy healslachtigens berikt, is it oerein hâlden fan in beskaat kweatinken en ferûngelike wêzen.

Yn alle trije de resinsjes oer it wurk yn Kristus Pavlov wurdt winliken in klassyk probleem fan de literêre krityk oan ’e oarder steld, te witten dat fan de fersteanberens. Ek Van der Wal hat him dêr mear as ien kear om bekroade, koartby yn syn resinsje fan de bondel Tin (2010) fan Arjan Hut, in besprek, wêryn’t er de fraach stelt: “Wat wol de dichter no eins útdrukke?” De dichter moat neffens Van der Wal net allinnich oarspronklik, mar ek fersteanber wêze, want oars “kinne jo der net sa’n soad mei.” Gjin wurd by liigd, it stiet der werklik: - Keunst, je moatte der wat mei kinne. Hawar, fersteanberens dus. Op grûn fan de kritearia sa’t dy troch Van der Wal oan poëzy steld wurde, moat ien as Ate Grypstra fansels ek it rjocht jûn wurde en freegje yn de diskusje oer it titelgedicht ‘Kristus Pavlov’: Wat wol Van der Wal no eins útdrukke, of sa’t er it moai smeulsk formulearret: “Ik fûn it oars wolris aardich om it ris oer de ynhâld te hawwen...”

Lykas sein, Van der Wal spilet, as de kniper op de skine komt, fan ruten, sa’t dat ûnder mear ek it gefal wie by de krityk op syn resinsje fan de bondel Tin fan Arjan Hut. Wol in resinsint neigean wat de faak tsjustere, troch symbolyk dreaune poëzy fan Van der Wal – sirkels, slangen, krusen, stiennen, sinne(god en -timpel) – no krekt nei foaren bringe wol, dan soe in close reading fan de tekst in probaat middel wêze kinne om wat mear “ferljochting” te skeppen.[1] Faaks kin troch dy foarm fan literatuerkrityk ek te foaren kommen wurde dat de dichter op grûn fan syn gauris oan de stjerrewikkerij en esotery ûntliende symboalen, begripen en motiven lykas dat fan  ‘de ûnreinheid’ bygelyks yn de hoeke bedarret fan de tsjustere astrologe en de net al te frisse spirituele zweefteef Mellie Uyldert. 

Ta beslút. Cornelis van der Wal lit yn de diskusje oer de tuskenbeiden resepsje fan syn bondel Kristus Pavlov, en yn it bysûnder oer it titelgedicht, witte: “Ik wol graach serieus nommen wurde as dichter.” Dat smeekgebed, foarsafier’t it al gjin klacht is, is der fansels ek by troch, gjin bondel ommers dy’t sa breed en djip en op safolle plakken ûnder it loerizer lein is  as Van der Wal syn lêste. Dat de ferskillende ynterpretaasjes fan syn wurk him net noaskje, dat seit mear oer de dichter as oer syn resinsint(en).

[1] De suvere close reading is net it minste ynstrumint om mear greep te krijen op in literêre tekst, al betsjut dat net dat ik dêrmei werom wol nei de autonomistyske literatueropfetting en it tinken dat yn de tekst alles mei alles gearhinget, dat der gjin mosk fan it dak falle kin of... ensfh. In gedicht as ‘Kristus Pavlov’, mei dêryn de tsjustere, elliptyske sin "Under in stien troch in slange lutsen syn krús, / it hollekessen." – yn syn foardracht fan it fers leit de dichter, wûnderlik genôch, de klam op ‘lutsen’ – is as elk oar gedicht gjin absolút sletten en op himsels steand gehiel. In ynterpretaasje fan de poëzy ferget ek in close reading fan de maatskippij en kultuer, dêr’t de tekst yn ûntstien is en yn funksjonearret. Sjoch fierders   De leugen op ’e dyk (s. 21) / De leugen op de weg (s. 48), mei dêryn in tal opfettings en oanrikkemandaasje oangeande literatueranalyze fan de literatuerkritisy Odile Heynders en Geert Buelens. 

vrijdag 22 juli 2011

Tomas Tranströmer (1) - 'In skets út 1844'



IN SKETS UT 1844

William Turners antlit is brún ferware
hy hat syn ezel in knap ein yn de brâning set.
Wy folgje de sulvergriene kabel de djipte yn.

Hy plasket it deldragende deaderyk yn.
In trein rôlet binnen. Kom neier by.
Rein, rein lûkt oer ús hinne.  



EN SKISS FRAN 1844

William Turners ansikte är brunt av väder
han har staffli längst ute bland bränningarna.
Vi följer den silvergröna kabeln ner i djupen. 

Han vadar ut i det långgrunda dödsriket.
Ett tåg rullar in. Kom närmare.
Regn, regn färdas över oss.  



EEN SCHETS UIT 1844

William Turners gezicht is gebruind door het weer
hij heeft zijn schildersezel ver in de branding gezet.
Wij volgen de zilvergroene kabel de diepte in.

Hij waadt het hellende dodenrijk in.
Een trein rolt binnen. Kom dichterbij.
Regen, regen trekt over ons heen.

William Turner - Rain, Steam and Speed
1844; Oil on canvas, 90.8 x 121.9 cm; National Gallery, London


Nederlânske oersetting komt út: Tomas Tranströmer, De herinneringen zien mij. (Vert. Bernlef). De bezige Bij, Amsterdam (2002), s. 281

Update 07-10-11. Sjoch ek: 
Nobelpriiswinner Tomas Tranströmer en Fryslân


dinsdag 19 juli 2011

By it wurk fan Dylan


N.o.f. it wurk fan Bob Dylan, sa’t dat byinoar brocht is op de CD Time of mind (1997).


Finsters skaadzje hastige passanten.
Frachttreinen en krie drage de skreau fan
altyd earne immen yn it stjerrende.
Do witst, der is in aloan en hieltiten fierder
fallen yn in weiwurden gjin ein oan.
Mûnsters krioelje ûnder foarhollen om.
Spotsk skrillet op in laitsjen by in âld fersyk:
Skink my in boaiem yn it wurd dat hâldt.

Op doek ploffe fleantugen as sturtstjerren
mank flatgebouwen yn ’t skommeljen.
Skiednis hat longen yn slachthûzen djip.
Net rêd ik my út it fers, dat
ûnfoltôge dit tinken earst de sliep ûntkeart.
It tsjusteret, mar noch net is it nacht –





donderdag 14 juli 2011

By it wurk fan Arjan Hut

By it wurk fan Arjan Hut, sa’t dat byinoar brocht is yn de bondel Tin (2011).



Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen,
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Under de taal stappe de tekens. Hear mar, tûken
pratend yn de oasten fan hikken oan hôven.
Sjoch mar, happes dravend yn de nerf fan it hout,
harren hoegen, kobaltblau, sûnder ho.

Bylden lústerje, sjonge en dogge as snuorjend in film-
projektor yn in ferlitten stedsbioskoop.

Ik bin net ik, sis ik, mar opknipt yn tûzen en ien stikken.
Tinner as de wyn klim ik yn de dingen,
in rútsjetikker mei plofklanken giel en bekhammers read,
kaaien foar it hing- en slútwurk fan it hielal.

Der is in bonkerak, dêr’t ik ynmoedich alle nachten
in klok yn set oant it kloppet as in hert.
Der is in seizoen dat my it wurd yn winkelsintra om
wjukken gjit en liivje yn alle stjerren.

In sirkus bin ik, mei dowen, hûnen, tigers en sebra’s
dy’t mearkelicht stik foar stik har streken ha,
in bern dat taal troch fjoerhoepels jaget, dûnsjendewei
mei krúsbekjes, skelfinkjes, toarnehip en ljip.   

Tusken twa deadebetinkings yn teart it libben him iepen
in liet, licht as de rûzjende rokken fan Rixt.

Tink net, in lui each sil it slagje en wrot himsels in paad
troch hûzen fan fleis om ûnder de jûnsstjerren
te hearren nei de lytse nachtmuzyk fan it skommelfamke
dushy dushy tralala, wylst de jonge,
de tinne tekener dy’t efterstefoaren op ’e fyts it hielal útleit,
har tasjongt: ik, ik bin de gouden rider.